De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 475]
| |
Ferwerd één, twee, drie gaat nooit verlohorenDot sóngen Tilly-en-dy os se veróm kamen fon ut knaperaiske, os se nai Skoorl of Apelskea vest hienen. Vurg en óngedien en ta neat mear bijsteat ôlen se don mar tróch fon ‘Ferwerd één, twee, drie gaat nooit verlohoren, Ferwerd één, twee, drie gaat bovenal. En als het dan niet anders kan, beginnen we weer van vorenaf an: Ferwerd één, twee, drie...’ en dot olmaroan, de hele Oslútdyk oer oan ut Frijhôf ta, dot de strôten har rau vjinnen. En ut hat neat hólpen, Fervet is lykvóls ferlen gien. Vot sóngen se destiids doch! Op 'e legere skwalle fon ‘De paden op, de lanen in.’ En fon ‘Hoort, zegt het voort! Dat nu jong Nederland niet meer teert op de kracht van een roemrijk geslacht, maar aan 't werk gaat met eigen hand.’ Prachteg, dot slagrym, krekt Valerius. En fonsels: ‘Waar de blanke top der duinen,’ en vot ek heel moai vie: ‘Daar, daar woonden eens de Bataven, zo eenvoudig en zoho vrij, 't Nazaat dier gespierde brahaven, vol van moed en trouw zijn wij! 't Nazaat dier gespierde brahaven, brahaven, vol van moed en trouw zijn wij!’ En don te betinken dot se Friezen vjinnen en de Bataven fergeemje net iens bestien ha! En ‘Hollands vlag, je bent mijn glorie,’ en ‘O schitterende kleuren van grootmoeders hemd,’ mar dot ollinnech os master Riemersma ut net heare koe. Ut vie olmeast nasjonalistyske rimram dyt se learden, bedoeld óm de bên te yndoktrynjerjen. De steat hat ferlet fon jónges dyt har fwar ut grutkaptaal nai ut frónt stjoere litte. ‘Wakkere jongens, stoere knapen, foel hoe lullig staat gij daar, zijt gij dan niet uitgeslapen, zijt gij niet van zessen klaar?’ Mar se sóngen, óp ut skwalraiske nai Flylôn: ‘Naar de duinen, naar de bossen, 't volle leven tegemoet, want een frisse zin brengt de buitenlucht erin en een waakzaam oor houdt ons op het rechte spoor. Hij die eens de vlag zal hijsen, op het werk van onze tijd, houde vol zijn keus, blijve trouw aan onze leus: wij zijn bereid.’ Va fon jimme hat de flage hyst, monnen? Nóit un kop fonsels. En Siety Kouwenhoven hóng oer ut sket fon Vytse de Ruiter syn auto te kwarjen fon Fervet oan Haans ta. Ja, se vjinnen mai de karrider, de | |
[pagina 476]
| |
bus sil vól te djoer vest ha. En se sóngen mai ut koaneginnefeest, os hóng ut libben dur fon ô: ‘Wien Neerlands bloed door d' ad'ren vloet, van vreemde smetten vrijhij’ - os vienen se ol ver fergetten vêrt rossisme ta liede koe. Oja, dot koaneginnefeest óp 31 augustes. Mwaans óp fersierde vainen oer Baintem en de Fûgelsang óm. Ut mesykkorps óp 'e fwaste vain en don un pear vainen mai bên. Ollegjer un vyt jurkje of un vyt kyltsje en brûkje oan. De fammen hienen de oranje sjerp óm 'e mul, de jónges drûgen him oer ut skauder. Undervais fon 'e vain ôspringe en don dur achteroan of ómhinne drave en dur ver óp klotterje, dot vie prachteg. En don kaam ut spultsjedwaan, mei sekjerinnen en ‘talhoutrapen’, flessen leegjitte, tróch autobonnen krûppe, bollen yn un koer dónderje, ûnder un kleed tróchkrûppe. Fwar de grutten sprytslaan, kúpkestekke en kroadzjen fwar pearen - frómmes yn 'e kroade, kearel kroadzje - en sekjerinnen, ek ver fwar pearen. Vont ut oldermwaiste vie fonsels dot un frómmes mai sek of kroade oer de kop slûg en dur un stik bil, brûk of ûnderrôk bleat kaam. Op seksúeel gebied vie ut ferdómd heukerjen yn dy tiid, en sa koenen de earme lijers har gerak nochrus krije. Ut heugt Tilly noch dot Pjirkje fon 'e Mûndersloane en Durk Kits - dot vie ien fon syn bijnammen, hij súttele fwar bakker Kits -, twa viid en siid ferneamde dwarpsgenoaten, tegjerre yn 'e sek stapten, Durk mai syn mêgere poaten en Pjirkje mai de rokken oan 'e wasbonnen ta ómheeg skwarre. En ut fólk mar góbje. Dur vie ranje te keap en bier, bakte bókkings en sôte jerringen, kûke en snóbberij. Dur vienen ek boltsjes oan ylestykjes dyt mun ien tsjin 'e kop oan slaan koe, en tûtters en feestwódsjes en -noazen. Un karre mei blikken ringen, aapkes, bwósmessen, riemen, fluitsjes en oare rómmel, dot oltyten grif fon 'e hôn gyng. Iskoos vjinnen dur ek, javis, De Friese Koe kaam oltyten mai dy lange rôlen iis dêrt un stik ôsnijd en tusken twa rûnne kûkjes plakt vaar. Ut iis fon Daue Flypke vie lekkerder, mar ut vie net fertraud óm brún iis fon him te keapjen, vaar dur sain, vont dêr hie ur yn flybe. Nimmen ljode dot fonsels, mar dur vie ek gjinien dyt ut vêge. Daue Flypke kaam fon Ljauet, krekt os syn namgenoat, Sloppe Daue. Sloppe Daue kaam ienrus yn 't ier yn skwalle óm syn kunsten te fertoanen. De bên varen fontefoaren vaskôge en frege óm un pear sinten mai te nimmen. Ut meast sponnende momint vie oltyten os Sloppe Daue fwar de klosse út 'e bóppebrûk stapte. Don stie ur yn un swatte naue ûnderbrûk of sókssavot. Dot hie gjin bên ea sa sjoen. En don begón ur mai syn kunsten, hij vie sa lyneg os un lekken, of ljevver: slop. | |
[pagina 477]
| |
Dûdestiids jerde un fólvûksen kearel sa stiif os un planke en sa krebinteg os un kroade te vêzen. Un kearel dyt yn olle bóchten koe, dy hie fonsels nóit yn 't fólle vurk stien, dy hie syn spieren net leard te brûkken. Vot sóngen se, letter dût se fainten vjinnen en sneon- en snaintejûns de Lege Jerrevai útstieken nai ut Bilt ta, mai Grutte Sip en Lytse Sip. ‘Het leven is mooi, maar het noodlot is wreed’ en ‘Als de klok van 't Arnemuiden.’ En jedder noch dût se har lók yn ‘Budapest’ sochten - sa neamden se it dûbbelddwarp Vônsvet oan 'e Streek en Bedaad - en dur noch ôdere fainten bij vjinnen, twa Ingbets, wêrfont de iene ‘But’ neamd vaar, oas koe mun se net útenwar, krekt os mai de baide neven Oege, dêrt ien fon os ‘Oege Bósk’ oantsjut vaar. De frôlje yn Bedaad snapten net vêrt dot ‘bósk’ óp slûg en makken der ‘Oege bósk hier’ fon. En se sóngen, os let óp un simmerjûn de Oden fon Dagen veróm kamen fon har jirleks útstapke. Op ut Frijhôf stróffele de bus leeg en don vji jóng en ôd bijvêzeg. Don hysten se ien fon 'e ôde strampels óp 'e bus óm un tankvud te sprekken en dêrnai dónderen se maienwar de ‘avondzang’ dur noch even út: ‘'k Wil u, o God, mijn drank betalen!’ Se sóngen har de syken út ut liif, en lykvóls is Fervet ferlen gien. O, Fervet, dêrt ienrus ‘Twee oude dames voor één nieuwe fiets’ te roal oanbean varen, dêrt Pyt Boersma achterstefoaren oer de rollaag fon 'e feat bij de herfwarme skwalle fytste, dêrt Bront-húskemon Pôpe Kroes de tónne ûnder de kónt vai skwórde dût dy krekt siet te skyten. Se hienen de tónne baide bij un hônsel beet en ‘Ho-ho,’ rôp Pôpe. ‘Jau don azem, blik!’ grómmele Bront. Is dot dur noch, dot húskedwarke yn ut Papmasteechje? O Fervet, dêrt Ale paggekagge bij nacht en óntij tróch de bwórren rottele óp 'e verómrais fon Dokkem oer de Flieterpen, dêrt Daue Sûppenbrij mai un erflek min sin syn mingels molke tape en Vonk syn sik gjin skylen mócht. O Fervet, dêrt de soan fon Lange Olbet un gûnne óp 'e raljes lai en grutsk mai un ryksdaalder ver túskaam en Olbet him sa fûûl óp ut bedsteed dóndere dot ur tróch de ûnderlegers sakke en tusken de rjappels yn 'e kelder bedarre. O Fervet - vêr fynt mun ea ver un heloazjemakker os De Wilde, dyt fwar elke reperaasje un ‘chûnne’ rekkene? Vêr ea ver un dûmny Breur dyt olle jirren un ferkearingspreek hood: ‘O God, wat ben ik U dankbaar dat ik dit meisje op de ijsbaan heb mogen ontmoeten!’ Mar va hie Fervet rêde matten? De Fêdemas, Hooglannen, Lettingas, Koopmaneen, Meekmas, Poelstras? De Anemas, Boersmas, Baumas, Jûkemas, Buursmas, Tilmas, Kingmas? De Hônsmas, Havin- | |
[pagina 478]
| |
gas, Postmas, Speulstras, Grevenstukken? De Tademas, Dykstras, Jonkmannen, Strûksmas, Stjelpstras, Kangers? De Koanings, Sjirksmas, Agemas, Folkertsmas, Steensmas, De Walles, Van der Woudes, Boesen? Of Interke en Twinterke, Gauden Ane, Stille nacht, Sake klaprôt, Psollem 119, Kai kút, Gwasse prûk, Sytse moter, Gelf sónder kanes, Dukke dea, Tomas Belg, Autojan, Durk snútsje, Pyt húske, Sybren briltsje, Auke pûppetsje, Okke, Dûie spykerhaut, Saapke kikket, Lamelala, Siepy rûpsk, Jelle móf, Pijpy, Nône twander, Durk mig, Maint bultsje, Gerrit sok, Pyt lyfke, Bauke raap, Harrem bólle, Plas en druk? Yn un lange, lange rigel - slaan op 'e spigel - tróch ut dwarp doansje en mar sjónge fon ‘Ferwerd één, twee, drie gaat nooit verloren?’ Mar ut hie lykvóls ferlen gien. Slaan óp 'e gaudsjeblóm, Fervet kómt nea veróm. Vot bij ainslútten oerbljoot is net de vêze of de haat, mar de nostolgy. Onvennegens nai un jeugd dyt achterô parredyslek lyket, hûvólt ur dot net vie. Noch lyts vêze, út ut failege nêst vai oer de rône kypje nai ut kleorege en ónthytende libben, plonnen maitsje en kônsen hifkje. Vot soe ut libben bringe? Yn novimber '90 vie dur un reüny fon ut kristlek ûnderviis yn Fervet dêrt un hele smyte ôde kristleke bên óp ta kómmen vie, no greot, mar net echt ôd. Aigenareg, de lichems binne vot útvjekke, de koppen sitte tearen yn en ut hier vurt tinder, mar se binne amper feroare bij tryteg, fjitteg ier lyn. Se binne no lyke ôd os de ôden fon dû, mar se toane stikken jónger. Se lykje óp jóngere brwórren en susters fon 'e ôden. Vot makke dûdestiids de minsken fon bóppe de fjitteg ôdsk? Kaam ut fon ut erfleke beolegjen, de neare tiden fon kryzes en oarlog dyt se maimakke hienen? Of posten se ut gesicht en de lichemshôring oan bij har ôdens, lieten se gwón dingen nai ómt dy un fólvûksene net fûgen en besochten se yn dwaan en litten, klaaiing en praat hàr ôden te ymytjerjen? Daue Kiestra skrjoot fon un krekttraude frau dot dy ‘net mear jóngfammeg de knibbels oerenwar slagt.’ Sóksoate fon dingen sil ut vól óm gean, ut distônsje nimmen fon ‘jeuchlek’ dwaan en ut jun oanaigenjen fon un ‘fólvûksen’ libbenshôring. Un traude frau klaaide har ónoantreklek, sette har mai ópsetsin ta grûien - se mwast yn ut haulek ‘beviivje’, sat ut neamd vaar - se rón tenai lófts fon 'e mon en vaar oantsjut os ‘mem’. De mon stribbe durnai un earber lid fon 'e mienskip te vêzen, mai sokóphôders, mauóphôders en boadeknópkes, en hij hie ut vud fon Paulus ta synes makke: ‘Noot ik un mon vurren bin, haf ik ut bênleke ôsward.’ Eane óm 1915 hinne mat un brekpunt leze, de lju dyt naityd | |
[pagina 479]
| |
benne binne, havve har bêst net mear dien óm ‘folvûksen’ te vurren. Se binne, mai Obe Postma syn vudden, ‘vól ôd mar net earvuddeg.’ Dût se fiventwinteg, tryteg vjinnen, bin se net óp har jirren fwarútrón tróch un ‘ôdske’ hôring oan te nimmen - sat jeddere stagen dien ha -, mar se havve safólle mooglek fon har jeugd besocht te rêden en mai te nimmen. Se dógge olle gekke dingen net mear lykos fwarhinne, mar yn vêzen binne se bênlek bleon. En dot sjugt mun oan 'e kop en 'e klean, oan ut rinnen en stean, en mun heart ut oan ut praat. Ut vie vinlek olderaregst, dy grutvurren bên veróm te sjen. Op 'e ôde skwalfotoos pikt mun de Tademas en de Jûkemas, de Leroys en de Peeringas dur samar út. Niks feroare - deselde bolle vangen, deselde snútsjes, deselde hûnnekopkes. Mar dur binne ek hele klóften fólk dot jun net fólslain ónbekend is, mar dêrt mun gjin nammen bij betinke kin. De fynen fonsels, dêrt mun gjin gedoente mai hie yn dy jirren. Se binne noch oltyt machteg os de miggen. En doch is dur vot feroare: de distônsjes binne fólle lytser, of faaks vól vaifôlen. De tsjerkleke skelen lykje fergetten te vêzen, fon stônsferskillen merkt mun neat mear, en de Skelkjebwórsters prate Friesk os vie ut har mai de brijleppel yngetten. Dot Friesk dêrt elkenien him yn úttert en dêrt ut hele programma yn nai foaren brocht vurt, skept un fóldedege sfear. Yn dy sljóchte fólkstaal lyket Fervet ainleken himsels fûn te havven. Hie dot no net fyfteg ier jedder kinnen? Mar 't is mar fwar ien middy, dot mun ‘tús’ is, 't is ollinnech mar yn dusse sporthol tusken de oare reünisten en 't binne de ferhalen fon jertiids. Dusse pear oerkes dot elk fleoreg en freonlek is, óptain en ferrost safólle ôde kunde te moeten. Mun soe jir lykvóls nea ver aadzje kinne, ut ôde Fervet fon 'e ferhalen is amper veróm te fynen. Se stappe de sporthol út óm de nije skwalle yn ut dwarp te besjen. ‘Vij kinne net tróch ut Fintsje,’ sait immen spyteg. Nee, dêr stjit ut ferffebryk fon Pytekakopys. En de raljes binne fwót, ut stasjón, de heuvel, ut skytfebryk - núver dot dot yn ol dy jóngeslibbens san grutte rol spyle hat. 't Is un moaie skwalle jer, en 't is fijn dot se no bijenwar binne, mar fwarhinne vie jir de feat en dêr óp 'e Gosthússaize rónnen de kij fon Gerrit Segers en yn ut Gosthús vennen trije ôde vyfkes, en vêrt no de skwalle stjit, dot vie un kampke graide. Ut vie dêr heel rêsteg en stil, vont de Streek rón dea tsjin 'e feat. Kóm, mun gjit veróm nai de sporthol, oer ut jeddere Ljimmenpaad. Dot dêre vie de Kolbank, amper vot fon oer. Fertel don noch marrus de ôde ferhalen fon reade baaien plukke bij Okke fwar un stoer ut bakje, tusken en nai skwaltiid. Fon dy | |
[pagina 480]
| |
dogenjitten dyt de bjemkes net leegsochten mar ollinnech de maklekst te plukken strinkjes dur ô hellen. ‘Koppesnellen’ vaar ut neamd. Fon 'e grutte brôn óp Harstastate, dût gjin bên dur óm tocht nai skwalle te gean en se letter de fersûmme oeren ynhelje mwasten. Fon Leroy dyt de grêft ynstapte óm de slang fon 'e brônspuit te óntstopjen. Ut vetter rón him bij de leazens yn. Fertel fon dot snóbvinkeltsje óp 'e Nijbwórren mai dot ôdvyfke duryn, dêrt se oltyt fregen óm apenútten, dyt se net te keap hie. Fon Kai kút mai syn blaue brûk en kyle spond óm 'e kwatte, graue lea, de góngelstôk driigjend ómheeg os se him útskólden. Fertel fon ut dóllen nai ôd koper, lead en sink óp ut skytferbryk en ut ôd skytfebryk, dot yn ut spoargot naist de spoarbrêge oer de Ferveterfeat. Se brochten ut spul nai Klaas Jongsma, dyt har dur un pear kwatsjes fwar jûûg en dêr kochten se don kotsjedrop fwar bij Haintsje Brônsma óp 'e Nijbwórren. Fertel fon ut twanderfangen en kikketópblazen óp ut Olbetsreedsje. En vit jim noch vól, snainoerdais os vij ús deaferfeelden? Bij Jehonnes Folkertsma koe mun mai un fyn tûkje tróch de óntluchtingsroasters de doazen en pakken yn 'e etalaazje ómvippe. Fertel fon 'e fwótbolklup Wardy dyt ónares mai tretjen-nul ferlear, dêrt vij oltyt ville óm hienen en vot vij lykvóls net sette koenen. Dy kears dot Wardy un túsvedstriid hie en vij koalstrónken yn 'e útlaat fon 'e bus trjoden dêrt dy oare plûg mai kómmen vie. East voe ur net starte, mar dû knalden de koalstrónken durút. Mai sinteklaas hie Fikky van der Wal oltyten bwattersgwód fwar de keamersglêzen útstold, vit jim noch vól? Vij stienen dur olle dagen fjauerrus fwar te góbberjen, fon en nai skwalle ta. Ha jim dot ferhaal vólrus heard fon Têke de Haas, dy hie dû ómmes un krúddeniersvinkeltsje naist ferver Brônsma. Têke vie yndertiid bij de Pinkstergemeente. Ja, no en dû is dur rus ien óp ut dak klómmen en dy hat tróch de skwastjen róppen fon ‘Têke, Têke!’ En dû sai Têke fon ‘Ja, Heere, uw knecht hoort.’ Ut vaar fwar vier ferteld, mar ut kin ek vól lygd vêze. Dot ferhaal fon Jon van Hijum dot vij oltyt ljood havve, vie ek net vier. Ken jim dot net? Jon kaam un kear drónken tús en dû mwast ur pisje. Hij venne dû yn 'e Looxmastrjitte. No, yn 'e stege ut spul ta de brûk út en pisje. Mar hij stie krekt ûnder un lekkende gwatte, en hij fielde neat mear, mar hij hearde vól dot ut mar tróchdripte, en dû sai ur fon ‘Godferdómme, hôrt dot no nóit óp!’ Vij ha oltyten tocht dot ut vier vie, mar ut is un fólksferhaal, Poortinga hat ut ek yn ien fon syn bûkken. Vit jim noch vól dot vij óp un ôdiersjûn olle pitten fon 'e strjitlonteanen losdraaid havve? Pikkenacht vie ut oerol. Vij hienen sels un lampedraaier makke: óp un angelstôk un koker fon bwódpepier en | |
[pagina 481]
| |
dêr vot fellen krontepepier yn en vot viete snie. Perfekt vie ut. Vot ha vij oltyten un gebliksem hôn mai dy frekte plysjes, tinke jim dêr noch vólrus oan, dêr vienen smearlappen bij. Mar mai myn neef óp un nacht, dû siet ik vól yn 'e skyter. Vij kamen óp un snaintemoan ier tús, bij de faam vai tink. En ut ljochte ol ver yn ut easten dot vij dienen de dynamo durô. Bij Ter Sted stapten dû twa plysjes út un daam vai en dot vie ‘Halt.’ ‘Ferrek,’ sai myn neef, ‘ik tocht even dot ut de landwacht vie!’ En lilk dy monnen! Mar vij ha gjin bón krygen. Myn neef hie oltyten fon dy frjemde ópmerkingen. Vit jim noch vól dy snainemiddys, vij sille un ier of achtjen vest ha, en ut vie vinter en dur lai snie. Gerard fon Ale vie durbij en Gerard fon Dûie en Grutte Sip, tocht ik, en dur vienen lytse jónkjes dy smieten ús mai sniebollen en dû sai Sytse: ‘Ze zullen vallen aan uw linkerhand en aan uw rechterhand, maar tot u zullen zij geenzins genaken.’ Vit jim dot net mear? Velja, jim mat durbij vest ha. Ut vie óp 'e Kleasterdyk krekt fwarbij ut griffemeade lokaal. Kin jim jim Klaas de Jong noch vól yn 't sin bringe? Dy stie oltyt oan 'e trauring te draaien os ur ut frij ferhaal fertelde óp snainskwalle - ‘kinderkerk’ hiet dot dû. ‘Vij sille dur mar ver un aintsje oanbraidzje,’ sa begón ur steefêst. Hij is un kear mai de brómmer achteroer vipt, ómmes? Rjim soe bij him óp 'e dúo, ut vie san kwat, grau vyfke, en hup, dêr gyng de brómmer. Monnen, vij keapje un gleske bier. Ferhalen fertelle vij, mar vij sjónge net mear. Ik ha lêsten myn gytaar fon bóppen helle, dy hie ik yn lyts tsien ier net oanrekke. Ik vie ut noch net ferleard, mar de areghyd is dur net mear lykos fwarhinne. Ja, óp 'e reüny ha vij ut Friesk fólksliet sóngen, en ferdómd, os bwatte de dúvel durmai, ik hie krekt de bek fól oranjekûke! En oan 'e ain fon 'e jûn ha vij noch un kear sóngen óm God tank te bringen fwar ut slagjen fon 'e reüny - nim ik oan -, mar dû ha 'k net maidien, vont dot vie yn 't hollônsk. Ik mat mij ol sa faak ferbrekke óm dy hollônske vynhappers. Ja, ut vie un moaie dai, en vij sjugge enwar faaks oer fiventwinteg ier vól ver, of gwódden fon ús teminsten. En don sille vij enwar deselde ferhalen fertelle oer de ôde tiid dût Fervet noch Fervet vie. Mar vit jim noch vól dot vij oltyt sóngen? Vij sóngen fonolles, mar os vij yn 'e bus verómkamen fon un raiske, don sóngen vij steefêst fon ‘Ferwerd, één, twee, drie gaat nooit verloren.’ Don vienen vij bekô, don hienen vij neat mear te keap, don vienen vij útpûpt. En ut lêste dêrt vij don noch fon tsjûûgje mwasten, dot vie dot Fervet nea ferlen gean soe. ‘Wat vliedt of bezwijkt, Ferwerd, één, twee, drie gaat nooit verloren.’ | |
[pagina 482]
| |
Vít jim dot noch vól, of kin 't jim neat skele? Ai ja, dot ha vij óp skwalle fonsels ek ol leard: ‘Alles woelt hier om verand'ring, en betreurt ze dag aan dag, hunkert naar hetgeen hij zien zal, wenst terug 'tgeen hij eens zag.’ Sa sil 't vól vêze. Ja, ik kin olle psollems en gesangen noch út 'e hólle, ik kin sa ver tsjerks vurre vot dot oanbelanget. Mar sees sels, dot vie ek un pat fon ús jeugd. En 't hie doch ek syn moaie kônten? Os master Riemersma de elektromoter fon ut wargel oansette en vij don maienwar ôlen fon ‘De dorre vlakte der woestijnen zal zich verblijden eindeloos.’ Ek kleare rimram fonsels. Ut vie ollegjerre kitsch en shit vot vij sóngen, yn tsjerke en óp skwalle en óp strjitte. Mar vij sóngen, jónges, vot sóngen vij doch. |
|