tige aardich, mar hja noege him net, wer ris by harren thús te kommen om in kopke tee. En no giet der praat fan, dat hja briefket mei in soarte fan arsjitekt, in man mei in goed ynkommen, mar ek mei wat in frjemd ferline; it jongste moat der al ôf wêze. Dit is it slimste; benammen dêrom moat master Walinga moarns wat frisse loft opsûgje, ear't er him foar de klasse betrout. Hy hat it al fan mear as ien kant heard en it wol him wol oan, dat it net allinne praatsjes binne. No ja, Saapke, dy't him sokke lange jierren oan it lyntsje hâlden hat, sil der no samar net mei in aventurier ynfleane, dat fêst net, mar dat syn kânsen yn dizze dagen bare lyts binne, dat hat master Walinga tige bêst yn 'e rekken.
It is faak noch skimerich, as er fuortgiet; it binne tsjustere dagen.
Op in moarn sjocht master Walinga yn de fierte Laerman baron Tinnegieter oankommen. De dyk is wat glysterich; it hat gjin winter west sûnt it rytsje foar Sinteklaas, en ek no is de wyn noch westlik en sjocht it der net botte froastich út, mar by it daagjen is it opklearre en hat it oer de grûn even wat rypt. Master Walinga besaut him der oer, hoe hurd minder de kantonrjochter de lêste tiden wurden is. Sa min op 'e gong en dochs rinne; wêrom lit sa'n man him net even yn in auto nei it doarp bringe? Frjemde minsken!
Hy hat in stôk yn 'e hân, Laerman baron Tinnegieter; as er dy net hie, wie it net bêst. Master Walinga rint oan 'e kant fan de dyk, mar Laerman baron Tinnegieter hâldt de midden. Dom fan sa'n man; as der ris wat oankomt!
Noch mar krekt hat master Walinga dat tocht, of dêr heart er in sinjaal. Fansels, de Grinzer bus. Hoe sil dit komme? Even ferliest master efter de bus de kantonrjochter út it each; as er wer te sjen komt, hinget er as in ljeppende jonge foaroer op syn stôk, dy't er yn 'e berm hat. Dat rint mis, begrypt master Walinga; hastich set er nei de baron ta om him te helpen, mar it is al te let; deun foar him kletst it swiere lichem op 'e stiennen. Ien skonk komt sawat dûbeld te lizzen; master Walinga mient, dat er wat knappen heart. Dat wiist net bêst. Master is mar in licht keardeltsje, en Laerman