ek in rjochtsaak fan komme, lykas se daliks al tsjin notaris sein hawwe. Yn it doarp wiene se it dêr yn it begjin hielendal mei iens, mar no't it liket, dat men de helte weromkriget, is de stimming al wat mylder wurden. Somliken ornearje, dat it sà raar net hoecht; ûntslein en fallyt, dy skande hat immen genôch oan foar syn hiele libben.
Dominy Douwes Dekker sit in bytsje mei it gefal ferlegen. It hat him ferbjustere; och, och, wat hat er him op dy man fersjoen. In bytsje pynlik is it ek wol foar him; hy hat him sa ward om de praatsjes út 'e wrâld te helpen en no dit. Dominy preket op in sneintemoarn oer de tekst: wa't sûnder sûnde is, mei de earste stien smite, mar it is lang sa oertsjûgjend net as dy kear, dat er spriek nei oanlieding fan Jacobus 4 fers 11. Dominy moast wat mear gefoel foar humor hawwe, dan soed er makliker oer folle dingen hinnekomme as no. Hy prakkesearret der hast oer dochs ris te besykjen, in berop te krijen. Mefrou wol it ek o sa graach.
Laerman baron Tinnegieter fielt de wrâld ûnder syn fuotten jimmeroan ûnwisser wurden. Dat leit faaks mear oan Laerman baron Tinnegieter as oan de wrâld, want hy wurdt langer frijwat min op 'e gong en ek fan syn ferstân geane de skerpste puntsjes wat ôf. Mar Laerman baron Tinnegieter jout it de wrâld op 'e skuld; benammen it gefal mei notaris hat syn betrouwen in tige knoei jûn.
Hy tinkt oer ophâlden, mar kin der dochs net ta komme te betankjen. Syn heit wie kantonrjochter en syn pake wie kantonrjochter; einliken moast ien fan syn soannen it baantsje oernimme wolle. Hy sil der oer prate sa gau as ien fan harren ris thúskomt út syn fier lân. En Laerman baron Tinnegieter giet troch, rjocht te sprekken. Soms falt er der hast by yn sliep.