master Suringa. ‘Boppedat, safolle slokjes, dêr wurdt men net better fan.’
‘Kletse en rabje, dat kinne se hjirre,’ seit Lamey, ‘as hjir mar wat mear te belibjen wie, dan gyng men faaks út ferfeling net nei de herberge.’ Dêr ha je no de stedman, want Abbingawâld is by âlds ferneamd om syn feestjes, syn toanieljûnen en syn dûnserijen.
Boargemaster Suringa skodhollet.
‘Dat falt wol wat ta; dan binne der yn Fryslân wol deader plakken.’ Nee, dit is in ferlechje. ‘Ik leau, do hieste wol ferlet fan in flinke faam, Johan.’
In flinke faam; wat sil Lamey dêrfan sizze? Dat der genôch frouljusflesk oan him sit, hat er sa neigeraden wol bewiisd. Mar sparje foar in houlik en eltse snein mei deselde yn de earm rinne, sjoch, dêr moat Lamey te'n earsten noch net folle fan ha. Dan moat er him ynbine; dan is er syn frijheid kwyt. Fêste ferkearing, nee, dêr achtet er himsels noch net ryp foar.
‘Mei myn traktemint kin ik noch net oan trouwen tinke,’ ferwart er him.
‘Do hoechst daliks ek net te trouwen; it is mar, datstû wat oar oanhâld krigeste as de lju om Jan Berga's stamtafel.’
‘Hjir yn Abbingawâld fyn ik de rjochte dochs net. Ik wol op 't lêst ek ien hawwe, dy't in bytsje fan stân is.’
‘Dy boeredochter hat oars wol sinten.’ Boargemaster sjocht syn neef oan. ‘En der falt, tinkt my, neat op har te sizzen.’
‘Hja wit net, hoe't hja har hâlde en drage moat. As ik nochris boargemaster wurd...’
‘Astû boargemaster wurde wolst, meiste sels ek wol wat heareftiger wurde. Ja, dêr wurdt tsjintwurdich tige nei sjoen. Swankebasten kinne se net brûke. Tink derom, Johan, en soargje, dat ik gjin klachten wer oer dy krij.’
Lamey sil ferdwine. As er by de doar is, seit boargemaster Suringa: ‘En dy boeredochter soe ik daliks net fersmite, as ik dy wie. Mei sa'nien biste foar dyn libben ûnderdak.’