en solider man as notaris; sels fan de soasjeteit is er gjin lid. Mar krekt fan immen, dy't sa ûnder de kwint sit, kin men frjemde oanslaggen ferwachtsje. Notaris die ek wolris sakereizen nei Hollân; watfoar saken soe in Fryske notaris dêr no hawwe kinne?
Nee, siktaris Jelles is net sa wis yn syn oardiel as boargemaster. Fansels, hy hat der net safolle mei te meitsjen, mar hy wit dochs tige goed, fan hoefolle lytse lju notaris de betrouwensman is. Kin men mar rêstich ôfwachtsje, hoe't it beslacht? Hy fielt him wol wat beswierre, siktaris Jelles, mar hy kin net folle dwaan, no't de boargemaster der wurk fan meitsje wol; op syn manear dan. En as it al mis is, dan sil der ek wol net folle mear oan te dwaan wêze.
Boargemaster Suringa en syn sjef-fjildwachter giisgobje in set oer it brief. Hja fersteane mekoar bêst; beide binne hja net sa botte fernaam fan geast. It is oars wol in moai brief. ‘Der moast noch wat mear yn stean,’ ornearret boargemaster, ‘as hja skreau, watfoar ûnderguod notaris oan plichtet te hawwen, dan hiene wy wat hâldfêst.’
‘Ha, ha,’ de sjef skeukt op syn stoel hinne en wer fan wille; ‘of dat hja útslútsel joech, oft er in keardel is mei hier op it boarst.’ En de beide grutte keardels laitsje, dat Lammers it op 'e gong heart en wat tichter nei de doar ta giet, om ek wat gewaar te wurden.
‘Wat moatte wy dwaan?’ freget boargemaster Suringa, ‘de justysje der yn behelje? It is sjantaazje, dat haw ik ek al tsjin siktaris sein.
De sjef lûkt oan de skouders.
‘Ik wit net, ik wit net. Wurdt it in rjochtsaakje, dan soe notaris faaks tsjûgje moatte en koe it wêze, dat de minsken dochs wat tochten. En dat moat fansels út noch yn net.’
‘Dat is ek sa, nee, dan is it it bêste, dat wy ús te'n earsten mar stilhâlde. Soe der nochris in brief komme, dan moatte wy mar ris wer sjen. Mar sa bretaal sil sa'n frommes dochs wol net wêze, soe men sizze.’
Der folget noch in petear oer de fraach, oft notaris wol by mefrou sliept. Ja, ja, it wurdt noch even moai opsein yn 'e boargemasterskeamer.