12
‘Jo hawwe grif wol aardich modder oan de kloet,’ seit ûntfanger Steggerda, better bekend as krûme Loadewyk, as master Walinga syn sinten oer oktober hellet. ‘Bart syn traktemint, as de moanne al mear as in wike om is. Dat dogge allinne de lju, dy't ek noch in boerepleats of in pear huzen hawwe.’
Hy is frijwat redenryk, Steggerda. Lamey, op syn hege kruk efteromsjende, glimket wat ferwûndere tsjin it bleke masterke. Lamey's sinten binne no al hast wer op. Ja, ja, as men mei froulju op en út giet en in slokje op 'e tiid ynnimt, dan wol it jild wol fuort.
Master Walinga giet mar net op it praat fan Steggerda yn. ‘Ik tocht, jo sille der wol goed op passe,’ seit er. ‘Hjirsa en by notaris, dat binne feilige adressen as it op it bewarjen fan sinten oankomt.’
Lamey op syn kruk kochelt ynienen lûd en, sa't it liket, mei opsetsin; en Steggerda, wat sêfter pratend as sakrekt, wylst er him nei master Walinga tabûcht, seit: ‘Hjir betelje wy teminsten út. Mar by notaris...’ Hy makket in hânbeweging.
‘No ja, de man is siik.’ Master Walinga sjocht wat ferheard.
‘Wat soene jo sizze, as ik siik wie en hja fertelden jo, dat jo mei jildbarren wachtsje moasten, oant ik werom wie?’
‘Nee, fansels, dat gyng net bêst.’ Fan dy kant hat master Walinga de saak net besjoen. Hy wit ek wol, dat it wat fêstsit mei de betellingen by notaris, mar hy is gjin erchtinkend man en hat der neat efter socht.
‘Fansels,’ seit Steggerda, ‘ik wol net graach sizze, dat it net doocht; en it binne op 't lêst myn saken ek net. Mar nuver is 't.’