sizze, dat hy der folle fan opmontert. Letter jout Froukje him in asperyntsje; de pine yn 'e nolle sakket dan wat ôf, mar hy wurdt ynpleats dêrfan mislik.
Och, och, dy skoandere jûn, Lamey hat gjin wille. Even giet er fan de flier, mar dan sit er lyts en wyt op in stoel en Froukje hâldt him in bûsdoek mei rûkersguod ûnder de noas. Dan, ynienen, moat hy derút. Under de lantearne foarhûs jout er oer; it wurdt daliks in stik better, oant er sjocht dat wat er oerjûn hat read is. Bloed fansels!
‘Dokter moat komme; ik haw bloed opjûn!’ ropt er gûlend en hy snokkeret noch op syn stoel yn de jachtweide, dêr't er mei help fan oaren bedarre is. Froukje, ek alhielendal oerstjoer, fljocht nei dokter De Leeuw.
‘It sil wol wat oars wêze as bloed,’ brimt dy, as er it ferhaal heard hat, ‘dat jonkje mankearret neat.’ Under de lantearne reart er even yn de boel om mei syn stôk en dan giet er nei Lamey.
‘Wat hastû fan 'e middei iten?’
‘Sop,’ seit Lamey, ‘en doe ierpels.’ De triennen rinne him noch oer de wangen.
‘Wat by de ierpels?’
‘Reade koal.’
‘Dy leit no ûnder de lantearne. Sis even tsjin Berga, dat der in ammerfol wetter oerhinne smiten wurdt, it liket oars wat fiis. En dan mar gau op bêd; moarn bistû wer de âlde.’
Froukje bringt him thús en hat dan de put derút.
Op 'e seal by Berga is it gefal al bekend wurden, en hawwe se frijwat wille oer it nuvere aventoer fan ‘de tuit’.
Lamey blêdet op syn keamer noch wol in oere yn de ensyklopedy om, dy't er okkerdeis healsliten yn de stêd koft hat: acht grouwe dielen. Mar hy kin net wiis wurde, wat it mei him west hat. Fan syn kwaal komt er op notaris sines; men heart der wat langer wat mear fan, dat it mei dy syn holle net doocht.
Earst as de letters foar syn eagen begjinne te dûnsjen, berget er de boeken op. Syn mislikens is er kwyt. Ear't er op bêd giet, yt er noch in apel, om't er him wat hol op 'e mage fielt.