frommes, trochmekoar lotsje en yn twa klassen. En alles, wat yn Abbingawâld noch in bytsje piid hat en him ek mar sawat op redens rêde kin, docht mei. In pear leden fan ‘Apollo’ soargje foar muzyk en it klinkt wol moai sa midden yn 'e bosk, mar de bosk sels liket swart en de flaggen hingje slop by de peallen del; nee, it is dochs it rjochte net.
Jan Berga, kastelein fan ‘In 't Boshuis’, hat wat sân yn 'e bûse, dat er ûngemurken op 'e baan fan syn tsjinstanner rûgelje wol. Hy hat it wol faker dien; mar diskear falt er, as er mar amper fjouwer streken dien hat, sels oer in stikje reid en dan struit er mar net mear; syn partoer hat it dochs al ferspile, want op 'e earste list wurdt der mar ien kear riden.
Lamey sit yn 'e ploech by Durkje, de húshâldster fan Hessel de Boer, en in jonge boskwachter fan Laerman baron Tinnegieter. De boskwachter rydt omraak en Durkje kin ek hiel wol meikomme; Lamey lykwols, dy't steppe en foxtrotte kin as de bêste, is op it iis in hakkenkruk. Hy hat krûme redens, sa't men se yn Hollân brûkt foar it meitsjen fan sierlike bôgen. Hy is in heale baan foar, as Durkje him it houtsje jout, en dan rydt er net en klaut er net, nee, hy rint as stie er op klompen ynpleats fan op redens. Deun by de streek saait ien fan de redens efter him de loft yn; Lamey falt, mar glydt noch krekt foar syn tsjinstanner oer de streek. Sa komt it partoer op 'e twadde list, wylst eltsenien laket; it is ek altiten nuver mei Lamey.
Yn it skoft nimt Geart Hylkema him mei nei it bestjoershokje yn de iistinte, en dan kin Lamey alhielendal net mear ride; mar dat hindert neat, want syn ploech is der ûnderwilens dochs al ôfrekke.
Nee, dan bringt master Walinga it noch fierder. Master soe earst net mei, mar hy koe der net foarwei, doe't it bliken die dat der oars in prtoer net fol wurde soe. Hy rydt goed, al is syn streek net foars, en bringt it mei syn maten noch ta de prizen.
As it noch lang net ôfrûn is, begjint it te snijen, earst in bytsje, mar njonkelytsen slimmer en by de lêste reden kinne se amper mear fan de iene kant de baan nei de oare sjen. En it bestjoer moat de baanfagers helpe, om't dy it allinne net mear ôf kinne.