Dominy hâldt net fan strideraasje en hy kin it net goed ferneare, dat de otterdoksen nei it lokaaltsje Bethel geane ynpleats fan nei him. Wat woed er graach de minsken ta mankoarren bringe. Dat soks fier boppe syn krêften giet is wat, dat er mar net begripe wol. ‘Binne wy net bern fan ien Heit?’ Faak hat er it al útroppen yn 'e tsjerke en de frijsinnigen knikten dan ferheftich. Mar de otterdoksen yn Bethel, foar wa't soksoarte lûden ornearre binne, hearre se nea; lykas sa faak moanjende wurden de earen net berikke, dêr't se foar sprutsen wurde.
In min ding foar dominy Douwes Dekker is it ek, dat er tusken twa fjurren sit. De frijsinnigen wolle him fansels net kwyt; hja wurkje tige om de ferlerne macht werom te krijen, mar salang dat harren net slagge is, mei dominy har fansels net ferlitte. Oan 'e oare kant besiket mefrou al in hiel skoft dominy safier te krijen, dat er op berop te preekjen giet. De bern wurde grutter en moatte mei gauwens wat leare; wat sit men hjir dan min yn Abbingawâld, en it traktemint mei dan ek wol wat grutter wêze; sa praat mefrou en dêr kin dominy fansels ek net folle tsjin ynlizze.
No't de blêden falle lykwols, litte se dominy fan alle kanten mei rêst. Laerman baron Tinnegieter sjocht him oankommen yn it healtsjuster en jout him romte; hy wol beleaven gjin petear. Dominy rint foarby sûnder him te sjen. Mar de skilder Hoitema is net sa fertúnlik. Hy komt út 'e bosk, dêr't er noch in setsje oan syn hjersttaferiel wurke hat. Dominy rint him efterop en begjint te praten: ‘De minsken, de minsken...’
‘De minsken,’ seit Hoitema, ‘as men se leech skat, falle se jin noch ôf.’
Dominy makket wylde gebeartens mei de earms.
‘Hja binne goed, sis ik, de minsken. Mar hja wurde bedoarn.’
Hy begjint oer wat oars.
‘De skaden komme, Hoitema; hja komme.’
Hoitema tinkt: no wurdt it myn tiid. Hy ferdwynt yn de herberge ‘De Fortuin’, dêr't er oars nea komt.