begjint er trochstrings te berjochtsjen mei de fraach oan de ‘verbalisant’, oft dy it sa slim achtet, dat de lju wat langer arbeidzje. As it om fergripen tsjin de jachtwet giet, ferstiet er lykwols gjin grappen. Dan is alles bloedige earnst by him.
Laerman baron Tinnegieter hat sels fan jong ôf in ferwoeden jager west, mar syn grou lichem en syn swiere skonken sitte him de lêste jierren frijwat yn 'e wei. Hy giet der no allinne noch mar op út mei withoefolle driuwers, dy't it wyld syn kant útjeie. Hy stiet dan tsjin in beam oan en sjit, wat er reitsje kin. Fansels, hy leit op dy manear noch wol wat del, mar de rjochte aardichheid is der dochs ôf. Foarhinne swalke er dagen yn it frije fjild om mei syn hûn; dat wiene oare dagen. Dan fielde er him hjerstmis sa'n heal natuerminske. Yn dy tiden moast er besykje, snoader te wêzen as it wyld. No fielt er him sa altemets in moardner allyk, wannear't er tsjin de beam oanstiet en de iene knyn nei de oare sjit.
Nee, Laerman baron Tinnegieter hat it goed fan iten en drinken, mar oars is net alles goud wat der blinkt. Faaks, dat syn ôfsakjen as jager him noch lulker makket op 'e streupers as foarhinne. Hja binne bretaal tsjintwurdich, dy streupers; de gemeentepolysjes moasten wat better op 'e jacht tasjen. Mar boargemaster Suringa seit, dat dy wol wat oars te dwaan hawwe en it moat sein wurde, dat by dy fjildwachters it respekt der ek wat út giet. Tsjin syn heit spile al dat polysjefolk tuike tuike moai waar, mar om him jout it in bedroefd bytsje.
As it heal kin, moatte der moarn gjin frijspraken falle. Mar as dat streupersfolk yn berop giet? Hegerop, by de rjochtbank, hawwe se wolris deskundiger west yn jachtwetsaken as tsjintwurdich, achtet Laerman baron Tinnegieter; boppedat wurdt dat soarte saken dêr neffens him fierste folle útpluze. Men wit hjirsa dochs better wa't streupers binne as dêrjinsen?
Soms tinkt Laerman baron Tinnegieter, dat it net goed giet mei de wrâld. ‘Hja komme net frij, hja komme net frij,’ preuvelt er. Dan docht er midden yn it doarp in lyts boadskip tsjin in beam oan.