mei him te meitsjen hawwe en trouwe is Lebbing daliks ek net oan ta, en einliken rint er wol tige iensum om tusken de minsken, dy't er sa troch de wike moetet.
Nei ‘Alte Kameraden’ komt der wat swierdere kost; stikken út opera's en sels nûmers fan klassike masters. Wis, ‘Apollo’ is der tige op foarútgien, sûnt Lebbing lieder is. In grut part fan de muzyk hat er sels bewurke en it klinkt allegearre bêst. Allinne Hessel de Boer syn piston glydt wolris út; Hessel de Boer hat koartlyn falske tosken krige, en no hat er syn hoarn net mear sa goed yn 'e macht as foarhinne. Mar dat sil wol wer komme.
Der is omraak byfal, as ‘Apollo’ dien hat; Lebbing bûcht, oant syn lange hierren him oer de eagen en de noas hingje. It is amper njoggen oere, mar der stiet noch in toanielstik yn trije bedriuwen op it programma. ‘Te folle fan it goede’, hjit it en it giet oer in frijfeint, dy't wat urven hat en dêr't no fan alle kanten de froulju op ta komme. As it lykwols op 't lêst in fersin blykt te wêzen, ferdwine de froulju ek samar wer, op de iene en wiere nei. Folle sit der net yn, mar dat moat ek net op sa'n jûn: de minsken kinne der om laitsje en dat dogge se genôch.
Yn it sûffleurshokje sit master Walinga; hy docht it foar in oar, dy't siik wurden is. It siicht frijwat ûnder it toaniel en dochs hâldt master Walinga dêr leaver ta as yn de seal; no falt it de minsken teminsten net op, dat er net mei Saapke Berga en har heit by in tafeltsje sit.
Nei ôfrin sprekt boargemaster Suringa; hy tanket it muzyk en de spylsters en spylders foar de moaie jûn.
De âlderein giet nei hûs ta, as Lebbing de earste toanen fan de polonêze oanslacht op 'e piano, krêftich en ritmysk. Bûten stiet de moanne rûn en kâld oan 'e himel, en friest it dat it ongelt.