alle froulju fereale op him binne, wylst eltsenien dochs wit, dat er beleaven net ienkennich is? Dy hege faas, dêrsa, dat wie wol wat. No ja, in doaze mei leppels en foarken wie praktysker, as it nochris ta trouwen kaam, mar dat liket yn dizze omstannichheden dochs net sa gaadlik. Der mar ris yn sjen.
‘Hawwe jo it al heard fan notaris?’ freget de frou efter de toanbank.
Nee, master Walinga hat noch neat heard.
De frou docht de hannen yn 'e side en begjint te fertellen: sûnt fan 'e moarn is it kantoar ticht en fan 'e middei is de justysje út Ljouwert kaam: alle papieren moatte yn beslach naam wêze en der wurdt sein, dat notaris sels yn in sel efter it gemeentehûs sit, mar dat liket har raar genôch. Yn alle gefallen, it doocht lang net; wa hie dat tocht fan notaris? En de frjemdste ferhalen geane; hja wol se net ienris oerfertelle, mar as de helte der fan wier is, dan is it al mâl genôch. Notaris moat immen west hawwe mei in dûbeld libben, sa as men wolris yn boeken lêst; och, och! It is skande sa't de minsken prate en men moat alles samar net leauwe.
‘Soa, dochs,’ seit master Walinga as har mûle even stil stiet, ‘no, dêr wurd ik hast oars fan. Dat is net sa moai. As it mei de sinten net ynoarder is, soe dat in strop wêze foar party minsken.’
‘Hja sizze, alles is fuort. Dit is in frjemde Sinteklaas. Wolle jo wol leauwe, dat ik witte kin, dat it stilder is as oare jierren?’
De faas kostet sândeheal gûne; dat falt master Walinga net ta, mar hy keapet him dochs. Al te sunich mei er net wêze en boppedat fertsjinnet er aardich mear, sûnt er de haadakte hat. Hy skriuwt sels in adreskaart, want Saapke Berga moat op 't lêst ek witte, fan wa't hja it kado kriget. Hja ken syn hân wol.
‘Wat is 't wat!’ seit master Walinga, as er fuortgiet, ‘wat is 't in boel!’
Foar it hûs fan notaris steane twa auto's; in rychje bern gappet der nei op de lytse stientsjes oan 'e oare kant. Hjir en dêr steane ek tropkes grutte minsken it gefal te bepraten. Klaas Sietema, de nije polysje, rint wat hinne en wer by de auto's en de minsken; hy moat soargje, dat bûten alles rêstich bliuwt, salang't de justysje binnen dwaande is.