‘Mar jo wisten dochs ek wol, dat de betellingen stilstiene; brochten jo it ien en oar net mei mankoarren yn ferbân en hiene jo alteast net ris besykje kinnen, mei de man te praten?’
It slagget boargemaster Suringa net, him derút te praten; mar ja, de Ljouwerter hearen witte ek wol, dat it net folle holpen hie, as dizze saak in wykmannich earder oan it rôljen rekke wie. De sinten wiene doe dochs al fuort. Dat is ek it ferwar fan de kandidaat; as alles wer gewoan foarmekoar kaam wie, hie dat fan alle kanten it bêste west, wol dy hawwe en dêr hat er wol wat gelyk oan.
Hoe grut it tekoart is, dat kin samar net neigien wurde. Notaris moat sizze, wat der oan jild, papieren en fêstichheden is, en in amtner sneupt yn 'e boeken om, mar fansels komme hja der yn in pear oeren net út. ‘Sa't it no stiet in ton,’ seit de amtner lang om let, út 'e boeken opsjend, ‘earder mear as minder.’
‘In moaie boel!’ De ofsier fan justysje skodhollet en boargemaster Suringa fielt bjustere skoan, dat soks is, om't er him net begripe kin, dat nimmen yn Abbingawâld der wat fan yn 'e rekken hân hat.
Dan kriget de kandidaat-notaris oansizzing, dat it kantoar sletten bliuwe moat, oant der permis je komt, it wer te iepenjen; en sawat de hiele administraasje wurdt yn 'e auto's tôge, krekt dat se de kandidaat de aldernijste boeken hâlde litte. Wat notaris sels oanbelanget, dy moat de oare deis nei Ljouwert brocht wurde; der binne oanwizingen genôch, dat er net fan oarmans jild ôfbleaun is. Boargemaster Suringa jout noch foarsichtich te ferstean, dat se him daliks wol meinimme kinne, mar de ofsier fan justysje seit, dat er dy keardel net yn syn auto hawwe wol: hy moat moarn op transport mei in fjildwachter. Notaris kriget noch te hearren, dat er oer in deimannich wol fallyt ferklearre wurde sil, mar dat hy der dêrmei fansels net ôf is. Dan sette de auto's ôf yn 'e tsjustere Sinteklaasjûn.
Noch krekt makket boargemaster in rûzje tusken notaris en syn frou mei.
‘Ik bliuw hjir net, ik gean hjir wei!’ ropt mefrou. ‘Watstû my oandien hast, it is skriklik, skriklik.....’