De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdBekenne vij ús ta de BwarreNo bûûgt Tilly him djip yn ut stof en freget syn Hear Boldgrim óm stype. Va oas os Boldgrim soe him helpe kinne óm de lêste bledsyden te skrjowen? Yn syn Namme is ut bûk begón, yn Synes sil ut ek fólainege vurre. Sa keart olles veróm ta ut oanbegjin. Ut vudden is dut bûk baud, ta vudden sil ut keare, en dur sil neat mear vêze os vudden. Un goed meljoen karakters, fiif floppydisken fól, mear net, oas net. Letters, vudden, sinnen, alyneäs, haadstikken, bûkken. Yn ut oanbegjin vie ut vud, en yn 'e ain sil ollinnech ut vud vêze. Olles fergjit en ienrus sille ek olle oantinkens fergetten vêze, os de lêste oerlibjende de geast jaut en ut vud verómkeart ta Boldgrim. Vot is ut libben? Geróp en geróft, dreamen en drôgbylden, sjammen en fûgelskrikken, lústerjende en kêkeljende stimmen, skymen en frjemde fetsoenen. Un gedyn dot ferveegt, un lonteane dyt ûnder de brêge sweeft, un doar dyt iepenvaait, un kraan dyt dript. Eangst en benearing. Vij krûppe yn kosten en ûnder bêden, vij flechtsje bij mem óp 'e skutte en sykje haite hôn. Mar dur kómt un tiid dot dur gjin haiten en memmen mear binne óm ús te bevarjen fwar de demoanen út 'e ónvrôd. Don binne vij ‘greot’ - en helpeleazer os vij ea vest ha. Dur is gjin skyld mear tusken ús en de vonskikken en plêgbisten dyt ús narje. Ja moatsje en ôlje en jaaie ús bij nacht fon ut bêd en vij flechtsje de dyk óp en fyne taastend bij de mwórren lôns ut paad nai krûg en tsjerke - mar olle dwarren fyne vij ta. De spûken fon 'e jeld binne noch kweadadiger os dy fon ús jónge jirren. Se nestelje har yn ús brain en benearje ús mei sykten fon ut ferstôn, mai geastleke krupsjes. Jest de dea ferlost ús, yn 'e kiste fyne vij frede. Tilly hat olles ree lain vot ur noadeg havve kin. De póng mai knikkets, ut hauten hammerke, de bwóltsjeblazerspiip, de pepieren fûgel dyt olles vit. No stoppet ur de piip, safólle trjidden dwasoer, safólle yn ut ferlingde fon 'e stôle. Hij slagt de brôn duryn en blaast | |
[pagina 491]
| |
de reek dut út en dot út en hij preuvelt: Ut jarre, reek en tarre
kómme vij foar:
bitterhyd, yllúzjes, dea,
dwale en dwylje óm
en gónne ver teloar
yn jarre, reek en tarre.
Kóm no, Geast fon Boldgrim, vont olle dingen binne ree. Vij akselje net langer tsjin, vij jaue ús oer en litte ut óp dij stean. Yn dij sille olle dingen fólainege vurre en har fóltôging fyne. Nim ús óp en nim ús mai. Bij Ter Sted sille vij begjinne, en hele Fervet sille vij mainimme, mai ol syn strjitten en paden, útbwórrens, staten, wanlegers en gerjóchtegheden. Vij sille de minsken fon ut bêd skwórre en bij de ytenstafel vairêgje. Kóm mai, kóm mai, vont ut is feest! Gjin libbene noch deade siel sil óntbrekke maie. Kóm mai, hekje oan, slút de rige! Minmachteg ynjesten, mar staregoan vaaksend ta geveldege klóften. Kóm mai! Ynjesten minmachteg, mar Boldgrim is bij ús. Sjug, syn helpers hat ur fwarútstjoerd. Fôlen ingels en ferskópte dúvels klapvjukje oer de bjemmen, nêkene viven gyselje óp biezems om 'e Ter Stedpleats. Hark, hark, de rócheljende stimmen fon misdiedegers dyt óp ut rêd brutsen varen, de gjolpen fon 'e libben ferbaanden! Hee, jimme dêr fon Keepmas pleats, voenen jim iveg dea bljowe? Kóm út jim grêven en slút jim oan! Op nai Fervet! Reade Kees stjit ol klear mai syn mem, ut gauden jeriisder hat se óp. Dy fon Elingastate, kóm mai. Bij de Elingafeat lôns nai Herjuwsmastate. Mar vot bin dot dêr ollegjer fwar húzzen en bauvurken? Dy jerre jir net. Skwór óm en brek del en kroadzje ut pún bij de Vesterterp óp. Kóm no ûnder de sjedden vai, jimme deaden dyt ol ywen dea binne. Sammelje jim bónken bijenwar en ston óp jim fwótten! Bin jim oltyt tróch ut libben drugen? No sille jim rinne, jimme Herjuwsmas en Burmonjes, rinne sille jim! Haaie mai dyn swipe, gyselje se de terp ô nai ut Blausterkèt. En no maienwar de Kleasterdyk út. Dy dêr bij de Flappe, sille ut hast heve of matte vij jim helje? Maal net óm dy kij, mon, nim se don mai! En ut ôdhynder? Ek ut ôdhynder. Ut ôdhynder sil mai de jóngfaam ferkeare en tegjerre sille se strie frette. Kóm mai, vont fwar Boldgrim is olle libbene skepsel lykefólle. Yn ut Ryk fon Boldgrim lait de pastoar yn 'e bargefinne en de bólle pattet de hosty óm. Kóm jirsanne, blinder. Sjug, sjug, de vettergeasten út 'e Burmonjefeat lûkke har oan 'e raiden óp en sljurkje ús achternai. En no de stap duryn, oer | |
[pagina 492]
| |
de Kleasterdyk, achter de dúvels en de ingels en de gaile viven óp 'e biezems oan. Op 'e Od Piip oan, en dur bijdel. Kóm mai. Nai de Kwaaien gónne vij. Vês net benaud, Tilly vit ut paad. De Kwaaien, och hea, dêr hat ur safaak ferkeard, mai Kedees fólk, mai Eabele Wiersmas fólk. Kóm mai, vij kinne de Bóllehólle en de Kjellestut net oerslaan. Ek ol is ut fólk dêr minmachteg, elk skepsel telt, en ollegjerre stonne vij skreon yn ut bûk fon Boldgrim. Jimme dêre, stap yn 'e skau en kóm nai ús ta. Nee, vij gónne net fjidder. Yn 'e Flieterpen ha vij neat te ferstryken. Kóm óp, stek de Odfeat oer en slút jim oan. En no maienwar nai ut Kleaster, dwas tróch mieden en sljetten, ol mar rjóchtút. Dêr is de Traan dyt fon 'e Ferveterfeat nai de Od Piip rint, en dêr is de fêste betónnen brêge neamd ut Set. De lju út 'e dûbbele vent oan 'e feat stonne ol ree, de skeamele klean oer har bónkerakken. Hûlang ha jim dea vest, jim deadelingen? Helje dy fon 'e Mûnne even óp, dy sûllen ha ver neat yn 'e rekken, ferjamme. Oer ut kowepaadsje en de batten, en fersichteg, ut is jir ollegjer strónt, kowestrónt en bennestrónt. Ho no, minsken, bisten en geasten. Ho! Ho! Steanbljowe ollegjerre! Stel jim óp yn slagwadder. Vij sille ut Kleaster bestwarremje en de nónnen en de mwóntsen út har sellen ropje. Flappeboer, gón do lófts stean mai dyn kij. Raidmontsjes, jidmontsjes en vettergeasten, rjóks jimme. Libbene sielen yn 'e midden. Bónkerakken achteroan. Dúvels, ingels en gaile viven, gyselje oer ut Kleaster en maitsje grut misbaar. Raas de rútten stikken en ôlje de dwarren fon 'e stwólhekken, dot vij frij en ónbehindere ut Kleaster yntsjen maie en ut ynnimme fwar ús Hear en Hoeder Boldgrim. Op! Op! Tsjug óp. Vês net vankelmoedeg vont Boldgrim is bij ús en neat kin ús deare. De God fon ut kristendóm sil de vyk spylje en mai de stut tusken de poaten un hinnekómmen sykje yn 'e slykfjilden achter de tredde seedyk. Op, bij de terp óp! Fon olle konten, brui tróch de dwarren, brek de sellen óp en helje de fette mwóntsen en fódzege nónnen út har skûlhennen. Ropje har de klean fon 'e hûûd dot vij har fólfretten pônsen sjen maie. Skrinkelmonnen nai foaren! Sykje jimme un graue nón en pearje mai har en besykje ver gloede yn jim twarre bónken te krijen. Brek de krúsbylden del, skwór óm, ferniel, dot neat ús Hear Boldgrim oanstjit jaan mai. Bwarren, vêr binne jimme? Ut is jimme bar. Skyt óp ut olter en miig yn ut vijvetter. Ha-ha, ut easte bwarristyske kleaster is ynvijd! Kóm óp no, jimme mwóntsen en nónnen, yn goedens of yn kweadens, krekt sat jim vólle. Stel jim óp yn 'e rige, óp nai Hoeckemastate, ut kowepaadsje del nai de Singel. Mar ho, ho, vacht even! Soenen vij Kedee en Ju-ju ferjitte! Kóm | |
[pagina 493]
| |
óp, freonen, ferskûlje jim net. Un eareplak fwar jimme, foaroan yn 'e staasje. Fôlen, hokkelingen, lammen en biggen, hynders, kij, skiep en bargen, ol jimme lyts- en grutfee, nim ut mai. Os vij roppeg vurre sille vij slachtsje en yte. Bij de terp del no ver, en tróch ut Leechje. Sjugge jimme de gloede bóppe Fervet? Dêr vachtet Boldgrim óp ús. Jirsa, oer de fwarekers en de kontekers, oer ut hauten stap nai de Singel. Stjit Durk Ottes Buursma mai viif, bên en fólk klear? Oanslútte don. Jimme Herjuwsmas en Burmonjes, vólrus un boer fon tichtebij sjoen? Sjug don no út jim doppen! En de stap dur ver yn. Skwór de genieren fon 'e Lambuet ta har klinten út en twing se yn 'e rige. Dur is gjin tiid óm ut jild yn ut kammenet te slútten. Lit leze en vês ree, jimme vrótters en vramers en neat bedijers, jim gaud en silver sil ta stof en pulver vurre, vont de oere fon Boldgrim is kómmen. Oer ut Tsjuster Singeltsje nai de Koaistraloane. Va is bang óp ut Tsjuster Singeltsje? Nimmen is bang óp ut Tsjuster Singeltsje, vont tsjoenders, heksen, bêndieven, de fôle mai de brijpwat, de bólle mai de fjurrege êgen, ut binne ollegjer ús freonen. Sjug, sjug, de nónnen fon Fosvet havve de biezems fon 'e heksen liend en se ride dur os vylden óp óm en gaie ut út fon ville. Se knipe de stôle tusken de fette billen en slydskje hinne en ver vylst se oer de Od Sône gyselje. Ho even, bljo stean, vont Tilly vól un kykje maitsje. Un mon fon lyts fyfteg ier is oan ut rjappeldóllen. Twa jónges fon tretjin en achtjen sykje de rjappels yn un fjauerkont bakje mai un gazen boom. Os ut fól is, vurt ut yn 'e sek lege. Mai twa bakjes is de sek fól, en don lait de mon de sek óp ut skauder en sjaut him nai de heap. Fwar elk kwórfól lait ur un graue rjappel del óp un rychje, dot binne de telders. Dy mon hat dêr un permjit tsjerkelôn, en dot beret ur mai help fon syn jónges. Ut is goede grûn, sait ur, sônlôn. Mar jim ha gelyk, vij kinne net olle klapsketen steanbljowe óm de oantinkens fon un lytse jónge. Javis, javis, hij hat dêr ek byttape mai ut boppestik fon un ôd sêge yn oktober os ut mwaans iisderkôd vie. Dot hûkje lôn jûûg un ekstra ynstruiing yn 'e arbaidershúshôring. Dot is ollegjer vól vier, mar ut hat vest en is fwarbij. Kóm óp no, nai Bamasate en dêrvai ut fwótpaad del nai Onghasate. Net tsjinabbeljerje, maikómme! Oer de batte en de konteker del kómme vij óp Albadastate. Soenen dy túsbljowe? Nóit un kear ek net. Se stonne ol ree tusken de homaaiepjellen, klaaid yn har bêste liifdracht. No ha vij olle boeren út 'e Kleasterbwórren bijenwar. Sjug marrus goed, hearen mwóntsen, dyen ha jim de skotten tatôge dyt jimme yn Fosvet ópsteapele hienen. Stel jim ver óp yn wadderleke rigen, boeren mai jim fee en ark, | |
[pagina 494]
| |
genieren, arbaiders, sjammen en spûken, raidmontsjes en jidmontsjes, skrinkelmonnen en bónkerakken, mwóntsen en nónnen, hearen fon Herjuwsma en Burmonje. Dúvels en ingels en vylde viven fwaróp. Vólle de nónnen no de biezems verómjaan? De Bóngeloane del nai de Od Mûnne. Sjug, sjug, ut ljochtet oer Fervet, dur vynderje skynsels ta de gollemgotten fon 'e toer út, en dur vaait un maislepend liet oer ut de bwórren. Noch net, noch net nai ut dwarp, vij matte olle útbwórrens en wanlegers noch beraizgje en ut fólk fon fier en hain óphelje. Lju fon 'e Od Mûnne, avvensjerje. Slút jim achter ús oan. Lit gjin bên benefter, vont de vrek fon Boldgrim sil skriklik vêze. De Baintemerdyk út en de terp fwarbij nai Harstastate en Utsjug. Kóm óp, hearen en húslju. No gónne vij de mieden yn óm de lju fon 'e Hauen en de Heskampen en Jesterbaintem óp te heljen. Dêr kómme se ollegjerre ol, de needrege vrótters fon 'e Hauen en de grutske boeren fon Jesterbaintem. Dêr kómme de helten fon 'e Heskampen dyt de kul óp 'e kroade fwar har út kroadzje. Frôljes- skrikken vurre se neamd, mar se binne sa goed os bôle. Skrep sette monnen, en un oanrin nimme, vont de terp is heeg! Maitsje rûmte fwar de helten fon 'e Heskampen! Dêr drave se de terp ol óp mai de kul denderjend op 'e rotteljende kroaden, sais mon sterk. Jachtsje oer ut tsjerkhôf en bepisje tsjerke en toer. Miig de fûgen út 'e mwórren, monnen, dot de hele boel fon bóppen delkómt. Raam de klokken del, traapje de raubwódden fyn, stek de brôn yn 'e koarbanken. En no jimme Baintemers, kóm no fon jim heeg stee ô en slút jim bij ús oan. Lit jimme deaden ús dea fólgje. Kóm mai, vij gónne de Fûgelsang óm. Vot un machtege rige vurt ut, os de fwasten ol jelvy Boatebwórren binne, stappe de eftersten bij de terp del. Kóm mai, kóm mai. Hearen en boeren fon Skeltema en Ode Stins, bevenners fon Boatebwórren, skik yn 'e rigen. En no veróm óp Fervet oan, vont Blijer bellefleuren nimme vij net mai. Boeren, arbaiders en genieren út 'e Ryp, maitsje jim klear óm jim plak yn te nimmen. Ollegjerre dyt vainje op 'e saten fon Elsma, Roula, Mokkema, fon Kahoal, Greot Smynya en Lyts Smynya, Faitsma en Meekma, slút jim oan. Jimme graue, útvjekke brinnen mai jim ópprónke bentsjes, set de stap dur yn. Strûp dy braidene brûkken en bwastrokken út, oas sille jim ut bestjerre fwart vij de Vym helle ha. Dóg lykos de nónnen dyt nêken rinne. Kóm óp, ut Olbetsreedsje óp en don ut tsjerkepaad del nai de Vym. Dêrt de Rypsterfeat yn 'e Ferveterfeat streamt, dêr lait de Vym. Kóm, boer en fólk, brui ut ark durhinne en fólgje ús. Sjug hût 'e lóft fól vurt fon demoanen en plêggeasten, ingels, dúvels, heksen. Os flearmwózzen klapvjukje se | |
[pagina 495]
| |
oer en óm ús. Vjervólven en lykefretters slûppe de sljetsvôlen tróch, manke Griet riid óp 'e fôle sónder kop, Ontsje mai ut tsjel rôlet tróch ut noatfjild. Un hele sleep fon fjauerdeelde, óntholze, fersopen, ferhóngen en libben begrûven misdiedegers róchelt en jammert efter ús oan. Haf gjin noed, vont Boldgrim is bij ús! En no sille vij de hearen fon Cammingha fon ut stee rêgje. Kóm mai, ollegjerre. Vot sil dêr de brêge óplutsen vurre! Brui del dy boel, jaai ut fee tróch de túnnen. Hee, jimme boeren óp hynders, spring oer de greften en helje de hearen en dames út har salóns. Sille se útnaaie de koarloane lôns en har yn 'e tsjerke ferskûlje? Op nai de Bwótterhûk, monnen! Snij har ut paad ô. Pak se bij de klodden, dy skytsekken. Set de hearen bij dy fon Herjuwsma en Burmonje, set de dames fwar spot óp 'e kroaden fon 'e Heskampers. Binne se te varem klaaid? Ai no, help dy stakkets út 'e rokken! Nee, net de Bók óp, vij havve noch net olle fólk bijenwar swyle. Javis, ut gûûnzet en sûzet yn 'e montel óm ut hôf, de grêfstjinnen skódzje en trilje. Mar, noch net! East ut Seedyksterfólk. Kóm mai, slút de rigen, de stap duryn, de Raindersloane del. Bij ut Reade Húske oan 'e Ode Seedyk kinne vij net hohôre. Nai de Gosthúspleats oan 'e Seedyk. Kóm jim De Boeren, Tilmas en Anemas, de oere is kómmen. Kóm mai, vij rinne oer de krún fon 'e seedyk en vij róppe ut fólk út 'e dykshúskes. Kóm jir, of vij fersûppe jim yn 'e dóbben. Sjug dêr, yn 'e fjitte, ut Nwadderleeg, mar safier gónne vij net. Vij swaaie de Lytse Loane óp en hôre stil. Jirre, lófts, Sytsmas fjauer, un vreed stik grûn. Kóm oerain dyt dêr lait te rotsjen! En sjug, de klútten fervege, un hôn kómt bóppe de grûn, un earem, un hólle. Heel stareg makket de skrinkelmon mai noch vot fódden en fellen óm 'e bónken him los ut 'e drege klaai. Syn doffe êgen stwarje en sjugge neat. Hij stwattelt un monnech stappen fwarút. Kóm jir, Harrem Bosma, do skurve hûn, skik dij yn 'e rige! De skrinkelmon veeft hinne en ver, mar kómt net fon 't stee. Help him even, monnen, helje him oer de sleat. Mar fersichteg mai him! Hij is un tsjinner fon Boldgrim, fergryp jim net oan 'e hillege. Kin ur net rinne? Set him don óp un ko dot ur ride kin. Fjidder no, nai de Mûndersloane. Ha, dot spultsje óp 'e hûkke, dêr vennet Pjirkje. Sjug, se stjit ol óp ut hiem tróch de montel te loeren, sa nijskjirreg os un hin mai un glêzen kónt. Kóm óp, Pjirkje, avvenseare! En no de bwórlju, Têke Bosma en Eelkje Westra. Vêr is dy frekte fûle genier? Spaant ur yn ut hok óm? Belapet ur un ôd rjappelbak of makket ur de sprûibus ver góngber? Kóm jir, ôde, sees ut rottekleaster mar farvól. Do hast de put dur út, ut is dien. Vêr is dyn viif? | |
[pagina 496]
| |
Och, vot is 't un hean ôdvyfke vurren. Vêr binne dy graue jerrems en billen bedarre? No, kóm mai, nai ut Hauten Hemeltsje, nai Heabel en har grutjónges. O, dy litte har net twarus noadzje! Se stonne ol yn fólle breedte óp 'e Mûndersloane. Dur soe har ek vot óntkómme kinne! Kóm minsken, jau rûmte en slút jim oan. Dy fon 'e Mûnne noch, don ha vij de hele ómkryten bijenwar, en don óp nai de bwórren. Va stonne dêr bij Elingastate óp ús te vachtsjen, votfwar klóftke mônlje is dot? De bwargemaster mai de ried? Nee, ut binne stokôden, vól hûndet ier binne se, mai twarre, útdrûgge koppen. Mar dot kin net misse, dot is Eeltsje Boates Folkertsma, en dot is don?... javis, Jon Tjittes Piebenga! En fonsels, Daue Kalma, Doede Haaies de Vries! En... just ja, Jon Melles van der Goot. En dut is Daue Hermans Kiestra, súver neat feroare, en don mat de lêste Rintsje Pyter Sybesma vêze. Monnen, vot un ferrossing! Dot jimme ús de eare oandógge! Harkje, geasten, minsken en bónkerakken! Boldgrim hat syn olderheegste profeten stjoerd óm ús yntocht yn Fervet mai syn hearlekhyd te oerstrieljen. Kóm no, toan jim de eare veadeg, hôr en draag jimme os Bwarristen. Fólk fon 'e bwórrens en wanlegers, dyen fon Ter Sted en ut Kleaster, fon Baintem en Jesterbainten, fon Boatebworren en de Ryp, en jimme fon 'e Seedyk en ut Klaailôn, lit ús Fervet ynnimme yn 'e namme fon Boldgrim. Bevenners fon 'e Skelkjebwórren, sjug mar net sa benaud: vij binne gjin soasjalisten dyt jimme mônlje lóbje en jimme frôlje ûnder de vyte skelkjes taaste. Vij bringe frede - olteast, sókssavot. Lju fon 'e Lytse Bwórren, kóm út jim húzzen en hennen, stel jim yn rigen óp en fólgje ús. Vij róppe de lju fon 'e Baintemerdyk fon ut gemeentehûûs ô oan ut stasjón ta: slút jimme oan! Lit ús no ut dwarp yngean en dy fon 'e Stasjónsstrjitte óphelje. En don bij Têke-Fokje-hokje veróm tróch de Looxmastrjitte en oer ut Ljimmenpaad nai ut Gosthús. Vot is dot dêr fwar hokkeboel óp 'e Gosthússaize? Skwór óm en brek del, ropje de fûnneminten út 'e grûn dot vij neat os iede sjen maie. Lit ut lytsfee dêr vaidzje, boeren fon ut Kleaster. Mai ut pún baue vij ut stasjón ver óp en litte ut Skytfebryk yn syn ôde gloarje óp 'e nij ferrize. Bij ut Gosthús gónne vij de hûkke óm en róppe dyen fon 'e Kolbank. Don rinne vij bij de Haven lôns oer de Hegewôl en dêrnai helje vij dyen fon 'e Legevôl. En no de Nijbwórren - ferjit net Syberyn te vaskôgjen: hij vennet oan ut Papmasteechje - en don de Streek óp en ver veróm. Maitsje de rigen smeller, oas kinne vij enwar net fwarbij. Vot is dot dêr óp 'e Gare, va hat dy skoandere grûn bedoan mai strjitten en húzzen? Fwót durmai! En lit | |
[pagina 497]
| |
de feat ver feat vêze. No sette vij de Blijerdyk út oan 'e Koailoane ta en veróm. Sjug, dur kómme noch oltyt gwódden fon 'e Nijbwórren ô nai de Streek ta. Vij róppe dyen fon 'e Achterdyk en de Bwótterhûkke. En no sette vij bij de Bók óp. Ja ut gjit dur hail óm sail oan vai yn 'e montel en de grêfstjinnen vippe en weve, mar noch net! Lit jim net tróch ut sjóngen en núnderjen ferlokje. Jau jim net oer oan 'e berûzing. Noch net. Noch binne se net ollegjer róppen. Tróch de Vide Stege gónne vai dwas oer de Hegebwórren nai Achter Brauers, en dêrvai nai de Burmonjestrjitte en don bij ainslútten de Hegebwórren en ut Frijhôf. Lit olle fólk no bijienkómme óp ut Frijhôf, óp 'e Hegebwórren, de Bók en ut tsjerkhôf. En no jimme deaden, jimme oere is kómmen, brek út jim kisten en ûnder jimme sarken vai. Ston óp jim strampels os jim dy noch havve en os jimme ta stof en maude fergien binne, vynderje don óp ús ta en slút jimme oan bij de vettergeasten. Ek jimme, dyt ywenlang ûnder de tsjerkeflier bedóbbe vest havve, kóm harren. Jimme ollegjerre, Ferveters fon no en fon jedder, libbenen en deaden, hearen, boeren en arbaiders, jimme ollegjerre, oanskôgje noch ienrus Fervet yn syn pracht en priel sat ut ienrus vie, fwardot skainende honnen syn húzzen delbrieken, syn fjetten dimpten, syn paden ferrinnevjerren. Oanskôgje noch ienrus Fervet sat ut vie, mai syn hûkjes en blokjes en steechjes, syn túnnen en hôven, Fervet yn syn fólle gloarje, fwardot un skaai ópkaam dot ut dwarp fon binnen útholle en fon bwótten mai nijmwadrege merakels opgniste. Vot vûks yn ywen vaar yn ien generaasje bedoan. Fervet, ut bestjit noch óp ôde katen, mar ut sil ek bestean yn jimme ónthôd. Oanskôgje en nim yn jim óp ol syn strjitten en stegen, syn ómgóngen en vegen, syn binnenpaden en loanen. Slút ut yn jimme memoarje óp dot ut bevarre bljoot yn iveghyd. En lit ús no Fervet út syn lijen helpe, fwart de skainende honnen noch mear ferrinnevjerje, noch mear plakken dêrt bên bwatte en memmen skriemd havve besmódskje. Kóm, lit ús de toer en tsjerke ómhelje en dêrnai ut Frijhôf kealslaan. Lit ús de Bók en de Bwótter- hûkke, de Hegebwórren en de Achterdyk delbrekke. En sa ol nónkenlytsen ut hele dwarp. Baan del vot bane vól, helje de mwórren óm, dól de fûnneminten út, brek strjitten óp, kljerje de grûn fon kabels en buizen en putten. Klopje fyn ta maude en stof, fermjel en fergriem ta plús en grús, dot de vyn ut fervaait en de rain ut ferraint en neat bljoot yn ut lônskip os twa keale, plotte terpen dêrt de see fonnijs syn geulen ómhinne slypet. | |
[pagina 498]
| |
En lit ús gean nai ut hûûs fon Boldgrim, de Olmachtege, dyt ús genedeg ópnimme sil. Lit ús gean en net mear ómsjen, en lit ús net achtjaan óp de vjerlûden dyt oer ut gea klinke fon de rotteljende parrekarre, de skille fon Vlaskamp, ut krytende frómmes dot tramtjerre vurt eane Achter Brauers en de húnnende stim dyt sait: ‘Tinke jo even óm 't sketsje, Van der Wal?’ Lit ús gean en net ómsjen. Lit ús dusse terpen oerjaan oan un nij geslacht dot dêr baue en vainje en mooglek lókkeg vêze sil. Lit ús har net lesteg fôle mai ús oantinkens, gun har har aigen. Lit ús fwótgean en net verómkeare en yn ús het bevarje vot ienrus vie. |
|