konferensier; mei syn glêde en rêde tonge noeget er de minsken deryn te gean, derby sizzend, dat hja dat oan harsels en har neiteam ferplichte binne.
Sa wurdt it in tige moaie bazar; hiele Abbingawâld libbet mei, de twa dagen dat it duorret. In muzykje hâldt de fleur der yn. It is wat te behyndich foar in merke, mar it liket der oars frijwat op.
It kostet de skilder Hoitema nochal wat sinten, mar hy hat se yn dizze snuorje. Hy hat ek in skilderij ynstjoerd en derby sein, dat dat sechstich gûne opbringe moat; mar it hinget der de lêste jûn, as it oan de feiling fan it oerbleaune ta is, noch. Ja, de keunst wurdt net wurdearre; in kring fan in akwarel fan in frommes út de fundaasje wie de earste dei al fuort. No ja, it gou ek mar in ryksdaalder, mar it wie gjin kwartsje wurdich neffens Hoitema, en syn skilderij soe er yn Amearika samar hûndert dollars foar krije. Hawar, Hoitema fermakket him oars bêst, benammen, as út 'e kaarten bliken docht, dat er in fiere reis meitsje sil en tige op syn sinten passe moat; ha, ha, hy wol fan 't maaityd al nei Parys, mar syn jild, dêr sil er wol noed fan stean, sa is dat.
Wibren Berga komt ek op 'e bazar en docht tige syn bêst, sa min mooglik jild út te jaan. By it rêd fan aventoer ferspilet er in dûbeltsje, dat er útjûn hat foar in lyts kânske op in moaie priis, en dêr wol er it fierder mar by litte. Dan falt by ien fan de diskes syn each op in kleurich doekje; it liket wol batikt te wêzen. Jonge, wat is dat in moai doekje. Sil er nei de priis freegje? Mar nee, it sil wol tige djoer wêze; keapje wol er it dochs net. Wibren Berga wachtet, oant de jongfaam yn it diske oanspraak kriget en troppet dan it doekje linich yn 'e jasbûse. Hy tinkt dat nimmen it sjoen hat, mar dêr fersint er him mei, want Lamey op syn stoel hat it krekt sawat observearre, en as Wibren Berga even letter syn kant útkomt, kriget er wissichheid; it doekje stekt noch mei in tipke ta syn bûse út. Lamey begjint dan in ferhaal oer mysterieuze krêften, dêr't de wrâld fol fan is; hy sil ris in demonstraasje jaan: abra kadabra en it doekje, dat sakrekt noch by juffer De Jong yn it diske lei, hellet er út de bûse fan dizze mynhear. It is allegearre al bard, ear't Wibren Berga begrypt, wat der oan 'e hân is. Hy moat it doekje sels