In deimannich neidat der sawat in heale meter snie fallen is, wurdt it teiwaar. Op in moarntyd klettert de rein tsjin 'e ruten, mar dan begjint it te kwakkeljen. Laerman baron Tinnegieter kwakkelt ek, mar der komme gjin brieven út fiere lânen.
Dokter De Leeuw komt eltse dei ienkear; hja prate net folle, hy en Laerman baron Tinnegieter. Dokter De Leeuw tinkt tige frij oer ûnderskate maatskiplike problemen, en sokke lju moat de kantonrjochter net folle fan ha. Soms tinkt er oan syn frou, dy't no yn Den Haach wennet. Fansels, hja koene net, mar hja is dochs op 't lêst syn frou en hja mocht dêrom yn dizze snuorje wol wat fan har hearre litte. Hja wit, wat der mei him bard is; Lomme Berga hat it har skreaun. Mar ek út Den Haach komt gjin skriuwen.
Ja, dan moat men al bliid wêze, as dominy Douwes Dekker ris opsetten komt. Einliken stiet Laerman baron Tinnegieter de otterdoksen it neist; net om't er sa from is, mar om 't er mient, dat dy wat mear ûntsach hawwe foar de boppe harren stelde machten, dêr't de kantonrjochter himsels ek ta rekkent. Dêrom lit er Lomme Berga syn gong mar gean by de ferhieringen.
Och, sa'n dominy Douwes Dekker, folle praat bringt dy net by. Fansels, hy wit in protte fan hegere dingen, mar de baron woe it no krekt sa graach ris mei immen hawwe oer jachtavontoeren en oer foarhinne, doe't, nei't him taliket, alles safolle fleuriger wie as no, ek yn Abbingawâld; de goede âlde tiid, doe't syn heit yn de hiele krite foar master opspile en, as hja sneins yn de iepen wein gyngen te riden, alleman, grut en lyts, earbiedich de hoed of de pet ôfnaam.
Mar dominy Douwes Dekker wit neat fan dy tiden ôf. Hy seit tsjin de baron, dat er moedich wêze moat, ek al sjocht de takomst der faaks net sa fleurich út. Wa't God foar eagen hâldt is nea bang, sels yn de swierste oere net.
Laerman baron Tinnegieter heart fan Lomme Berga, dat de tydlike kantonrjochter tige foarsichtich is mei streupers. Dat noasket him min. It giet net goed mei de maatskippij; nee, it rint