Der binne lju, dy't mei ynmoed harkje en foar wa't dizze preek wier wijing jout oan 'e Krystdei. Oaren lykwols hearre de wurden wol, mar tinke tagelyk oan de Grinslâners. As dominy syn gemeente ris sitte liet? As it der dochris fan kaam? Jierren en jierren hat Abbingawâld in frijsinnich bolwurk west, en dat de otterdoksen no foar master opspylje komt allinne, meidat Laerman baron Tinnegieter Lomme Berga wat langer wat mear frij man lit by it ferhieren fan boerepleatsen, en Lomme Berga is otterdoks en hellet allinne fan syn eigen folkje yn.
As de tsjinst ôfrûn is, litte de gasten har nei Jan Berga ride. Hja prate mei nimmen, ek net mei dominy of mei de lju yn it hekje; dêr binne it Grinslâners foar. Wat dominy oanbelanget, dy wurdt even geweken naam yn it kategisaasjelokaal. Hy praat der him wol aardich út. Ja, hy wit, wa't dy Grinslâners binne, lju earne út it Oldambt. Der is in neef fan sines by, en dy hie him al skreaun: hja woene ris in pear dominy's hearre, want harres kriget mei gauwens syn emeritaat. En dy neef sil ek wol trochset hawwe, dat se hjirhinne kaam binne.
‘Dus, jo fan jo kant hawwe alhielendal gjin war dien?’ freget siktaris Jelles.
Nee, it is alhielendal fan de oaren útgien, fertelt dominy; hy wie sels ek in bytsje ferheard, doe't er har fan 'e moarn sitten seach. En dan fûstket er mei de hearen; hy hat haast, seit er; fan 'e middei moat er dêr en dêr noch preekje. Ja, dominy's hawwe it drok yn 'e Krystdagen.
Sadwaande ferjitte se him te freegjen, wat er dwaan sil, as er ris beroppen wurde mocht.