altiten foar in earlik en solyd man hâlden; en hy docht dat noch. Notaris: immen dêr't men huzen op bouwe kin; dat is it betinken fan dominy Douwes Dekker. En dêrom hat er him yn 'e holle set, de geroften te ferbaljen en te ferdylgjen.
Fansels, hy praat mei gjin wurd oer notaris. Sa konkreet is in dominy nea. Mar dyjingen dy't ek al wat opfongen hawwe fan de nuvere geroften, begripe bêst wêr't dominy Douwes Dekker op út wol.
En de oaren? Want der binne ek noch altiten genôch dy't noch neat heard hawwe.
Sjoch, faaks stiet it wol yn 'e stjerren, dat it goede, dat dominy Douwes Dekker sûnder mis wol, sa faak oarsom útpakke moat. Want de lju, dy't noch fan neat wisten, freegje nei de preek, as hja bûten steane yn de hjersttwirren, wat en wa't dominy op it each hân hat. Samar by tafal preke er net oer Jakobus 4 fers 11, dat koe men oan alles taaste en fiele.
En hja wurde it gau genôch wiis. Oft hja dan noch net witte, dat der oer notaris sokke nuvere dingen ferteld wurde? No ja, der sil wol neat fan wier wêze, mar sa en sa. Hja rinne stadiger as oars, de tsjerkgongers, alhoewol de loft nei reinwetter stiet; en hjir en dêr by in doar, in brechje of in hikkedaam bliuwe tropkes minsken stean: noch even neiprate!
Ear't dominy Douwes Dekker syn moaie preek hâlde, hiene de geroften noch net sa'n grutte rûnte fan minsken berikt. Nei dy snein is der nimmen yn Abbingawâld, dy't net it ien en oar heard hat. De ûngerêstens nimt ta.
En notaris bliuwt mar siik.