skele. As de lju sizze, dat se neat besteld hawwe, dan seit er, dat se it mar stean litte moatten hiene; en as se kleie oer de minne kofje, dan is syn steefêst beskie: ‘Mar jo mochten it dochs wol, want jo kop is leech.’
Lammers hat twa soarten fan kofje; de minste soarte is ornearre foar de wachtkeamer, en de oare foar de riedsieden en B. en W. In set hat er besocht, ek dy lju it minste spul foar te setten; en dat boargemaster Suringa in kearmannich de folle kop weromjoech mei de wurden: ‘Nim mar wer mei, Lammers, sleatswetter is der sjampanje by’ sjoch, dêr waard er net oars fan. Mar it waard tinken, doe't op in dei siktaris Jelles him op syn keamer rôp en him te ferstean joech, dat er fuortoan goede kofje mei flink sûker en molke deryn jaan moast. En op broadsjes hearde boerebûter en gjin margarine, sei siktaris der noch oerhinne; ek moast it net wer barre, dat der hynsteflesk tusken siet of tweintichplus tsiis. B. en W. en de rie hiene rjocht op goed guod; der waard ek goed foar betelle. En as Lammers sa net woe, dan moast in oarenien de leverânsje mar hawwe.
Dat lêste die de doar ticht. Sûnt dy tiid hat de hegerein net mear te kleien. Mar yn de wachtkeamer is alles by it âlde bleaun.
No komt der in tintsje efter it gemeentehûs. Dokter hat in pear ynstruksjes jûn: wat út 'e wyn en wat op 'e sinne en net te lyts fan binnen. Dêr arbeidet in timmerman oan, dêr't it wol in aardich putsje foar is yn 'e stille tiid. Hy moat mar net op in pear sinten sjen, seit Lammers. As it om Sipke giet, is er net deun. Hy stiet der hast iderkear by, wilens dat it makke wurdt, pratend as Brugmans. Al in pear kear hat it der faai foarstien mei Sipke, mar Lammers woe it net sjen, woe it net begripe. No seit er tsjin de timmerman, dat siken net yn 'e hûs hearre te lizzen. Frisse loft en sinneskyn moatte se hawwe, dêr wurde se better fan. Dit hie al folle earder moatten. Och, och, wat sil dit Sipke goed waan.
En as er letter op 'e buorren Hessel de Boer sjocht, seit er: ‘Us Sipke komt bûten te lizzen, dat dy is mei gauwens wer de âlde.’