De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 449]
| |
Epyloog | |
[pagina 451]
| |
BiezemskjinSyn kopijskrjowers hat Tilly dienjûn, ôtanke en ôsôte, hij stjit dur no ollinnech fwar. Dusse put kin nimmen him ta helpe, dêr mat ur sels mai rêde. Hij mat ut bûk ômaitsje. Sóks kin mun net oan ynhierde krêften oerlitte, sóks mat mun sels dwaan, sels de lêste hôn leze oan vot mun begón is, de rekken ópmaitsje en ôskied nimme. En lykos olle kearen dot ur sóks dwaan mwast, fielt ur him fertrjitlek. Ut hûûs dot ur fon vudden baud hat, mat ur aanst ferlitte en ut kôde en mistreastege libben ver yn. Ut ôskiednimmen is him olle kearen swier fôlen. Sóms vie dur ek un gefoel fon ópluchting, dot ut ainleken ollegjerre fwarbij vie, sóms hat Tilly de selsbaude vuddevrôd ferneategje matten óm him te twingen ta de gevoane vrôd veróm te kearen. Ut ôskied fon un bûk is tagelyk ut ôskied fon un stik libben, mun is vot dierbers kwytrekke en ver un stap tichter bij de dea. Havar, ut hat ek gjin doel óm tsjin 'e dea oan te sjen, vont vij vitte ómmes dot os dut iedsk hûûs, de tabernakel dyt vij bevainje, brutsen vurt, vij un gebau fon God havve, un hûûs, net mai honnen makke, mar iveg, yn 'e hymelen? Dy visseghyd havve vij doch? Iede ta iede, jiske ta jiske, stof ta stof, dêr ferblikke vij net fon, vij dógge krekt os is dur neat te rêden. Se seze dot ik swatgolleg bin, myn lêzers seze dot en Tiny Mulder sait ut ek, mar ut is helendol net vier. Ik fyn ut libben ollinnech mar kloaten, mar dot mai doch? Ik bin joet helendol yn un stimming fon ‘Ga mij niet voorbij mijn Vader, zie hoe ik in stilte lijd. Trek mij met Uw koorden nader, zegen and'ren, maar ook mij.’ En no vit ik vól ‘Er komen stromen van zegen, dat heeft Gods woord ons beloofd,’ mar ut dwórret ollegjer sa ferhipte lang. Ik bin dur noch lang net oan ta óm fól oerjefte te sjóngen fon ‘Eens was mijn hart vol duisternis, maar God sprak eens: Daar zij licht! Nu heb 'k een hemel reeds op aard en een hemel nog in zicht.’ Ut mai net lykje. Ja, ik sjóng ut vól, mar ik mien ut net. ‘Tel Gods gunstbevizen ien fwar ien,’ hôr ik mijsels don fwar, ‘tel se ollegjerre en ferjit net ien. Tel se jimmer, neam se ien fwar ien, en don sjukst en saist: dot hat Gods leafde dien.’ Nee, ut is mis joet, ik haf ut famke dot mij het en hôn jûûg oerdai | |
[pagina 452]
| |
ol ver út 'un treore óp ut tsjerkhôf rêste litten en sels haf ik befêstege stjerre te vóllen yn ut ôde Fryslôn. Fryslôn is myn libbens sin, dêr vaait ut oltyten fon autoos, trekkers en fytsen, dut is ús lôn javis, mar selskastijen is 't óm jir te vainjen. Ut kin ek ollegjerre neat skele vot un skrjower de vrôd yn stjoert, sin en ónsin, os ur de boel mar ver netsjes achterlit. Biezemskjin, krekt sat mun un leeg hûûs ópleverje mat. Un oare skrjower kin don hinnegean en rjóchtsje ut hûûs yn sat hij ut vól. Oername sil dur net bij vêze, nim ik oan. Yn olle gefollen, ik ha dur gjin nócht oan óm oer de priis fon gedynen, dóg-ut-sels-parket, gevelkachels, treplopers, fêste flierbedekking ensafwóthinne te hondeljen. Ik sloop olles durút en smyt ut bwótten óp un bult. Vaat dur vot fon syn gading yn fynt, mai ut óm 'e nócht havve. Mar hij mat avvensjerje, oas is ut fwót. Os ik olles bwóttendwarren ha, stek ik de brôn duryn, en vot net bane vól, gjit nai de oerslag. Mar ik kin 't mij amper fwarstelle dot ien jir of dêr gading oan makket. Têke Módderklauer? Nim mar mai dy ôdkearel, hij is óp 't stjerren nai dea. Of voe immen syn spultsje oan 'e Mûndersloane havve? Ut stjit óp yndónderjen, mar nim ut mar. Ut Bwarrisme? Dot is ópgien yn oare streamingen en net veróm te fynen. Richtsje, de bakkerinne? Se mai vól un nacht yn 'e gleone ûnne fwart se te genietsjen is, mar myn saine ha jim. Ut dwarp Fervet? Dur is gjin inkeld moai plakje mear te fynen. Harkje norus, olles vêrt ik fon skreon ha is dea of fergien of ôbrutsen of tichtsmyten of roalferkavele of fwótsanjerre of óm úttens tain of samar vaivurren of útsukkele of bedóbbe of fwótspield of ynenwar sakke of fervettere of oersljóchte of bijlain of yn 'e fergúljemûnne bedarre. En ik haf neat nijs ópkómme litten dot takómst yn hat en dêrt vot út vaakse kin. Fon ôde dingen haf ik praat, fon dingen dyt fergean mwasten en gjin fwótsetting krygen. Lit mij de boel ópstoke, jim kinne dur ómmes neat mai, ut is ôde rotsoai. Vês net sa dwaas óm un ôd skilderijke út 'e brônsteapel te skwórren, of san moai ontyk teeblikje, san kúryeus piperekje of vot ek. Vot langert jim dy ôde trûp bevarje, vot langert de oantinkens plêgje. Opstoke dy hondel, en ferjitte, vier. En fertel vot nijs. Fonsels, mun kin net samar út un ferhaal stappe. Ut mat syn ôrûnning krije en un beslút. De lêzers ha dur rjócht óp óm te vitten hût ut fjidder mai dy en dy gien is en hût dot en dot ôrón is. Har fragen matte beöndere vurre, dot se vitte, sa siet dot dus, tsjónge noch ta. Ik sil mij net fwar dy plicht vaivyne óm un ain oan dut ferhaal te draaien. Oer de Módderklauers mat ik noch viidvaideg óp 'e tekst, benammen oer Têke fonsels. Mar ek dy Saepke moat ris | |
[pagina 453]
| |
foar de skynljochten helle wurre, want dy hat har gerak net rjocht krigen. En ut dwarp Fervet, dêr kin 'k mij ek sa net ômaitsje. Fjidder noch vot lytse dinkjes, en don is ut dien. Don kin elk tefreden suchtsje, of óm myn pat vronteleg vêze of ónfóldien of teloarsteld, mar don ha ik de put durút. De lêzers kinne ut bûk ticht dwaan en gapje en óp bêd gean. Ut bûk yn 'e kost en nea ver ynsjoen, fergetten, fersónken. Sa jert ut. Ut is neat n't slim óm ferhalen yn 'e vrôd te bringen, mar se matte dur ek ver út, oas vurt ut jir san rotsoai. De skrjower mat durfwar swargje dot syn ferhalen fwót vólle, se matte ver óplosse yn ut neat. Net bevarje dot ôde gwód - lyteratuerhistoarje, vot un ónsin. Jo bevarje doch de switsokken fon jo oerpake en de smwarge bwósdûkken fon jo oerbeppe ek net? De dingen havve yn har tiid har nut hôn, maie vij rekkenje, se binne brûkt en tenain brûkt en don mat mun se fwótbruie. Lyteratuer ek, dot is fwar de tiidgenoaten, óm ut te brûkken en don kin ut oan kônt. Biezemskjin, dot nije skrjowers net east de ôde rómmel óp hûgge te rêden jert se har aigen ferhalen stôle kinne. Lit mij don east ut lytsgwód óprêde. De Frieske beveging, hû is ut dêrmai ôfrón? Tusken '60 en '70 is dy ta fwótten út rekke, sa lykernôch yn 'e selde snwórje dot de genieren belies jûgen. Grif is dot net tafolleg, ómmes, de Frieske bevegers vienen ek ollegjer lytse vrótters dyt nacht en dai en har libbenlang beolegje mwasten óm de hólle bóppe vetter te hôren. Ut hat nea un krêfteg bedrjo vest, sónt ut begjin durfon mai Harmen Sytstra-en-dy vie ut un machteleas gepiel. Dy njóggentjende-ywers hienen dot sels ek vól yn 'e rekken en stelden har navenont beskieden óp. Vot bûkjes skrjowe en útsúttelje, vot krytebwatsje, un Friesktaleg krontsje en bledsje, vot vinterjûnnenócht, vot toneel - kwatsain, vot Friesk fwar de ferdyvedaasje. Mar beleaven gjin Friesk yn 'e tsjerke, óp skwalle of yn 'e bestjoerleke organen - dot vie fjisteheeg rikt fwar ut Friesk. Ut vie ómmes mar un boeretaal, un taal fon 'e húsleke en daistege dingen, gjin taal dyt óp ut plús fon 'e rjóchter of ut lear fon 'e kómmesares túsjerde. De twintegste-ywers hienen ut fólle heger yn 'e kop. Ut Friesk soe syn rjóchtlek plak mank de talen fon 'e vrôd ynnimme. ‘Fryslôn en de vrôd.’ Vaat ut no nochrus tróchlêst, dot bûkje fon Kalma, besaut him. Ut kin doch inkeld fwótkómme út un apsurde selsoerskotting, un sykleke vaan, de ûnderstelling dot Fryslôn un brêgefunksje besette kinne soe tusken Ingelôn en Skandynavye. Ot dy fólken oan vjeskônten ut Nwadderhêf nammes safólle belang hienen bij enwars kultuer, vie fwar Kalma gjin fraag, hij diktearde dot even. | |
[pagina 454]
| |
Lyke maklek os ur de Grykske, de Dútske en de Russyske kultuer teplak sette, kreërre ur un ‘Nwadseekultuer’ - un njóggentjenjirrege snotnoas út Raad soe de Ingelsen, Denen, Noaren en Sweden vól even ferdútse hût ut mai har kultúrele betrekkingen yn 'e takómst mwast. Kalma syn hait vie dur jóng bij vai fôlen en dy hie dus net yn 'e gelegenhyd vest óm ut jóngbaaske mai genôch slaggen óm 'e hassens needreghyd yn te druien. Syn mem sil him vól ferpópke ha: ús Daue fljugt ollemon oer, vot dy jónge net kin! Ollegjer vól te begrypen, mar ónbegryplek is ut dot de lju Kalma yndertiid yn fólslaine jênst oanheard havve en net yn gnizen útbast binne. No, fwót, Hof, dy hat him de gek oanstutsen, mar de grutte monnechte vie tige ûnder de yndruk; ‘Fryslôn en de vrôd.’ Nokes, nokes. Dur vie gjin Haytse-yem bijvêzeg óm vot múskeëfteg te glimkjen fon ‘Mun sait dur fon, mai Daue!’ Dur is temin gniisd yn dy jirren. Dût ut Striidbûn ‘Fryslôn frij’ un gearkómst hôde yn 'e skeante fon 'e seedyk bij Laaksem - olle fjauer leden vienen bijvêzeg - en fwarsitter Eeltsje Folkertsma un proklamaasje diktearde oan skrjower Inne de Jong, lai de Jong vól achter ut hontsje te gnizen. ‘Wy fen it Striidboun ‘Fryslân Frij’ habbe to stellen...’ Mar de Jong gniisde stykem, hij gniisde Folkertsma net yn ut gesicht út. De tryteger jirren tróch kinne ollerhonde orakelders, ôde en nije en ôd-Jóngfriezen, har bolbjirkene en ópblaasde ydeeën yn 'e krontsjes kwyt sónder dot dur fólle dalje óp kómt. Dur vurt rus un stykel stutsen of un bryke bek lutsen, mar de healvizelingen fwótgnize, dot bart net. De Frieske lyteratuer vurt os otentyk en sûn olternatyf fwar de dekadinte ynternasjonale osfoltlyteratuer oer stelt. Benammen de hollônske lyteratuer mat ut óntjilde, dy is fwar de dea ópskreon, dot is sa klear os un klûntsje. Dur sit gjin orysynalytijt mear yn, ut is ollegjer ymytaasje fon útlônske rómmel, stedske kunst, dyt net vwattelt yn ut sûnne fólkslibben. Echte fólkslyteratuer mat dur kómme, dot de earme lêzers har net mear hûgge te behelpen mai Courths-Mahler en Lord Lister. Dot dy Frieske fólkslyteratuer oas net is os un ymytaasje fon Flaamske, Noarske en Dútske twadderangslyteratuer, en dot de propagondisten oas net dógge os reäksjonêre Dútske letterkundegen naiprate, se havve ut net yn 'e rekken. Har krytysy sat ut lyket lykemin, of amper olteast. Dy gónne dur poerjênsteg óp yn mai reedleke argúminten. Vis, vij ha fólkslyteratuer noareg yn Fryslôn, mar ek lyteratuer fwar de fynprjowers. Se maitsje de healvizelingen net bespotlek, se behondelje de gekken mai respekt. | |
[pagina 455]
| |
Dur vurt net gniisd, fwar de Twadde Vrôdoarlog net en durnai noch net, dur vurt óp 'un bêsten gnyske, mar don binnendwarren. Olle pómmeronten gnysken efter Folkertsma syn rêg en ferhellen fon syn knóffelege avventoeren mai fytsen, fólpinnen, tillefoans en frôlje, mar yn ut iepenbier hôden se syn vôl óp en earen him os un greot ljocht. Hij belicheme de Frieske beveging en lyteratuer, mear os va ek. Syn stikken vie net tróch te kómmen en helderhyd fon tinzen vie fier te sykjen olmeast, mar hij vie har liedsmon. Nai de oarlog vurre de lju dyt ferkead vest havve út 'e beveging súvere. Gwódden krije un pear ier lang un skrjoferbod. Os dy maatregel bedoeld is óm de lyteratuer óp un heger nyvo te bringen, don hat ur gjin effekt. Se hienen better hinnegean kinnen en lees de lju dyt net skrjowe koenen un skrjoferbod óp. De beveging vurt nammes fon dusse súvering ek neat better, ut bljoot un benypt soadsje dot himsels noch oltyten beskôget os ut sôt fon 'e iede. Dur vurre óp útsloerde bóppesealen staile vudden sprutsen, rankúnnes útvjirre, kómpetysjestriden fierd, moasjes oannómmen en lieten sóngen, mar ut hellet ollegjerre neat út. Bonflókken vurre útsprutsen oer skwalmasters dyt Fryslôn de rêg takeare en óm úttens karjêre besykje te maitsjen, spytgnyskjend vurt rabbe oer saneamde fûle striders dyt un hollônske frau traud havve en har yn 'e húshôring ferbrekke. Yn ut hytst fon 'e diskusje vurre portefeuilles iepenlutsen en brjifkes fon ƒ25 óp 'e tafel lain fwar ut propegondefûûns. En no do, mai dyn grutte bek! Vot laisto dêr naist? Ut mankjerret dur noch oan dot se harsels yn 'e jerrems fykje óm út te fynen yn vaans ieren ut Frieske bloed ut krêftegst bûûnzet. Ut siket óm ut lêste, dot is dúdlek. Tilly hat noch krekt ut stutsje fon 'e beveging maimakke... en noch un klap fon 'e moalpwódde maikrygen. Ynmoedeg hat ur sóngen fon ‘Gjin sjóngend fólk óp iede vurt varleas vai. Kóm Fryslôn ta dyn dieden en ta dyn dai.’ Mai lietsjesjóngen, mai stikjeskrjowen en mai bûksútteljen soe de Frieske striid vón vurre, javis. De ‘bwóttenvacht’ vie laks en sljo, dy mwast oertsjûge vurre, ‘De Haag’ vie de viere fijôn. Mar de Kristlek Frieske Jóngerain vist krekt hût ut mwast en beskôge himsels os de lieders nai en fon 'e takómst. Mar nai trauen en bênkrijen bettere dot ollegjerre oer. Gjin areghyd mear oan krytebwatsjen, fergaderjen, petearjen en demónstrjerjen, ut libben sette jun fwar seryeuzer dingen. Olle selskippen sakken ynenwar yn dy snwórje, koenen har bledsje net mear bekostegje, mwasten fúsjerje of gearvurking sykje, jûgen betelle maivurkers dien. Hûndetfiventwinteg ier nai Harmen Sytstra vie ut dien mai de grap. Vot mat noch mear oan kônt bracht vurre? Ut Bwarrisme, libbet | |
[pagina 456]
| |
ut, is ut dea? Nee, dot libbet noch. Heoreg en fleoreg, mai 'k faaks net seze, vont mun heart dur nóit mear fon. De hele organysaasje is ferdwûn en dêrmai de namme. Mar nai de geast bestjit ut noch, olles vot de ôde Bwarristen bestribje voenen, is langer ut doel fon elkenien. Ol vurre dur sónt jirren gjin Miene Gearsitten mear hôden, ol draagt gjin hûn mear un pwódsje mai kottekloaten óp ut bwast, ol lait ut efongeelje neffens de beskrjowing fon Floares mai de Bult fergetten ûnder ut stof - sels yn Wever syn antykwaryaat is gjin eksemplaar te besetten -, ut ferneuk en bedroch, ut yn 'e bulten jaaien, dwasse kneppels smyten, kloaten fwar 't blok setten, kónt durút skwórren, lûgen ôsjen, lêgen lezen, poatútlûkken, bedónderjen, êgen tichtsmaren, mai de bród sitte litten, blyne hynders fwar de doar lieden, yn 'e strónt sakje litten, en olle oare soaten fon rotstreken leverjen hat noch nea san fólksfermaits vest os notiids. Votfwar tsjerke of sekte of bwóttenrelygyeuze streaming de lju har ek ta rekkenje, se vurre ollegjerre fon 'e bwarristyske geast riden. Offysjeel is dur gjin Bwarrisme mear, mar ûnderhûûds libbet ut, dêr hûgt nimmen oan te twiveljen. Ut Klaailôn, vot matte vij dêr mai oan? Dur vrótte har gjin genieren mear óp dea, ek gjin boeren of arbaiders of hynders nammes. Dur binne no combines, rjappelset- en -sykmesynes, kunstdóngstruiers, bytekrûûdsnijers, bytelûkkers, drainearmesynes en ol sóksoate fon apperatuer. Dur gónne sóms jirren fwarbij dot un boer gjin módder oanrekket. De beneamingen swiere grûn, lichte grûn, knipgrûn, sônlôn, klaailôn binne yn ónbrûk rekke ómt ut dur langer net ta dógt mai hókker grûnsoate mun te maitsjen hat. Grûn is grûn, en de trekker hat de gek durmai. Dot, lit ut Klaailôn mar Klaailôn bljowe, nimmen sil him dur noch ferbeolegje. Mar os dot better of gaadleker is, kin dur ek un bósk óp oanlain vurre of un pretpark. Ut bwóttendyks lôn vurt verómjûn oan 'e see, dot is un útmakke saak. De legers vurkleazen dyt har dêr un krupsje vrót ha, oeren efterenwar mai de ljiskleazens oan yn dot kôde vetter, dy hienen har lykegoed beskyte kinnen. Mar dêr vie ut fólk destiids fjiste dimmen ta. Ynstee dêrfon hat ut Regear him beskyten. East mwast dur sa noareg lônoanmakke vurre, no mat dotselde lôn oan 'e fûgels en de see jûn vurre. Mar ut Regear hôrt dur gjin krupsjes oan oer, dot is un treast. De slag óm de tredde seedyk is fwargoed ferlen, sels de twadde seedyk sil ferdwyne. Havar, ut skeelt mij ut vurk: dêrt oaren mai ôveve, dot hûg ik net óp te rêden. Vot ha vij mear? Ut Dokkumer Lokaaltsje? Onee, ut is lyts fjitteg ier lyn dot dot fwar ut lêst riden hat. Ut hat yn 'e fyfteger jirren vest | |
[pagina 457]
| |
dût nai un stringe vinter de froast út 'e grûn triek en dur swarg vie dot de NOF-bussen de dyken ferrinnevjerje soenen. Yn '58-'59 ha se de dyk ferbettere en óm 'e dwarpen hinne lain, dû hûgde ut Lokaaltsje nóit ver te riden. Sónt kaam dur oas net fwarbij os un frachttrain, hinne en veróm fon Ljauet nai Dokkem, mar dot hat ek mar ta un tiid ta dwórre, dû hôde dot óp. Frachtautoos vienen gwódkeaper. De raljes rwóstken en binne letter sloopt, de bylzen ferkocht oan nijmwadrege túnarketekten. No leze dur loaze paden tróch ut lôn, dyt nimmen brûkt en nimmen ópret. Ol jedder vie ónjerre: brek de spoarvai ô en lees dêr de nije dyk ôp oan, dot is fwardeleger os ol dy rûnvegen en kostet gjin ekstra lôn. Mar dot koe fonsels net, dot vie ónnoazel praat fon 'e gevoane mon. De stómboat fon Loaiengas jónges faart net mear nai Ljauet, ut turfskûtsje fon Boanstra lait vinters net mear fwar de vôl, de pream fon 'e gemeente dêrt de strónt en de jiske fon ut skytfebryk yn fwótfean vaar is út ut lijen. De baide havens binne nammes tichtsmyten, dur is gjin skip dot Fervet noch berikke kin. Nammes, dot koe doch ol net mear, de Od Feat lait un daam yn bij de Bóllehólle en yn 'e Burmonjefeat leze vól trije dammen. Vot mat ik noch mear óprêde? De ôde Kleasterdyk, de Flappe dot gjin Flappe mear is, de Od Piip, ut Set? De mûnne óp 'e hûkke fon 'e Traan is kwatbij ôbaand, vól spyteg ja, ut vie un moaie mûnne. Va makket gading oan ut Tsjuster Singeltsje, de Kwaaiensreed, de Griene Loane, ut Olbetsreedsje, ut Baintemer binnenpaad? Don ek mar óp 'e bult. De iisbaan? Nee fonsels, dot hie 'k vitte kinnen, dy vur ik oan 'e strjitstjinnen net kwyt nai olles vot ik duroer skreon ha. Mar dy vellen soenen jim meskjin yn jim fwartúntsje yngrave kinne en dur un fóntaintsje fon maitsje? Ut is mar un ydee, jer. En ut binne fonsels vól kúryeuze dingen, vinlek te goed óm vai. Vypke en Japke binne dea. Dot hienen jim vól fervachte fonsels, mar dot spultsje dêrt ut jim óm gjit, dêr krije jim gjin finger achter. Vypke-en-har binne yn ut begjin fon 'e fyfteger jirren veróm gien nai Vómmels. Se ha un ventsje yn 'e bwórren kocht en dêr noch un monnech jirren yn grutte ienzens venne. Dur hat dû noch un ier of fyftjen un komelker óp ut spultsje sitten, en dêrnai binne ut lôn en de húzzing óp 'e bwódden kómmen. Ut spul hat east aigendóm vest fon un belizzer út Snits nait un strykjildskrjower duroanhingjen bleon vie en noch ver letter is ut kocht tróch un hege myter bij de fleanbazes. De mon is dur nammes hast nea, mar hij vól ut grif net kwyt. Ol dy oare geniersspultsjes fon 'e Hollemerhûkke oant Blije, | |
[pagina 458]
| |
dêr bin jim ek ol fjistelet fwar. Un arbaidersvent óp un pôle, dot kin nochrus slagje, mar ut fôlt net ta dur vot kreas fon te maitsjen en rûmte sit dur hast net yn. Vot haf ik fjidder noch te bieren? Ode skwallen bin dur net mear, de herfwarme sit un ferversvinkel yn, de griffemeade, de iepenbiere en de múlo binne ôbrutsen. De ôde tsjerken binne dur noch, mar gjin mins kin dy grutte bauvurken langer ûnderhôre. De bakjetsjerke, dêr soe mun ver un pakhús fon maitsje kinne. Ode snóbvinkeltsjes, petroaljevinkeltsjes, klómpvinkeltsjes, ollegjer ta fwótten út. Vól immen ut stônbyld óp ut Frijhôf havve? Un goedbedoeld earbetoan oan 'e oarlogsslachtoffers grif, mar óp himsels un mislek môl ding. Hienen jim mear belang bij de pómp? Nim mar mai. No haf ik de measte rómmel nai bwótten sjaud. Dur is noch un ôd loper, brûkt dût prinses Beatrix Fervet oandie. Dur binne noch vot kûlyzen, oerbleon fon un dwarpsfeest. De feesttint is dur ek noch. Meskjin ek noch vól prûkken en snorren fon ‘ut stik’, dot jerde dur dû sa bij. Printsjekronten, ôde platen, fon 'e skwalsolder kómmen tink. Un kerbydlampe. Havve? Un grammefoanplaat mai rare lûden, kjirmjen, rócheljen, smoaren, ôljen, lústerjen. Hij is skjin oanain draaid yn dut bûk. Om setstokken, sichten, raidsnijers, fyoelen, koperen sprûibussen hûgge jim net te sykjen, dy binne ollang fwót. Hat noch immen belang bij rare fetsoenen en vonskikken? Heksen, lykeskainers, vjervólven, fôlen ingels, dúvels en demoanen, fûgelskrikken, earkrûppers, bloedsûgers, sleep- en sjoelfwótters, óntholzen, ferbaanden, ferhóngenen, libben begrûven deade lyken of oar rosmos? Skrinkelmonnen, sjammen, lykstaasjes, begangels, nachtmerjes? Vól immen de piip fon 'e kopijskrjower? Ek ol net? Ik haf noch: un steal ôde Frieske dakponnen, ek noch un pear bijpossende glêzen ponnen en fwasten, de swatte rôk fon un bolkwórrinster, un eksemplaar fon 'e Libbensleare for de Fryske Nasjonalist, un monnech dreamen dyt net útkómmen binne, un steal anekdoaten oer Frieske fwaroanmonnen, vot briefpepier, un jelbizege frôljesfyts, un ôd ferhaal dot ol vittefaak ferteld is, fergees stwatte trjinnen, un fygúront dyt meskjin brûkber is yn un boereromon, de medalje fon Saepke-seepsop, sais vekflessen, de ferflaine hoop fon Eelkje Bosma-Westra, un skrift mai móppen, un bult ôd haut, bónkaten fon nai de oarlog, un pear jelslyten sokóphôders, vot rwóstege spykers, un pwódfól gaudsjeblómsied, un doas mai feestferljochting, un pakje aigenbau, un pet, un sekje kolkammón, un bus mai knikkets, ut snainze pak fon Harrem Módderklauer, un doas mai dûmny- | |
[pagina 459]
| |
hautsjes, un kleanstokje, un miggeflapper, un bakje knipers, un blaukyle en twa reaf jên. No helje ik de biezem tróch ut hûûs en vaat noch vot út 'e bult klaue vól, dy mat durbij vêze. Fonmiddy noch stek ik ut yn 'e brôn. |
|