Der wurdt sein, dat er as jonge tige bedoarn is. Hy hat in setsje op 'e griffy fan it kantongerjocht sitten, en nei alle gedachten wie it neat wurden; teminsten, sa wurdt der wol fan praat. Yn de herberge kaam er ek wolris; wat in nuvere en stikeme fint, dy't net tsjin de ferliedingen fan it libben opkoe.
No lykwols leit er yn syn tintsje, en begruttet it de lju om him en faaks noch mear om syn âlden. Wis, Lammers fertsjinnet noch altiten hiel wat oan syn kofje en koeke, mar der giet praat fan, dat der al hypteek sit ûnder de pear húskes, dy't er bedijd hie, en guon wolle ek hawwe dat notaris syn fallyt him sinten koste hat.
No is soks allegearre fansels net sa slim, as Sipke mar wer better wurdt. En dêr liket Lammers mear as ea fan oertsjûge te wêzen. Hy ropt it de minsken fan fierren al ta: ‘It komt goed mei ús Sipke, hear, it giet no sà bêst!’ Mar wa't goed harket, dy heart wol dat er mei dat lûde gerop in oare stimme it swijen oplizze wol.
Och, febrewaris is sa'n tryste moanne; men soe hast ferjitte, dat der noch in sinne is. Laerman baron Tinnegieter klaget deroer tsjin Lomme Berga; hy hopet noch al in dei moai waar te belibjen, ear't hy der útknypt. Syn beide skonken binne no slim oprûn, en der doocht wat net mei syn bloed. Hy makket him gjin yllúzjes mear.
Hylke Berga komt by him. As it wier is, dat it ferkeard mei de baron komt, dan moast de sjitferiening ‘Van Speijk’ einliken al foar in lyts dofke yn it testamint. Fansels, sa bot komt hy der net mei oan. It is sa'n moaie feriening, seit er, en sa'n goede geast: mynhear de baron wurdt wol tige betanke foar de stipe, dy't er altiten jûn hat.
It is wol gaadlik waar om siik te wêzen, achtet Laerman baron Tinnegieter; mar ja, hy wie dochs leaver sûn. En hy freget hoe't it mei Gryt, Hylke' frou, giet.
Oh, bêst, seit Hylke Berga, en yn april hâldt ‘Van Speijk’ syn earste priissjitten; it is te hoopjen dat mynhear de baron dan ek wer even sjen kin.