De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 467]
| |
Têke hôrt hûkUt is de simmer fon 1967 os Tilly de fyts fon syn ôdste broer lient en ut Klaailôn tróchfytst óm de lokaasje fwar syn romon te sykjen. Hût ur dur sa bij kómt óm syn romon dêr spylje te litten, is net mear te achterheljen, lykemin nammes os ut hele ydee fon dy romon. Ut dógt dur ek net ta. Hij riid de Mûndersloane óp dêrt yndertiid de femylje Segers venne. Don kómt ut dwasain mai óp 'e hûkke fwarhinne ut Hauten Hemeltsje. Yn 1967 vie ut ol ôbrutsen. Lófts fon him sjugt ur óp 'e hege eker un gammel en útsloerd spultsje stean. Un lytse húzzing mai dêrachter un plotter en un heger hok, mai golfplaten dutsen. Un bult haut óp ut hiem, un rwóstege aide, un ôd jidkarre. Hij vit ut daleks, dut is ut. Hij trapet stareg fwarbij, mar stapt net ô. Hij mat un yndruk ha, mar ut net te krekt yn him ópnimme, syn fontasij mat rûmte ha. De simmer fon 1967. Têke is lyts fiventryteg ier boer óp 'e Mûndersloane en hij is lyke earem os un lûûs. Mar hij jaut ut net oer. Hij lómpt mai de poat, hij is stiif en krebinteg, mar hij is ôder vurren os syn hait en hij hat syn soan fier oerlibbe. Oan dy soan tinkt ur net faak, lykemin os oan syn baide dochters of oan Eelkje. Se havve him dur ollinnech fwar ópstrûppe litten. Eelkje, dyt ut fwót nai ut trauen ol ferpófte óm vot licht vurk te dwaan, vjoeren of sa. Dû syn hait, dyt dur hookstrooks bij del foel. De fammen ha un tsjinst socht, se voenen net óp 'e klútten. Harrem is samar vaivurren, dy kôde jonnevaresdai yn '45. Mar fwót of dea, ut makket neat út, se havve him dur ollinnech mai ómpiele litten. De dream fon syn jóngesjirren, de stjelp dyt ur jir ienrus baue soe, de dream dêrt ur Eelkje fon ferhelle hat en dyt dur doch ek yn ljode, en de jónge dyt dur mai grutte, skitterjende êgen fon bearde en dur tsjin syn skwallematen fon ópswetste, dy dream ha se him net hólpen verklekhyd te maitsjen. Mar Têke hôrt hûk. Hij sil gjin belies jaan. Hij sil ut Klaailôn de rêg net takeare en óm un ventsje fersykje bij Fosvert, ut ôderainsintrem te Fervet. East un monnech ier mai Eelkje yn san ventsje óp ien fon 'e streekjes, noch minnemear óp junsels, en don ut grutte hûûs yn tink, tusken de ôde strampels yn 'e ferklaaiersklean en óp tóffels. Jûûns gwózzebrievje of sjoele. Middys un kuierke de Maremerdyk út, ut Klaailôn oerêgje dêrt ur fon bên of oan mear os fyfteg ier lang beolege hat... en fergees? De bên fwót of dea, hij mai ut ôdminske óp san nêkene keamer, ut spul ferkocht fwar un monnech ryksdaal- | |
[pagina 468]
| |
ders en junsels bekenne matte: ut hat óm 'e nócht vest? Dot nea! Eelkje mai klieme en sangerje, se gjit mar ollinnech os se ut net langer bankje kin. Hij vól jir stjerre, se sille him jir dea vaihelje matte. Nee, hij hopet net mear óp un stjelp, de stjelp vurt olle jirren ónberikberder. Hij hat de skwórre en ut bwóthúske ol net iens goed ver ópbaue kinnen dût dêr mai de febrevaresstwarrem fon '53 de dakken ôvaaiden. Hij hat dur golfplaten óp leze litten. Ut lyket môl, sútreg en jermoedeg, mar dot kin him neat skele. Sónt syn bennejirren ha se him útskólden fwar ‘Módderklauer’ en ut deart him net mear. Hij skammet him syn jermoede net. Hij lit Eelkje sangerje en Richtsje beare fon ‘Och, och, vot mat jim noch langer yn dusse ôde keet.’ Fwar un Módderklauer is dut goed genôch. Ut nije dak mwast un ko óm fwót, oas koe ur ut net bestuiverje, en dû hat ur daleks de hele bisteboel mar oan kônt dien. Vot smiet ut ek óp, dy monnech lyters molke, en mun mwast dur fwar dai en fwar dage óm fon 't bêd ô. Nee, hij hopet net mear. Ut binne minne tiden fwar de lytse vrótters. Un soad genieren havve ut ol oerjûn. Ek gwódden mai grutte jónges yn 'e hûûs dyt ut bedrjo oas fwótsette soenen, neffens de vinsk fon 'e ôden. Mar de jónges vólle net mear, se seze hait dach en sykje un baantsje. Os Harrem dur noch vest hie, soe dy don ek net ollang útnaaid vêze? Vinlek havve de tiden oltyt min vest fwar de genier, olteast sa lang os ut him heuge mai. Of meskjin dot ut yn 'e easte vrôdkriig vot better vie en de jirren dêrnai. Mar sónt de klap yn Amearyka hat ut nea ver goed vest. Nee, hij hopet net mear dot ur un nije stjelp sette sil. Net iens dot ur nije ponnen óp ut dak fon skwórre en bwóthús leze sil. Mar ut steort him net. Noch de skurve en útlibbe boel binnendwarren. Lit Eelkje kryte en sjonterje, vot maalt him de rotsoai. Mar ut hie kinnen, dêr hôrt ur oan fêst, os olles maivjirre hie, os se un pear ier gelók hôn hienen en os de hele húshôring him dur goed fwarspond hie, en os hait dur net sa óntideg bij vai fôlen vie, don hie ut kinnen. Hij hat ut vittefaak berekkene, de ôd mon fwar net tefólle oan 't vurk. De fammen en Harrem, Eelkje út en tróch un hontaast, don hie ut kinnen. Sóms tinkt ur: ut soe noch kinne. Mar dot ljoot ur net echt, dot is mear un bwatsjen mai drôgbylden. Os bijgelyks Richtsje-en-dy, dyt ut doch goed stowe kinne, os dy norus un pear tûzen yn ut spul stekke voenen, en Saepke, dy't hjir de lêste jierren yn in grouwe auto de Keepmaloane delsjezen komt, os dy ek byspringe woe, don soe ut noch kinne. Dot sil net barre, dot vit ur vól. Se havve nóit vot yn syn dream sjoen. Se ljowe net yn ut Klaailôn, dot is ut. Se havve ut jir oas net sjoen os un úthûkke, fier | |
[pagina 469]
| |
fon ut gevoel fon Fervet en Marem, fier fon 'e drókte en de fleor. Se havve har nea boerebên field. Harrem, ja dy vól, dy hie boerebloed yn him, mar Harrem voe de striid mai de grûn net oangean. Dy tocht dot ut him oanvaaie soe. Sjug, hij skeuvelt ut rjappellôn del mai de vjoerder. Ut en tróch bûûgt ur fwaroer en plúzzet un túchje út 'e grûn dot ur mai de vjoerder net benai kómme kin. En don kin ur ut net litte en aaikje leavjend oer de loffen en êgje mai tagedienens ut fjild oer. Syn vrôd, ut Klaailôn. Ol syn leafde hat ur oan dusse grûn jûn, ol syn leafde en ol syn hoop, syn ynlekste tinzen ha fwar ut Klaailôn vest. Fwar syn naisten, viif en bên, hat ur net oltyten ut rjóchte ómtinken hôn, dot is vier, mar matte vij him dêróm oardele? En va sil him oardele? De liddeggónger út Fervet, dyt óp un liende fyts fwarbijriid en ‘Gûie’ rópt tsjin Têke dyt óp noch óm sjugt? Stjit syn ylege rjóchterhôn nai de jelt en stjit syn ylege lófterhôn nai de fiem? Sil de skrjower de genier oardele? Têke Bosma, mai ol syn kwatsichtegens, syn dómmens, syn dôfhûdegens, syn aigenikkegens - is hij net greot yn syn leafde fwar dusse skrikleke grûn dyt ut bêste fon him nômmen hat? Is Têke yn syn ienkennege leafde fwar ut Klaailôn dêrt ur olles oan ópoffere en olles bij ópset hat, is Têke dyt oan syn lêste snók ta óp dusse heeghettege klútten vrótte sil, net ut greot minske te neamen? Is hij yn syn soate net un helt? Kóm, lit ús rus bij Eelkje sjen dyt bij de keamerstafel sit te lêzen. Odsk en útrûppele, dot is se. Vêr bin dy graue jerrems en skónken bedarre? Net mear os un skôd fon vot se vest hat yndertiid, un graue boeremókkel mai tsjûkke, glêde billen. Ut is skielek fyfteg ier lyn dot Têke en Eelkje óp un karke fon 'e Westras ut bêdegwód ferhúzzen: twa Striemetrossen, de pel, un dútsk lekken, un oerklaaide tekken, twa kessens en twa lekkens. Dû hat Têke de metrossen óp 'e ûnderlegers flwórre, de pel duróp sljóchte, yn 'e tekkens en lekkens ómskaaid, un kessen yn honnen nómmen en ver fwótsoald, un vôd tsjin 'e oerklaaide tekken jûn en tusken soalen en skóppen nai Eelkje êge dyt vurg en óngedien mai swittereg hier óm 'e hólle stie te bekómmen en dus neat die. En hij tochte dot ur no vól un arege berekkening makke hie fon vot him skielek fon Eelkje' kônt oanstjerre soe, mar dot ur har aigen ynbring noch net goed taksjerre hie en dot sóks dus sa gau mooglek barre mwast. Vont de genier makket syn berekkeningen fier fwarút, dy libbet net yn ut no, mar yn 'e takómst. Dy rekkent de ópbringst fon ut gevaaks ol os ut kwalek bóppe de grûn is. Dy kin net tiiddwaan oant de ko kjellet, mar mat óp ut beest ómstryke en taaste hû fier os ut is, dy kin oktober net | |
[pagina 470]
| |
ôvachtsje os de rjappels ree binne, mar lait jelvys júnny ol óp 'e knibbels te daukjen, dy hellet mai de honnen de grûn óm 'e byt hinne vai en taksjerret hû grau de vwattel vurre kin os olles maivjirret, dy vrjoot de ónrype ier fyn en telt de vêke keltsjes. Koe Têke vachtsje oant de traudai? Dot skoandere frómmes mwast sa gau mooglek un bên yn, don koe dot him oer un ier of sais ol vot helpe óp ut lôn en nai nochrus sais ier os ut fon skwalle kaam, soe ur dur un drege arbaider fon maitsje. En dus nóm ur har bij kop en kónt en plonte har mai swittereg hier en plakkerege klean en ol óp 'e pel en roppe har de ketoenen sek fon 'e kónt dêrt mai ylestyk besocht vie fetsoen yn te bringen. ‘Têke!’ Neat gjin Têke, dut vienen needsaken: tusken de glêde, fette billen lai un prótsje klam hier dot brondereg rûûk. Jir mwast roede vurre! Hij helle de kul út 'e fûdraal en hammere him djip de gólle yn. Ut kryten fon Eelkje achte ur net óp, noch ut rôljen mai de êgen, ut suchtsjen, ut hymjen, ut tónge yn 'e nwasters stekken, ut ôljen, ut stinnen. Hij burg de kul ver óp en stapte fon 'e pel ô. Eelkje bljode kjelleg lezen. Hûfaak yn har trauen hie se kjelleg nai de solder sjoen os Têke un set óp har óm dindere hie en him don oer de syde rôlje liet? Sa pysteg os dy mon vie, dêr vie gjin sezen fon. Hij koe sa ômêde net vêze os hij mwast him noch útspêkje. Ut gyng bwótten ut ferstôn óm, lyke ut vól, ut vie un twang dêrt ur gjin vjerstôn oan biere koe, ut vie súver dierlek. Mar sónt un ier of tsien hie se gjin lêst mear fon him, se hie sain dot ut út vêze mwast. Ut koe óm har jirren net mear, hie se sain. Hij mwast tenai mar bóppe sliepe, óp Saepke har âld keammerke, en sij bljode ûnder yn 't bedsteed. Hij hie har oansjoen os un slaine hûn, mar hij hie him stjoere litten. Sóms naks hearde se him bóppe ómskaaien. Vot ur útheefde, vist se net, voe se ek net vitte. Se vie him oltyt temjitte kómmen, vont dot vie no ienrus frôljesplicht, mar ut mwast un kear óphôre fonsels. Os de tiid fon bênkrijen fwarbij vie, don hôde mun dur doch mai óp, dot lai doch yn 'e reden? Os hij dot net begriep don doogde ur net. Vot dur yn him ómgyng en vot ur bemaalde, se vist ut net. Dot hie se nea vitten. Se hie hope dur soe vot ienzens grûie, vot fertraulekhyd oer en ver, mar dot vie net bard. Hij vrótte óp ut lôn óm en stinde óm syn skónk en syn rêg, hij vrótte him noch rus dea, mar hij mwast ut sels mar vitte. Se prate net mear oer Fosvet, ut hie gjin doel, os se durhinne voe, soe se ollinnech matte. Se hie ut ek tsjin Richtsje sain: Hôr dy mar stil, hij harket doch net. Hat ur nea dien. Hij mat east dea fwart ur ut ljoot. Dur vie gjin vrontelegens fon har kônt, se hate him net, se ferviet him net iens vot. Ol har gefoelens | |
[pagina 471]
| |
hie se djip vaiburgen. Harrem, Saepke, se tocht oan baide vól, mar sónder pyne. Se akseptearde de dingen, of makke harsels dot olteast viis. Sónt un ier of vot hie se har kómmen bij de Pinkstergemeente, en dot jûûg har un bulte treast. Snainemiddys rón se de Keepmaloane út en hôde de bus nai Ljauet oan. Dur vie gjin holte, mar fwar un ôd viif os sij stoppen se vól. Onares sieten dur mear lju fon 'e gemeente yn 'e bus en don rónnen se maienwar nai ut sealtsje óp 'e Nijbwórren. Se sóngen en praten maienwar en harken nai de tsjûgenissen. Om un oere of sôn vie se ver tús en don vaarme se ut sop óp dot se sneontejûûns ol sean hie en dêr ieten se un stik bôle bij mai un bakt fiskje of vot ópvaarme rjappels os dy dur vjinnen. Têke frege nóit neane nai, hij skampere ek net mear óp har tsjerkjen bij ‘dy healgearen’, hij sangere net mear oer ut fait dot ur snains ollinnech mar varem vetter yn 'e mage kryge ynstee fon un streksem miel. Hij swijde, hij hie him dur bij dellain sat ut lyke. Richtsje nammes ek. Dy hie east ek vakker beard fon ‘Vot bevéégt mem? Vot mát mem dêre yn 'e goedeghyd? Dy lju bin doch ollegjer un bytsje, no ja, dy bin sa dwepereg... Vot syket mem dêre?’ Vot se dêr socht, hie se Richtsje net ferteld, koe se nammes amper ûnder vudden bringe, mar ut jûûg har treast, dêr te vêzen, maienwar te róppen en te sjóngen. Har te útterjen, dot vie ut. Dot hie se ómmes nóit kinnen, nóit mócht? Ut vie net goed gien mai Harrem en mei Saepke likemin, dot hie sa net matten. No, oer Harrem hie se nea sezenskip hôn, mar oer Saepke doch wol, wat hie se in soad mei Saepke redendeeld as dy troch de wike in middei by har siet. Mar ja, ut vie vier, net oer ferkearing en mônlje en sa. Mar se taelde der ommers ek net nei. Wa hie tinke kinnen dat se har sa misdrage soe? Se hie dur nóit oer prate kinnen mai Têke, hij hie olles ôsnijd mai botske vudden. En oas hie se nimmen, mai Hinke hienen se gjin gedoente mear. Dot vie ek sa spyteg. As Saepke tenearsten kaem mei de lytsjonge, och wat hienen se tegearre wol swiere oeren hân. Dy oerdeis dat Saepke it har ferteld hie, en dat se no fuort soe, nei Ljouwert ta en faeks fierder. Se hie der sa moedeleas en ferslein útsjoen. Dat koe se net wer by har wei krije. En alle kearen wer as Saepke kaem, hie se dêr fan ferhelje moatten. En ja, doe hie Saepke noch wol yn goedens wollen. It wie ommers sa, se hie har skoandere jeugd fersmiten, se siet mei dy lytsjonge oanklaud en wat moast der no fan har wurde? Ien mei in lape op 'e skelk, wa woe dy hawwe. Sokke wurden hie Saepke nei harkje wollen. Ja mem, en it wie sa, mem. Mar langer net mear, se | |
[pagina 472]
| |
wie deryn behurde, like it wol. Efy vie ópvûksen ta un skoandere jónge, ek sónder hait, en hij diig ut goed neffens Saepke. Hij soe nai de hegeskwalle en geleard vurre. No, dot lai bwótten har êgvaid. De lêste jirren hie ur jir net mear vest, hij hie oare drókten, hiet ut. Mar hij soe vól gjin ferlet mear ha fon pake en beppe. Saepke besocht it wat te ferhimmeljen, mar se hie ut vól tróch. Saepke sels paste hjir ommers ek net mear. It wie in hele mefrou wurden, djoer yn 'e klean en mar autoride. Se siet dan mar sa'n middei by de tafel, wie wol freonlik en frege hjir en dêr nei, mar winlik koe it har neat skele, dat wie skoan te fernimmen. De âlde ienzens wie der net mear. En dan stapte se wer yn 'e auto en sêch even by Richtsje. En dan gie se wer rjochting Ofslútdyk. Of faeks hie se noch oare kunde dêr't se oan woe? De heit fan 'e jonge? Dêr hie se noait oer prate wollen. Sy koe wol sonder man en Efy wol sonder heit, sei se altiten. Men hie tocht dat se burgen west hie yn 'e pastory by dy fromme âlde lju, en doch wie it misgien. Dy smwarge oarlog, dêr vie ut fon kómmen, dy hie har Harrem ek óntnadere. It is wier, Saepke hâldt it op 'e Mûndersloane ornaris net lang út. Doe't Efy noch meigyng, doe wie it oars, doe hie se teminsten praet mei de jonge, mar no ferfeelt se har stikken. Al hat it doe in neare tiid west, dy lêste oarlochswinter en de jierren dêrnei, achterôf besjoen hat it har gelok west dat se in bern ha moast, oars hie se yn dut gat hingjen bleaun en har mem achternei gien. By Richtsje sit se ek net lang, mar dy fôlt dot amper óp, dy hat ut sa drók mai harsels en de vinkel dot se doch gjin tiid hat óm har even rêsteg bij un kófjedrinker del te jaan. En dan giet se op hûs yn, seit se, mar dat docht se net. Se giet nei muoike Hinke te Hâllum en dêr sit se ornaris ta de nacht út en soms bliuwt se de nacht oer. Se is de iennige fan 'e femylje dy't noch by Hinke komt. De oaren vêgje ut net har doar benai te kómmen. De begraffenis fon Iede dêr havve Têke en Eelkje hinne vest, en dû vie ut durop ô of Hinke hie har fwótjage. En dêrnai ha se enwar noch moete bij de begraffenis fon ôde Richt. Os Têke east deagjit, don sille Hinke en Eelkje enwar nochris moete, mar oas sjugge se enwar bij ut libben net ver. Hinke sit fól vrok. Ut is Harrem dyt de Joadinnen ferret hat en de dea fon Iede óp syn gevisse hat, dêr is se grif yn. En mai Harrem beskuldegt se Têke, dyt de jónge nóit ut goede fwarhôden hat mar him stypeljerre hat yn ollerhonde óndogenskhyd. Mei Saepke kin se prate, Saepke is skjin op 'e ribben, dy hat har libben wêge yn 'e oarloch en dy hat har kearelsachtich hâlden en dragen. Mar dy oare Módderklauers maie yn 'e strónt sakje. | |
[pagina 473]
| |
Nee, dur is gjinien mear dyt ut mai Têke hôrt. Harrem net, dy is dea, en Richtsje net, dy postuert yn un vyte skelk tusken de twanbank en de bôleplanken en bekket hûndet út. Saepke net, dy hinget yn Hollân de grutte dame út. Eelkje ek net, dy gjit snains nai Ljauet te halelúja róppen en sait tróch de vyke gjin stóm vud. Saepke har jónge, dêr koe ur doch ynjesten vónderareg mai keuvelje, hast noch better os fwarhinne mai Harrem. Soe san jónge gjin boer yn sitte? Mar nee, hij soe tróchleare, hie Saepke útmakke. En no kaam de jónge ek nóit mear. Hij stjit dur ollinnech fwar. Hij hat ol syn libben ol róppen dot ut ollegjerre óp him delkaam, de ôd mon vie mar un healen, Harrem vie amper los fertraud en Eelkje spróng óm 'e stûkken. Mar no is ut vier sa, ut koómt no ollegjerre fwar him óp. Ut ryke Klaailôn dot de vrótter riinsk ljennet, dot syn skotten jaut oan 'e trau úthôrende bódder, dot mat hij vier maitsje. De stjelp sil him net mear vurre, dot vit ur, mar dot ut Klaailôn ienrus verómjaan sil vot hij de grûn fyfteg ier lang jûn hat, dêr betraut ur óp. Oas soe olles en olles óm 'e nócht vest ha, olles, ol syn vurk, Harrem syn dea, ôde Harrem syn krupsjes, syn aigen manke poat, olles. En dot ut ollegjerre fergees vest hat, dot kin ur net ûnder êgen sjen. Don soe ur dwylsinneg vurre. En dêróm gjit ur moedeg tusken de rêchjes tróch en plúzzet de túchjes bij de loffen vai en klaut ut erf los. Ienrus sil dusse grûn oldermôlst ópsmyte, dot kin net oas, nai olles vot ur dur oan dien hat en syn hait en pake fwar him. Fon 't ier of takkem ier, dot vit mun net, mar ienrus sil dot barre, dot elkenien dur fersteld fon stjit hûn knwarre rjappels of byten hij fon ut lôn hellet. En don sil ur syn beljenning havve, net ollinnech fwar syn beolegjen, mar ek fwar syn libben. Don sil ut net óm 'e nócht vest ha. Don kómt dot mai Harrem yn un heel oar ljocht te stean, don is ut ek net sa vichteg mear hût hij en Eelkje húshôden ha, en dot ut mai Hinke nea ver ynwadder kómmen is. Don sil elk seze: sjug, sôn vainfól rjappels hat Têke Bosma fon 'e fjiddeheal helle. Gjin boer of genier yn ut Klaailôn hat sóks ea presteard. Don sil ut goed vêze, don hat de grûn jûn vêrt hij ol syn libbensdagen óp hope hat, de bóppeslag dyt olles goed makket en olle ellinde oer sljochtet. Hij prakkesjerret dêroer os ur de manke poat de loane delsleept óp hûûs oan. Hûfólle klómpen hat ur ol ferslyten óp dusse vrede mekadereed? En hij prakkesjerret duroer os ur bij de tafel sit jûûns, de jerrems oerenwar fwar ut bwast, de piip yn 'e mwólle en de êgen rjóchte óp ut kóp tee óp ut swilk dêrt de hûkken fon ferslyten binne. Hij prakkesjerret oer ut lêste dot him hôd jaut, syn bóppeslag. Ut mêgere minske oan 'e oare kônt de tafel mai har fyterlokken óm 'e | |
[pagina 474]
| |
kop, hij kin 't him net begrype dot ur dêr ea un hudde kul fon krygen hat. Dot hat ek un fersin vest, achterô besjoen. Se hat un skôging os un útlibbe gait. Hij mwast nochras óp 'e nij begjinne kinne, tusken de billen fon un steveg jóng frómmes leze, un pear fikse jaren yn 'e klauen ha, de ûnderlegers út ut bêd jûtse. Ha, hij lit him mai syn ómtrint sonteg ier fon gjin jóngkearel un pyk sette, hij kin him noch goed rjóchtoerain krije. Op 'e nij begjinne, un flink viif fon tryteg ier dyt him tille koe, bên oansette, en maienwar dur plot foar. Hij soe njóggenteg vêze os syn jónges greot vienen, mar ê vot, hij kin vól hûndet vurre, hij hat gjin deagean yn 't sin. Sóms jûûns óp bêd ûffent ur, fwar os ur dot jóngfrómmes moetet. Don lait ur plot óp ut liif óp 'e meiros te vrótten. Hij vurt ôd, dot is vier, mar hij kin de hele vrôd noch oan. Syn bên ha him ferlitten, en Eelkje hat him nóit bijstien, mar os ut oan him lai don soe olles noch kinne. Ut Klaailôn en hij binne dur baide noch. |
|