It duorret mei in middeisskoft de hiele dei. Der wurdt sketten yn klassen en yn soarten, mei en sûnder foarjefte en op ûnderskate distânsjes. Sa is der hast nimmen, dy't gjin priis wûn hat, as it tsjin fiven yn optocht mei in pear hoarnen en in tromme foarop nei ‘In 't Boshuis’ ta giet, dêr't de priisútdieling is.
Dat is altiten wer Hylke Berga syn oere. Hy kin aardich prate, de bakker, och, hy kin it sa moai sizze. Dy in priizgjend wurdsje, in oarenien in oantrún om it noch better te dwaan, it komt der allegearre snedich út. Ek in grapke kin der wol ôf; ien kriget te hearren, dat er it in oare kear grif better docht, as er syn munysje net sa op sterk wetter set; en Dillema, dy't nochal kochelt, kriget as priis in doaske asperyn op syn tafeltsje smiten.
Lamey hat ek meisketten; dêr is er generaalssoan foar. ‘Men koe wol witte, dat jo hjoed gjin reade koal iten hiene,’ seit Hylke Berga, as er him syn priis jout: in stiennen Eros- en Psyche-imi-taasje; ‘sjoch, in tuit.’ De hiele seal skatteret en Lamey kriget in kaam, mar hy liket dochs wiis te wêzen mei it hazarding.
As Hylke Berga útpraat is, giet ien fan de leden oerein, om him te tankjen foar syn lieding. En sjoch, dêr rinne de bakker ynienen de triennen oer de wangen, sa oandien is er. ‘Wat is it moai, wat is it moai,’ seit er, en fûstket mei de sprekker.
Nei it offisjele diel krije alle oanwêzigen noch in fertarring op kosten fan ‘Van Speijk’ - it kin der wol ôf, Laerman baron Tinnegieter is earefoarsitter, wat him alle jierren in grouwe dof kostet - en dan, om in oere of seis, as de lantearnen yn 'e buorren al lang barne, sette de skutters foldien nei hûs.