him taliket, ûntbinende krêften yn de maatskippij. Wat jouwe de minsken langer om tradysjes, wat om âlde hillige rjochten? It moat ienkear misrinne, mar dan sil hy der al lang net mear wêze. Syn soannen; no ja, dy binne jong, dy moatte der mar trochhinne en faaks hechtsje dy ek net sa oan de dingen fan it ferline as hy.
In wike letter stiet der al yn de Staatscourant, dat er earfol ûntslein is mei yngong fan 1 april. Mar der stiet net by, wa't syn opfolger wurdt.
Einliken giet dit Laerman baron Tinnegieter hastigernôch. No sille der fansels ek wol oare lju sollisiteare, no is syn soan de iennichste net mear. Men soe dochs hoopje, dat Den Haach de tradysje net ferbrekt. Hja moatte dêr dochs ek witte, dat syn famylje al hast in ieu rjochtsprekt yn de Abbingawâldster kontrei! It is te hoopjen dat syn soan dat der byset hat yn syn sollisitaasje. Mar ja, dy is noch ûnderweis, wylst de oaren har stikken der yn in sucht binne.
Nije soargen dus. Yn de kranten komme stikken te stean oer him; Lomme Berga lêst se him foar. Hy wie in ‘humane’ kantonrjochter, stiet dêryn, in man, dêr't bêst mei te praten wie en dy't net sokke hege straffen oplei. Ien krante skriuwt, dat er in goed kenner wie fan de Jachtwet. As Lomme Berga dat foarlêst, skodhollet Laerman baron Tinnegieter. Soe dat in plomke wêze of soene dy krantelju him foar de kroade ride wolle? Men wit it net mear; it binne nuvere tiden tsjintwurdich.
Der komt dan ek in brief fan de oare soan; hja hawwe it al oerlein, skriuwt er, hy en Victor. Hy wol de diplomatike tsjinst leaver net ferlitte; hy kin mei koarten in fikse promoasje nei in moaie Jeropeeske haadstêd ferwachtsje. As Laerman baron Tinnegieter dat lêst, knikt er. Wis, hy wie altiten de tûkste fan de twa. Spitich, dat syn frou net fan adel is. Hja komt wol út in foarname famylje, dat wol, mar dêr is it net goed mei. It is oars in flinke frou en hjà sil grif net by har man weirinne.
En sjedêr, op in moarn is der wierliken noch in briefke fan Laerman baron Tinnegieter syn eigen frou, dy't wòl fuortrûn is. It is mar in koart kladsje: hja hat fan syn sykte heard en winsket him