middeis op it notariskantoar. Hja kenne him dêrsa noch net en hja sjogge ek net oan him, hokfoar soarte polysjeman er einliken is, want syn pet mei it gemeentewapen paste net en wurdt no fermakke; salang hat er in âlde marsjeseekepi op, dy't er tafallich noch hie.
Hy komt in bytsje nuver mei syn boadskip oan; hy is wat ûnhandich en ferlegen noch.
Mar de kandidaat is ek net sa botte wis fan syn saak. Wat foar frjemde polysjeman is dit? Soe sa'n Feikje wierliken de justysje der yn behelle hawwe?
‘It komt wol ynoarder,’ seit er. ‘Mar de widdo sil noch even wachtsje moatte.’
‘Just, jawol. Mar is alle jild dan noch net bard?’ Klaas Sietema wol gjin ferkeard boadskip dwaan en it rjochte derfan gewaarwurde.
De kandidaat wurdt wat ferlegen. Hy freget him ôf, hokker kant dy polysje út wol. Faaks is it wol ien fan it Ryk, dy't ûndersiik dwaan moat.
‘Ik leau it wol. Mar notaris is siik en mynhear moat tinke, ik bin hjir gjin baas!’
Mynhear, seit er. Sa hat Klaas Sietema him noch net faak oansprekken heard. It rint him as lij wetter by de rêch del. Hy sil al hast sizze: As it sa sit, no ja...., of sokssawat. Mar dan ferskynt Hylke Berga.
‘Myn sinten,’ himet er, ‘hjirsa mei myn sinten! It doocht hjir net!’ Dan earst liket er Klaas Sietema te sjen. ‘Oh, in polysje, dat komt goed út! Tûzen gûne hat notaris fan my en ik wol se werom ha, op stel en sprong!’
Jawisse, dit is deselde Berga, dy't koartlyn nei it priissjitten de triennen oer de wangen rûnen fan emoasje.
Klaas Sietema wit net, wat er sil. Moat er dy man it swijen oplizze, of moat er him helpe om syn tûzen gûne te krijen?
‘Wy binne bedragen,’ seit Hylke Berga. ‘Jimme hawwe ús al tiden bedragen. Mar no is it út. Dit is gjin notariskantoar, dit is in dievehoal, fjildwachter!’
De kandidaat sjocht fan de iene nei de oare. Syn gesicht ferlûkt. Dan ynienen ropt er: