kaptaaltsje geane mei har sinten meast nei notaris ta; dy hat der altiten wol in aardich belizzinkje foar. Hja krije de rinte op tiid en as hja it jild sels brûke moatte, makket notaris ek nea kapsje. Dat is al jierren sa gien en nimmen is ea in sint oan him tekoart kaam. Notaris mei wat in eigenaardich man wêze, yn jildsaken is er betroud en net oars.
En hja meitsje grapkes, de Abbingawâldsters, oer har notabelen, dy't it net foarmekoar hâlde kinne. Somliken wolle ha, dat notaris moarns yn syn tún omrint en dan lietsjes sjongt fan it soarte: ‘Van je heia hola, houd er de moed maar in,’ mar nimmen, dy't it sels heard hat. Oaren noaskje sokke praatsjes net; dokter giet út en troch nei de man ta, sizze hja; hoe't it ek mei him is, it jout gjin pas der oer te túlkjen.
Om dy tiid hinne giet in hierder fan ien fan de tsjerkepleatskes fallyt. It is noch in nij pleatske, set op in jiermannich lyn oanmakke grûn. De man wie krigel genôch, mar twa droege simmers op de jonge en skrale sângrûn hinne him te mânsk wurden. No sil er wol wer boere-arbeider wurde, dat er foarhinne ek wie, mei allinne wat sinten en in yllúzje minder.
Notaris is boarch foar de hiersinten, dy't bûten it fallyt omgeane; dat is wol goed regele. Wibren Berga, rintenierjend timmerbaas en tsjerkfâd-ponghâlder, komt op it kantoar, om der oer te praten.
Mar de kandidaat makket him der gau ôf.
‘Kom der letter mar ris om, Berga, as notaris wer op 'e lappen is. Ik wit hjir neat fan.’
As Wibren Berga bûtendoar komt, moat er al even knypeagje tsjin de hjerstsinne, dy't ûnder in grouwe wolk wei skynt. Sokken behanneling is men hjir oars net wend. In lompe keardel, dy kandidaat tinkt him. It is net te hoopjen, dat dat de opfolger wurdt fan notaris, as dy ris ophâldt.
Dan set er op hûs yn, dêr't de kofje brún wêze sil.