De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdPylgrimsraizgjeYndertiid hienen Tilly-en-har un spultsje dot se ‘pylgrimsraizgje’ neamden. Mun mwast dêrbij ut hele dwarp tróchkrússe, mar sa min mooglek óp 'e strjitte kómme. Dot betsjutte dus: bij oare lju fwar de glêzen lôns, oer de hiemen, tróch de blikken, de túntsjes del, oer hagen en stekken. Núvergenôch vie ut un spultsje fwar snains, krekt os mun dur óp un óngaadleksten fwar klaaid vie. Ut vie oltyt ol un toer óm snaintejûûns mai ridlek skjinne klean tús te kómmen. Mar | |
[pagina 442]
| |
meskjin dienen se ut vól óp snain ómt de lju don ek yn 'e snainske prónk sieten te teedrinken en jun net sa gau achtemai kamen. Un tik óp ut rút of un vaskôgjende finger ómheeg, dêr bljode ut meastol bij. No hat Tilly ver óp pylgertocht vest, mar hij hat duskear net bij oare lju óp ut hiem vest, ol hie ur dot yn un inkeld gefol vól graach vóllen. De slimste oertrêding dyt ur begien hat is dot ur de Keepmaloane en de Raindersloane ópriden is, vylst dy neffens de grutte bwódden oan 'e kônt ôsletten vienen, útsain fwar ‘bestemmingsverkeer’. Dêr hat Tilly him don mar ûnder rekkene. Ryklek twinteg ier lyn hie Tilly fwar ut lêst oan 'e Mûndersloane vest, dût ur de lokaasje fwar syn romon útsocht. Dû hie ur de fyts fon syn ôdste broer liend, no vie ur mai de auto. Op oare plakken hie ur sónt syn benne- of jóngesjirren net ver vest. Tilly voe ut ollegjerre noch un kear sjen, de plakken dêrt ur bwatte en fiske en swolke hie. Hij sêg dur tsjinoan, mar ut mwast dur un kear fon kómme - mun kin de verklekhyd net oant yn olle iveghyd óntflechtsje. Hij hie ónjerre, dot mwast yn 'e maityd, os olles óp ut mwaist toande, vont hij voe ut dwarp un earleke kôns jaan. Mar ut vjirre him tsjin: pinkstermandy 1990, ut raint bijtiden dot ut mygt en jest óp 'e jûn kómt de sinne dur noch even tróch. De olvestêdefytsers dyt him tusken Drónryp en Ljauet temjitte kómme, binne grif oan 'e sek ta tróchwiet. Bij ut besynestasjon heukerje vot minsken óm, se freegje vêrt de EHBO-post is. Op ut Jeropaplain stonne twa plysjes yn rainjossen ut ferkear te regeljen, grutte slepen ferrainde fytsers vurre tusken de autoos tróch loatst. Bij Hôlem en Marem óm raint ut stjolpeg, Tilly mat dur goed óm tinke dot ur de ôslag net mist. De Keepmaloane begjint bij Reinaldas pleats, un aintsje fwar Ter Sted. Hij rint moai rjóchtút óp 'e seedyk ta, mai un lytse slinger savot jelvys dêrt ur óp 'e Mûndersloane oanslút. Tilly set de auto stil en draait un sygret. De fruchten stonne dur sa moai net bij os ur fervachte hie, ut is ollegjerre mar vot hean spul, vot sútreg. Ferlyke bij vot ur yn 'e Vieringermar sjugt os ur dêr ienrus yn 'e fjitjen dagen tróchriid is ut jir un jermoedeg soadsje. Is dut ut ryke Klaailôn sat ur ut yn syn ónthôd hie en sat ur dur fon skreon hat? Fwótendaleks oan ut begjin fon 'e Mundersloane stonne rjóks un pear spultsjes. Op ut meast vestleke venne yndertiid Pjirkje. Dy spultsjes spylje amper un rol yn Tilly syn ferhaal, dur vurt ollinnech ienrus praat fon ut útkeapjen fon 'e oare bedrjokes. Mar gedoente havve de Módderklauers mai dusse genieren grif amper hôn. Os Eelkje en har dochters fytsen leare, don vurt dur ollinnech praat fon Heabel, dyt faaks stjit te loeren, mar fon oare Mûndersloansters vurt net praat. | |
[pagina 443]
| |
Saepke moat doch lyk foar dy lju har glêzen yn 'e berm riden wêze? Dy spultsjes sille dur trijentwinteg ier lyn ek vól stien ha dût Tilly jir de boel ópnóm, óp sókke úthûkken fynt mun ónares gjin nijbau. Hat ur destiids besletten óm dy spultsjes te negjerjen? Hij vit dur neat mear fon, ut is te lang lyn. Vinlek soe Tilly de Módderklauers dus bwórlju jaan matte, mar hij lit ut mar sa. De húzzing dyt model stien hat fwar ut pleatske fon 'e Módderklauers stie neffens Tilly syn ónthôd un fûge hûndet meter fon 'e Keepmaloane ô. Un ôd hússteed sjugt ur net. Dochs kin ur ut frij goed fwar him krije, ut hege hiem en de mai golfplaten dutsen hokkeboel. Ut mat jireane doch vest ha. Of hat ur dy húzzing sels betocht, twinteg ier lyn? Kliemt Tilly romon en verklekhyd tróchenwar? De hege eker nammes dyt ur miende dot dêr lai, lykvideg oan 'e loane, dêrt de húzzing fon 'e Módderklauers óp stie, is neat fon veróm te sjen yn ut lônskip. Ut is jir ollegjer lyke sljócht en sútreg. Ek lófts stjit noch un pleatske. Dur vurt reade koal baud, dot is vot nijs jirre, túnbau vie jir oas net. Ut Hauten Hemeltsje is fwót, mar dot is gjin ferrossing. No lit ur ut Klaailôn achter him, hij draait óp nai Fervet. Ja, hij kin fonsels noch vól un kear óp 'e rem traapje en un sygret smoke, mar sat hij ut yn syn ónthôd hat, dêr is doch neat fon veróm te fynen. De Mûnne - ut mûndershûûs stjit dur noch, de mûnne is yn '27 ol ôbrutsen. En don de rûnvai, oan 'e oare kônt durfon de pleats fon Lettinga, hait syn lêste boer. De Raindersloane is ek ol ferbean, mar Tilly vól nai de seedyk. Bij de pleats fon yndertiid Anema s waait ur de auto, hij doar net fjidder, ut is jir ollegjer drek. De seedyk kin ur net óp, dur binne bulten módder tsjinoan kwakt en un boed vaskôget dot ut libbensgefaarlek is óm dur óp te ferkearen. Hij hie de see sjen vóllen, de simmerseedyk en de tredde seedyk, de dóbben en de kipkarren, mar dot gjit oer. Hij krwasket nai de dûbele vent dêrt syn ôden fon '28 oant '30 vennen. De bwóttenmwórren binne gelyk bleon, mar dur is ien vent fon makke, kin ur tróch de bjemmen hinne sjen: fon 'e iene útdoar is un rút makke. De mwórren binne ljochtgeel ópferve. Un fekônsjevent tink. Jir friet seksteg ier lyn un soan fon Kees en Janke de hele koense óp dyt Janke óp ut fjoer hie en dêrt de hele grutte griffemeade húshôring oas oer gear sillen hie. Dy jónge mat goed roppeg vest ha. Tilly vôdet óm 'e blabber en plossen hinne ver nai de auto. Un hûn óp ut hiem fon Anema sjugt him gwódlek oan, fjidder gjin libben vêzen te bekennen. Ut hiem lyket lytser os jertyds. Dût se de pau rûpen, fon ‘Pauw, pauw, ik ben veel mooier dan jouw!’ dû vie dot doch un heel grut hiem? | |
[pagina 444]
| |
Ut Reade Húske, dot dot dur noch oltyten is, jelvys de loane. Yndertiid kype ut reade dak bóppe de bjemkes út, no is ut frijvot keal óm hûûs en hear. De daam is amper breed genôch fwar un brencarrier. Dy graide rjóks, vie dot tenjesten gjin bau? Mar nee, Tilly fersint him, de rûnvai bringt him óp 'e doele. Ut vie dêr graide dû ek ol, ómmes, dy ôdiersnaks ha se dêr noch un rôle yn 'e sleat skood. Fon 'e Lytse Bwórren ô swolken se vól nwadlek fon ut tsjerkhôf lôns nai de Raindersloane, en ut vie dêr graide, javis. Hij sil aansent rus óp 'e Lytse Bwórren sjen. Hij stekt de rûnvai oer nai de Bwótterhûk. No is ur ut plak ol fwarbij dêrt ur ut riden leard hat, mar dot hie ur doch net verómfûn. De Lytse Bwórren is súver net feroare, ut ónnoazele perkje mai de kestanjebeam is dur noch oltyt. Dot vie de smitte fon Koaning, dyt sa gek óp knynen vie. Ut streekje húzzen naist ut tsjerkhôf dêrt ur beppe Richt yn prakkesjerre hat, is net te fynen. Obrutsen? Of hat ut nea bestien? De Bók is gelyk bleon. Hij makket de tsjerkhôfsdoar los en rint ut hôf óp. Ut begjint ver te rainen. Dût se óp 'e múlo sieten en se hienen un frije middy, don gyngen se vól te kloklieden óm twa oere, ollinnech de lytse klok. Os mun de klok goed oan 'e góng hie, don koe mun jun tróch ut tau ómheeg slepe litte, vól un meter os trije. Hû hiet dy ôd koster? Oan 'e nwadkônt is ut grêf fon syn ôden, dot hat ur noch nea sjoen. Ut is un vot útvrydske stien fwar arbaidersminsken. Dêr bin ek de grêven fon Sytse Sylstra en Tsjitske Botma, mem har ôden. Hait syn hait mat jireane ek leze, mar Tilly kin de stien net fyne. Hij fynt ol oaren: Symen Bouma, ‘grutte Symen’, Matten Visser, dyt tsjinoer Tilly-en-dy oan 'e Achterdyk venne, Durk Burmonje, Vytse de Ruiter, de karrider, Mint Witteveen, de slachter, en syn frau Jaike, Geat Procee, dyt óp 'e Reed venne, un hele rigele Tademas, un pear Gerners, ien traud mai un Klompstra, femylje fon hait syn styfmoer. Ek Hônsmas, Feenstras, un Jonkman. Jir fynt Tilly ut hele ferlyne veróm, olle grutte monnen út syn jónge jirren. Dêr yn 'e hûkke naist ut paad nai de Bók ta is ut grêf fon Harmen Bosma en syn frau Richtsje Papma, hij stoan yn '33, ja yn '45. Se hat de befrijing net mear maimakke. Se frege yn 't lêstoan nai jónge Harrem, dy kaam ómmes oltyten sneontemiddys. Se hawwe har de vjirhyd net ferteld. Oan 'e súdkônt fon 'e tsjerke is hast gjin grien mear te sjen. Dêr lait de elyte. Lettingas, Feddemas, Boersmas. Tilly syket ut grêf fon syn broer dot jireane ek vêze mat. Hij vit noch dot se oer un heel soad stjinnen hinne knóffele binne óm dur te kómmen. Hait betsjutte mem óm mar sitten te gean, se koe salang net óp fwótten. Dêr siet | |
[pagina 445]
| |
se óp 'e rône fon un grêfstien te sjen nai de kiste mai har ôdste soan dyt yn dot smwarge got sakke. Tilly fynt ut grêf tusken de stjinnen fon 'e skwalmastershúshôring Van der Vlugt en fon Bauke Boersma, boer yn 'e Ryp. Hij is yn syn dea bij de ryken, mar hij hat dur gelókkeg gjin veet fon. Tilly hat genôch sjoen. Hij gjit de Bók del. De Vide Stege havve ol mear os tryteg ier lyn de haidenen húshôden, en sónt is ur fwar vyld lezen bleon. Ut hûûs fon 'e Peeringas is restorjerre. De ventsjes vjeskônten de Bók nai de Bwótterhûkke ta binne nij. Ek yn 'e Bwótterhûkke óp ut stee fon 'e ôde skwalle stonne nije ventsjes. Dêrtsjinoer is un keal plak. Dêr eane stie de vyljenbeam, en dêr sieten de Kanadezen. Tilly stekt de Haadstrjitte oer nai ut Papmasteechje. De doar fon Syberyn dêrt se fwarhinne óp koarraapbûmden is dur noch. Dêrachter vie de bakjetsjerke. Ut bettehûûs fon Tilly en ut hûûs fon Van der Galjen en ut pakhús durnaist havve plak makke fwar un grutte vinkel. Mun kin dêr neffens un beljet óp 'e doar trije sloggi slipjes krije mai trije gûnne kwatting. De ôd herfwarme skwalle sit ol jirren un ferverssaak yn, de feat is, ek ol jirren, ticht. Op 'e gare achter de Streek stonne venten. Dy nije vyk hat Tilly nea yn vest, en dot is ur ek net fon doel. De grêft fwar frau Lyklama is tichtsmyten. Bij Minne van der Velde lôns rint un strjitte. De Reed is fwót, de pleats fon ómme Tys en mwói Jontsje is dur net mear, de skwórre fon Matten Visser is ôbrutsen, ut venhûûs stjit dur noch. Ut blokje fon Kees Dekker is nea ver fólbaud. Ut mjit san 30 bij 25 meter. En hûfólle húshôringen vennen dêr? Grif vól fyftjen. Un jónge yn un ynfalydekarke riid de terp ô en groetet freonlek, fjidder gjin mins te bekennen. Fwarhinne vie ut snains drók óp 'e strjitte. Se sille doch ek net ollegjer nai ut Driezemer brûkjefeest vêze, os dot teminsten noch bestjit. Don hellet Tilly de auto óp en riid de Ryp yn. Dy is fierhinne gelyk bleon. Dot is Panne syn spultsje, rjóks. En dêr venne mem har ôde freondin. Rjim hiet se, of olteast sa vaar ut útsprutsen, Klaze-Rjim. Dot mins hie ut oltyt bryk, mar se koe dur sels vól óm laitsje. Bij de pleatsen fon Bauke en Rainder Boersma nimt Tilly de ôde dyk nai Blije. Vot ha se dot dwarpke bedoan mai dy nijmwadrege venten. Hij vól nai Farebwórren, dêrt ur fon syn libben noch nea vest hat, mar dêrt oer praat vaar os se de Fûgelsang ómkören: dêr fjidderóp vienen Farebwórren en de Hauen en de Heskampen en Jesterbaintem. Dêr hie un mins neat te sykjen, Tilly no ek net, mar hij vól ut sjen, en hij jaget oer de Farrevai nai Farebwórren, un espeltsje húzzen bij un feat en don de Heskampen en de Hauen óm nai Utsjug - de ôd | |
[pagina 446]
| |
herberg stjit dur noch. Oer Jesterbaintem gjit ur veróm nai Blije, en don nimt ur bij Bauke Boersma syn pleats de Fûgelsang, un yslek smel dykje, mar krekt sat ut yn Tilly syn ónthôd vie. Mar dy graide hat ur him mai fersind: ut is jir ollegjer bau. Mar lyke sútreg os yn ut Klaailôn. De boeren ha fonsels ek gjin arbaiders mear lykos fjitteg ier lyn. Hij riid oan foet fon 'e Baintemerterp ta en parkeart de auto. Baintem kin him net fólle skele, mar hij vól de Vym sjen. Se ha de terp areg ópkreaze, ol soenen se noch vól un pear ier tróchgean kinne mai módderriden. Os ur de terp oan 'e oare kônt ver del gjit, vaskôget un mon mai un gele labrador him dot ut binnenpaad nai Fervet net mear bestjit. Nee, dot vit Tilly, dot hat yn 'e kronte stien, mar hij voe ek net fjidder os de Vym. Dot binnenpaad, dot is ur faak delrón en fytst mai syn angelstôk. Ut koe dêr sa maudeg vêze óp dy módderreed bij de spoarlijn lôns. Ut hûûs fon Kees Stienstra naist ut brechje oer de Rypsterfeat is net veróm te fynen, ut brechje lykemin. Dur sit un daam yn 'e feat mai un dûkker, jireane sil 't vól vest ha. De dais nait syn pake Sytse stoan vie, hat ur jir noch sitten. Dur siet un soad blaai yn 'e Rypsterfeat. Ut begjint ver te miggeljen en Tilly rint veróm nai de auto, hij hat sin oan kófje en hónger hat ur ek. Bij de Od Mûnne twivelt ur ot ur de Bóngaloane ópride sil - dy hyt no ek ver sa. Ut mat mar net, echt lókkeg hat ur him dêr nóit field. Ut hûûs fon Fokke Annema is frijvot keal, ut hôf is fwót. Ut fintsje is fólbaud mai ollerhonde hokke- en húzzeboel. Tilly is even ferbjustere: ut is jir ónverkenber. De vylgen! tinkt ur, bij Kees Havinga stienen vylgen naist ut spoargot. En ja, lókkeg, de vylgen bin dur noch, os un relekwy bevarre, mar ut spoargot is tichtsmyten. Ut kefee óp 'e hûkke hat Tilly fwar ut lêst yn vest dût ur him ópjûûg fwar ut reedriden, fjitteg ier lyn. Fertard hat ur dur noch nea vot, mun kaam net yn 'e krûg. Dur binne trije fainten oan 't beljetten en dur stonne twa famkes achter de taap. Maienwar hat ur no sais Ferveters sjoen. Tenjesten kören se snains yn grutte klóften de vegen út, nai Marem, Blije, nai de seedyk, Baintem óm, sjen hût de fruchten durbij stienen, ‘bwórkje’ neamden de mônlje dot. En óp jeldagen skode ut jóngfólk de fyts ûnder de kónt en jage nai Swattevainsain, Feankleaster of Driezem dêrt don vot kristleks te rêden vie, en de jónges de fammen bij de kónt pakten. De ôderen pielden vylst óp ut tún óm, vont un jeldai vaar neffens un faute etymology ópfette os un heale dai. Te sezen, fwar tólven vie ut snain, en nai tólven vie ut dai - don móchten de ôde klean oan. | |
[pagina 447]
| |
No vól ur noch nai ut Kleaster. Dot hat ur fwar ut lêst bevarre en dêr sjugt ur tsjinoan, vont dêr leze de ierste en de ynlekste oantinkens oan hait. Op 'e stange fon 'e fyts de Kleasterdyk del, yn ut miedlôn óp 'e bynpeal en benammen de tocht oer de batten nai ut kólkshúske. Tilly vit dot de vegen jir vot feroare binne. Un ier of vot lyn voe ur óp 'e lette jûn fon Dokkem ô oer de Flieterpen nai Fervet, mar dû siet ur bij Raad ynienen óp un nije dyk en hij vie yn un ómsjug te Vônsvet, en dêrvai fûn ur un ôslag nai Fervet, mar dot vie net de Kleasterdyk. Bij ljocht hat ur ut nea ver sjoen sónt syn sontjende ier dût se sneon- en snaintejûûns yn Vônsvet en Bedaad achter de frôlje oan sieten. Tilly vól ut Blausterkèt sjen en de Flappe bij Wiersma, dêr't no ol ver jirren Rómmet Politiek wennet, en de Od Piip en ut Set en de dûbbele vent oan 'e Traan. Hij riid nai de Lambuet. Ut spultsje fon Harry Koopmans is ôfbrutsen. Ut Tsjuster Singeltsje is net mear os twa vainspoaren, mar ut is dur noch. Fwarbij de Lambuet gjit de dyk rjócht tróch. Tilly voe rjóksô, nai ut Blausterkèt, mar dêr mai ur mai de auto net kómme, ut is un fytspaad vurren. Don mar rjócht tróch. De pleats fon Durk Ottes is dur net mear - of sjugt ur dy oer de kop? Dêrt se fwarhinne oer de fwareker rónnen en ut kowepaadsje del, riid mun no yn un flók en un sucht nai ut Kleaster. Don un krússing, en Tilly trapet óp 'e rem. Un heel smel dykje naist un feat, dêrt de nije dyk gevoan dwas tróchhinne gjit. De feat is dêre vot breder. Mar javis, dot is de viksel, dêr koenen skippen enwar passeare, ol vie dot yn Tilly syn bennejirren ol nea mear noadeg, de Burmonjefeat foeren amper skippen tróch. En dot is dus de ôde Kleasterdyk, rjóks gjit ur nai ut Blausterkèt en lófts nai ut Kleaster. Mar Tilly vól no east de Flappe sjen. Hij riid tróch en don rjóksô rjóchting Marem dêrt ur óp de jeddere Nije Vai útkómt. Dy Nije Vai rón fon Nijtsjerk nai de Kleasterdyk. Ut spultsje fon Wiersma stjit dur noch, mar de Flapbrêge is fwót, se ha un daam yn 'e feat smyten. Vot is ut un smel fjetsje vurren. En don stjit Tilly sónt jirren verrus óp 'e Kleasterdyk. Hij is noch lyke smel en rûnrêgeg os fwarhinne. Mar ut gês yn 'e basten fon ut osfolt vie dur destiids net. Hij hat dur gjin sin oan óm nai ut Blausterkèt te rinnen, hij vól nai ut Kleaster. De pleats fon Ju-ju is de ôde noch, mar dy fon Kedee lyket helendol feroare te vêzen. Tilly set de auto bij Ju-ju achterhûûs en nimt de sytevaasje óp. Dêrt ut achterhiem fon Kedee vie, is no un blómmetún en dêrachter binne de rútten fon un venkeamer. Se koenen de pleats vól ómdraaid ha. Hij kin jirvai ut Set en de dûbele vent net sjen tróch olle blómmen en strûkken hinne, en hij sjugt | |
[pagina 448]
| |
neane un paadsje. Hij doar ek net goed bij de lju fwar de glêzen lôns te strúnnen. Hij rint jir stómp. Hij riid veróm en set de auto óp 'e brêge oer de Burmonjefeat. Fjidderóp is de Od Piip en dêr vól ur hinne, dêr hat ur un goed útsjug. Ut ôde dykje bóchtet bij de feat lôns. Jir rieden se lôns os se nai de Kwaaien gyngen, en letter, fólle letter sneons en snains nai Bedaad. Tilly êget ut fjild oer, mar hij sjugt gjin dûbele vent en gjin Set. Ut hele fjild tusken ut Kleaster en de Traan lyket leeg, frjemd, ónherbergsem, un voeste oade. Os hienen dur nea bên bwatte, os hie dur nea un hait mai syn jónkje rón oer de batten. Mar Tilly mat ut no ainleks vitte vólle: syn hait is dea, en dut is ollegjerre fwarbij en ôsletten. En dêr kin Tilly vól óm snotterje, mar dot jaut gjin grevel. Dur is gjin ko dyt syn hait mear ken, en gjin hûûs mear dêrt ur yn venne hat. Ut is ollegjer ôbrutsen en sljóchte en oervûksen en feroare. Jir stjit Tilly óp 'e Od Piip, óp un loas ain Kleasterdyk dêrt se un fytspaad fon makke havve, mar dêrt gjin hassens lônsfytst. Ut Set is fwót en de dûbbele vent is fwót en dêrt de moaie pleats fon Kedee stie, stjit no un blikken loadseboel. Tilly mat no nai hûûs gean en jir nóit ver kómme en besykje dut te ferjitten, en hij mat him fwar êgen hôre sat ut vie: dot prachtege Kleaster en ut Set, en de Kleasterdyk os ur bij hait óp 'e stange siet. En don rint Tilly veróm en stapt yn 'e auto. Nee, net oer Fervet, mar oer Tegreft en Batlehiem nai Ljauet en nai hûûs. Hij hie ut net dwaan matten meskjin, mar ut mwast dur rus fon kómme. Ienrus mwast ur ut únder êgen sjen. |
|