Jelles lit dêr op 'e siktarije in oardel hûndert fan meitsje; kategisaasjebern stopje se yn 'e brievebussen.
En dan komt de fredejûn; de seal fan Jan Berga is moai fol en lang net allinne mei Abbingawâldsters, dat sjocht dominy wol. Der is nochal wat arbeidersfolk by, dat hy net ken, mar dat is suver neat; de frede is in ding, dêr't eltsenien belang by hat. Ien man is der by, dy't dominy Douwes Dekker wol faker sjoen mient te hawwen; mar op dit stuit kin er him net thúsbringe. Hea, hokfoar man is dat ek wer?
Hy hat it net oan tiid, dêr lang oer te prakkesearjen; it rint tsjin achten en hy is net allinnich foarsitter, mar ek sprekker. Fan de lju út Hollân is ien oerkaam, dy't seit, sels it wurd dwaan te sillen. Fierder hat er as sprekker noch in De Vries meinaam.
En dêr stapt de hillige Veronica al krigel it poadium op; hja kin út eigen ûnderfining sizze, seit hja, dat de oarloch de minsken ta bidlers makket, en dat hja der troch de oarloch ta komme har eare te ferjitten. Benammen foar froulju is dat faai. Is der minder op 'e wrâld as in frou sûnder eare?
Foar sa'n âld minske sprekt hja dúdlik en wat hja seit, skeelt net safolle; dochs is der wat dat makket, dat somlike lju út en troch skodholje. Faaks is it it protsje hier, dat op har holle omdûnset; it kin ek wêze, dat de lange en oan it kin ta tichtknope jûpe, dy't hja oan hat, it him docht. Of soe it wêze kinne, dat har postuer en har praten dochs in bytsje kornyk, in bytsje grotesk oandogge?
Dominy sels hat it oer de fouten fan de tsjerke yn it ferline en har taak foar de takomst. De tsjerke moat de moed hawwe, har fûl en mei alle krêft tsjin de oarloch te kearen, sels yn tiden fan oarloch. Der is in opstannich lûd yn syn stimme, dat blykber party harkers wol noasket, want hja klappe, wilens dat er sprekt; mar siktaris Jelles en oaren klappe net. Dominy draaft wat troch, achtsje hja; benammen siktaris woe dominy wat foarsichtiger ha, no't it kommunistyske riedslid ek yn 'e seal sit. Siktaris hat noch mei him fûstke; dat koe net bêst oars, al wie it him min nei 't sin.
De man út Hollân seit, dat der noch te min ienriedichheid is