25
It is deselde jûns sjoelen by Hylke Berga en oare bakkers; ek de krudeniers besykje har swietekau en sûkerslakken noch mei balsmiten of op soksoarte manear kwyt te reitsjen. En by Jan Berga ‘In 't Boshuis’ kin men mei de hân pylken yn in skiif smite mei kninen en einen ta prizen.
De Abbingawâldsters komme wol op strjitte en besykje ek wol wat te winnen, mar de rjochte ambysje is der net diskear. It is notaris foar en notaris nei; eltsenien hat it oer notaris. Notaris hat in twade frou mei bern yn Amsterdam, wurdt der ferteld; hoe is 't mooglik, hoe is 't mooglik!
Oer it tekoart sels wurdt net gelyk praat, mar der binne lju dy't it op in heal miljoen hawwe. Fiif ton, dêr soe men dochs it bêste fan hoopje. Ja, ja, dat is de misse kant fan it gefal. Men is yn Abbingawâld alhielendal net fij fan wat fariaasje, mar dy sinten, dat liicht der net om en dat sille party minsken yn har beurs fernimme.
It drokst binne de petearen yn 'e winkel fan Hylke Berga. De bakker, wylst er tafersjoch hâldt by it sjoelen en de briefkes fan de winners útskriuwt, hat sels it heechste wurd. It leit him sa by, dat der fan syn sinten net folle terjochte komt en hy betinkt no alderhande straffen foar notaris: libbenslang, in wan mei de swipe, in stadige dea oan in martelpeal, neat is him moai genôch. En hy fertelt hoe't it útkaam is; hy hat de saak oan it rôljen brocht en faaks dy nije polysje ek in bytsje. As de autoriteiten net op har iepenst binne, dan moatte de boargers sels witte, wat hja te dwaan