diskusje haget him net. Moarn stiet alles yn 'e krante fansels en begjint it gepraat earst fan rjochten. As de anty útpraat is, giet boargemaster oerein: it falt him ôf, seit er, dat der yn 'e rie net mear begryp is foar it swiere en noedlike wurk fan de polysje. Fansels, de riedsieden kinne net rûnom ferstân fan hawwe, mar dan moasten se wat mear op syn kompas sile; hy, as haad fan de polysje kin it dochs it bêst beoardielje.
Hy praat lûd, boargemaster Suringa, mar hy oertsjûget nimmen.
De foarsitter fan 'e reade fraksje freget, wêr't dizze diskusje einliken foar tsjinnet. As de rie de fjildwachter hawwe wol, komt hy der, mar as de rie him net hawwe wol komt hy der likegoed.
It giet om de begrutting, seit siktaris Jelles; dêr moat in post op fanwegen it traktemint.
‘En as wy it jild net tastean wolle?’
‘Dan sille Deputearre Steaten it wol dwaan.’
‘Lit ús der dan fierder mar net oer prate.’
Mar dat giet samar net; der binne noch twa partijen, dy't neat fan harren hearre litten hawwe. De man fan ‘Gemeentebelang’, in gernier, seit, dat salang de polysjes it noch oan tiid hawwe om in heal pûnsmjitte tún te bouwen, der neffens him gjin by hoecht. En ien fan de frijsinnigen achtet it beneamen fan in fjirde polysjeman einliken in mislediging foar de goedwollende en rêstige befolking fan de gemeente.
Dan wurdt de post ôfstimd; dy sinten moatte Deputearre Steaten mar op harren noed nimme.
‘In slach yn 'e loft!’ ropt boargemaster Suringa, ‘in...’ Ynienen hâldt er him stil. Hy sjocht, hoe flitich de ferslachjouwer efter yn 'e seal oan it skriuwen is, en sokke wurden binne ornearre foar ynwindich gebrûk.