wei, dat de Abbingawâldsters ferskate fan de dames kenne mei namme en tanamme; en ek de libbensrin fan mannichien witte se mar al te goed.
De direktrise hat in moaie Frânske fan: Valéry de Charleville. Hja neame har lykwols de hillige Veronica. Hja is it, dy't it kontakt ûnderhâldt tusken it doarp en de fundaasje. Hja akkoartet mei slachters, bakkers, krudeniers, mei timmerlju en fervers, mei skoarstienreagers en glêzewaskers. It is in steile, steatlike dame, mei in ferline, dêr't blykber neat op te sizzen is, want oars hiene de Abbingawâldsters it wol witten. Hja hat altiten bloeskes oan, dy't oan it kin ta ticht sitte en de kleur fan har troanje is dy fan papier, dat de slachters brûke. Hja kin tige prate, mar humor ferstiet hja net. Foar de fundaasje is it in bêstenien. Hja soarget, dat it jild fan frelle Adelheid silger goed bestege wurdt.
Lêsten frege Dillema, de skearbaas, der yn de krante in frommeske by foar syn frouljusklanten. Doe't de hillige Veronica hearde, dat dat wie om't de oare te folle op 'e fundaasje siet, hat hja daliks in soarte knip- en ondulaasjeskema makke foar de dames fan bettere stân. Dat wie fan dy gefolgen, dat it kapsterke fan Dillema it wurk op 'e fundaasje yn de helte fan de tiid fan foarhinne ôfkoe en Dillema der nea in twaddenien bynaam hat.
It jild fan de fundaasje wurdt opbrocht fan in stikmannich grouwe klaaiboeren en in kliberke minder grouwe sânboeren; fierder heart by de fundaasje wat bosk en wat heide, dat meast efter it âlde, tryste gebou leit. It bewâld hat de jierrige Laerman baron Tinnegieter, kantonrjochter te Abbingawâld.