De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdOp 'e brencarrier nai ut Reade HúskeTilly hat ut meastepat fon ut oarlogsbedrjo fon syn fytske ô vaarnómmen, faileg achter ut stekje. Dot stekje kearde de fijonnen vól. Olteast, yn 'e regel. Ienrus vie môle Tys dur doch tróchhinne stapt, en dû vie Tilly moatsjend fon eangst de hûûs yn flain nai mem ta. Môle Tys vie un negoasjemon mai un transportfyts. Ot ur môl vie, vit Tilly net, mar de jónges rûpen him dot oltyten nai en don stapte ur ô en begón te drigemintsjen, mar hij koe se fonsels nóit benai kómme. Tilly voe ek rus sjen litte dot ur un flinke jónge vie en hij rôp de mon nai fon ‘Môle Tys!’ Ja, en dû sette Tys de fyts del, en beklage him bij Tilly syn mem. Mar sóks vie un útsóndering, olmeast vie Tilly faileg fwar ut geveld óp 'e strjitte. Nee, Tilly hat gjin held vest yn 'e oarlog. Ienrus mar hat Tilly tige dryst vest tsjinoer de pûpen. Hij rón dû mai noch un pear jónkjes stampend en ôljend en un lange noas maitsjend achter un Dútske sóldaat oan bij de bwórren óp. Ynienen lyke dy sóldaat syn nócht fon ut gekoanstekken te havven, hij lai ut gevear oan en skeat. Tilly-en-dy flechten de hûkke óm bij Kees Dekker en de Haven óp. Letter viisden se enwar óp 'e gotten yn 'e mwórre fon Kees Dekker syn hûûs, dêr vienen de kûgels ynslain. Mun fernóm net fólle fon 'e pûpen yn ut dwarp. Sóms rónnen dur un pear fwarbij yn har grize klean. Twa durfon varen bekende fygueren, de iene hiet Willy, de oare vaar ‘de snor’ neamd. ‘De | |
[pagina 418]
| |
snor’ hie un herdershûn, dyt oltyt bij him vie. Sóms smiet ‘de snor’ un stik haut yn 'e feat bij de herfwarme skwalle en don spróng de hûn sa fon 'e rollaag ô ut vetter yn. Dur binne net fólle hûnnen dyt dot dwarre. Om dy hûn te sjen kamen Tilly-en-dy vólrus vot tichter bij ‘de snor’, hûvólt se him oas net stienen. Hij sêg môle brimsteg, en hij stie bekend os ‘un frekkeling’. Hij vie un tûk en fanatyk jager óp ûnderdûkkers. De measte pûpen vienen oas gjin grutte helden - neffens vot dur sain vaar. Skean fwar Tilly-en-dys oer stienen ut hûûs en de skwórre fon timmermon Hiemstra, en dêr ver naist venne Durk Burmonje. Dot vie un defteg mar ek sómber hûûs mai lynebjemmen durfwar. Achter dot hûûs vie un skwórke, en dêr stie de lykvain yn. Durk Burmonje poste dêr óp. Tilly hat de lykvain fakernôch útriden sjoen, de twa swatte hynders durfwar. Ut vie un hele moaie koets, blinkend swat yn 'e ferve, mai swatte gedyntsjes en kwasten duroan. No, yn dot koetshús flechten sóms bij razzias de monnen dyt gefaarlek vienen, en don sieten se faileg. Os Durk Burmonje de doar fon ut koetshús fwar de pûpen ópfierde en se sêgen de lykvain, don skrillen se tebek en se gyngen dur net yn. Olteast, dot sainen de minsken. Mar faaks hienen se dur ferlet fon óm de pûpen leeg te lezen en ut gefaar te lytsachtsjen. Dy pûpen vienen fonsels net ollegjer bangeskyters en ólfets. Bij Têke de Haas kin mun nailêze hû slim gwón jóngebazen de pûpen ûnderskot ha. Têke syn melodramatysk ferslag drippe de trjinnen fon ô, mar ut lit vól krekt sjen hû rokkeleas jóngemonnen mai har libben bwatte ha. Oppakt tróch de pûpen en útnaaid, nochrus oanhôden en ver losbrutsen, mar lyke fleoreg un pear vyke letter ver bij ljochtskyndai nai de boer en oan 't vurk. En dû fwar de tredde kear oanhôden en nai Dútsklôn fierd. Johan Wildeboer dyt yn ut ferset siet en mear jóngkearels vienen ollang óppakt - ferret! Joeke Andrae vie deasketten. Gerard Esselink dyt persoansbevizen ferfolske vie ek óppakt en nai Dútsklôn brocht. Se visten doch dot ut de pûpen mienens vie? Tilly vie fjitjen dagen óp skwalle dût de Kanadezen fon 'e Maremer kônt ô ut dwarp ynrieden en Fervet befrijden. Tilly mient him yn 't sin bringe te kinnen dot ur de pûpen ôraizgjen sjoen hat, mai har pakkelaasje óp fwaddere hynders en vainen. Mar faaks ha se him dot ferteld. Dû vie ut feest. Ut vie ollegjer fólk óp 'e strjitte. NBS-ers yn blaue overols en alpynopetsjes óp regelen ut ferkear en hôden de minsken yn betwang. Dur vienen un heel soad NBS-ers, fólle mear os dur yn 'e oarlog vest hienen grif, oas hie Fervet vól jedder befrijd vurre kinnen. Ien fon dy NBS-ers rón mai un pystoal | |
[pagina 419]
| |
yn 'e hôn de strjitte del en skeat no en don un vaskôgingskûgel fwar de minsken har fwótten lôns: se mwasten óp ut trotwaar bljowe. Feest yn 'e loads fon frau Lyklama. Tilly hat dur net vest, hij mwast jûûns yntiids óp bed. Mar syn ôdste broer dyt tretjen vie, gyng dur ol hinne, en dy kaam de jûûns let tús mai de bwóssen fól stikkene moalkûkjes. Fon 'e Kanadezen krygen grif. Dy kûkjes hie Tilly syn mem óp un vyt ytensbwad lain. Ut heugt Tilly dot dot bwad óp 'e tafel stie en dot se dêr maienwar ómhinne stienen, ut vie san ryk besit. Tilly syn suster sil dur ek vól hinne vest ha, mar dur heugt Tilly neat fon sûkkelade en sygretten. Dur kamen mear nije dingen. Op un naimiddy dût Tilly óp syn fytske siet, kaam de jóngste soan fon Durk Hônsma de grjintemon ut sketsje tróch. Hij hie vot tusken tûmme en finger en dêr mócht Tilly de helte ô byte. Ut vie un resyntsje, sai ur, dy hie syn hait túskrygen. Dur siet un lyts plûchje Kanadezen yn 'e Bwótterhûk, skean tsjinoer de Bók. Ja, dot vit Tilly ek vól, ut hyt net mear fon de Bók, ut hyt no heel defteg fon ‘Kerkpad’, mar de healvize oanslaggen fon út har klómpen vûksen vetterhóllen hat Tilly neat mai fonnoaden. Ut hyt de Bók. Skean tsjinoer de Bók ûnder de grutte vylgebeam, dêr sieten se. Dy beam vie ol ôd. Dût Tilly syn mem nai de kristlike skwalle fon master Van der Vlugt yn 'e Bwótterhûkke gyng, dû stie dy beam dêr ol. ‘Dêr bwatten vij frûgger ûnder,’ sai Tilly syn mem rus dût ur har en hait nai un útfonhûzerij ver nai Fervet brocht. Ien fon 'e lêste kearen dot ur syn mem - dû ollinnech - túsbrocht, vie de beam fwót, ómkappe. Tilly tocht dû: os mem dot mar net sjugt. De beam fwót, mem fwót, no is dur neat mear oer. En os de Bók don ek gjin Bók mear is, hû mat un minske him don noch yn ut ferlyne oryintjerje? Mar Tilly hat ut godtank vól goed yn 'e hólle, hût ut dur fwarhinne útsêg. Dy grutte vyljenbeam sieten de Kanadezen ûnder. Se hienen un iisderen plaat óp 'e grûn mai un gosflam durûnder, dêr makken se ut yten óp varem. Mear nai achteren stie de tank. Of aigentlek vie ut gjin tank, mar un brencarrier, mar ut hie ol rupsbonnen. Ut matte arege monnen vest ha, dy Kanadezen. Olle dagen lieten se de brencarrier even rinne en don móchten de bên mairide. Op un middy hat Tilly ek mai vest. Hij vie te lyts óm dur sels óp te klimmen, mar syn twadôdste broer dyt olve vie, lûûk him dur óp. En dû rieden se nai ut Reade Húske, en dêr vrikte de ‘tank’ ut hiem óp, en dû achterút en ver óp nai ut dwarp. Geveldeg vie ut. Tilly hat nea fergetten dot syn broer him óp 'e tank hólp. Dot vie nammentlek ien fon ut lytse tol posytyve vjerfaringen dot ur mai syn broer hie. Tilly fûn syn broer meastol net areg, en dot is sónt sa | |
[pagina 420]
| |
bleon. Mai syn ôdste broer hat ur oltyt goed kinnen. Syn ôdste broer behondele him os lykveadeg en nóm him yn betrauen. Tilly vit noch, óp un kear vie de ferkearing fon syn ôdste broer út en hij vie tige fertrjitlek. Ut vie óp un sneon, en hij mwast un hynder óphelje út ut Kleaster vai, hû en vot vit Tilly net mear, en hij frege Tilly óm mai te gean. Tilly hie gjin nócht, mar Tilly syn mem sai, gón no mar mai. En dû fertelde syn ôdste broer oer ferkearing en frôlje en seksúalytijt en traue matten. Tilly hat neat sain, ut gyng him fwar ut grutste pat bóppe de pet, hij vie tretjen of sa. Mar dot syn broer him os lykveadeg behondele, dot makke him sa ryk. En letter snaintejûûns dût Tilly de fyts ha voe óm achter de frôlje oan, en syn ôden him te jóng fûnnen, dû hólp syn broer him. Nai yten, dût ur nai de faam soe, sai ur iiskôd: ‘Gjist mai achteróp?’ Hait en mem vienen ferbjustere en lieten Tilly gean, en de oare snains mócht Tilly de fyts ha. Syn ôdste broer hat Tilly oltyten un ynteanze bôn mai hôn, en dêróm mist ur him. Syn twadôdste broer mat ur him de goede dieden, of better: de goede gesindhyd fon fwar de geast helje dêrt sókssavot os tagedienens út tróchskymerje kin. Hij fielt aigentlek neat fwar him, ja begrutsjen de lêste jirren. Mar gjin ferbûnnens. Ut is syn broer, mar hij is him ol syn libbensdagen poerfrjemd bleon. Sa is ut en net oas, en 't is net moai dot ut sa is, mar sa is ut ol. Yn bûkken mat mun net lige en dur net ómhinne helje. Yn ut daisteg libben mat mun de dingen gaurus vot ferhimmelje, oas hat mun ollegedueregen spul en argevaasje. Mar yn lyteratuer hûgt mun jun neane óm te bekroadzjen os óm de vjirhyd. Vot soe ut nut fon lyteratuer vêze os vij dêryn ek noch un kear óm 'e hyte brij hinne rónnen? De Kanadezen bljoden mar un dai of trije yn Fervet, neffens vot Sjauke van der Kooi maideelt, dû nómmen de Ingelsen ut oer. Tilly mient doch vis te vêzen dot ut Kanadezen vienen, dêr yn 'e Bwótterhûkke, of hat ur dot dur letter fon makke? De Ingelsen sieten yn 'e griffemeade skwalle oan 'e Maremerdyk. Dot vit Tilly fon himsels, vont hij hat dur ienrus vest. Hij vie mai un pear oare jónkjes mairón, dy hienen dêr jedder vest en dy visten vêrt mun de sóldaten fyne koe, lófts fon ut gebau, en dy visten grif ek dot dur vot te heljen vie. Dût se dêr trijeresóm ómspegelen, die un sóldaat ut rút óp en jûûg har un stik vytebôle mai sjim. Dot mûsten se patsje. Ut vie hele losse bôle en de sjim vie hearlek. Fon yten en drinken hienen de Ingelsen ut grif goed, olteast se hienen un goede kok. Op un middy kamen dur sóldaten yn skwalle en dy jûgen de bên ollegjerre un hearlek broadsje mai flais duryn, ut | |
[pagina 421]
| |
hat grif un sausijzebroadsje vest. Neffens Sjauke van der Kooi barde dot óp fyftjen maaie, mar dot vit Tilly net mear. Hij vit noch vól dot se ollegjer maienwar yn ien lokaal sieten, dot fon 'e bóppemaster. En se sóngen fwar dy sóldaten ut Ingelske fólksliet, ‘God save our gracious king.’ Dot hienen se de dagen dêrfwar ûffene. Ut vie ut twadde fólksliet dot Tilly learde, east ut Frieske, dû ut Ingelske, en jest letter learde ur ut hollônske. Tilly is dur tige grutsk óp dot ut yn dy fólgwadder gien is. Hij siet dû krekt yn 'e easte klosse. Ut skwalleier begón yndertiid óp 1 april en dot kaam tige óngunsteg fwar him út, syn jiddy foel mids maaie. Mai noch un stik of sais bentsjes makke ur ut easte kloske fon 'e herfwarme skwalle oan 'e feat fól. De skwalle mat dû oas ridlek beset vest havve, dur vie sels rûmte fwar un twadde master. Juffer Jannetje koe har sadwaande helendol dwaande hôre mai ut lytse easte kloske. Se sieten yn un skytereg ópkjemmerke, ut ‘bestjoerskjemmerke’ offysjeel. Omt ut gjin skwallokaal vie, sieten de finsterbanken óp normale hichte, dot mun sittend ta ut rút út sjen koe. Dot koe fonsels gjin vegen út, de vrôd vaar destiids helendol bwótten de skwalle keard. En de ferver hie dus lêst krygen óm de ûnderste helte fon 'e glêzen vyt te kolkjen. Mar Tilly en syn maten krosten mai de nail heel fyne gotsjes yn 'e ferve, dot se doch nai ut plain en de dyk sjen koenen. Se vienen dêr olmeast oan ut skrjowen, streekje sette, vachtsje, streekje sette, vachtsje. De bên varen dur gek fon, juffer Jannetje vie ut ol jirren. Dur vienen efakúees yn Fervet kómmen. De easte grûppen ol yn desimber '44, en oan maat '45 ta kamen dur noch ver gwódden bij. Tilly hat dur ien húshôring fon kennen, dy skrjode him Leeflang. Vienen ut Joaden? Dy koenen doch yn 'e oarlog net fwar ut ljocht kómme? Ut vie un mem mai un plûchje bên, un stik os fjouwer-fiif. Un mon heugt Tilly neat fon, dy vie dur grif net. Se hienen swat hier en praten hollônsk. Se hienen un ventsje taviisd krygen oan ut Frijhôf. Tilly syn twadôdste broer kaam frij geregeld bij dy lju oer de flier, en un jónge fon 'e Leeflangs kaam vól bij harres. Dy jónge vie vot ôder os Tilly. Tilly mócht dy jónge net lije, vont hij vie osa redenryk en frege noch ol vot ómtinken fon Tilly syn mem, en Tilly fûn dot syn mem fon him vie. Dy jónge siet un kear te kleorjen bij de tafel, óp ut vidske fon un lúsjefesdwaske tekene ur mai un read pwatlead stjintsjes, dot ut krekt un mwórre lyke. Tilly koe dot net heal ha, hij krûpte ûnder de tafel en knypte de jónge mai un Fordtankje yn 'e tjennen. Un Fordtankje hie ut measte vai fon 'e moderne kómbynaasjetange, mar mun koe ut un gotsje fersette lykos | |
[pagina 422]
| |
un vetterpómptange. Tilly hat yn olle gefollen ienrus bij de Leeflangs yn 'e hûûs vest. Hij vie dêr mai syn broer hinne gien. De lju soenen krekt breayte en frau Leeflang frege ot Tilly en syn broer ek un stik bôle mai ‘gebakken ui’ ha voenen. Dot lokke Tilly vól oan, hij kryge net faak un aai. Mar vot sêg ur môl dût ur un stik bôle mai brúnbakte sypels kryge. Se gniisden ollegjer óm him, vit ur noch vól. Mar hij iet ut óp, en ut vie hearlek. Sypels jerde mun oas net lekker te fynen, ut vie earmeljusyten en dur vaar óp delsjoen. ‘Ha jim sypels yten? Harrejasses! Stjónkst ek?’ Dot sainen de bên óp ut skwalplain tsjinenwar. Sypels, koal en rapen, dot ieten deftege minsken net. Ut vie un hele libbene tiid, mar net olles vie fleor en ville. Dur vienen ek tryste dingen. Tilly syn ôden praten tegjerre of mai oare grutte minsken oer de earme jónges dyt dea rekke vienen. Gwódden dyt óppakt vienen tróch de pûpen kamen yn 'e maaiemwanne ver nai hûûs ta. Inkelen hienen ol jedder útnaaie kinnen, mar ien fon dyen kaam ollinnech mar tús óm te stjerren, hij hie difterytes skype en vie ômêde fon 'e rais. Tilly vit noch dot syn hait en mem dot heel slim fûnnen fwar dy jóngkearel syn ôden, en hij mient dot se fertelden dot dy jóngkearel yn un glêzen vaintsje túsbrocht vie, sa siik vie ur dû ol. Mar ot dot vier is... Un heel soad kamen net veróm, se vienen ómkómmen yn ien fon 'e kampen of deasketten. Dot lot tróf fonsels benammen de fersetsstriders. Yn Neuengamme binne ferskillende Ferveters stoan. Un pear mônlje fon 'e NBS vienen yn april ómkómmen tróch ónfersichteg ómgean mai de stens dyt se fon 'e Ingelsen krygen hienen. Te Nijtsjerk vienen yn '43 trije minsken dearekke dût se mai un fleanmesynebóm oan 't prutsen vienen, dyt se bwóttendyk fûn hienen. Noot de oarlog fwarbij vie, koe de rekken ópmakke vurre. Dur vienen un lytse twinteg deaden te beskriemen, fiervai de measten fon har vienen tróch tadwaan fon 'e pûpen oan har ain kómmen. De oarlog vie fwarbij, mar dur kaam noch un heel soad ellinde achtervai. De minsken hienen de mage oltyten vól fól krygen, mun libbe tusken de rjappels en de byten en ut veet, dot mun ferhóngere net. Mar ut hie faken vot iensydeg yten vest, en dot vie fongefólgen dot un heel soad minsken, benammen bên, ónsjug en net haleg vienen, sónder no just siik te vêzen. Tilly vit noch vól dot hij en syn maten destiids un soad lêst fon steden hienen. Benammen óm 'e ankels en yn 'e nekke hie mun gaurus swóllems dyt mar net heelje voenen. Mun vie nea frij fon sear. Dêr kaam bij dot dur amper sepe vie óm junsels en de klean en ut bêdegwód skjin te hôren. Lúzzen | |
[pagina 423]
| |
vienen heel gevoan. Mem kjimde jun mai un lúzzekaam bóppe un kronte en drukte de lúzzen dea. Dur vienen ek bên dy hienen rúdde, dy varen kealskeard en don ‘helendol yn 'e solder set’ - olteast sa ferstie Tilly dot. Hij stelde him foar dot de lju rûnne gotten yn 'e solder sêgen en dot se dy bên dêr oan 'e jerremsholten ta yn sakje lieten. En dêr hóngen se don te spinpoatsjen, dot lyke Tilly heel yslek ta. De oarlog vie fwarbij, mar dêróm vie ut noch net fwótendalek fetpwat. Un heel soad saken vienen óp 'e bón, en ut vie heel krintereg útrekkene vot elkenien takaam. Dur kamen ollerhonde surrogaatprodukten, of olteast gwód fon net te bêste kwalytijt. Aaipûier bijgelyks, ljochtgeleg gwód dêrt mun vetter bij dwaan mwast en dur un papke fon maitsje en dot koe mun bakke. Ut smakke út 'e fjitte nai aai, dot vie vier. En Melba hie mun, of teminsten, dot sit Tilly yn 'e hólle, Melba en noch un oar soate gwód dot dur óp lyke. Ut vie ek ver pûier dêrt vetter bij mwast en don koe mun ut drinke. Ut hiet dot ut nai sûkkelarje smakke. Ja, no vit Tilly ut vól ver: Melba vie ljochtbrúnneg en smakke san bytsje nai pûier, en dot oare gwód, Morca of sa, dot vie rôzeg en smakke nai mjitske suetsjes. Tilly syn twadôdste broer fûn dot ut lekkerst. No ja, neane net óm, mar sa vie dot. Dur kamen ek ver klean, Tilly en syn twadôdste broer krygen ollebaide ópfôlende joskes mai glêde knopen dyt ‘kletterfesten’ neamd varen. De iene hie un brúnnen, de oare un blauen. Is dur immen óp dusse ferflókte vrôd dyt vit vot un kletterfest is? Krekt os de Joaden dyt nai de flaispwatten fon Egipte verómlangen, sa begónnen de lju destiids de fwaroarlogske kwalytijt te rómjen. Dot gwód hie deugd hôn, dot gyng un libbenlang mai. Tilly syn hait hie yn 'e kryzesjirren un mesjesteren brûk fon 'e bedeling krygen, dy hat ur vól tryteg ier os ferklaaiersbrûk drûgen os ur nai de NCLB mwast of nai de knapeferiening. Mar dot naioarlogske gwód vie neat. Ut vie ek neat, dot vie sa. De oare arbaider yn ut Kleaster, Benaddes, fertelde Tilly syn hait dot ur un nij himd hie dot Det ienkear vósken hie en no vie ut him ol te krap. ‘Noch ienkear voskje, don kin de lytsjónge ut oan ha,’ sai ur. Dot praat is ek vól twinteg of tryteg ier tróchgien: dut is noch fon fwar de oarlog, of fwar de oarlog hie mun dut en dot. Tilly hat dur heel lang grutsk óp vest dot ur fwar de oarlog benne vie, dot betsjutte dot dur deugd yn him siet. Yn 'e naisimmer fon '45, krekt fwar Keninginnedai, varen de trije klokken ver yn 'e toer hóngen. Se hienen treddelier fwót vest. De pûpen hienen se út 'e toer helle óm ut metaal te brûkken os se dot | |
[pagina 424]
| |
noareg hienen. Omt de klokken tusken de 500 en 550 ier ôd vienen, hienen de pûpen se salang mooglek sparre. En dû kamen se veróm, Tilly hat se noch stean sjoen fwart se ver yn 'e toer hyst varen. Syn twadôdste broer skrjode yn 'e jest fon '45 un Friesk gedicht oer de klokken. Meskjin un kónvinsjoneel gedicht, mar fwar un jónge fon tólve heel knap. Hij hie lyterêre jeften, hij vie gevoan bejeftege, mar vot is dur ollegjer mis gien? Yn dy lêste oarlogsvinter mwasten Tilly en syn twadôdste broer gaurus tegjerre nai de gaarkeuken óm yten te heljen. Dêr hienen se un allúmynyem ammerke fwar mai un lid duróp. Ut vie read ferve. Op ien fon dy raizen vie Tilly syn broer ver oan ut traiterjen. Tilly syn ôdste broer traitere ek oltyt mar dy vie yn vêzen fólle gwódleker, dy gyng ut óm de aigen ville en net óm oarmons fertriet. Mar Tilly syn twadôdste broer, dy hie plesier yn immen óp ut sear kómme, immen pynegje, immen ta vonhoop drjowe. En Tilly hie mai de mwólle gjin fervar, Tilly hat nóit un skerpe bek hôn en hij hat nea óp ut vud beret vest. Mar hij vie vól ferskrikleke ópljeppen. Hij úttere syn lilkens mai un skóp ûnder tsjin ut ammerke te jaan. En ja, dû siet dur un grutte bast yn 'e boom. Hû mwasten se dêr mai oan? De rúzje vie ynienen fergetten: vot soe hait jir fon seze? Se varen ut iens óm tús te fertellen dot de minsken sa króngen hienen, dot ut ammerke bast vie. Ut olderslimste vie, dot hait ut ljode. Dy gyng un dai letter mai ópstrutsen sailen nai de lju fon 'e gaarkeuken en sai har ut monnevaar óp. Koenen se dur net better tafersjug óp hôre dot ut dêr vot wadderlek óm en ta gyng? Lytse jónges varen ûnder de foet rón en ut ammerke stikken trape. Mun voe doch fergemy havve dot elk óp syn bar vachte? Hait brocht ut ammerke nai Postma en dy soldearde ut ver ticht. Mar Tilly skamme him dea en jest tryteg ier letter hat ur syn hait de vjirhyd ferteld. |
|