oerlitte. It is ek in goed ding, dat Sybrandy, de nije administrateur fan de Adelheidfundaasje, frijsinnich is. Dat skeelt al wer safolle.
De otterdoksen yn Bethel, ja, dy binne bliid. De tsjerkerie bestiet út njoggen minsken, bûten dominy; seis dêrfan binne no fan har rjochting. Ut it doarp sels giet mar in lyts kliberke nei Bethel; de measte otterdoksen wenje yn útbuorrens. Hja binne it folk fan de Geasten en út de Warren, út Boskhuzen komme hja wei en fan de Boerestreek. It is warber folk, dat almeast út de súdwesthoeke fan de provins je nei dizze omkriten ferfearn is en yn de regel earst noch al ta de grûn bewenne moast. Der binne guon ûnder harren, dêr't it de earste jierren ek net sa goed mei woe. Mar Lomme Berga hâldt harren de hân boppe de holle.
Lomme Berga sit ek eltse snein yn Bethel; wat efterôf, want hy is in beskieden man. Syn beskiedenheid hat it him dien, dat er it yn tsjinst fan Laerman baron Tinnegieter sa fier brocht hat. Hy hat nea de foargong by in lêstsjinst en der foar betanke, âlderling te wurden. Lomme Berga hâldt him leaver op 'e eftergrûn.
In otterdokse gemeente mei in otterdokse dominy, dat is al jierren Lomme Berga syn ideaal. Dêrfoar hat er wurke, jierren efter mekoar. Doe't dominy Douwes Dekker hjir beroppen waard, wie dat foar him in tige tsjinstuit. Omdôch hied er besocht, in pear minsken om te praten, hoewol't er sels mei jild op 'e lappen kaam. Syn kandidaat wie doe in dominy, wol frijsinnich, mar net sa jong mear, dy't boppedat in jiermannich te Davos tahâlden hie; immen dus, dêr't men nei alle gedachten net lang mear oan fêstsitte soe. Mar de kar foel op dominy Douwes Dekker, in jongkeardel, noch net sa lang troud en mei tige ambysje foar syn heech amt.
Dat is no al wer mear as tsien jier lyn; sûnt hat er it teminsten safier brocht, dat de tsjerke om is. No moat dominy Douwes Dekker hjir noch wei. Mar dat giet samar net. As dy man net út himsels ferdwynt, is de takomst noch tige ûnwis, want Lomme Berga sels sjocht de tiid ek wol kommen, dat er minder te sizzen hat as no.
Dominy Douwes Dekker is de lêste en swierst te beseiten barrikade. Krige er mar in berop!