Sjesa, dat is teminsten wat ôflieding; mar de troanje fan boargemaster Suringa belûkt as er heart, dat it oer de wurkferskaffing giet. Altiten dy wurkferskaffing, men soe der mankelyk fan wurde. De oerheid hie nea begjinne moatten mei sa'n drokte.
Der is de lêste wiken net folle fertsjinne, fertelt de arsjitekt; der koe mear as ienkear net arbeide wurde fanwegen it minne waar en de tariven binne, tinkt him, ek oan de lege kant.
‘Ja, hark ris! It waar kinne wy net feroarje en de tariven binne fan hegerhân fêststeld,’ seit boargemaster Suringa. Hy is in bytsje koart.
‘Ik koe in rapportsje meitsje,’ biedt de arsjitekt oan, ‘en dan soene B. en W. faaks in brief skriuwe kinne oan 'e ynspeksje. Jonge, it is sa'n toer. En wy moasten fan 't maaityd, as it wat koe, gjin lêst hawwe.’
‘Nee, dat moat net!’ Boargemaster Suringa wurdt wat kel. Beleaven gjin lêst! Hy tinkt oan de reboelje no oardel jier lyn, doe't syn sinneblinen fjirtjin dagen eftermekoar tichtsitten hawwe, alhoewol it kâld aprilwaar wie, en hy allinnich yn it selskip fan de fjildwachter, syn fjildwachter, bûtendoar doarst te kommen. ‘Hawar, skriuw dan dochs mar in rapportsje. Wy kinne it der dan yn B. en W. oer ha. Oft it fertuten dwaan sil, is in oare kwestje.’
De arsjitekt hat it ek noch oer de skoalle yn de Suderwarren, dêr't it dak net mear fan doocht. Hja kleie dêr no tige oer it lekken. Einliken moast der in nij dak op, mar dat komt fansels nochal oan. It is al in âlde kwestje.
‘It kolleezje moat der mar ris hinne,’ ornearret boargemaster Suringa. ‘Ienkear moat de kûgel dochs troch de tsjerke.’
As de arsjitekt fuort is, heart boargemaster Suringa de motor fan Hessel de Boer syn auto oanslaan. Hessel sit efter it stjoer; Durkje, de kreaze húshâldster, stiet yn de doar. Hja wiuwt mei de hân, wannear't de auto ôfset. Dat blei wiuwt ek noch, tinkt boargemaster Suringa, en wa wit giet Hessel wol nei oare froulju ta. Sa'n frommes woe men ek wizer ha!
Alde Jaap Lolkema bringt it kuorke mei te tekenjen stikken. ‘Der is frijwat, boargemaster; drok, drok op 'e siktarije, boargemaster.’