hjir wol in kear twa trije yn 'e wike; hy behannele mefrou, dy't al sûnt har jonge jierren rimmetikich is. Mar om't it har net holp, hat mefrou it hegerop besocht; hja lit har no mei in auto nei spesjalisten ride en út en troch komt der sels in professor út Grins by har. It kostet siktaris in moai stik fan syn traktemint en it is mar goed, dat er fan himsels ek noch wol in bytsje hat. En de rimmetyk fan mefrou wurdt noch altiten net better.
No komt dokter dochs wer ris by siktaris yn 'e hûs. ‘Hoe giet it, mefrou?’ freget er. Wat sil er oars sizze?
‘Och, it hat wolris slimmer west,’ seit mefrou. Men kin sa'n man dochs ek net fertelle, dat de spesjalisten en de professor it al net better kinne as hy. Hja woe it hast wol mei in wûnderdokter besykje.
Dit besiik lykwols hat neat te meitsjen mei har rimmetyk. It giet oer oare dingen.
Dokter is net immen, dy't der omhinne praat.
‘Ik leau, der doocht wat net by notaris,’ seit er.
Mefrou set grutte eagen op, mar siktaris wurdt net oars of oars.
‘It docht my gjin nij. Ik haw de leste wiken ek al sokssawat tocht.’
‘Hawwe jo der alris mei de boargemaster oer praat?’
‘Ienkear. Mar dy leaut der neat fan. Lykwols, as jo my wat nijs fertelle kinne, wol ik him dat wol oerbringe op 'e ien of oare manear.’
Dokter sjocht nei bûten, dêr't de flokken noch altiten falle, al wurdt it wat ljochter yn 'e loft.
‘Ik haw fansels gjin wissichheid. Lykwols, der moat wat wêze. Earst die er as mealde it him. Mar it mealde him hielendal net. No docht er as is er siik. Mar der mankearret de man neat. En syn kantoar betellet allinne lytse postjes út. Grutte betellingen steane stil; tydlik, nei't it hjit. Boargemaster moast de kandidaat ris útfreegje. Dy wit mear, dêr bin ik fan oertsjûge.’
Siktaris Jelles skodhollet.
‘In min spul. Fan dy sabeare kwalen, mei ik dat de boargemaster fertelle?’