Der komt wat fjoer yn Wibren Berga.
‘Nee? No, dan witte jo grif net hoefolle katten der om in luchtsje geane, dy't net fan 'e kninen yn 'e bosk ôfbliuwe kinne; en by de baron krije alle âlde hûnen de kûgel. Sa is dat; en dy ka hat ek alris mei opsetsin wat op myn mûtse dien.’
‘Ha, ha!’ laket Gryt, ‘jo binne in nuvere âld keardel.’
Wibren sjocht wat swart.
‘Ald? Mei achtensechstich is men tsjintwurdich net âld. Us heit is trijeëntachtich wurden.’
Nee, Wibren is noch net te'n ein; hy kin noch hiel wat nuvere dingen úthelje. Der steane diskear gjin taartsjes op 'e toanbank, mar wol fan dy lichte skúmkes. Sa ûnder de bedriuwen hat Wibren al besocht, der ien fan te naderjen, mar it is him noch net slagge.
Gryt sjocht it wol. ‘Jo lizze mei jo earmtakke yn de skúmkes,’ seit hja, ‘ik sil se der mar even weikrije.’
Hja is wol aardich handich, dy Gryt. Wibren Berga moat it hjoed sûnder swietichheden dwaan. Hy is der wat sneu fan. ‘Om my hoege jo dy der net wei te setten, ik pas wol op!’
Mar hja steane al efter de toanbank op in fet.
No hoecht Wibren Berga hjir net lang mear te bliuwen.
‘Dominy kin snein net preekje,’ seit er, wylst er de kruk fan de doar al yn 'e hân hat. ‘Hy is op famyljebesiik. Dêr wie tige haast by.’
‘Soa,’ fernuvert Gryt har, ‘dominy is tsjintwurdich mar op reis. Jan syn frou trof mefrou en him ferline wike by in kleanmakker te Ljouwert. It gyng om in nij swart pak foar dominy, dat hat se wol ferstien. Hja sei, it like wol, dat se wat kel waarden, doe't se har seagen.’
Wibren Berga wurdt ek in bytsje kel. Wat moat dominy mei in nij pak en wêrom keapet er dat yn 'e stêd? Hy seit amper dei, as er fuortgiet en op strjitte prakkeseart er oer dy dingen, sadat er hast tsjin Hessel de Boer oprint.
‘Tink derom, Berga, attinsje, attinsje,’ laket dy.
Mar Wibren Berga laket net. ‘Ik rûn yn prakkesaasjes,’ seit er.