De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdVot stilder, vot betterSe hôden befrijingstsjinsten en deadebetinkingen te Fervet, dy maityds fon '45. Leed en lók vienen dur fon baiden net te min. Op 'e Mûndersloane vie gjin lók, ollinnech fertriet. Sels ut brjifke fon Saepke dat de pop der wie en alles goed en ynoarder, brocht gjin blydskip. It wie in jonkje, en hy soe Efy hite, skriuwde Saepke. Hy wie sechstjen april kommen, krekt nei de befrijing fan Ljouwert, dat wie in gunstich teken. Mem moast mei in wike of wat marrus delkomme, noege Saepke. Mar dêr vie gjin tinken fon, Eelkje vie noch mar kwalek ver óp fwótten, ut vie net heal fertraud dot se ollinnech mai de bus nai Ljauet gyng. No ja, Richtsje soe mai kinne, mar stel dot mem durhinne foel yn Ljauet, se vie ómmes noch sa slop os un dwail. Nee, Eelkje gyng net, se siet skriemend ut brief te lêzen, yderkear fonnijs, krektsalang oant de trjinnen ut skrift ónlêsber makke hienen. Dur gyng ek net un brjifke veróm. Têke soe skrjowe, sai Eelkje un vyke of vot letter, mar Têke liet oas neat heare os vot gegróm en dêrmai vie dot fon 'e baan. Ut vie fwar elkenien un hele toer óm ut libben ver yn 'e ôde fûgen te krijen. Se hienen te lijen hôn, se vienen trape. Noot de pûpen ferdreon vienen, koe de rekken ópmakke vurre. Yn 'e oarlogsjirren hienen se de kop durfwar hôre matten en hienen se besteld vest mai de daistege noed óm yten, brônje en klaaiing. Noot se yn 'e lijte foelen, koenen se ûnder êgen sjen hû slim ut vest hie. No koenen se skrieme, mar no koe ek de haat en de vrek úttering krije. De pûpefreonen kealskeare en óp har soademyter slaan en ópslútte. Nea soenen dy rotsakken ver oan 'e bak kómme maie. Vaat har goed hôden hienen yn 'e oarlog, dy soenen ut no fwar ut sezen krije en swargje fwar un bettere vrôd. Nee, ek gjin verómkear nai de minne tryteger jirren mai syn jermoede en vurkferskaffing. Brekke mai ut ferlyne en stride fwar un rjóchtfeadege mienskip. Mar fwart se begjinne koenen mai de verópbau, mwast east yn 'e | |
[pagina 460]
| |
slimste need fwarsjoen vurre. De hóngerefakúees mwasten veróm nai ut vesten en ûnderdak brocht vurre, de úthóngeren en ferlitten mwasten ópvautere vurre, oan klaaiing vie slim gebrek en olles mwast klinzge en binzge vurre óm de lúzzen en de rúdde út te rûûgjen. Vaat sónder slimme óngemakken de oarlog tróch kómmen vienen, slagge ut navenont ut bêste óm ver yn ut ôde spoar fjidder te sjutteljen. En, vot mar un gelók vie, de daistege dingen easken har hontrekken. Oarlog of gjin oarlog, ut túg vûûks dur lyke hud óm, de byten en de rjappels nammes ek en de kij mwasten mólken vurre. De arbaiders trapen ver yn grutte klóften nai de boeren óm ut lôn te berêden. Dur vaar stykelstutsen, skytbûtst, dóngriden en grippele lykos oltyten. Nammes dur vaar ek traud en frijd en benne. De natuer is amoreel, mar doch kin un minske him dur mar ut bêste oan oerjaan. Dot die Têke ek, dyt de Lytse Loane út hómpte óm te bytvjoeren, en dot die Richtsje, dyt de flêgen oer har kómme liet en ut libben jûûg oan un lytse Eelkje - Eke soe de rópnamme vurre. De ôde Eelkje vie net óptain oer har twadde beppesezer en ek noch vól un genamt, se skriemde súntsjesvai sittend oan 'e teetafel yn 'e keamer dêr yn ut Klaailôn. Mar se raizge ol nai Fervet te pópbesjen, en se gyng ek nai de dooptsjinst. Dur kamen dy naisimmers fon '45 twa mônlje fon 'e jeddere ûndergrûûnske bij Têke en Eelkje. De iene vie plysje, mar hij hie ut pak net oan, dot êge fwótendaleks sa, sai ur. De oare vie un gevoane mon, mar dy die meast ut vud. Hij hiet fon Ealsma. Se voenen vitte vot him no krekt ôspyle hie mai Harrem fon 't vinter. Ut hienen Dútske sóldaten vest dyt him óphellen? ‘Javis, fjauer mon,’ kraaide Têke, ‘fjauer mon óm ien san jónge! Os vie 't un easten misdiedeger!’ ‘Nee, twa,’ sai Eelkje, ‘ut vienen mar twa.’ ‘Vij bedoele de lêste kear,’ sai Ealsma, ‘dût ur net veróm kómmen is. Dû vienen ut twa?’ ‘Dêr vit ík neat fon,’ sai Têke, mar Eelkje knikte. Twa hienen ut vest. ‘Dútske sóldaten?’ ‘Ja.’ ‘Praten se Dútsk?’ ‘Ja.’ ‘Vot sainen se don, vit jo dot noch?’ Dot vist Eelkje sa krekt net mear, ‘mytkómme’ of sókssavot. ‘Havve se noch mear sain?’ Harrem hie avvenseare matten, dot hienen se sain. Mar vudlek vist Eelkje ut net mear, se vie ut Dútsk net machteg. En dû voenen se fon dy earste kear vitte, dût Harrem ylegaal slachte hie en ferklapt vie. Dû vie ur óphelle tróch fjauer mon, sat de boer ol sain hie. Têke glundere, vis fjauer mon. Dy rotsakken fon Marem! Dy vienen him gau smeard fwart de Kanadezen kamen, oas vienen se jir ek net libben vaikómmen! Koe Bosma dy sóldaten fon oansjen? No, dot vie te sezen, no nee, mar se hienen Harrem | |
[pagina 461]
| |
ópsletten te Marem. En hij vie nai un pear dagen ver frijkómmen? Ja, no ja, se hienen fonsels olle flais kwyt vest. Mar dy slachtersfaint, dy Oevering, dy hie doch un pear mwanne fêst sitten yn Ljauet. Sa besjoen vie ut núver dot se Harrem sa gau ver gean litten hienen. Hie Harrem dêr neat oer útlitten? Neu, Harrem hie neane oer praat, sai Têke. Eelkje hôde har stil. Se vist noch krekt hût Harrem de doar ynkómmen vie, ut vie de dais nait se heard hienen dot swêger Iede deasketten vie en de Joadinnen fwótfierd. Se vist noch fon har aigen kwea tinken, se hie him oer ómke Iede ûnderstien en frege ot hij dêr mear fon vist. Mar de jónge vie dur net mear en se voe un deadenien neat naidrage. Hienen se dur ek mai Saepke oer praat? Mai Saepke? Nee, Saepke wie doe ommers allang nei Ljouwert ferhuze. Ja, dot visten de monnen, Saepke wenne yn Ljouwert, se hienen har adres. Op Saepke koenen se grutsk wêze, dy hie har goed hâlden yn 'e oarloch. Of visten se dêr ek neat fon? Nee, vot visten se fon Saepke, dy wurke yn 'e pastory en kaem tenearsten wolris in middeiskoft op 'e loane, mar yn 't lêst fan 'e oarloch wie dat minder wurden. No, dat wie miskien ek tige ferstandich fan Saepke, dat se har âlden der buotten litten hie, mar it wie sa, Saepke hie belangryk wurk dien foar it ferset. En dû kamen se ver veróm óp dy skiere middy yn jonnevaarje, dût Harrem óphelle vie. Vist de frau hókker kônt se útgien vienen? Nee, dot vist Eelkje net, se vie de hûûs ynflain. Se sêg him ver fwar har sat ur tusken de baide sóldaten ut hiem ôklómpe nai de loane ta. Dot hie ut lêste vest dot se fon him sjoen hie. Se soenen him vól nai Marem brocht ha, ónjerre Têke. De monnen skódhóllen, dot vie net sa. Nee, hij vie net nai Marem brocht en ek net eane oas hinne, ek net nai Dútsklôn. Ut spoar rón dea. Se vinsken sterkte en nómmen ôfskied. Ut hienen gjin Maremers vest, dêr vienen se vól vis fon. De Maremer plûg vie snipt yn Nwad-Hollôn en óp fersyk fon de BS yn Fryslôn fêsthôden. Se hienen ferskillende sóldaten fon 'e post ûnderfrege, en de Inspektor hienen se de kop blwódreg slain, mar de monnen hôden fól sij hienen Harrem net deadien. ‘Der Herman war ein Freund,’ sainen se. Bóppedot, sij skeaten nóit ien dea, dêr hienen se ut rjócht net iens ta, sij pakten minsken óp en stjoerden se nai Ljauet. Ollinnech os ien útnaaide, don móchten se sjitte. De lieding fon ut ferset yn ut rajón Stiens, dêrt Marem ûnder foel, ónjerre ut vie ut bêste en sykje de saak net oant óp 'e boom út. Harrem hie un gefaar vest fwar ut ferset, un potinsjeel gefaar yn olle gefollen. Sels syn aigen suster hie dot ynsjoen. Mar sij hienen gjin | |
[pagina 462]
| |
óopdracht jûn óm him te lykwydjerjen, vier net. Dur vie grif helendol gjin ópdracht ta jûn. Gwódden fon ut ferset út Marem of Hôlem hienen nai olle gedachten ut rjócht yn aigen honnen nómmen. Mar va krekt, dêr hienen se gjin aan fon, en se hienen dur ek neat gjin ferlet fon óm út te sykjen vaat dot vest hienen. Liet de saak mar blau-blau, dot vie ut olderbêste, fwar syn ôden, mar benammen ek fwar syn suster. Dy hie oan 'e goede kônt stien en dot frómmeske hûgde mun net mai un faute broer óp te skypjen. Ut solydarytijt mai Saepke mwast mun ut ûndersyk mar stake, voenen se havve. De jestmes kaam Richtsje mai de Ljauter kronte óp 'e pôle. Hienen hait en mem vól sjoen dot Saepke duryn stie? Nee, sijsels ek net, mar ien fon 'e klonten hie har dur óp viisd. Sjug jirre, dêr stie ut: Saepke hie in ûnderskieding krigen foar har wurk yn it ferset. ‘Mejuffrouw S. Bosma te Leeuwarden, gedurende de oorlogsjaren werkzaam als dienstbode bij de Hervormde predikant te Marrum, voor haar verdiensten voor het ondergrondse verzet, in het bijzonder de coördinatie van gezamenlijke acties.’ Ut gyng ut begryp fon Têke en Eelkje tebóppe. Wat hie Saepke útheefd? Mun vist net better os se hâlde de boel yn 'e pastory skjin en heel, sear it iten, kundege besite foar dûmny oan, sette thee en snijde koeke as der in fergadering oan hûs wie. En se diich alle boadskippen suver. Dûmnys mefrau vie un ôd viif, dy sêg mun kómselden óp strjitte. Saepke dy ron mei it wite skelkje foar nei de bakker en de slachter. En in inkele kear hie se ek wol nei Ljouwert of Dokkum moatten om in boadskip foar dûmny te dwaen. Safólle vist Eelkje vól. Dûmny vie te ôd óm te fytsen, mar Saepke wie jong en fluch. Ut koe doch ek net óp un oar frómmes slaan? Mar nee, de herfwarme dûmny vaar ómmes neamd, dut wie har eigen Saepke. Eelkje suchte, se hie sa miend dat it fanke dêr goed te plak wie by dat âlde dûmnysechtpear, en Saepke hie doch altiten sa'n deeglek fanke west. Mar sa sêg mun mar ver, se vienen kwalek út juns êgvaid of se hellen fonolles út, yn it ferset en in bern ha moatte. No, no mwast de kronte mar ver fon 'e tafel en Richtsje mwast him mar ver mainimme. Voe mem ut net útknippe? Nee, dot voe mem net. No, don soe Richtsje ut stikje sels bevarje, vont se fûn ut doch hatstikke machteg fon Saepke. Richtsje kaam út en tróch óp 'e pôle, mar dy hie ut bonneg mai de vinkel en ut lytsfanke. Se vie yn ut lêste oarlogsier traud en ol rillegau swier rekke. Os Eelkje ut goed sêg, don vie dur no ol ver ien ûndervais, mar se voe dur net nai freegje. Un jónge frau jerde har mem dêr sels oer yn te ljochtsjen, tocht har. Richtsje prate ol os se de doar fon ut ôdershûûs iependie en se prate noch os se fon 't | |
[pagina 463]
| |
hiem ô fytste, en hût ut mai mem vie, vist se nai san middy neat fon, vont dy hie gjin kôns krygen óm dur un vud tusken te bringen. Mar Eelkje hie ek nea sa gemiensem vest mai Richtsje, ut vie lang un bên bleon, en no noch vinlek, noot se sels ol un bên hie, se nóm ut libben fwar bwatsjen óp, lyke ut vól. Saepke, dy't nei har eigen mem útskaeide, dêr hie se mei prate kinnen, dy gyng net licht oer de dingen hinne, dy sêch de earnst fan it libben yn. En doch en doch, dy skriklike misstap, hoe hie se dêr ta komme kinnen? Se voe net skrieme os Richtsje durbij vie, se harke nai har praat en glimke no en don. Och, ut vie praat dot gjin fel óm 't got hie, praat óm praat te hôren. Mar sa vie Richtsje. De simmers fan '46 kaem Saepke in pear dagen útfanhûs mei de lytsjonge. Eelkje dykere vakker óp lytse Efy óm, mar se koe gjin skainplakken of krupsjes gevaar vurre. Sa fwar ut êg vie ut un heel gevoan bên, dot ut gjin hait hie, sêg mun dur net ô. Of soe him dot letter noch óppenjerje? Saepke wie feroare, stelde Eelkje fêst. It wie net mear it sêfte, bedêste fanke fan foarhinne. Der wie wat bitters om 'e muolle en de êgen stienen hurd. Of hie dat yn 't lêst fan 'e oarlochstiid ek al sa west en wie it har doe ontkommen dat Saepke oars waer? As se it har goed yn 't sin brocht, dan ja, se kaem doe sa faek net mear, mar doe hie se soms ek al dat fûle oer har hân. Se wenne no yn Hilversum, mar it doel wie skielik Amsterdam. San grutte stêd, jermoede Eelkje, en vêróm net tichter bij hûûs. Hjir op 't fuottenein grif! skampere Saepke. Nee, se hie hjir mei de boel ôfdien. Se hie fan 't winter typen leard en siet no op in kentoar, âlde kunde út it ferset hie har oan dat baentsje holpen. As Efy wat grutter wie, en safolle soarch net mear easke, woe se oan 't learen, sonder diploma's koe men niks. Eelkje hearde ut ollegjerre oan en ut sinnege har neat. Se brocht ainleken de fraag óp ut oljemint dêrt se ol oarelier mai ómtoppe: hie de hait fon Efy har net ha vóllen? Ha wollen? Sy woe him net ha. Dot begriep Eelkje net goed. Mun koe doch net os frau ollinnech..., en Efy don, hie se dêr vól oan tocht, dy mwast doch un hait ha? Of hie ut un traude mon vest? Mem moast deroer ophâlde, it hie gjin sin, it wie no ienkear bard. Se hie it sels ek leaver oars hân, mar it wie no ienris sa. Dût Têke duryn kaam, pakte Saepke de lytsjonge fan 'e flier en plante him op 'e skurte, as wie se bang dat Têke him wat misdwaen soe. No, dus, dêr vie se mai de lytse oervinneling, smeulde Têke. Ja, en as it heit net oanstie, dan soe se wol gean, mar se woe gjin praetsjes opfrette. Dû sette Têke him yn postuer en begón te bearen fon hij os húsfader en hait dyt sa ut ien en oar te sezen hie oer syn | |
[pagina 464]
| |
bên, en ot se vól tróch hie hókker skonde se har ôden oandien hie? Mar Saepke wie al oereingien, se triuwde de wiete ruften fan Efy yn 'e tas en begon it jonkje yn te pakken. Dû skriemde Eelkje fon dot Têke swije mwast en se vienen ol ien bên kwytrekke, voe ur don twa kwyt? Dû gie Têke sitten en liet him kófje tapaaie. Hij próttele noch vot nai os un ônimmende tóngerbui dêrt gjin slaggen mear út kómme, en ol rillegau ferdwûn ur yn 'e skwórre. Eelkje bekende skriemend, se hienen ut dur vól swier mai hôn, dot mwast Saepke doch vitte. Hait ek, ja, hait ek. Hait lyke hud, mar dut hie ur him osa nai nómmen. Hie Saepke dur no sels frede mai, dot ut sa gien vie? Nee, dat hie Saepke net, mar dan tocht se oan wat oars, oan dat stuit dat se út 'e pastory gien wie en oan dy tiid yn Ljouwert yn 't lêst fan 'e oarloch doe't se har fan God en alleman ferlitten fielde. Gjinien wie har benei kommen, as hie se rude hân. No skriemde Saepke ek, se hie alles allinnich ferarbeidzje moatten, gjin mins dêr't se mei prate koe. En dêrom wie se út Ljouwert wei gien, en dêrom soe se hjir nea werom komme. Se wie skriklik yn 'e steek litten troch de maten út it ferset. Se hie in ûnderskieding krigen, ferline hjerst, mar dat fergoede neat. Se fielde har bedragen en ferspuid. Mar dat soe se mem net oan 'e noas hingje en nimmen net. Se soe it wol ferarbeidzje, yn Hollân soe se in bestean opbouwe, en liet se hjir dan mar yn in knoop waeije. De jûûns kaam ut praat duróp dot dur de fwarrege simmers twa mônlje fon ut ferset vest hienen dyt olles oer Harrem vitte voenen. Letter vie dur un brjifke kómmen dêrt yn stie dot se gjin spoar fon Harrem fûn hienen. Offysjeel jilde ur os fermist, mar se koenen de femylje gjin hoop jaan dot ur veróm kaam. Hij soe vól dea vêze. En meskjin kaam ut nochrus oan ut ljocht hû en vot. Wist Saepke ek neat? Dy hie doch yn it ferset sitten? Mar Saepke wist neat, se siet doedestiids ommers al in pear moanne yn Ljouwert en hie mei nimmen omgong mear. Mei gjinien, sei se nochris mai klam. No nee, mar ut hie kinnen. En dû begón Eelkje jitrus oer Hinke, dot dy sa sneu dien hie mai de begraffenis fon Iede. Vot tocht Saepke dêr no fon, mwast mun dêr vot achter sykje? Sij hienen Hinke doch neat misdien? Saepke ornearre it hie gjin doel om jin dêr de holle oer te brekken, it wie no ienris bard en de dingen nommen gjin kear. It soe wol wer saksearje mei muoike Hinke, en oars mar net. Mem moast dêr net mei ompakke. De oarloch wie dien, en no moasten se sa gau mooglek alles ferjitte en op 'e nij begjinne. Ferjitte, kriet Eelkje, Harrem ferjitte? Ja, sei Saepke, Harm ek. Yn 'e jest fon '45 vienen de trije klokken út 'e Ferveter toer | |
[pagina 465]
| |
ónskonsjerre verómkómmen. Om't se sa ôd vienen hienen de pûpen se salang mooglek sparre en se net fwótendaleks ómsmólten ta gernaten. Ut vienen óp ut lêst lju mai gefoel fwar kultuer. En no hóngen se ver heeg bóppe yn 'e toer en varen middys twa oere en jûûns sais oere let. Bij ut ver yn gebrûk nimmen fon 'e klokken hie ien fon 'e sprekkers sain dot de nammen fon dejingen dyt yn 'e oarlog fôlen vienen tróch Dútske hôn net fergetten vurre móchten. Dur soe un monúmint kómme mai de nammen duróp, of yn olle gefollen un tinkplaat bijgelyks oan 'e tsjerkemwórre. Dur vie útsoate un kómmytee óprjóchte dêrt ûnder oaren de bwargemaster, de herfwarme dûmny - de bwargemaster vie griffemead - en de feedokter sit yn nómmen. Dy lêste vie frijsinneg, of sat se te Fervet plichten te sezen: ‘un bytsje mear os neat’. Mar hij hie de lieding fon ut ferset hôn, dot mun koe him min fwarbij. Ut útfierend vurk kaam fwar un stikmonnech iverege kómmyteeleden mai minder soasjale states óp. Dur mwasten yntekenlisten kómme en dur mwasten lju bij de dwarren lôns en dur mwast oer redendeeld vurre votfwar soate fon monúmint dur kómme mwast. Un grut dwarp os Fervet, en bóppedot haadplak fon 'e gemeente, dot koe vinlek net ta mai un simpele plaat oan 'e tsjerkemwórre. En bóppedot siet mun mai ut fait dot dur twa tsjerken vienen te Fervet. Soenen de Griffemeaden dur frede mai havve os dy plaat yn 'e herfwarme tsjerkemwórre ynmitsele vaar? En don hie mun de frijsinnegen noch. Nee, fwar olles vie ut better dot dur un monúmint óp ut Frijhof kaam, dot vie midden yn 't dwarp, dot vie ut oerôde sintrem, dot vie fon gjinien en dus fon ollegjer. Un slim punt vie, va har nammen mwasten dur ollegjerre óp? Ollinnech de fersetslju dyt fôlen vjinnen of ek de ûnderdûkkers dyt snipt vienen en yn Dútsklôn ómkómmen vienen? Ja, dy fonsels ek. Mar dur vienen ek minsken dearekke tróchdot se mai vapenark oan 't pielen vest hienen, dy vienen doch ek tróch vapengeveld oan har ain kómmen. Mar oaren ónjerren, dêr vienen de Dútsers net mondeleg oan, dot vie aigen skuld, ûnder har sain, klearebarre ónfersichtegens. Dy dus net. En bij ainslútten foel ek de namme fon Harrem Bosma. Dot vie un probleem, vont dy foel yn gjin inkele kattegory, nimmen vist ómmes krekt vot dur mai him bard vie en vaat dot don dien hienen. Neffens syn ôden hienen twa Dútske sóldaten him mainómmen en vêróm soenen dy minsken lige? En os dot dus sa vie, no don jerde Harrem syn namme dur ek bij. Dût se de fwarriedege list bij femylje en freonen naitsjekten, die blyken dot dur krekt oer Harrem tige óngelykens tocht vaar. Gwódden fon syn maten sainen, | |
[pagina 466]
| |
hij hie yn ut ferset sitten. Mar de fersetslju visten fon neat. Ollinnech master Rinsuma fon Blije, dy koe ynljochtingen jaan, mar dy vie net bótte posytyf. Hij hie Harrem ôsôte, sai ur, hij fertraude him net. Nee, net dot ut un ferrieder vie, mar fjiste loslippeg, fjiste bluistereg. Sókken koenen se net brûkke. Dur vienen ek gwódden dy sainen dot Harrem net doogd hie. Siet ur net oates en toastes óp 'e post te Marem? De boer út 'e Ryp dyt se tonten, hie gjin goed vud fwar Harrem oer. Dy fint vie Dútskgesind, dot vie sa vis os de bank. Gjin lókkeger dai yn syn libben os dût syn dochter de ferkearing útmakke hie. Se lainen ut probleem fwar oan 'e bwargemaster, de dûmny en de feedokter. Dy mwasten de beslissing mar nimme. De feedokter sai, mar ek ollinnech tsjin 'e bwargemaster en de dûmny, dot ut grif net doogd hie mai Harrem Bosma. Mar vot stilder, vot better fonsels, syn ôden libben noch, syn suster venne jir yn 'e bwórren en syn oare suster hie yn 't ferset sitten. Ut vie slim genôch fwar dy lju. En meskjin hie Harrem net iens safólle ferkeads dien, mar ut spul hie grif lúzzen hôn. Se fûnnen út, Harrem syn namme koe dur net bij, vont hij vie offysjeel fermist, en net dea. Os syn lyk fûn vaar en de tadracht kaam oan ut ljocht, don soe syn namme dur oltyt noch bij baitele vurre kinne. Dêr koe elkenien frede mai havve. Ut dwórre nammes noch gôns jirren fwart ut stônbyld dur vie. Ut lai him net oan 'e byldhauer, dyt de ópdracht akseptjerre hie en har un skóft óp 'e tok hôden hie en bij ainslútten sain hie dot ur ut te bonneg hie. Dot ferhaal fertelde ut kómmytee. Mar ut vie un bytsje oas, de mon dyt óp ut jild poste, hie dur un moai got yn makke. Ut hiet east vakker hij hie ut jild fon 'e Boerelienbank helle ómt ur yn Ljauet mear rinte krije koe. Ut vie vier, dêr hie ut un skóft stien, mar no vie de helte poater. Skondalegervize vie ut ek noch un fersetsmon, ut vie bij de vylde spinnen ómt ô. Dêr koe gjin ruchtberhyd oan jûn vurre, dot sai himsels. De feedokter nóm óp him óm ut jild oan te súverjen. Bij un monnech graue frijsinnege boeren skoaide ur ut jild bijenwar. Mar gjin praat durfon, vot stilder, vot better. Ut monúmint vaar yn '56 ónthuld. Ut stelde un mon fwar dyt óp ien knibbel lai en yn 'e iene hôn un bots en yn 'e oare un gevear hôde. ‘As 't nedich is’ stie durûnder, fwar de lju grif dyt de simbolyk óntkómme mócht. San fólfretten fersetsstrider os jir yn kolkstien úthaud vie, hie dur nai olle gedachten yn 'e hele oarlog net vest. Fon postuer lyke ut byld noch ut measte óp Eeltsje Boates Folkertsma yn syn goede jirren, mar dot vie óp 't lêst ek un Ferveter. |
|