‘Dat sizze jo no wol, mar nim bygelyks ris dy fiifentweintich gûne, dy't wy oan notaris te goede hawwe, fan dy bougrûn, dy't massaal ferhierd is, jo witte wol.’
Boargemaster Suringa wit der fansels neat fan, mar dat seit er net. Hy seit alhielendal neat.
‘Hoe moatte wy dêr no mei oan?’ freget siktaris. ‘It jild is fêst al mear as in healjier lyn betelle.’
Dan flokt boargemaster Suringa.
‘Ferdomme, by notaris-en-dy moasten se ek wizer wêze. Sa komme de praatsjes yn 'e wrâld.’
Trochsette, tinkt siktaris, no trochsette!
‘It is in frjemd spul dêre; ik haw ek al wer in warskôging hân fan immen, dy't it dochs ek wol witte koe; dy man sei planút: it doocht net mei notaris. It is safier hinne, dat ik in ûndersiik wol fan belang achtsje soe. Blykt alles ynoarder te wêzen, ei no, dan is men teminsten fan dy praatsjes ôf.’
Boargemaster Suringa skodhollet.
‘Mar jo begripe dochs wol, dat kin net. Net it resultaat fan in ûndersiik, mar it ûndersiik sels, dat docht it him by de minsken.’
Dan komt Lammers der yn.
‘Boargemaster, hjir is de kandidaat-notaris mei in wichtich boadskip.’
‘Hè, wat sizze jo, in wichtich boadskip? Lit him daliks mar yn 'e keamer.’
Siktaris Jelles giet oerein, mar boargemaster grânzget: ‘Hjir bliuwe, jo moatte der by wêze.’ It leit him sa by, dat er wat nuvers hearre sil en hy sjocht der tsjinoan, allinne de ferantwurdlikheid te dragen.