De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 425]
| |
Net pro-Dútsk, mar pro-Friesk!23 augustes 1944 hôden de Frieske faksisten, nasjonaal-soasjalisten, natúralisten, of hût se harsels mar oantsjutte móchten, un ‘farend kóngres’. Ut vie ut behypleke begjin fon un tradysje dyt letter fwótset vurre soe tróch de Frieske Akademy en de KFFB, ek ol beare dy baide ynstytútten begryplekervize ljevver os ha se dy fwarrem fon nuttege ferdyvedaasje sels betocht. Behyplek vie ut grif, se hienen gjin lúkse toerboat út Ljauet of Jennevôd mai un koken en un taap en nófleke learen banken, gjin taffeltsjes noch neat hienen se, net iens un dak bóppe de hólle. Daue Kiestra hie fwar dut doel syn pream beskikber steld, dêrt ur oas ut hea mai fon ut bwótlôn oan 'e Snitsermar helle, en dêrt ur ut fee jestmes mai túsbrocht, de smelle fjetten fon Póppenvier lôns nai Hazzebwórren. Ut is dêr no ollegjer feroare. Dur is fon Offenvier nai Jinsem un óntslúttingsdyk oanlain bij de Snitsermar lôns eastlek fon 'e ôde Legeasterdyk. Tusken Gau en Sebrondebwórren rint un dwasdyk fon 'e ôde dyk nai dy nije óntslúttingsdyk ta, en ek fon Póppenvier ô kin mun dur kómme. Fon Póppenvier kin mun ek de oare kônt út, nai Deasem ta. Dy nije dyk nai Deasem ta rint deun bij Hazzebwórren lôns en hat ut ôde knóffelpaad en ut heeghaut oer de Snitser Odfeat oerstolleg makke. Mar yn dy jirren en noch un pear desennya dêrnai vienen de vettervegen fwar de boeren yn 'e Legeaen vichteger os de lônvegen. Elke boer hie un skau óm te melken en un pream óm ut hea yn te heljen en de kij te fervaidzjen. San pream hie Kiestra ek, net san tige grutten, vont hij vie mar un lyts boerke, amper mear os un komelker. Hij koe un faintsje hôre en net ien hôre. Hij hie de pream fon 'e slimste óngerjóchtegheden óntdien en oer de ónhuerste plakken hie ur vot ôd hea struid. Strie hie mwaier vest, mar dot vie djoer. Graidboeren ha sels gjin strie en matte olles keapje. Havar, mun mwast ut nimme sat ut vie, dot vie Kiestra syn libbensregel. Hij hie ek un monnech planken dwasoer de pream lain, dot de gosten olteast net plot óp 'e kónt hûgden te sitten. De boerinne hie fwar flessen kôd drinken en termoflessen vaarme surrogaatkófje swarge. Vie ut oltemets net treflek ferswarge? | |
[pagina 426]
| |
Om un oere os njóggen kamen de easte gosten oanfytsen en rinnen, ut binnenpaad del. Faike de Haan en Vibe Tinga, gjin grutte spitsen oas. Vot letter kaam Daue Kalma oanskyten, hij hie yn Raad noch even bij de ôd pleats sjoen dêrt ur benne en ópvûksen vie. Ut spul stie dur skoan bij, dot vól, mar ja, doch sa oas os dût mem en hij dur vennen, klage ur fertrjitlek. Ut ferlyne vie un bûk sletten mai un iisderen slot, mun hie dur nea ver tagóng ta. En vot mun net yn juns ópslúiting ónvrikber ferankere hie, dot mwast mun oant yn olle ivegheden brek bljowe. Ja, ja, vis, mar ut gyng no net sasear óm ut ferlyne, se vienen gearkómmen óm oer de takómst te redendelen. Goed tsien oere vienen ek de lêsten óp Hazzebwórren, Hylkema, Brolsma, Werkhoven, Koldyk, Sybesma, Van der Molen, Aartsma. Mai de oare trije en Kiestra sels durbij olve mon. Krekt ien te min óm lykos de ferneamde asegas út 'e ôdfrieske sage ut vetter óp te faren en út Gods mwólle ut rjócht fon Fryslôn te fernimmen. Dur vienen vól tólve útnûge, mar ien hie de kónt dur útskwórd. En dus stieken se net fon vôl os tólve asegas, mar os olve gekken. Mun hûgde net slim bijljoweg te vêzen óm dut doch os un min fwarteken te sjen, benammen ek ómt ut de twadde kear vie dot ut misljerre óm un hilleg tol bijien te krijen. Mar dotlêste, dot visten ollinnech Kalma, Kiestra en Sybesma. Dy hienen dur ómmes bij vest, dy strieljende simmerdai no goed fiif ier lyn te Jorvet. Dû hienen se sônresóm gearkómme sillen, mar ien hie ôtynge dien, Doede Haaies de Vries. Hij lai mai pynehólle óp bêd. No miste dur ver ien óm un fólslain tol te krijen, en ut vie ferjamme ver Doede Haaies de Vries. Duskear gjin pyne yn dy grutte, bryke hólle, mar un dwas steed. Hij fielde dur neat fwar, hie ur Faike de Haan tabetraud, óm de bêkens te fersetten noot ut duróp lyke dot de Dútsers ferlieze soenen. Hij hie keazen en stie fwar syn kar, mai de Dútsers soe ur nai beppe' kelder gean. Os dot syn lot vie, don vie dot syn lot. Mun koe better mai de Dútsers ferlieze os mai de Amerykanen oervinne. Vist Faike vól vot un Amerykaanske oervinning betsjutte? De fólslaine ferneateging fon olle kultúrele veaden, de fólslaine barbarij. Bóppedot, hij skiet óp lju dyt net fwar har ydeälen stienen mar óp ut vinnende hynder gokten. Dot vie ek óp Faike fon tapossing, mar dy nóm ut lykmoedeg óp. Ut vienen freonen, en dot soenen se bljowe, vot har fjidder ek skiede mócht. Faike hie ut haadsaakleke fon Doede syn vudden maideeld. Hij stie fwar syn kar, hij vie gjin draaikónt. De krjowerij dyt oer dy vudden óntstien vie, bemwóide ur him net mai. Hij stie mai Kiestra te kloetsjen, dot lyke him vóndermoai vurk ta. Faike hie un grutte niget oan dingen dyt ur nea jedder sjoen of bij de ain hôn hie. Hij | |
[pagina 427]
| |
vie mai de Dútske trûppen nai ut eastfrónt raizge en os ur de kôns kryge soe ur mai de Amerykaanske legers Dútsklôn yntsjen. Hij vie vakker nijskjirreg nai de foto- en filmapperatuer fon 'e Amerykanen, dot mwast manjyfyk gwód vêze. Kiestra voe net óntankber lykje, mar hij hie olsaleaf ollinnech kloete. Faike makke dur neat fon, hij stiek de kloet fjiste djip yn 'e feangrûn en bij ut ver loslûkken ferlear de pream yderkear faasje en kaam bryk te lezen. ‘Vot dwasser fon 'e pream ô!’ vaskôge ur gemoedlek. ‘Dêr is mear fêsteghyd.’ Faike hie ville os un grutjónge, ut koe him neat skele os se mai de snút yn 'e snylen bedarren of mai ut hele soadsje te vetter rekken. Ut hele libben vie avventoer fwar him en hij voe dur neat fon misse. Aartsma en Koldyk sieten vakker óp Doede Haaies ô te jaan. Dy mon begriep dur don grif ek neat fon. Draaikónterij, dot vie un fólslaine ferkeade fwarstelling fon saken. Sij draaiden helendol net, sij hienen fwar Fryslôn keazen, en dy kar stienen se noch fwar. Doede Haaies hie ynjesten ek fwar Fryslôn keazen, mar no keas ur fwar de Dútsers, sjug, dot vie no draaierij. Hylkema foel har bij, visse, de swide ópgóng fon Fryslôn, de verbette fon dut ôde germaanske fólk, dêr vie ut har inkeld en oltyten óm gien. Se hienen de kônt fon 'e Dútsers keazen ómt dy ollerhonde tasezingen dien hienen, net ómt se pro-Dútsk of nasjonaal-soasjalistysk vienen. Velnee. Kiestra harke ut oan, mar sai neat, hij hie ut dur fwareast te drók mai de pream midden yn 'e ópfeat te hôren. Ek Sybesma swijde, en Kalma swijde. Tochten dy baide faaks ek oan dy simmerdai yn '39 dût se enwar en Fryslôn trausward hienen óp 'e bóppeseal te Jorvet? Ollegjer de kul óp 'e tafel en enwar de jerrems óm 'e skauders. Jon Piebenga syn útfiinsels hienen dot vest. ‘Vij Friezen sille Fryslôn tsjinje mai goed en bloed oant ús lêste syke.’ En vêr vie Jon Piebenga no? En vêr hie ur de hele oarlog vest? Fon twa vôlen frette, dot hie ur dien. Hij hie Sybesma syn fes oer de Fallschirmjäger noch yn It Heitelân ópnómmen, dot vie yn '40. Dût Rainder Brolsma de Harmen Sytstrapriis útrikt vaar, hie ur him ferbjustere ôfrege vêrómt de hele Frieske beveging dut barren sabotjerre hie. Dot vie yn 'e jest fon '41. Dû hie ur noch stien fwar de synteze fon ut ôde en ut nije. Mar sónt hie ur him distônsjerre fon 'e nije wadder. Os dur ien un draaikónt vie, don hij vól. Nee, Doede Haaies net, dot vie gjin draaier. Mar dy koe fonsels ek net mear veróm, dy vie fjistefier mai de Dútsers ynsyld. Olhûvól, jilde dot fwar harsels ek net? Ut soe yn vjirhyd un ‘pûpetoer’ vurre en maitsje nai de oarlog dúdlek dot se ollinnech mar Frieske striders vest hienen en oas neat. | |
[pagina 428]
| |
Jehonnes Werkhoven, de bwargemaster fon Ferveterdeel, voe ains net vitte fon un taktysk verómlûkken. Mun mwast stean fwar vot mun dien en sain hie, oas vie mun un skytkearel. Mun koe jun fersind ha, en dot koe mun tajaan, mar lykvóls mwast mun durfwar stean. Sók praat vie neffens Vibe Tinga ôdvivegejeuzel. Se hienen har net fersind, de vai dyt de Dútsers viisden, vie de goede en de jinnege. De sloppe húmanistyske en kristleke kultuer betsjutte apslút de ain fon ut Friezendóm en ut Germanendóm. Os de sike en óngeve plakken net út ut fólkslichem vaisnijd varen, don soe ut fólk oan ollerhonde krupsjes stjerre. Sij mwasten vrede heelmasters vêze, dot vienen Kiestra en Sybesma doch mai him iens, voe ur havve. Dy hienen har olteast fiif ier lyn ek noch yn dy geast úttere, krekt os Van der Goot. Lju mai hazzelippen en sûkkersykte en sa dy mwast mun sterylysjerje, oas gyng ut Frieske ros nai gychem. Mar Sybesma swijde en Kiestra kloete. Sa kamen se óp 'e Snitsermar oan. Kiestra en De Haan lainen de kloet del en gyngen sitten. Se lieten har fjidder óp Gods genede drjokelje. De flessen mai kôd en varem drinken gyngen óm en elk helle un pwódde mai bôle út 'e bwósse. Op ien streek bljowe, ut maienwar iens vurre en enwar stypje tsjinoer de machthavvers fon strak, de ylegalytijt, dêr gyng ut óm. Aartsma stelde út, hij soe un rapport ópstelle oer de oanfaringen dyt de Frieske Rie mai de SS hón hie en dot rapport oan syn relaasjes yn 'e ylegalytijt oerlangje. Dur soe út blyken dwaan matte dot de Frieske Rie oltyten fwar de belangen fon Fryslôn ópkómmen vie, un aigen koets fean hie, ek os dot de Dútsers net nwaske. Dur vienen un pear dúdleke bevizen fon dot de Dútsers har nócht hienen fon 'e Friezen. Daue Kiestra vie un goed ier lyn út 'e SS dóndere en fon 't vinter ek út 'e Frieske Rie. Van der Molen hie óntslag krygen bij de Germaanske Vurkmienskip. En dot ollegjer ómt dy monnen har net brûkke litte voenen tróch de Dútsers, mar fwar Fryslôn ópkamen. De hôring fon dy baide monnen en vot har fon 'e Dútsers vjerfean vie, koe fwarbyldeg vêze fwar de hele Frieske Rie en vinlek fwar ollegjerre dyt ut ynjesten un skóft mai de Dútsers vêge hienen. Sij hienen ut grau hôn óp ut Nederlônske regear, ómt dot fwar ut Friesk en de Friezen nóit un hôn útstutsen hie, en se hienen har ferlokje litten tróch de Dútsers dyt mai ollerhonde tasezingen kamen. De moaie en dierbere ferhalen fon Arend Lang en kónsorten, va vienen dy net os lij vetter yn 'e earen rón? Ek gwódden út ut oare kamp, dyt no úthôden dot se de Dútsers fon 't begjin ô vontraud hienen. Mar ut hie blyken dien, taal en kultuer yntresjerre de Dútsers neat, se sêgen ollinnech nai ut byologysk-rossyske. En dêr lai ut brekpunt, | |
[pagina 429]
| |
sijen vienen Frieske bevegers, mar gjin rossisten. Ut vie vier, efterô besjoen hienen se ol jedder yn 'e gaten ha kinnen dot de tasezingen fon 'e Dútsers inkeld dien vienen óm de Friezen yn ut nasjonaal-soasjalistyske spoar te krijen, mar se hienen te goed fon betrauen vest. Goed, se hienen ut óp dut punt gevoan mis hôn, helendol mis, se hienen har fynaal óp 'e bedoelingen fon 'e Dútsers fersjoen. Vêróm dot net ta te jaan? Se hûgden harsels ek net helendol skjin te praten, nee, dot vie net iens snoad. Rojaal fwar juns flaters útkomme, dot vie fiervai bêst. Mun mócht don hoopje dur sónder ol te fólle kleanskwórren fwarvai te kómmen, ol soenen se grif net helendol frijút gean. Mar ut vie saak en ston maienwar. De iene mwast de skuld net óp 'e oare smyte, dot vurke ferkead. Stean fwar vot mun dien hie, en hyltyt ver klam leze óp juns doel óm fwar Fryslôn vot út ut fjoer te slepen, dot vie de vai. Werkhoven koe net goed yn dut útstel maigean, ut vie him te opportúnistysk. Bóppedot, olles vie noch net ferlen, sa swatgolleg hûgden se no ek ver net te vêzen. Hitler hie noch oltyten syn gehaime vapens. Vie de easte V-1 net kwatbij ôsketten út ut Riisterbósk vai? Hij fielde dur mear fwar óm kóntakt te sykjen mai de NSB, dy voe ómmes ek un aigen plak fwar Nederlôn bestribje. Dêr soenen de Frieske doelen skoan yn posse. Mar hij fûn gjin maistonders, de NSB vie nóit goed fôlen yn Fryslôn, ut vie un partij fon stedske minsken dyt ut plottelôn vakker ydeälysjerren mar neat fon ut plottelôn begriepen. Daue Kiestra syn romontsje De frouljue fen de fetweider vaar dur bij oanhelle óm de NSB-er te typjerjen. Dy gemeentesiktares mai syn oerdreone en ónechte tyrades oer de mienskipssin fon ut plottelôn, mar ûndertusken un leffet en óm skulden nai Fryslôn kómmen, dot vie him no krekt. Daue Hermans hie dot fólkje goed sketten, fwar de oarlog ol. Nee, net mai de NSB yn see. Tinga koe fon ut hele ferhaal fon Aartsma vól kwarje, sat ur sai, net ómt ut opportúnistysk vie, mar ómt ut gekkepraat vie! Ut tsjinenwaroerstellen fon taal en ros, dot vie koal en kak! Dur vienen noch oltyt minsken dyt mienden dot mun taal en ros lók-vot-jauste oanenwar keppelje koe, bijgelyks soenen negers of Joaden Friesk prate kinne, os mun se dot mar fon jóngsô learde, en Friezen bijgelyks Russysk. Vel, de vittenskip hie ollang útmakke dot sóks apslút nèt koe. Ut ros vaar fwarme tróch de taal, de spraakorganen fon 'e minsken gyngen stean nai de lûden dyt se fwótbrochten en ut hele tinkpetroan fon un ros vaar fwarme tróch de syntaksis en de vudfwarrie fon un taal. Oasóm hie ut ros ek ver ynfloed óp 'e taal, bijgelyks óp de byldspraak, óp ut sin- en vudaksint, óp de siskes en | |
[pagina 430]
| |
útdrukkingen. Mun koe ros en taal apslút net skiede. Vot oantsjut vaar os ‘fólk’, dot vie krekt dy bysóndere synteze fon ros en taal, sat dy yn 'e rin fon 'e ywen vûksen vie. Ut drjokeljend laag swijde en tocht nai. De útiensettingen fon Tinga kamen har net ónvjirskynlek foar. Ut voe har vinlek vól oan dot de Friezen net tafolleg Friesk praten en de Frônskmonnen Frônsk, mar dot sóks un byologyske oarsaak hie. Hie Tinga no ta un beslút kómmen en sókssavot sain os: En dêróm matte vij net ollinnech taalstriders vêze, mar ek striders fwar de súverens fon ut Frieske ros..., meskjin dot ur ut plait vón hie. Mar Tinga voe noch mear gelyk ha os ur út ut stilswijende reägjerjen ópmaitsje koe. Hij begón ver oer de erfleke sykten en krupsjes dyt ut Frieske fólk bedrigen. Sterylysjerje mwasten se de dragers durfon. Un súvere taal easke un súver ros en dot koe ollinnech os mun de gammele eleminten útsleat fon 'e fwótplonting. Vot soe dur fon 'e Frieske taal telône kómme os olle Friezen strak un hazzelippe hienen? Dêrmai ferbruide ur ut. Oan 'e iene kônt vienen de measten yn 'e pream grutbrocht mai kristlek-húmanistyske veadefwarstellingen dêrt ut sterylysjerjen fon minsken inkeld óm un mankemint dêrt se ónskuldeg oan vienen en dot nammes ek ferhólpen vurre koe, strideg mai vie. Oan 'e oare kônt, ut ydee dot olle Friezen skielek mai un hazzelippe ómrinne soenen, diig, hû slim ut óp himsels ek vie, tige komysk oan. Daue Kiestra en Faike de Haan begónnen óp utselde stuit te gnizen. Ut sil net fon ut kloetsjen kómmen vêze, ut sil poer tafol vest ha. Faike, tusken ut gnizen tróch, besocht mai un hazzelippelûûd te sezen fon ‘Hnfnysnlôn hnbóppe, hnollôn hnynne hngnóppe!’ Dû basten se ollegjer yn gnizen út en dêrmai vie Tinga syn plait, hû goed syn argúmintaasje ynjesten ek vest hie, vjerlain. Ut ôvaaid praat fon un dómme gnizer telt ónares mear os ut bestekleke betoog fon un vittenskiplek fwarme geast. Sybesma sêg Tinga mailydsem oan, ja mon, mai sókke óksen mwast mun plûie jir yn Fryslôn. Ut vie un hele toer en fyn ut paad veróm nai Aartsma syn útstel. Ut smyte óp 'e leafde fwar Fryslôn, os Frieskbevegers besocht óm safólle mooglek fwar Fryslôn te bestribjen, yn 'e monde mai de Dútsers, javisse, mar net út lônferried, mar krekt út trau oan Fryslôn. En màienwar stean, net de iene de skuld óp 'e oare skowe, ien frónt fwarremje. Dot vie de vai, sa mwast ut. Mar gwódden telden fwar harsels de aigen sónden óp. Vot hie mun útheefd en vot soenen se jun fwar de skynen smyte kinne? Daue Kalma hie krekt de Harmen Sytstrapriis mai dêroan ferbûn un bedrag fon twatûzen gûnne akseptjerre. Dot vie net snoad, dot hie ur net dwaan matten. | |
[pagina 431]
| |
Syn poletyke ynstinkt hie him oas oltyten vaskôge os ur switse mwast en syn hôring hûndettachteg graden feroarje. Op dy menier hie ur oltyten óp 'e tiid óp ut krekte plak vest, mar duskear hie ut ynstinkt him yn 'e steek litten. Dy priis mwast ur sa gau mooglek verómstjoere en benammen ut jild! Hij mwast skrjowe dot ur ut net lykfyne koe mai de nasjonaal-soasjalistyske vrôdskôging en dot ur sadwaande net de ynderleke frijeghyd hie óm de priis oan te nimmen. Ut vie vot let fonsels, mar hij koe skrjowe, hij hie dur lang mai vraksele. Ut gyng dur ek net salyk óm vot de Dútsers fon syn brief tochten, mar de machthavvers nai de oarlog. Van der Molen vie lyksa dwaande plus- en minpunten óp te tellen. Hij hie un soad públysjerre de ôfrónne jirren, benammen oer fólkskundege ûnderverpen. Dot soe gjinien him kwea nimme kinne. Minder vie fonsels dot ur ut olmeast yn Dútskgesinde blêden dien hie, lykos Het Noorderland, De Hamer en De Schouw. En hij koe him dur net ômaitsje mai ut sezen dot ur ollinnech mar kopij levere hie, fon twa fon dy trije blêden hie ur ómmes redakteor vest. Fjidder hie ur yn desimber '42 un ferneategjend rapport útbrocht oer ut fwar ut ier 1943 te ferskynen Studinte Almenak, dot ta ut ferbod fon dot ierbûkje laat hie. Sóks soenen de stúdinten grif net ferjitte. Ut meast posytyve dot ur betinke koe vie dot ur olgedueregen yn tsjûk vaar sitten hie mai Saxo-Frisia en de SS. Hij hie yn april '43 óntslag krygen os skrjower fon Saxo-Frisia en de Frieske Rie en de oanstelling bij de Germaanske Vurkmienskip, dyt him os un soate fon skeafergoeding taskikt vie, hie mar un jelier dwórre, dû vie ur dêr ek útsmyten. Bij de Nederlônske SS koe ur net mear ta goeddwaan kómme. Dot soenen se doch os un pluspunt vedjerje matte. Hij vie Dútskgesind, mar gjin SS-mon. Vol ferkead, mar net slim ferkead. Brolsma siet ek swier yn 'e prakkesaasjes. Hij koe mai gjin mooglekhyd betinke vot ur ains ferkead dien hie. Vis, hij hie de Harmen Sytstra priis oannómmen yn '41, mar vie dot no sà slim? Gunden se him dy don net? Mear os fjitteg ier vie ut lyn dot ur syn easte skrúttene sketskes yn Sljucht en Rjucht públysjerre hie. Sónt hie ur him stareg óntjûn os skrjower. Net te tellen vienen de sketsen dyt ur bijdrûgen hie oan Frisia, De Holder, It Heitelân en ol dy oare blêden en bledsjes dyt dur sa foar en nai vest hienen. Sa njónkenlytsen vie ek syn grutter vurk ferskynd, It Heechhôf, syn masterprûf. Yn dy selde snwórje vie ur útainset mai de rige ferhalen dyt útgrûie soe ta Sate Humalda. Krekt fwar de oarlog vie Groun en minsken yn bûkfwarrem ferskynd, neffens de besprekkers syn bêste vurk. Oja, hij | |
[pagina 432]
| |
hie vól vedjerring ûnderfûn, mar un priis hienen se him nea veadeg achte. Hij hie ut ek óp aigen krêft ta berópsskrjower bringe matten. Ut hie un grutte dai vest dût ur de ferfkwaste fwargoed delleze koe. En dû vienen de pûpen kómmen dyt ut iene Frieske blêd nai ut oare ferbeaen. Mar hij mwàst skrjowe, hij mwast fon 'e pinne libje. Vot koe ur oas os gón mai de Dútsers yn see? Nammes, fólle grutter geasten os hij dienen utselde. Kalma, Sybesma, sónt 1915 klinkende nammen yn Fryslôn. Yn ut begjin fon 'e oarlog hienen de ferskillende partijen nammes ek lang sa dúdlek noch net fwarenwaroer stien. Noch yn '34 hienen se maienwar un bóndel Fryske sketsen yn ut ljocht jûn. Hij en Kiestra en Sybesma, mar ek soasjalisten os Jelle Brouwer en Fêde Skurer. Vie har dot fergetten, dot se no distônsje fon him nómmen en him ferkead achten? Hij begriep ut net, mar ut die him sear. Fjitteg ier lang hie ur vrót en krevjerre fwar de Frieske lyteratuer yn dot bytsje frije tiid dot ur hie, en no sa. Elk siet mai syn aigen swargen en tinzen, mai syn vrok tsjinoer de oaren. Vaat dur ut fjist mai ynsyld vienen, voenen fon gjin ópjaan fon 'e striid en ut yn 'e kónt krûppen fon 'e ylegalytijt vitte. Ut vie nammes ek ol te tróchsichteg: nai D-day ynienen ta un oar ynsjug kómmen grif, va soe dot ljowe? Vaat harsels net os de ‘slimste gefollen’ ynskotten, voenen rêde vot dur te rêden vie. Better óp jelvys ómkeard os fólslain ferdwaald. Un minske koe him fersinne. Se kamen net óp ien streek, sat ut doel vest hie, ut lyke dur net óp. Maienwar stean fwar de Frieske saak en de Dútske saak, mar os de kniper óp 'e skyne kaam, besocht elk syn aigen hachje te rêden. Swijend en fol noeden gyngen se de verómtocht oan. Fiif ier lyn en fwar gwódden ol vól tsien ier lyn vienen se fól moed oan dut avventoer begón. Net út aigenbelang, fonsels net, mar fwar Fryslôn. Ollinnech Faike de Haan hie noch olle ville. Hy ymytjerre Hitler mai un hazzelippe: ‘Hnvon hnjetzt hnab hnwird hnzurück hngesnchossnen!’ en Göbbels: ‘Hnwir hnwollen hnden hntotalen Hnkrieg!’ Mar lyke fleoreg ek Churchill: ‘Hnthis hnis hnot hnthe hnend, hnot hneven hnthe hnbehginning hnof hnthe hnend, hnbut hnonly hnthe hnend hnof hnthe hnbeghinning.’ Freon of fijôn makke Faike salyk gjin ûnderskied tusken. Dem Abenteurer ist alles Abenteuer. De oaren lai ut vól óp 'e lippen óm ‘Hôr dy norus de bek!’ te róppen, mar se soenen Faike inkeld oantreastege havve óm ut noch healviisder te dwaan, sa goed koenen se him vól. Ut ut easten vai klónk gebróm oan 'e loft. Fleanmesynes grif. Ja, dêre, de kônt fon Terhenne út vai kamen un stiktrije Ingelske jagers oansetten. Dy dwasten langer dais vól oer Nederlôn te fleanen en net | |
[pagina 433]
| |
iens óp un failege hichte. Se beskeaten trainen en frachtskippen en dieken de bómmefleanders dyt har lêst óp 'e fleanfjilden loslieten. Ynienen ketsten dur kûgels óp ut vetter óm de pream hinne. Se varen besketten! Dy gekken dêrbóppe! Dut vie doch gjin frachtskip? Ut vie doch út 'e lóft vai net te sjen dot se Dútskgesind vienen? ‘Dekke!’ rôp Tinga. Hij dûkte ûnder un planke. Dot besochten de oaren ek, mar Sybesma en De Haan spróngen oer boad en swómmen en baaiden nai de kônt fon 'e mar. Dû fólgen dur mear, bang dot de jagers veróm kómme soenen. Se ferskûllen har yn 'e raiden en snylen. Kiestra nóm de kloet en avvensjerre de pream de ópfeat yn. Dy pream koe ur net sónder, dy mwasten dy healvizelingen net lek sjitte. Mar de jagers kamen net veróm, meskjin hienen se har fersin ynsjoen. ‘Ut is faileg, monnen!’ rûûp Kiestra, mar dyt durút vienen, voenen dur net ver yn. Se rónnen vól nai Póppenvier, dot gyng fólle hudder en don gau nai hûûs en drûgge klean oan. Dur maienwar fwar stean, javis, vij Friezen sille Fryslôn tsjinje oant ús lêste syke. Ien Ingelske jager vie genôch óm de hele plûg yn 'e raiden te jaaien. Aartsma sai, hij soe dot rapportsje doch mar skrjowe en oan 'e ylegalytijt jaan. Ut koe nóit kwea. Werkhoven hólp Kiestra te kloetsjen. Ut vie un betraubere NSB-er en hij hie ut fólle better fwar de geast os De Haan. Faike de Haan koe ut naibauen fon un spraakgebrek ynjesten net ver ôleare. Vot syn freonen yn goedens en kweadens ek besochten, hij koe dur neat oan dwaan, ut vie súver un twadde natuer vurren. Jest dût un Feldwebel mai un hazzelippe him un daverjende klap fwar de kop jûûg, vie ur genêzen. |
|