rakkert. Meastal jout er wat frjemde lûden. As de bern der lang nei harkje, miene hja, dat er besiket smearlap te sizzen. Alles, wat glinsteret, is sines. Ienkear hat er in hiel set yn de beammen sitten mei in glêzen knikkert fan in bern yn 'e bek. It gerop fan it jonge folkje wie hy treast; mar doe't op 't lêst in kwajonge fûleindich op in floitsje blies, waard er kel en de knikkert foel op 'e grûn.
Wibren Berga hat it net op dizze ka stean. Ienkear hat er yn tsjok waar west mei de fûgel; dy siet op syn boerekoal en Wibren fertocht him derfan, dat hy der fan friet. Hy naam in stôk en rôp: ‘Fuort!’ Mar de ka hie der nocht oan en fleach net fuort. Dat wol sizze, hy fleach iderkear earne hinne, dêr't Wibren en syn stôk net wiene. ‘Wa is hjir baas, ik of dû?!’ rôp Wibren lang om let. De ka jeuzele wat foar him út en Wibren wie ek al safier hinne, dat er it wurd smearlap ferstie.
Sûnt is Wibren Berga der fêst fan oertsjûge, dat de ka him útlaket, as er op strjitte rint en it wite besitekaartsje, dat er ienris op syn swarte mutse fun, wist fansels de ka fan Durkje ek mear fan.
Freule Valéry de Charleville hat oare soargen. It komt krap om op 'e Adelheidfundaasje fanwegen notaris syn fallyt, en boppedat wurdt Laerman baron Tinnegieter minder; dy is lang net mear sa op syn iepenst as foarhinne. Einliken moast der in nije administrateur komme, mar in útstel dêrta kin hja min mei oankomme. Laerman baron Tinnegieter moast sels sa wiis wêze en betankje; of yn it bestjoer moasten se maatregels nimme. Yn alle gefallen soarget hja, dat de dames fan bettere stân wat minder djoer op 'e kost binne as oare jierren. En de skilder Hoitema moat wachtsje op de sinten foar syn hjersttaferiel, dat tsjin in brún kleedsje yn de bestjoerskeamer hinget, mar dat is syn eigen skuld mei, want syn rekkentsje is der noch altiten net.