dêr't hja foar yn it plak kaam is, alles safolle better en ferstâniger die. Hawar, dêr wie hja op 't lêst sawat ta bewend; de grutte rûzje kaam, doe't mynhear Wessels wat yn de boerekoal fûn, dat neffens him in mychhimmel wie. En dêr makke er alarm oer; mychhimmels wiene fergiftich, dat hy hie it wol bestjerre kind. En hy woe der hast op út, dat hja it bist mei opsetsin yn it iten dien hie.
Sjuch, dat gyng te fier. Nei alle gedachten wie it net ienris in mychhimmel, mar in ûnskuldich bledsje fan oar komôf as koal en dat hja it op it libben fan mynhear Wessels fersjoen hawwe soe, fij, dat koe alhielendal gjin kant út.
Siktaris Jelles leit mei Hylke Berga en dominy Douwes Dekker oer, wat der yn dit gefal dien wurde moat. It is net sa'n maklike saak.
‘Der moat ien komme dy't docht, as hearde hja de praatsjes fan mynhear Wessels net,’ seit siktaris Jelles.
Hylke Berga prakkeseart even.
‘Faaks koe it ek ien wêze, dy't se yndie net heart.’
‘Dêr sizze jo sawat.’ Der liket dominy wat yn it sin te kommen.
‘De widdo fan Freark Feddes, de hearen witte wol, dy't se Freark ho ho neamden, libbet altiten noch op harsels: in flink minske, mar it hearren wurdt minder.’
‘Ik ken har; sa dôf as in kwartel,’ ferdúdliket Hylke Berga de sitewaasje.
Sa wurdt Feikje, de widdo fan Freark ho ho, húshâldster by mynhear Wessels.