De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdDe soan fon Saepke-seepsopUt lai mij vinlek ollang óp 'e lea dot ut mai dusse romon óp ut lêste momint noch misbeteare soe. Ik soe un autoóngemak krije en dearaitsje bijgelyks, of minder dramatysk, dur soe brôn útbrekke en olle floppys soenen ferlen gean. Of ik soe ynienen net mear skrjowe kinne. Dotlêste vie ut meast vjirskynleke en dot vie don ek myn grutste swarg: soe de ynspyraasjebwanne net lyke hookstrooks ver ópdrûgje os ur begón vie te streamen? Mar dût de romon stareg mar vis ainege, vaar ik oermoedeg en tocht: ut kómt klear! En dû, óp ut stuit dot ik dur net mear óp fertocht vie, dû kaam de kink yn 'e kabel. De romon is ô, mar hij sil nea útjûn vurre. Op ut fersyk fon myn útjauer óm un provinsjaal supsydzje fwar ut útjaan fon myn bûk is un ôvizende beskikking kómmen, óm no daleks mar yn jargón te praten. Sjoen de ôspraken yndertiid makke mai de útjauers, referjerjend oan 'e olgemene rjóchtlynen dyt bij ut ferlienen fon supsydzje yn acht nómmen vurre, verómgrypend óp ut stônpunt fon ut Provinsjaal Bestjoer yn dussen, yn oervaging nimmend de praktyske brûkberhyd fon lyterêre vurken yn ut fwótset ûnderviis, ûnder fervizing nai de nota ‘Reglemint supsydyerring Frieske lyteratuer’ mwóide ut him ta un ôvizende beskikking oer de oanfraag kómme te matten, ferbljowend mai gefoelens fon heegachting drs. E. Bosma. Drs. E. Bosma, never heard of. Ik miende oas dot se oan ut | |
[pagina 483]
| |
besúnnegjen vienen, mar se lykje un nije mon oanlutsen te havven óp ut Provinsjehûûs, sai myn útjauer. Kinsto him? Hij jûûg mij un kopy fon ut brief. Nee, ik koe him net. Of har? De kin dêr nammes gjin mins óp ut Provinsjehûûs, ollinnech Gosta, mar va kin dy net? Dur kin gjin baarg slachte vurre of Gosta is dur bij. Maist dur óm mij sels vól achteroan, sai ur, meskjin kinst dur noch vot oan dwaan. Dot ik frege un ûnderhôd oan mai Bosma. De juffer dyt ik oan 'e tillefoan kryge, voe vitte hókker Bosma ik bedoelde, krekt os hienen se se dêr bij bóskjes. Dy fon 'e lyteratuer, sai ik, fon 'e lyterêre supsydzjes. Dot is Efraïm, sai se, ik ferbyn jo tróch. Dû kryge ik de mon sels en hij lies mij syn ôspraken fwar oant vij tegjerre un gotsje fûnnen. Echt vier, ik hie ut gefoel os hóng ik bij him oer ut skauder yn syn aginda te sjen. Hij sai fon: ‘Moanemidzje sit ik hielendol fól, sjógge jo vól? Vênsdy skikt mij ek net sa bót, om ketier oer ienen vurkbesprekking mai de dippetjerre, sat jo sjógge.’ Ik sêg niks fonsels, mar ik kryge sa njónkenlytsen ut ydee dot ik ut vól sêg. Ut slûkke, vot útsakke hier óp 'e kraag fon ut brúnne stúdzjekoaden joske, dúst óp ut skauder en dêroerhinne de hôn mai de stómpe fingers dêrt ur de aginda yn hôde. Ut bûkje stie vier fól oantekeningen dyt ik lykvóls net óntsyferje koe. Vot skrjode dy mon óngelókkeg! Mar ik ljode him vól os ur sai: ‘Toansdytemidzje bin ik dus ôvêzeg, en de mwaans skikt mij ek min.’ ‘Freed don,’ sai ik, ‘óp freed ha jo noch neat stean.’ ‘Freeds is 't oltyt un gekkeboel,’ sai ur, ‘dot hûg ik net óp te skrjowen. Mar freed maie jo kómme, os jo vólle. Vêr voenen jo ut vinlek oer havve?’ ‘Oer de supsydzjeoanfraag fwar myn bûk dyt jo ôviisd ha.’ ‘Ik viis neat ô,’ sai ur, ‘ik fier regleminten út, en os de regleminten mij vot ferbiede, don kin ik dêr neat oan feroarje.’ De freeds jelve twaen stie ik yn ut Provinsjehûûs en melde mij oan. Ot ik ut fyne koe. Nee fonsels, ik kóm dêr nóit. Don soe ur vól un gids fwar mij ópskarrelje. Ik achter dy mon oan, trep óp, un góng oer, rjóks en lófts vit ik ut ollegjer en dû gie de doar óp en stie ik fwar drs. E. Bosma, provinsjaal supsydzjeôviisder. En ferdómd, ik sêg ut fwótendaleks, deselde hassens, un rosechte Módderklauer. Syn taalgebrûk fon ‘midzje’ en ‘vênsdy’ hie mij óp 'e doele brocht, ik hie dur nammes ek helendol net óp sind. Mar ut vie him vól fwargoed, Efraïm - Efy fwarhinne -, de oervónne soan fon Saepke-seepsop. Bliksem noch ta, tocht ik, jir bret myn jerring net! Dy frekkeling hat myn typoskript fonsels lêzen. Hij óntkeart mij un supsydzje ómt ik syn mem te kak set haf. ‘Nim un sit,’ sai ur. Afûk-Friesk! Ik gyng sitten. Ik mwast him fwótendaleks yn 'e ferdigening trjowe, ik mwast | |
[pagina 484]
| |
him merke litte dot ik vist vêrómt ur de supsydzje net takenne voe, of olteast dot ik him fon ónaigentleke motyven fertocht. ‘Efraïm,’ sai ik, ‘dy namme kómt net fólle fwar. Jo binne doch net bijgefol de soan fon Saepke-see... silleger?’ ‘Javisse,’ sai ur, ‘mar eh... myn mem libbet noch, jer.’ Faut! tocht ik. Flapdról. Vij prate fon ‘ús’ mem en ‘ús’ hait. ‘Havve jo kunde oan myn mem?’ Dot soe ur net lêzen ha! ‘Ikke net,’ sai ik, ‘mar ús hait hat jim mem vól kinnen os jóngfaam. Jim mem siet yn ut ferset, no? Dêr hat ús hait vól oer ferteld. Us mem net, mar ús hait vól.’ ‘Ja,’ sai ur, ‘dot kómt út, myn mem siet bij de ûndergrûûnske.’ Fwar sanien sloofde mun jun no út. Hij spriek ‘mem’ nammes út mai un ‘e’ ynstee fon un ‘i’, sat vij yn Fervet vend binne. Voe fonsels net vitte vêrt ur vaikaam, ut aigenviis stik strónt. ‘Ja,’ sai ur, ‘dy supsydzjeoanfraag. Ik sil de pepieren dur even bij nimme.’ Ut vie net te ljowen sat dy kearel óp syn pake lyke. Ut 'e bek stapt! Even liet ik ut yn mij ómgean ot Têke dut bên sels oanset hie, of Harrem meskjin. Mar baide vie net vjirskynlek. Ut soe vól un fint út ut ferset vest ha, un trilderege jónge mai un stengun, of mear fwar de hôn lezend, un ôderling-knokplûglieder óp jirren dyt har faderlek-fermwanjend óp 'e rêg krygen nie. De kónstonte eangst en de deadsdriging soenen dy baide dur vól ta brocht ha óm de bwargerleke moraal fwar fiif menútten te ferjitten. Dy sedege Saepke oas! Mar ut mwast un ferdeold kleorleaze siedsjitter vest ha, dyt dut bên bij Saepke oansette, olles yn ut gesicht viisde de Bosmakônt út. Ut slûkke hier, de djiplezende êgen, de útstekkende noas. Vis, de skerpe tearen fon Têke óntbrieken, dur siet mear flais óm 'e kaken, ut gesicht vie vot mear kultyvjerre. Mar un Módderklauer óp en út. Ek yn praat en menearen vie ur vot mear syvylysjerre. Hij soe net yn 'e tront fon syn pake bólderje fon: Gofdómme, dot bûk fon dij en kryst ut yn 'e hassens, ydyoate ferhalen vêrt gjin kristensiel en oare minsken snútslaggen en teskonde, is dut bij heeg en bij leeg mun soe dur fon skyte en kwarje tagelyk. Sa soe ur ut net seze. Hij soe seze fon: Ek ol besykje ik paragraaf trije noch sa gunsteg mooglek te ynter- pretjerjen, ik kin fonsels net sloaie mai de regels, dot - de stómpe fingerkes tsjinenwaroan - ja, ut mwóit ut mij tige. Jo sille jo dur rus oer beriede matte ot jo doch net kieze sille fwar de Steatestavering. ‘Ja,’ sai ur, ‘dy supsydzjeoanfraag. Ik sil ut jo earlek seze, ik fyn dit oer olle bûgen un spyteg gefol. Ut mwóit mij net ollinne fwar jo, mar ek fwar de Fryske lêzers. Jo havve yn tiden net públysjerre, en de lêzers tidegje grif óp dit bûk fon jo, grif nai olle fwarpúblysytijt dyt dur vest hat. Mar....’ - hontsjes yn 'e lóft - ‘de vôl keart ut | |
[pagina 485]
| |
skip!’ - fingertoppen tsjinenwaroan - ‘Jo vitte ut sels vól: de stavering! En jo vitte ek vól hókker stônpunt dippetjerre steaten yn dissen ynnimme. Os de steaten net oan 'e steatestavering fêsthôde soenen, don ferlearen se doch ol har geljoveadeghyd, sis no sels.’ Ik ha nóit yn 'e steaten ljood, polytysy beskôgje ik os flapdróllen, mar vot jûûg ut óm dot te sezen. ‘Ik voe vól óm un leave sint dot jo vot minder óp jo stik stienen, vont jo ha josels tefyter en ut Fryske fólk ek. Sat ik yn myn brief oan jo útjauer ol skreon ha, ik kin óp grûn fon 'e regleminten gjin supsydzje taskikke fwar de útjefte fon jo bûk. Ek ol besykje ik artykel 3 noch sa fleksybel te ynterpretearjen, ik kin net tsjin 'e letter fon 'e vet yngean, en seker net tsjin 'e geast fon 'e vet. Ik fyn ut un mwóilek gefol, mar ik kin dur neat oan feroarje. De bol lait no ver bij jo, en’ - hôn óp ut het - ‘myn persoanleke ried, myn persoanlek fersyk mai ik vól sizze, oan jo is: staverje jo bûk óm.’ ‘Search and replace,’ sai ik. ‘Myn earem kómpjûterke kin vól gek vurre. Mar ik bin dur ek noch net oan ta. Os jo, os va ek mij durfon oertsjûûgje koe dot myn stavering min is, of minder os de steatestavering, don foel dur te praten. Mat jo rus heare, dy steatestavering is útfûn tróch sais persoanen dêrt mar ien fon ferstôn fon taalkunde hie, te vitten Pieter Breuker, dus ómrekkene sekstjen persint. Myn stavering is ut risseltaat fon ut brainstwarremjen fon trije persoanen dyt taalkundeg en benammen fonologysk skwalle vienen, te vitten Klaas Fokkema, Tony Feitsma en iksels sai de gek, dus dêr sit maienwar trijhûndet persint yntellekt achter. Vot jo fon mij freegje is óm de stómpsinneghyd te ferkiezen bóppe ut yntellekt. Jo hienen ut niis oer de geljoveadeghyd fon 'e steaten, mar vot tinkt jo fon myn posysje? Hû kin ik mijsels os akademykes noch rjócht yn 'e êgen sjen - oannómmen dot ik fwar de spegel ston - os ik oarmons dómmens útnimmender achtsje os myn aigen skerpsinneghyd?’ Ik begjin no mar even óp un nije alyneä, oas vurt ut san lang blok. Hij hie de hólle fwaroerbûûgd en óp ut buro stwarre ûnder myn útiensetting. No kaam ut kopke ver ómheeg en hij glimke san bytsje soerswiet, slûgslim-fynynlaindereg-griffemead, san glimke óm ien yn 'e pet te lûkken en bij de poat te nimmen! Ha, tocht ik, dêr kómt de griffemeade ôderling-knokplûglieder út 'e maue! Sa soe Têke Bosma net gnyskje, dêr vie ur net gemeen genôch fwar, dêr vie ur te dóm en te óndjip fwar. Ut sied hat net helendol kleorleas vest. Ut vie stóm dot ik yn haadstik 17 net méár oer Saepke har seksúele bwóttenspróngen ferteld hie, don hie ik no faaks vitten vaat de hait fon dusse Efraïm vie. ‘Mar dêr giet ut net óm,’ sai ur, ‘ik ljo, jo begrype ut net. Ot jo stavering goed of min is, is net oan 'e wadder. | |
[pagina 486]
| |
Persoanlek fyn ik dot jo stavering hele goede aspekten hat, mar nochrus: dêr gjit ut net óm. Ut gjit duróm dot jo stavering net de steatestavering is, vylst de steatestavering vól de steatestavering is, dêr gjit ut óm.’ ‘Javól,’ sai ik, ‘dot hie ik vól begrepen, dot lai nammes ek óp 'e boom fon myn vudden: ut yntellekt mat ut ôleze tsjin de oermacht fon ut ónferstôn. Dot is oerol en oltyten sa, en ik ha dêr ta un hichte frede mai, ik kin dur sóms sels óm gnize, teminsten os ut mij net rekket. Mar un bûk is un ding dot ik sels makke ha, en dêrt ik areghyd oan ha, en dot vól ik net bedjerre litte tróch un stel bóppedreone hûnnelwatten.’ ‘Ja,’ sai ur, ‘ja, ik vit net ot vij sa fjidder kómme, os jo dur sa ûnder steane. Om mij maie jo jo motyven vól óp pepier sette, jo motyven óm oan jo aigen stavering fêst te hôden bedoel ik, don vól ik ut vól ómheeg bringe en sjen vot ik fwar jo dwaan kin. Ik vól mij dêr persoanlek vól sterk fwar maitsje, mar earlek sain, ik ha dur un swiere mûtse oer óp.’ Ik bin no ol vyken te set oer un brief, mar ut vól net slagje. Hût ik un brief oan dy amtnerboel sa skrjowe mat dot ik súkses ha, dot vit ik net. Ik bin no ienrus net san dyplomatyk fyguer. Ik soe ut ljest sa begjinne: Achte grutte kloaten, Os jimme mij gjin supsydzje jaue, fôl don mar moai dea... Sa kin ut fonsels net, mar ut is vól sat ik duroer tink. Of, un oar begjin: Rju Bevittenskippe Hear Bosma, Dot jim mem sa noareg mai un griffemeade ôderling-knokplûglieder fon 'e sokken mwast vól ik neat fon seze, haf ik nammes ek neat mai te maitsjen, mar mat ik dêr de dúppe fon vurre?... Kin ek net fonsels, dot smyt dy goede mon daleks yn 'e fersnippermesyne. Mar ut is fonsels vól vier. As Saepke har hertstochten bitwongen hie, hie dur un oare amtner óp dy stoel fon Bosma sitten. Ik vit ek vol dot ik dot bij ainslutten oan mijsels te tankjen ha, mar un skrjower kin syn per- soanen no ienrus net ollegjerre tagelyk yn 'e rekken hôre, hij be- skrjoot ien of twa, en dy oaren matte har mar even rede, oant salangt de skrjower ver tiid fwar har hat. En dêr hat Saepke gebruk fan makke, of ljevver misbruk. Ik hie even de kop bij vot oas en hup, dêr lit Saepke har de broek fan 'e kont strûpe. Ik bin no safier dot ik tink, lit mij ljevver begjinne mai un motyvjerring te jaan, en dy sa saaklek mooglek. Dot begeliedend brjifke kin don letter vól, en dot hûgt ek mar kwat te vêzen. Ik mat dy mon un fûûg oersjug jaan fan 'e staveringsskiednis fon 'e leste fiventwinteg ier, vont dêr vit ur fonsels neat fon. Hû soe dy mon dêr vot fon vitte? Dy hat east óp fólkshusfêsting sitten of óp myljeu mar mai de lêste besúnnegingen mwast ur dêrvai en dû is ur oerpleatst nai kultuer. Hij koe twa vudden geef Friesk achterenwar seze sónderdot | |
[pagina 487]
| |
ur him de tónge betiesde yn ut nij gebit, dot hij vie bwóttenvênsteg goed tarist fwar syn taak en mai help fon syn sikretaresse koe ur ek noch un brief yn ut Friesk ópstelle, dus, sadwaande. Mar kennes fon saken hat dy goede Efraïm fonsels fwar gjin reade sint. Meskjin dot ur vot tus is yn 'e rinnende stikken dyt ur fon syn fwargónger oer- nómmen hat, mar dêr hôrt ut don ek hud mai óp. Dot sadwaande haf ik myn ode papperossen fon fiventwinteg ier lyn fon 'e solder helle. Ol dy oantekens fon 'e saneamde Brede Staveringskemisje dêrt ik net ynsitten ha, mar olle stikken vól fon krygen ha. En ol dy stikken fon 'e Begeliedingskemisje-Utstel-I, dêrt ik ol lid fon vest ha. Dy brede kemisje kaam mai twa útstellen fwar un fernijde stavering, un fiergeand vizegingsútstel, Utstel I, en un vizegingsútstel dot aigentlek neat óm 'e hakken hie, en dot Utstel II neamd vaar. Elkenien vie ut dur dû oer iens, Utstel II mwast ut net vurre. Os mun de stavering feroarje voe, don safólle en sa yngeand, dot ut de eastkómmende fyfteg ier net ver hûgde, vont ut koste un soad tiid en enersjy óm un nije stavering te learen, en ut soe un bulte jild kosje óm bûkken, benammen jóngerain- en stúdzjebûkken oan te possen. Safólle tiid en jild koe mun net fergrieme oan un feroaring dyt neat fwarstelde. Of helendol neat feroarje, of Utstel I, dot vie de kar dyt dien vurre mwast. Dur vaar dû un prûf nómmen mai Utstel I óp un lyts tol twatalege skwallen. Tróch te fergelykjen mai de risseltaten óp un stikmonnech twatalege skwallen dyt mai de ode stavering vurken, koe fêststeld vurre vot de nai- en fwardelen fon Utstel I vienen. Dur mwasten dû fonsels ollerhonde lêslearbûkjes makke vurre - stinsele dû noch - safólle mooglek oerienkómmend mai vot yn 'e ôde stavering bestie, dur mwasten prûfdiktekes makke vurre yn twafôd, dur mwast lêstestmatryaal makke vurre ensfh. Dot hûgde de Begeliedingskemisje net sels te dwaan, dy stjoerde, jûûg oanvizingen en hifke de risseltaten. Fwótendaleks die blyken, mai Utstel I learden de lytse bên ut lêzen hudder, se makken yn ut lêzen minder flaters, en se makken yn un diktee minder flaters. Utstel I die blyken oer olle bûgen better te vêzen. Ja, en dû. Fwart de Begeliedingskemisje syn ainrapport yntsjinje koe, vaar de hele saak ‘ôblaasd’ sat se tsjintvurg seze. Onsin fonsels, ôblaze is ôskyte, mar vot kin 't skele, ut Friesk giet doch nai de knoppen os dy ymbesyle manyakken jir baas bljowe. Vot vie ut gefol? Ien of oare deskundege óntdiek dot ut tol bên dot oan 'e prûf mai die neffens ynternasjonaal hontjerre mjitstêven yn 'e soasjale vittenskippen te lyts vie óm betraubere kónklúzjes te lûkken út ut syfermatryaal. De vet fon 'e grutte tollen jild net fwar de lytse tol- | |
[pagina 488]
| |
len. Dot vist de Begeliedingskemisje ek vól, ut hie better vest óm twahûndetfyfteg Utstel Ienders te fergelykjen mai twahûndetfyfteg Ode Staverders - mar, safólle bên sieten dur net iens yn olle klossen fon olle twatalege skwallen maienwar, dot mun mwast fonneed vól vurkje mai lytsere grûppen. Neffens vet en regel soe mun don nea net hókker prûf ek dwaan kinne. Havar, dêr vaar net nai harke. Nai de deskundege vaar vól harke: vot de Begeliedingskemisje ollegjerre oan tuskenrapporten prodúsjerre hie, hie gjin veade. En dû kaam ut oldermwaiste: dur vie net beviisd dot Utstel I better vie, en dus vie de ôde stavering better. Un pracht fon un drogredenjerring, earlek is earlek. No mat ik ta har óntskuldeging vól seze dot de bûkken fon Van Eemeren en Grootendorst oer argúmintaasjekunde noch net skreon vienen. En mun mai fon Friezen net oannimme dot se sels sa yntellygint binne óm drogredenjerringen te verkennen. Utstel I vie dêrmai fon 'e baan. Ut bljode de ôde stavering. Mar dochs, óm de fwarstonders fon staveringsvizeging vot temjitte te kómmen, vaar dur un kemisje fon pómmeronten ynsteld dyt de stavering jusjes bijstelle mwast. Dy kemisje dyt, sat ik Bosma ol ferteld ha, fwar sekstjen persint ferstôn hie fon taalkunde en fwar fjauerentachteg persint fon dingen dyt óp harsels meskjin net fon ónbelang binne mar neat mai taalkunde noareg ha, dy kemisje kaam dû mai un vizegingsútstel dot fierhinne oerienkaam mai ut jedder fersmytene Utstel II, ut Utstel dêrt fon sain vie dot ut de kosten net hoede koe. Jet vaar foer, of oassain, óm de leave frede vaar besletten ta un óngelókkeg kómpromy dêrt nimmen vot oan hie, de saneamde Steatestavering - mun soe jun deaskamje om ‘steat’ te vêzen. Sa gjit dot jir yn Fryslôn, menhear Bosma, kloatereg, hakkenkrukkereg, prutsereg, heal en laks. Ik vit net menhear Bosma, hût jo jo fiele óp kultuer. Hienen jo net ljevver óp vettersteat sitten, of bijneed óp frôljessaken? Of hienen jo meskjin net ljevver yn 'e bollen fon jim hait sitten bleon, de griffemeade ôderling-knokplûglieder dyt jim mem de brûk fon 'e kónt strûpt hat en dêrnai mai syn gleongysten rûpke tróch har fammeflues rêge? De mon dyt daleks nait ur klearkómmen vie oerainstwattele en fwótgyng en jo mem os un baalsek mai fódden leze liet, de boerehufter, dyt syn kwakje kwakt hie en no nai de stellene bónkaten en de bibel verómkearde? Ik vit ek vól dot ut libben jo net fólle kar litten hat, Bosma, mar ferdómme, mat mij dêróm de supsydzje tróch de noas bwarre vurre? Ik haf jo mem skepen, mar jo net, jo binne un oervinneling, menhear Bosma, jo binne dur samar kómmen, jo binne un oerkómmeling. Nimmen hat | |
[pagina 489]
| |
jo vóllen, jim mem net, ol vie se letter ljo 'k doch vól viis mai jo, jim hait net - dy hat jim mem jild jûn óm ut stil te hôren - en ik ut olderminst. En krekt ik haf ut meast lêst fon jo, menhear Bosma. Ik vit ek vól, menhear Bosma, dot hienen jo mij net iens hûgd te ferdútsen, dot ut dur helendol net óm gjit ot myn stavering goed of min is. De argúminten fon 'e fwarstonders fon Utstel I binne yndertiid ek nea hifke. Ut gie dû en ut gjit no inkeld óm macht. Vij binne de baas en vij sille útmaitsje hût dur stavere vurt. Vier vot bestribje fwar de Frieske saak, dot dógge de steaten net, dêr bin se te skytereg en bangbrûkkereg fwar. En óm doch sjen te litten dot se un beskate macht havve en har sin tróchsette kinne, havve se ut fûûg oer de stavering oan har lutsen. Krektlykos ópslûppen jónges dyt tróch har gelykens net achte vurre, har baas maitsje oer un stel beukers yn 'e sônbak en dêr fwar master ópslagge. Menhear Bosma, ik dóg jir net oan mai, ik mat dur fon skyte en kwarje, sat jo pake seze soe. Vêrt minkúkkels mij mai macht twinge vólle ynstee fon mij mai argúminten te oertsjûûgjen, dêr bin ik fûtsy. Bljo jo mar mai de ezels achter, ik rêd mij myn kónt vól, lykos ek ik fon jo fervachtsje dot jo jo kónt rêde sille, en lied mij net yn fersyking, vont ik soe jo ut ljest de tósken út 'e freet slaan, vont jowes is de krêft en de hearlekhyd, mar ik bin un frije Fries, en ik sil staverje sat ik staverje sil, oant yn iveghyd, amen. Ut is sat se bij de ut Leger des Heils seze, menhear Bosma, supsydzje of gjin supsydzje, halelúja! Ut sil jo net óntkómmen vêze dot dur langer tekstfervurkers en laserprinters en kopyearmesynes binne. Jim kinne neat keare, jim hôre mij net tsjin. Ik haf oltyten un útblinker vest yn dwaslezen, dot is myn sterkste karakteraigenskip en myn grutste deugd. Fjidder haf ik jo net fólle mear te sezen, menhear Bosma, ik vinskje jo olle goeds ta dot ut libben bij olle mistreastegheden sómtiden doch yn petto hat. En móchten jo jim mem ynkwatten moete, dóg har don de groetnis. Hûvólt ut un stive tryn vie, haf ik doch vól respekt fwar har dot se har sa monmoedeg tróch ut libben slain hat. De Maremers havve har net fólle tankberens betoand, jim pake hat gjin hôn fwar har útstutsen. Op aigen krêft hat se ut rêde matten en se hat har dêr yn Hollôn doch ópvurke ta un frau fon kwyzekwônsje. De jinnege fon 'e Bosmasbên dêrt vot fon telône kómmen is. Vont lit ús earlek vêze, jim mwóike Richt is ek un ponstrutsen trut. Och ja, se dógt ut vól goed os bakkerinne, de Ferveters maie vól oer har praat dot lyke kliemsk is os de broadsjes dyt har mon bakt. Os fanke vie se doch float en libben en stie se iepen fwar nije dingen. Mar goed en vól traud vaar ut krekt san | |
[pagina 490]
| |
sypelsek os har mem. Goed bevive, sat se fwarhinne sainen. No, havar, mun hat juns femylje net fwar ut útkiezen, menhear Bosma, lykemin os vot ek yn ut libben. Olles vurt ús fon bóppen taskikt, ut goede en ut kweade, utlêste benammen. |
|