De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdUn kot yn 't nauAin 1944. De allyeaden hienen óp 6 júnny foet oan vôl krygen óp 'e Normandyske stronnen. Se hienen un ôfgryslek soad minsken ferlen en ut dwórre un daimonnech fwart se út ut brêgehaad brekke koenen. De Dútsers fóchten út olle macht veróm vont se visten, un ynfaazjeleger mwast óp ut strôn ferslain vurre. Hie Hitler nai syn generaals harkje vóllen en daleks de tanks durhinne stjoerd, don hie ut noch un knikket óp 'e kônt vurren. No fóchten de allyeaden har kylometer nai kylometer ut healailôn yn. De bjemvôlen jûgen slim ópónthôd, se | |
[pagina 434]
| |
mwasten stik fwar stik ferovere vurre. Bij Caen drige ut frónt him te stabylysjerjen, dût Hitler ainleken ljowe voe dot dut de lang fervachte ynfaazje vie en hij mear trûppen nai de bedrige sône gean liet. Ut vie oan Montgomery syn taai úthôren te tankjen dot ainleken de Amerykanen óp un oar plak útbrekke koenen, en dû snijden Patton syn tanks os un mes tróch de bwótter. Heel Frankryk lai fwar har iepen, ut gyng hudder os hud. Om Antverpen vaar slim fóchten, de allyeaden mwasten perfwast un grutte seehaven havve fwar de oanfier fon besyne en matryaal. Ut vesten fon België vaar befrijd, ut súdden fon Nederlôn. En dû vie ut ho. De lóftlôningsoperaasje bij Arnhim en Nimvegen rón óp un fyasko út. Hitler rette mai syn generaals ut Ardinne-offensyf ta. De slimste oarlogsvinter vie oansteande. Yn beset gebiet fierden de Dútsers un skrikbevôd. De rjóchtspraak oer bwargers vie ópheft en de Sipo koe deasjitte vot ur voe. Ut ferset kryge slag óp slag te ferdwórjen. De lônvacht jage óp ûnderdûkkers en swathonlers. Op ut iene plak nai ut oare varen razzias hôden óp mônlje dyt ynset varen bij de ferdigening. Ut tol ûnderdûkkers vûûks noch oltyt oan, en tagelyk kamen lju dyt tróch ut oarlogsgeveld ferdreon vienen nai ut noaden ta. Ut ferset kryge ut staregoan bonneger, ol mear lju mwasten fon bónnen en yten fwarsjoen vurre en un plak fwar socht vurre, vylst de fanatykens fon 'e Dútsers en har helpers tanóm en ut ferried oerol óp 'e loer lai. Harrem Bosma kryge yn ut begjin fon oktober ut bwadskip dot ur de kómmende sneontemiddys óm twa oere óp Farebwórren vêze mwast. Ut ferset socht kóntakt mai him. Ot ur fon 'e skwalmaster út Blije stjoerd vie, voe Harrem vitte. Mar de bwadskiprinder vist gjin nammen. Harrem stiek óm jelve ienen ô, san grutte loop vie ut oas net, mar mai dy kusjebonnen vie ut beolegjen. Hij hie nea jedder óp Farebwórren vest, mar ut paad durhinne bij de feat lôns vie maklek te fynen. Ol rillegau kaam ur bij un tropke húzzen en stjelpkes, dot soe ut útbwórrentsje don vól vêze. Hij stapte ô en êge óm him hinne, hij hie fervachte se soenen him vól óphaine, vont vêrt ur krekt vêze mwast, vie him net sain. Dû kaam dur un fint fon 'e Jesterbaintemerkônt ô rinnen en dy voe vitte vaat ur vie en hij voe syn persoansbeviis sjen en dû mwast ur mar maikómme. Tróch de bócht stie un swatte auto, un Citroën. De fint betsjutte Harrem dot ur de fyts un ain de reed út yn 'e ûndervôl trjowe mwast, en dû mwast ur achter yn 'e auto sitten gean, de fint gyng naist him sitten. Foaryn sieten noch twa kearels, de iene, dyt naist de sjefeor siet, draaide him óm en besêg him nijskjirreg. Ut vie un mon fon un ier of fjitteg. Dû rieden se fwót, de kônt út fon Jesterbaintem en se gyngen ut hiem | |
[pagina 435]
| |
fon un boer óp. Tusken de skwórre en 'e rúskjinne bljode de auto stean. De ôdere mon makke him bekend os Vybren, de oare trije hieten Jon, Pyt en Klaas. Harrem, visten se, hie un soad kóntakten yn Marem en Fervet en hij vie goed óp 'e hichte. Dêr voenen se graach gebrûk fon maitsje. Hij hie ut ferset doch ol jedder hólpen? Ja, dot vie sa. Vot hie ur fwar Rinsuma yn Blije dien? No, net safólle. Rinsuma hie vitte vóllen óp hókker tiden de patrûies fon 'e post óp 'un paad gyngen en vêrhinne. Un ôd skwallemaat út Marem hie ut ollegjerre ópskreon, mar un systeem hienen se dur net yn óntdekke kinnen. San patrûie vie ónares un oere of sais ûndervais, mar hû let se fwótgyngen en vêrhinne, dêr vie yn 't foar neat fon te sezen. Sóms gyngen se twares achterenwar utselde paad. Hie ur noch vot oas fwar Rinsuma dien? Hij hie him nammen tróchjûn fon lju dyt net fertraud vienen. En hû kaam ur don oan dy nammen? Ja, dy hie ur óphaind, syn suster vurke bij de bakker en dy hearde vólrus vot en óp 'e jóngelingsferiening vaar ek oltyten fonolles ferhapstûkke. No ja, de hele bwórren tróch gyng vól praat fon dy en dy is Dútskgesind. Hût Harrem sels oer de Dútsers tocht? No, dot vienen grutte frekkelingen! Harrem hie doch vólrus kóntakt mai de Dútsers fon 'e pastory yn Marem? Ollinnech mar mai Bogdan, fervarde Harrem him, mar dot vie net un minnenien. Hij begón him staregoan óngelókkeger te fielen dêr achter yn dy auto. Ut lyke vól ot se him fwar ut ferhear nómmen. Voe ur ek smoke? Se hienen goede sygretten. Jóngeja, dêr hie Harrem vól ferlet fon. No mwast ur rus fertelle, hókker monnen fon ut ferset yn Fervet hie ur kóntakt mai? Gjinien? Mar hij vist se doch vól te fynen os ur se havve mwast? No, meskjin vól, tocht Harrem. Va don, voe Vybren vitte. Se sainen fon 'e dokter. Hókker dokter? No, dur vie ómmes mar ien dokter. En mear? Ien dyt bij ut elektrysk vurke. Hû hiet dy? Dot vist Harrem net. Robroch meskjin? En dy vinkelmon óp 'e Nijbwórren, siet dy ek net yn ut ferset? Dêr hie Harrem nóit fon heard. En de griffemeade dûmny, dy ek? Dot soe Harrem net vitte. Hij hie dû Rinsuma un listke jûn mai nammen fon fertochte lju, vienen dêr ek ferrieders bij? Dot koe vól, tocht Harrem. Hij vist vól, nai de razzias yn maaie vienen dur letter noch mear fainten óppakt yn Fervet, va hienen dy jónges bij de Dútsers oanjûn? Harrem soe ut net vitte. No, don vie dot syn nije ópdracht: hij mwast bij de Dútsers besykje gevaar te vurren vaat dy jóngkearels oanbrocht hienen. Harrem aksele vakker tsjin, dot soenen se him net oan 'e noas hingje! Hij hie doch Bogdan? Ja, mar dy vist súver neat, dot vie un gevoane sóldaat. Hij mwast rus goed harkje, sai Vybren, | |
[pagina 436]
| |
Harrem lai yn Fervet net óp san bêste namme tróch syn ómgóng mai de Dútsers en os se skielek ver frij vienen, vot soe dur don mai him barre? Os ur noch yn un goed bledsje kómme voe bij ut ferset, don mwast ur dur fonsels vól vot fwaroer ha. Harrem knikte stóm. Hij hie gjinien ferret, sai ur, gjinien vot misdien. Nee, mar dot visten se ek vól, fonsels. Mar se rekkenen duróp dot ur die vot him frege vaar. Se voenen him net te bót ûnder druk sette, hij kryge un mwanne de tiid, don soenen se vól kóntakt mai him ópnimme. Se hienen him un aintsje verómbrocht en dû vie de auto swaaid en óp nai Hegebaintem riden. Se hienen him net ferteld vêrt se vaikamen, ut koe lykegoed Dokkem os Ljauet vêze. Hij siet yn 'e skyter, de dagen dêrnai. Syn ómgóng mai Bogdan hienen se un heel ferkeade útlees oan jûn. Dot vie gevoan freonskip, Bogdan vie gevoan un arege fint. Ut vie net iens un echte Dútser, mar un Poal, se hienen him twóngen óm sóldaat te vurren, óm him hûgde dy hele oarlog net. Mar hij mwast dwaan vot de ‘Inspektor’ sai, dot vie fonsels. Un fjitjen dagen letter stiek Harrem nai de post ta en frege óm Bogdan. Dy vie dur net, mar hij koe syn bwadskip vól dwaan. Mar dot voe Harrem net, hij mwast Bogdan persoanlek te vud. Hij kryge kófje en hij kryge un sygret. Vot ur vinlek voe fon Bogdan? Even prate. Vêroer? Persoanleke dingen. Bogdan hie gjin persoanleke dingen, olles vot Bogdan vist, mwasten de oaren ek vitte, dot hij koe ut lykegoed oan har fertelle. Mar Harrem sai, hij gyng mar verrus óp hûûs yn, en vonnear koe ur Bogdan don te vud? Dot visten se net, hij mwast mar verrus del kómme. Un pear dagen letter gyng Harrem óp 'e nij nai Marem en no hie ur gelók, Bogdan vie bij hónk. Hij siet mai twa oaren yn ut vachtkjemmerke dêrt un lyts kacheltsje gleon stie. Se draaiden grammefoanplaten en makken de vapens skjin. Bogdan lake freonlek. Hû vie ut mai Herman? Goed, knikte dy vot soer, hij hie Bogdan ljevver ollinnech tróffen. Of hie ur bwadskip? Ja, mar don mwasten se tegjerre vêze. Vel, don mwast ur mar maikómme. Bogdan gyng him foar nai de sliepseal en dêr gyngen se baide óp un brits sitten. Vot vie dur don? Ja, hij vist net goed hût ur begjinne mwast. Ut siet doch vól goed mai syn Ausweis? Oja, dot vie vól ynwadder, se lieten him vól rinne. No don? Ut ferset siet him achter de bóksen, sai Harrem bang, se voenen nammen fon him heare, nammen fon oanbringers en ferrieders. ‘Aber die gibt es hier doch nicht?’ frege Bogdan fervóndere. ‘Verräter, hier? Ach quatsch.’ En va vienen dot don fon ut ferset? Herman hûgde mar te kikken en moan gyngen se dur daleks hinne. Mar Harrem koe gjin nammen neame en vist | |
[pagina 437]
| |
lykemin vêrt dy monnen vaikamen. Och, hij makke him drók óm neat. Kóm mai, se hellen un bak kófje. Vól vot ferrûmme kaam Harrem ver tús, hij soe dy fersetslju fertelle dot dur gjin ferrieders vjinnen, Bogdan hie ut sels sain. Mar fwart de termyn óm vie, siet ur ol yn fólle grutter lijen. Se hienen un baarg mest en dy soe slachte vurre. Klondestyn fonsels, sai Harrem. Oas hellen se dur noch neat mai út. Eelkje vie dur poer óp tsjin, fjiste gefaarlek. Dy smwarge swatte lônvachten strúnden olles ô, dy vienen noch un graad minder os de pûpen. En vot os se betrape varen? Dot foel vot ta, mun vie jir un heel ain út 'e reek. Mar dêróm krekt! voe Eelkje havve, se koenen óp 'e fingers naitelle vaat ut dien hie, os ut útkaam. Sai hij dur don vot fon, Têke! Mar ut vie Têke vól nai 't sin. Goed yn 'e pykel dy boel, don koenen se dur un vinter fon tarre. Dot vie Harrem syn doel oas net mai ut flais, hij koe dur un bêste priis fwar maitsje, mar dot hûgden se net te vitten. Eelkje jûûg ut oer mai de fersuchting os se don de hele húshôring yn ut ónleeg fiere voenen, don mwasten se beleaven har góng gean. Harrem en Têke makken de bwóthúsrútsjes sekuer ljochtticht mai pepier en ôde lappen. Bij skymerjûn, mar noch fwar spertiid kaam de slachtersfaint Tsjipke Oevering óm ut kervai te berêden. Têke en Harrem hienen de baarg ol yn ut bwóthús sleept. Os vist ut beest vot dur barre soe, sa môlbearde ur. Se krygen him óp 'e rêg yn 'e gróppe en dû feegde Tsjipke him de hols tróch. Ut bloed spuite vitversanne, se vienen dur ollegjer fon út 'e lyken. Tsjipke sels ek, sóks dienen se oas sa nóit, se brûkten un sjitmasker, mar dot hie ur net mainimme dwast út 'e slachterij. Mar dû vie ut fjidder rûtynevurk, ol bljode ut vot behelpen. Op 'e batte dyt se brûkten óm bij ut kjeljen oer de gróppe te lezen, snijde, sêge en kappe Tsjipke de baarg yn hônseme moaten dyt se sa yn 'e pykel sette koenen. De koense, lever, het en nieren mwasten se sa gau mooglek siere, dy koenen net dwórje. De kop slûg ur yn twa stikken, dy vie fwar him, sa vie ôpraat. Se myteren de yntaasten yn un kroade en skepten dur vot strónt oerhinne. Moan djip yn 'e rúskjinne sette, don fertarde ut vól. Noch un biezem tróch ut bwóthús, en dû vie ut klear. Se bloezen de lampe út en stapten hoeden de hûûs yn. Tsjipke sette de mwaans óm goed sais oere ô nait ur fon Harrem un lidfól vaarme molke drónken hie. De spertiid vie óm, mar hij vaar lykvóls oanhôden tróch twa lônvachten. Se stienen him bij de Mûnne yn 'e lijte fon ut hûûs óp te vachtsjen. Se stapten de loane óp en voenen vitte vot ur achter óp 'e fyts hie. Un goed oere letter bestwarmen fjauer pûpen ut bolvurk fon 'e Módderklauers. Harrem | |
[pagina 438]
| |
vie krekt dwaande un got te dóllen yn 'e rúskjinne óm ut ôgefol te bedóbjen. Un bekentenis vie súver oerstolleg. Ja, hij mócht him vól even ferstrûppe, mai dy stróntklómpen en melkbrûk oan hienen se him ljevver net mai. Mar se lieten him net un momint ollinnech. Ut stampen fon 'e swiere leazens oer de solder makke Eelkje haisleke kjel en se moate mai lange úthalen dût se tróch kryge dot ut óm Harrem te rêden vie. Têke stie os un sôtpylder oer de keamersflier yn 'e knibbelege ûnderbrûk. Syn êgen striele un dierleke eangst út. Meskjin briek even ut besef tróch dot hij dut lijen oer de jónge brocht hie mai him olgedueregen ut ferkeade fwarbyld te jaan. Se vienen net kwea tsjin him, se knûiden him net. Hij kryge un stoel oanbean en un kóp kófje. Mar Harrem vie stjerrende bang. Hij mwast syn persoansbeviis en syn Ausweis ôjaan. Dy koenen se sa yn 'e kachel smyte, sainen se, en don vie ur fûgelfaai. Op transport nai Dútsklôn, dot vaar syn fwarlôn. Hij vist vól dot slachtsjen ferbean vie, net? Vot hie ur mai ut flais dwaan vóllen, ferkeapje? Harrem knikte. Vot voe ur ljevver, har helpe of nai Dútsklôn? No goed, hij hie Bogdan doch ferteld oer dy fersetslju yn 'e auto. Vêr kamen dy vai en hû sêgen se durút? Vot vist ur fon ut ferset yn Fervet? Harrem neamde de vinkelmon oan 'e Nijbwórren. Hókker vinkelmon? Dot vist ur net. Vot vist ur fon 'e feedokter? Ja, de dokter jerde dur ek bij, jûûg Harrem ta. De feedokter? Nee, Harrem bedoelde de gevoane dokter, de feedokter vist ur neat fon. Vot vist ur don yn godsnamme vól! Vêr sieten de ûnderdûkkers? Yn 'e Bósk, sai Harrem hasteg. Vot Bósk? Och, scheisse, bedoelde ur dot? Dot hienen se doch un ier lyn ol oer de kop helle? Se sleaten him óp yn un sel. Hij mwast marrus vot betters betinke, sainen se. Os ur óm tólve oer noch neat vist, koe ur oerdai noch óp transport. No en don hearde ur geskaai fwar de doar, en hij vaar ol banger. Op ut lêst kaam Bogdan, un kóp kófje yn 'e hôn en twa banende sygretten yn 'e mwólle. Kóm, se koenen de hele dai net oan Herman fergrieme. Jirre, ópdrinke. En don fertelle. Vot tocht ur no vinlek? Se koenen yn goedens en ferkeadens, mar se kamen ut doch te vitten. Harrem sûûgde de skerpe tebaksreek yn 'e lóngen en plaite, se vienen doch freonen. Fonsels vienen se freonen, dêróm krekt! O, tocht Herman dot se vól un êchje taknipe soenen? Don hie ur ut goed mis. Ja, meskjin, os hij dur ollinnech fon vitten hie. Mar no, gjin kôns óp. Herman mwast no mai vot goeds óp 'e proppen kómme, oas koe Bogdan ek neat fwar him dwaan. Syn maten hienen dur nócht oan óm ien rus goed nai te sjen, dot vist ur doch vól. Ut bloed hie jir vól bij de mwórren óp sitten. Dus, nammen, Herman. Harrem | |
[pagina 439]
| |
begón te skriemen, hij vist neat, sai ur. Bogdan gyng oerain, hij soe Alfred de vink jaan, sai ur, en don gyng hij even un slag óm, vont hij voe Herman net ôljen heare. Harrem foel óp 'e knibbels fwar him del. Hij vist vier neat, vier net. Fersetslju, sai Bogdan. Harrem skódhólle. Underdûkkers? Nee, echt net, sai Harrem. Joaden? Harrem bûûgde de hólle. Don net! sai Bogdan. Yn 'e Hôlemerhûkke! rôp Harrem. Nammen, sai Bogdan sêft. Bij Iede Deelstra yn 'e skwórre, achter de striepakken. Bogdan knikte en gyng durút. Op 'e naidai brochten se him un tónne en tekkens en hij kryge un bwad yten. Hij dwast neat te freegjen en se sainen ek neat. Un jeloere letter vaar ut lege bwad óphelle en dû dienen se ut ljocht út. Harrem berôle him yn 'e tekkens en gyng lezen, mar hij koe fon eangst net sliepe. De oare mwaans brocht ien him tee en un pear hómpen bôle. Hij voe vot freegje, mar dwast net. Mwast ur óp transport, of lieten se him gean? En mear fragen gyngen him tróch de hólle: Hienen se bij ómme Iede vest? Hie hait jir ol vest óm fwar him te plaitsjen? Hie Tsjipke him ferret? Soe ut ferset him jir úthelje? Vêr soe ut flais bedarre vêze? Se lieten him de hele dai noch sitte en de oare dai ek noch en bij skymerjûn lieten se him gean: ‘Raus! Los!’ Slûkstutsjend kaam ur óp 'e Mûndersloane oan. Ut hienen syn útfyningen vest, dy baarg te slachtsjen, syn ferontvudding. Hij hie hait en mem yn un gefaarleke sytevaasje brocht. Hij vist hût de Dútsers óptrede koenen, de minsken en ut fee fwótfiere, de pleats yn 'e brôn stekke. Hait en mem stoden baide oerain dût ur de keamer yn kaam. Mem soe óp him ta mai de jerrems útstutsen, mar ynienen bljode se stean. ‘Harrem,’ sai se mai un raar lûûd. Têke voe un hôn útstekke, mar hij die ut net. ‘Ha se dij frijlitten?’ frege Eelkje. Harrem knikte. Eelkje gyng sitten. ‘Se ha dij ver frijlitten,’ sai Têke. ‘Ja,’ sai Harrem. Hij socht piip en tebak en skode bij de tafel. ‘Vêr is ut flais?’ frege ur. ‘Flais!’ rôp Eelkje, ‘va praat jir fon flais!’ Se begón mai vylde gjolpen te moatsjen. ‘Vot is dur oan?’ voe Harrem vitte, mar memme vudden vienen net te ferstean. ‘Swêger Iede is deasketten en de ûnderdûkkers bin mainómmen,’ sai Têke vylst ur de êgen stiif óp ut taffelkleed hood. ‘Op ut hiem,’ gûûlde Eelkje, ‘midden óp ut hiem ha se him sketten, vylst de bên dur bij stienen. O, Harrem, vitsto jir mear fon?’ ‘Nee,’ sai Harrem, ‘hû soe ik, ik siet doch ópsletten?’ ‘Dot hie 'k ek ol ónjerre,’ sai Têke, vot visser no. ‘Moan is 't begraffenis en vij matte durhinne. Kinsto dêrhinne, jónge?’ ‘'k Vit n't,’ twivele ur, ‘ik fiel mij net rjócht goed.’ | |
[pagina 440]
| |
Mar hij bljode dy dais bij hónk. Hait en mem kamen vakker út 'e lyken fon Hôlem veróm. Hinke hie har un hôn jûn, mar ut hie dur óp ô vest, fertelde Eelkje. En se hie frege ot Harrem net maikómmen vie, oan Têke hie se dot frege. Nee, Hinke hie net skriemd, se sêg os un ljo en prate súver mai nimmen. ‘O Harrem,’ begón Eelkje ver, ‘vitsto jir net méár fon? Se binne ferret, begrypst dot vól? Se rónnen samar nai ut skûlplak ta, se hûgden net te sykjen.’ Harrem taalde dur net mear nai óm nai de bwórren ta, ol hû útfleandereg os ur de lêste jirren oas vest hie. Hij pielde oeren achterenwar yn 'e skwórre of ut bwóthús óm, mar hij diig niks. Of hij siet bóppe óp ut kjemmerke te lêzen. Mem mwast sels de bwadskippen mar helje, dêr stie him de kop net nai. Eelkje fage suchtsjend ut túg yn ut blikje en geat suchtsjend tee yn. Têke sjontere en krimmenjerre sa bót net os jertiids, mar syn swijen vie noch minder te fernearen. En Harrem flechte os un skym fon solder nai bwóthús en bearde os bestie ur net. Ollinnech snains út en tróch, os Richtsje mai de mon delkaam, don vie ut vot fleoreger yn 'e hûûs, en don lake Harrem ek noch vólrus. Ut vaar Krysttyd en Têke en Eelkje gyngen de rais oan nai tsjerke, mar Harrem bljode tús. Richtsje hie har un sûkkerbôle beswargje litten en dy kôgen se swijend óp. Ut vaar Od en nij en dot sieten se trijeresóm út. Richtsje vie bij har mons fólk, dêr vie ut grif ek fleoreger. Se plúzzen vot kûkjes óp en drónken pûiermolke. Om tólve oere vinsken se enwar lók en saine, sa, sónder mear, se jûgen enwar gjin hôn. Eelkje prate swiersuchtsjend fon vot ut ier fwar har ollegjerre bringe mócht, Saepke yn Ljouwert en dat men dêr it bêste fan hoopje moast en dat it bern gjin heit ha soe. En Richtsje, ek ol swier, os ut har net miste. En dot yn oarlogstiid. En Harrem, hû kaam ut mai Harrem, en Hinke yn 'e Hôlemerhûkke en ot dot ea ver goedkómme koe? En dêr moate se ver hinne mai lange gjolpen. Mar Têke helle ut ôde liet óp fon godferdómme de hassens brûkke en jun jir maienwar de kop gek maitsje mai dot healvize gesnotter, mun voe doch fergeemje havve dot san ôd viif os sij viisder vie net? Mun vie yn 'e ville en rin achterstefoaren bij de tafel vai en sykje juns heul bij de kij yn 't bwóthús. Mar no gyng ur óp bêd. Dy achtjende jonnevares 1945 voenen se mar yn stilte fwarbijgean litte, olteast dot voe Eelkje. Têke sinde dur net óp dot ur dy dais fiventwinteg ier traud vie. De post hie un brief fon Saepke brocht. It wie goed mei har, se hie it goed troffen by dy lju en mem moast mar nearne oer yn sitte. Sy soe har paed wol fine yn 'e wrâld, ek al soe mem dat miskien net begripe kinne. As it bern der wie, moast | |
[pagina 441]
| |
mem marris yn Ljouwert komme. En hertlik lokwinske mei memme troudei. Dot brief burg Eelkje goed óp, dot vie fwar har, dot vie har geskink óp dusse dai. Richtsje hie frege ot se dur ek vot fon hôre soenen. Sij stienen fonsels fwar de taatsjeboel. Mar Eelkje hie sain, de hólle stie har dur net nai, nee gjin feest. Sij en Vibe koenen snain vól kómme óm un kópke tee, dot vie fonsels bêst. Ut vie sútreg vaar dy dais en ut tsjustere ier. Om un oere os fiif kamen dur ynienen twa Dútske sóldaten ut hiem óp, de fyts oan 'e hôn, ut gevear oer ut skauder. Se mwasten Harrem havve, hij mwast maikómme. Harrem stie te triljen óp 'e skónken. Hij hie olles ol ferteld, lai ur út, olles vot ur vist. Ja, dêr vienen se mai óp 'e hichte. Hij koe ôskied nimme os ur dot voe. Eelkje flêg him óm 'e hols, mar Harrem varde ut ô. No gûie, sai ur, en dû trêde ur óp syn klómpen tusken de soldaten ut hiem ô. Dot vie ut lêste vot Eelkje fon him sêg en sa soe se him oltyten fwar har hôre. Har traudai fergeat se nea ver. De klap kaam jest un mwanne letter dût se óp ut Ferveter hôf stienen bij de kûlle dêrt aanst ut lyk fon beppe Richt yn sakje soe. Ut begón Eelkje te mjellen, se miende dot ut Harrem vie dyt dêr bedóbbe vurre mwast. Têke hie hôren en kearen mai har. Richtsje en un bwórviif fon 'e Lytse Bwórren brochten har mar gau nai ut Grutte Lokaal en dêr besochten se har mai ôdekloanje ver bij sûppe en stút te bringen. Har ried tenain hellen se dokter dur bij en dy jûûg har un spuitsje. Se vaar mai ut rjo túsbrocht en lai vyken óp bêd. Ut rón nai de ain fon maat dût se fwar ut east verrus bij de tafel siet en nai Richtsje frege. Un vyke of trije letter dût de Dútsers ferdreon vienen en ut fólk yn Fervet en Marem oerstjoer feest fierde, stie Eelkje óp ut hiem en êge ut Klaailôn oer dêrt har jónge vaivurren vie. |
|