De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdTiden havve tidenVaat yn dy lêste oarlogsjirren fûûl krevjerren fwar ‘un nije tiid’ dyt dur kómme mwast, ut is de fraag ot dy har gjin yllúzjes makken. Un nije tiid? Dy hienen se ómmes ollang: óp lêst fon 'e pûpen vienen de | |
[pagina 410]
| |
klokken fjitteg menútten fwarút set. Fonsels, se bedoelden heel vot oas! Ut ôde bestel mai syn skiedingen en fekjes, syn fêstrwóstke en ónferveechleke ynstytúsjes, dot mwast tsjin 'e flakte. Yn dy neargeastege vrôd fon fwar de oarlog koe en voe gjin minske mear sykhelje. De oarlog hie olles oer de kop skwórd en dur vienen út 'e benearing vai nije ydeeën en ydeälen óntstien dyt ut fertsjinnen óm ferverkleke te vurren. Gjin restoraasje fon 'e poletyke en maatskipleke ferhôringen fon 'e tryteger jirren, mar vot nijs, vot betters. Sóks bedoelden se. Mar mun mócht vól twivelje ot ut mai dy fûûl begearde ‘nije tiid’ sa hud rinne soe. Meskjin soenen se har ynjesten vól tefreden stelle matte mai dy fjitteg menútten ‘nije tiid’ fon 'e pûpen. Ommes, os mun naigyng vot ut begryp ‘nij’ yn ut vênstege spraakgebrûk vinlek ynhôde, don vie de bazesbetsjutting safólle os ‘oas os ut fwargeande’, mar net perfwast ‘noch net jedder bestien havvend’ en grif net ‘better’ - ut ‘nije’ koe vól minder vêze os ut fwargeande en ek vól ôder. Op un beskaat stuit vykte ut ‘nije’ ô fon ut besteande, mar dot vie don ek olles. Un ‘nije’ fyts bijgelyks, dot koe un fyts vêze dyt krekt fon ut febryk kaam, mar ek vól un jelbizege fyts dyt de fytsmakker vot ópknapt hie en ónjerre vie os lônfyts. Hij vie ‘nij’ fwar de brûkker, mar meskjin ol tsien ier ôd. Yn sókke gefollen soe mun don ek better prate kinne fon un ‘nije’ brûkker os fon un ‘nije’ fyts. Koe mun fon un ‘nije’ fyts don noch seze dot ur un beskate glôns fon nijens hie - de fytsmakker hie dur faaks ‘nije’ bonnen ómset, un ‘nije’ dynamo móntjerre en un kwastfól lak strutsen - fon un ‘nije’ faam of frau jilde dot apslút net. Un ‘nije’ faam of frau, dy vie yn 't fwaste plak net krekt óp 'e vrôd kómmen, dy hie ol un setsje óp 'e iede ómtwarke. En twad hie se meskjin ol jedder faam bij oaren of oarmons faam of jedder traud vest fwart se bij jun os tsjinstfaam kaam of mun dur ferkearing mai kryge of mai traude. Un ‘nije’ faam of frau, dy vie neat nijer os un ‘nije’ boer of baas. Dur vie neat gjin nijs oan, ut gyng inkeld óm un feroaring ferlyke bij fwarhinne. Un ‘nije’ frau koe vol ôder en ôbrûkter vêze os de frau dyt mun jedder hôn hie, krektlykos un ‘nije’ boer. Don sai ‘nijboer’ jusjes mear, dot vie un boer dyt krekt óp un pleats kómmen vie, en ónares gyng ut don óm un jónge boer, ol hûgde dot ek ver net perfwast. Un nij gebit, dot vie ónares nij, yn dy sin dot nimmen ut jedder yn 'e mwólle hôn hie. Mar dut vie no un goed fwarbyld fon nije dingen dyt perfwast minder vienen os ôde. San nij gebit vie lang n't sa goed os ut ôde gebit, mun hie dur un soad pyne en lêst fon en mun koe dur n't heal sa goed mai byte en koaie. Prûste mun ónfervaks, | |
[pagina 411]
| |
don skeat ut jun ta de snút út. Nammes ut rottele ek noch, sat de skrjower Wadman yn ferskillende fon syn romons beskreon hat. ‘Nijljocht’ vie yndied nij, ynsafiert dur yn ut foarege sók ljocht, of olteast san menier fon ljochtmaitsjen, net vest hie. Oas lai ut ver mai ‘nijgês’, dot vie yndied vól gês dot dur jedder net vest hie, mar ut sprútte út ôde stóppels, ut gyng net óm baugrûn dyt fwar ut east mai gêssied ynstruid vie. ‘Nijgês’ vie neat nijer os de blêden dyt olle jirren ver oan 'e bjemmen kamen. Op dy menier soe mun ek vól fon ‘nijtee’ of ‘nijskyt’ prate kinne, olle dagen ver fask ómmes. Sóms slûg ‘nij’ helendol neane óp, bijgelyks ‘nije’ mwanne, dot vie gevoan de ôde mwanne sat ur dur oltyt ol vest hie. En vot te tinken fon plaknammen os ‘Nijegea’, ‘Nijtsjerk’ of ‘Nijlôn’? Dy geaen, tsjerken en lonnen vienen relatyf sjoen nijer os oaren, mar apslút sjoen vienen se no ek ollang ôd. Dot mun dot ‘nij’ mai un kei sôt nimme mwast, die ek vól blyken út ut seesvizen os ‘Nije biezems faaie skjin’ en ‘Nije vyn yn ôde sekken’. Te sezen: tróchdot eat nij is, lyket ut oas en better, mar bij ainslútten kómt ut vakker óp utselde del. Vot soe mun don fon un ‘nije tiid’ fervachtsje maie? Mar ut sait ek ol ver himsels dot de lju destiids betrauen yn 'e takómst ha mwásten. Pessymisme en swatgolleghyd binne lúkseferskiinsels, vaat vier yn 'e benearing sit, kin net oas os hoopje. Sa kamen se durta óm dreamen te dreamen, útopyen te stôlen, parredysleke lônskippen te óntverpen. Vurk en un goed ynkómmen fwar elkenien, nóit gjin jermoede mear. Fwót mai de klossen, rangen en stonnen, fwót mai ut ôde poletyke bestel. Lyke kônsen en lyk rjócht fwar elkenien. Un nije, rjóchtfeadege maatskippij soe dur kómme, skielek, os de pûpen ferdreon vienen en har hontlangers yn ut kesjot sieten. Va vienen ut dyt sa dreamden en fontasjerren? Dy plonnemakkers en takómstóntverpers mwast mun sykje ûnder de minsken fon 'e ylegalytijt, en don net de lju dyt mai ut praktyske vurk besteld vienen, ut ûnderdak bringen fon Joaden en monnen dyt yn 'e gefaarleke jirren foelen, en grif gjin K.P.-ers dyt disterbúsjekentoaren oerfoelen en oar stuntvurk úthellen, mar fwarol ûnder de krontsjeskrjowers en har yntellektúele achterbon. Yn dy rûntsjes mai feadege en fûle sjoernalisten, stúdinten, polytysy - ollegjerre ûnderdûkt fwar de fijôn - varen nacht út nacht yn de katen fwar un nije vrôd skódde. Ut lai fwar de hôn dot mun de nijljochters dêr krekt sykje mwast, sij vienen ómmes tróch de need twóngen óm de ôde vrôd mai syn regels en vissegheden farvól te sezen, en ut sai himsels dot se dyselde regels en fwarmen ferontvudlek hôden fwar | |
[pagina 412]
| |
de neare sytevaasje dêrt se maienwar yn telône kómmen vienen. Dot dur navenont safólle lju vienen dyt de pûpen skevielden, of dyt har olteast de gunst fon 'e twivel jûgen, vie ut helendol ónbegryplek en ónferjeflek? Ut Nederlônske regear hie de grutte monnechte fon ut fólk yn 'e tryteger jirren doch moai stikke litten? Ut vie kleare jermoed en ellinde bij de arbaiders ómmes. Ut regear hie mar ien swarg: de arbaiders ûnder de tûmme hôre. De SDAP bljode lyts en koe net fólle útrjóchtsje, de kristleke partijen sêgen de óplossing fon olle need en krús yn ut jirnaimels en vaskôgen snain óp snain tsjin 'e antykrist fon soasjalisme en bolsjevisme. Vie ut núver dot gwón minsken ut hail fon Hitler fervachten? Un faute kar, goed, mar fólslain ónbegryplek? Hitler vie doch sels ek oan 'e macht kómmen tróchdot Dútsklôn ekonomysk oan 'e grûn siet en tróchdot ut poletyke bestel gjin adekwaat ondet prodúsjerje koe óp 'e provokaasjes fon 'e nazis? Krektlykos jirre! Ut maatskiplek libben vie fêstrwóstke yn fwarmetsjinst. God, Nearlôn en Oranje, de hillege trijienhyd - vaat dur mar mai de finger nai viisde, vie ol un krymyneel. Roomsk, Read en Protestontsk vie de kar dyt mun tsjerklek, poletyk en soasjaal hie en frije faryaasjes dêrtusken vienen net mooglek. Gyng mun nai de roomske tsjerke, don ek nai de roomske skwalle, de roomske gimmestykferiening en fakferiening, mun harke inkeld nai de KRO en stimde KVP. De Herfwarmen gyngen nai de herfwarme skwalle, herfwarme tsjerke, herfwarme sjóngkoar, harken nai de NCRV en stimden CHU. De noed rikte net fjidder os ut aigene, ús tsjerke, ús skwalle, os dy mar grûiden en blûiden en os dy frekte papen of dy frekte readen of dy frekte fynen de macht mar net yn honnen krygen. Op faksisme vienen se net taret, ut poste net goed yn ut trijestrearnelônskip. Vot mwasten se dur mai oan, anneksjerje of ôvize? De lytsbwargerlekhyd fon ut faksisme, de granyem-, skjinne sokken- en mandys de vosk óp 'e lyne-kultuer, poste nammes tige skoan bij de sokóphôrders en wasbonnen dêrt Roomsken, Readen en Protestonten har styl mai besuchten óp te hôren. Sjug mar nai ôde printen fon de ‘ydeäle húshôring’ yn skwalbûkjes en tydskriften fon dy tiid: Hait, netsjes yn 't pak, strik foar, sit breedút te krontlêzen, hij mat óp 'e hichte bljowe fon vot dur yn 'e maatskippij geande is. Dot hûgt mem net, poletyk is neat fwar mem, mem sit te hontvurkjen. Ut jónkje fon un ier of acht, mai krekt san lúzzepaadsje yn 't hier os syn hait, nyfelt mai tsjeltsjes en redsjes fon un kónstruksje-baudoas, hij mat him skielek os fólvûksene rêde kinne mai technyske saken. Syn lyts suske hûgt dot net, dy mai vaidreame yn un mearkes-parredys, se is ferdjippe yn un printebûk. Dusse netsjeze bwarger- | |
[pagina 413]
| |
monshúshôring óp un deagevoane jûn tróch de vyke, ut vurk oan kônt en beret en no genietsjend fon 'e frije tiid, vie lykefólle un Roomsk, Read os Protestontsk ydeaal - en sa faksistysk os de hel. Ut lytsbwargerleke, skyteldeftege en kwatsichtege, ut krekt bij 't streekje lôns en û-û dot is fiis en dot dógt mun net, dot vie de vwattel fon olle kwea. Bóppe-oan yn dusse maatskippij stie God, fwótendaleks kaam don Oranje, bijstien tróch de Reginten, de van Harinxma thoe Slootens, de Slotemaker de Bruïnes, de Wttewaal van Stoetwegens, en dêrûnder ut leger fon snorre- en buddemonnen mai hege wódden en ‘vadermoordenaars’, góngelstokken en heloazjekettingen. Maienwar sêgen se duróp ta dot olles wadderlek en netsjes óm en ta gyng yn ús goede lôn. Dêrbij ferlyke vienen de sais Frieske fwaroanmonnen dyt te Jorvet de kul óp 'e tafel lainen revolúsjonêren. Hû gyng ut yn Fryslôn mai de takómstplonnen? Ek yn Fryslôn vie kollaboraasje en ferset. De kollaboraasje hie - olteast fwar un pat - un friesksinnege ynslag. Kiestra, Sybesma, Tinga, de Vries, Kalma, de Haan en oaren hienen os Friezen fwar ut faksisme keazen. Yn ut grutte germaanske ryk soe Fryslôn un swiden takómst temjitte gean, yn ut ôde Nederlônske steatsferbôn soe ut ferkómme. Dy friesksinnege kollaboraasje hie gjin pendont yn ut ferset: de fersetslju dyt tagelyk friesksinneg vienen, bestrieden de pûpen os kristen, os soasjalist, of deagevoan os minske dyt him net traapje lit, mar net os Frieskbeveger. Os dot ol maispyle, don óp 'e achtergrûn, prinsypjeel die dur neat fon blyken en organysatoarysk noch minder os neat. De friesksinnege kollaborateors stienen sadwaande ydeölogysk fólle sterker. Ut har friesksinneghyd vai en yn ut ferlingde dêrfon keazen se fwar ut faksisme. ‘Friesk-faksisme’ vie méár os un tafollege allyteraasje. De friesksinnege fersetslju dienen yn leafde fwar Fryslôn net fwar de Frieske faksisten ûnder, mar se voenen neat fon ut faksisme vitte. De ôvizing dêrfon koenen se lykvóls net óp har friesksinneghyd basjerje, mar dêrfwar mwasten se vize óp ut soasjalisme, kristendóm of óp ut Nederlônsk steatsferbôn dot se net óntrau vurre voenen. Dêrmai stienen se swak tsjinoer de Frieske faksisten. Dy har fyzje óp Frieske saken patten se, mai dy vienen se ut fólslain iens oer hût ut mwast, mar os don de poletyke kar dien vurre mwast, sainen se: ja, nee, vacht even, vij binne net ollinnech friesksinneg, mar ek noch soasjalist, of kristen of Nederlônsk steatsbwarger. Se hóngen grif twa ydeölogyen oan dyt se net ferienegen. Vot dy friesksinnege antyfaksisten noareg hôn hienen, vie un ydeölogyske ûnderbau fon har friesksinnegens. Se hienen ‘kristenfries’ vêze matten bijgelyks, mar inkeld immen os Tomas Bakker fon | |
[pagina 414]
| |
Stiens besocht syn Friesvêzen helendol út syn kristenvêzen ô te lieden. De lju fon ut KFS hienen un greot respekt fwar him, mar syn ydeeën koenen se yn 'e praktyk neat mai. De friesksinneghyd hie ek te basjerjen vest óp ut soasjalisme of ut marxisme, mar dot vaar jest fiventwinteg ier letter besocht en ut slûg lykemin oan. Fwarsafier net faksistysk, vie friesksinneghyd un úttering fon bwargerlekhyd grif, of fon provinsjalisme of kónservatisme. Ut lai don ek fwar de hôn dot de takómstfyzje sat dy prissentjerre vaar tróch lju út friesksinnege rûnten dyt yn 'e oarlog ‘goed’ vienen, amper vot ‘nijs’ sjen liet. Se voenen vot se fwar de oarlog ek ol vóllen hienen. Op ut taalmêd bijgelyks: un oerke ferplicht Friesk óp 'e legere en de middelskwalle, de ynstelling fon un MU-akte Friesk en un doktoraalprogramma óp 'e únnyfersytijten. Ut vienen ollegjer easken dyt ol yn 'e tryteger jirren en sóms ol ain twinteger steld vienen. Ut vienen ollegjer dingen dêrt de Jóngfriezen mai kómmen vienen. Monnen fon ut KFS, GFS, RFB, JM, Od Selskip, BFNJ, AFUK, Frieske Akadeemje, en ôfuddegen fon 'e CBTB en de Friesche Maatschappij van Landbouw stelden maienwar rapporten óp oer de stôn fon saken en de te berikken doelen. Dy ienriedeghyd lyke olteast nij te vêzen. Nij lyke ek de poletyke grûnslag fon 'e mannyfesten: de Frieske beveging stribbe un federatyf steatsferbôn nai, vêrbijt de provinsjes fierhinne baas yn aigen hûûs vêze soenen. Dot vie benammen Folkertsma syn ynbring. Mar ol rillegau die blyken dot dot de measte oaren fjistefier gyng, ut trijetriedssnoer mócht net brutsen vurre, God, Nearlón en Oranje mocht mun net oan twanne. Fwar Folkertsma vie dû de areghyd durô. Hij smiet him ver óp ut lesjaan bij de AFUK en de Confessiones fon Augustinus. Yn maat '45 brieken twa jónge Frieske bevegers tróch de fróntlyny óm de bevegingsrapporten oan Prins Bernhard, os lieder fon 'e BS en fertsjintvurger fon ut vettege regear yn Londen oer te langjen. Ut vienen Vibe Durks Baarda út Roptasyl en Mainse Vlietstra fon Terkaple. Baide lid fon ut Boun fen Frysk-nasjonale Jongerein. Se vienen útrist mai Sonderausweisen, fytsfergunningen, needrontsoenen, oanbefellingsbrieven, fwaroarlogsk silverjild en fonsels mai de rapporten. Dy vienen yn vetterticht pepier ferpakt, goed fersegele en ûnder ut himd fonsyden brocht. Nai un daimonnech fytsen kamen se bij de Lek, dyt de grins tusken beset en befrijd gebied fwarme. Se hienen ûndervais neat gjin trammelont hôn, de pûpen hienen har fytse litten. Se hienen sljipt bij fersetslju yn Meppel en Huddervyk en dêr ut mwaansmiel nuttege, un soate fon ‘bêd-en- brochje’-trip avant la lettre. Yn 'e jûntyd bestoppen se de fytsen | |
[pagina 415]
| |
ûnder de rûgte en swómmen de Lek oer. Se kloppen un boer fon 't bêd en fregen dy óm har nai de fwarposten fon ut Ingelske leger te bringen. Fon 'e Ingelsen krygen se drûgge klean en de oare mwaans varen se mai un jeep nai Prins Bernhard brocht dyt mai syn stêf yn un fwaddere fyla húsmonne. Se koenen sadaleks net óntfóngen vurre, de prins hie oare drókten, de oare dais kamen se ver fergees, de prins hie ónfervacht fwót matten, en dû vie ut snain, dot vie un rêstdai. Mar de tiisdys móchten se de rapporten oerlangje. De prins hie krekt fiif menútten tiid fwar har. Hij frege nai har vólvêzen en sai ta hij soe de rapporten fwótendaleks tróchstjoere nai Lónden. De adjúdont brocht har nai de keuken dêrt se echte kófje en sygretten krygen en un lunspakket fwar de verómrais. Yn '46, dût ut regear ol ver yn De Haag siet en olle amtners ek ver te stoel en te bank vienen, is dur tróch de beveging rus fersichteg ynformjerre nai ut ontvud óp 'e vinsken út Fryslón vai. Mar noch gjin inkele amtner vie oer de rapporten gearkómmen. Un ier letter hie un hege amtner fon ynlônske saken de rapporten flechteg tróchsjoen en dur un kwatte mar ferneategjende notysje bij makke. Jir koe neat fon kómme, dut vie klearebarre separatisme! Dy Friezen voenen har bên un taal leare dyt yn 'e rest fon Nederlôn net te ferstean vie, un soate fon gehaimtaal dêrt se har snoade plonnen yn ferhapstûkje koenen sónder dot immen naigean koe vêrt se ut aigentlek oer hienen! Gjin kwesje fon! Se praten mar Nederlônsk, don vist mun teminsten vot se sainen. Protesten út Fryslôn vai hellen neat út. De regearders dyt yn Lónden de oarlog útsitten hienen, vie de mentalytijtsferoaring yn Nederlôn fynaal fwarbij gien. Se voenen Nederlôn ver ópbaue sat se ut yn 'e maaiedagen fon '40 achterlitten hienen. Nammes, restoraasje fon ut fwaroarlogske Nederlôn vie de vinsk fon ollegjerre dyt dû vot te sezen hôn hienen en dyt yn 'e oarlog de pipen yn 'e sek hôden hienen. Fonsels, de lju dyt ferkead vest hienen yn 'e oarlog soenen har straf net óntgean. Mar se begónnen bij de ferkeade ain, bij de lytse smjunten, de lytse swathonlers, ferrieders en hontlangers. Dy varen ynternjerre, dy rekken har bwargerrjóchten kwyt en ut besit vaar har óntnadere. Dêr gyng safólle tiid yn sitten, dot dût se oan 'e midsmjittege smjunten ta vienen, dû vie ut ol 1947 vurren. De oarlog rekke yn 't ferjit, en un nije oarlog, dy tsjin Ynje, easke olle ómtinken óp. De midsmjittege smjunten kamen dur mai un navenont lichte straf ô, en de verklek grutte smjunten bin se nóit mear oan ta kómmen. Dy sieten ol fon '45 ô ver óp ut plús en sprieken un lyke stail vud os fwar '40. | |
[pagina 416]
| |
De lju fon 'e ylegalytijt vienen djip teloarsteld. Ver hienen se ut libben fwar vêge, fwar de lit-mar-gevurders, de east-ik-en-mynvivers, de ribbe-útskwórders, de tuike-tuikers, de bui-ôskwólders, de neat-mai-oan-'e-kleppers, de olle-vôlen-fretters, de tiden-havvetiders? Fwar de reginten dyt yn 'e oarlog net un kloer útstutsen hienen óm ut pûperjo dwas te sitten of un Joad ut libben te rêden, mar dyt no ol ver mai hege wódden, sokóphôrders, ‘vadermoordenaars’, heloazjekettingen, góngelstokken en aktetossen fwar 't ljocht kamen óm de vet te stellen ta ut behôd fon 'e fwarrjóchten fon 'e hegere klossen? De ‘nije’ tiid dêrt se óp hope hienen die blyken de ôde fwaroarlogske tiid te vêzen. De bolstjurrege fainten dyt yn en út 'e benearing fon 'e oarlogsjirren vai de frijhyd vanken sjoen hienen, varen mai sêfte hôn yn ut stokramt twóngen óm de ôde karre yn ut ôde spoar fjidder te lûkken. Gwódden lieten har twinge, oaren brieken út ut stokramt vai en hôden har fjidder ôsydeg fon ut maatskipleke, kultúrele en poletyke bedrjo - net sadder and wiser, mar ferbittere, fól vrok en rankúnne, en machteleas. De ôd karre sjuttele fjidder en sij stienen durnaist. De oarlog, sa hienen se tocht, hie heel Jeropa óp 'e kop set en tróchenwar skódde, gjin ding vie mear sat ut vest hie noch koe ver ta de ôde steat verómkeare. Mar dot vie un misrekken, och heden, de ynstytúsjes vienen sa taai os hiinstehier. Ol rillegau tekene ut trijestreamelônskip him ver ô yn 'e delta, poletyk, tsjerklek en maatskiplek lai ut lôn dur noch krekt sa hinne os yn 'e tryteger jirren. De oarlog tsjin Ynje liet sjen dot de Nederlonners fon besetting en ónfrijdóm net un sprút leard hienen. De goarste steatsnasjonalistyske sentyminten ynspyrjerren har dur ta óm un nai frijhyd stribjend fólk ûnder ut jók te twingen. Dyt os ûnderdûkker út 'e oarlog kómmen vienen, varen te Rotterdam óp un skip set óm yn ut fiere easten un fólk te fertraapjen. Gwódden dûken óp 'e nij ûnder. De oarlog hie vól un feroaringsproses óp góng brocht, mar ut vie net sa dot ut ‘nije’ os fonsels út 'e púnheapen ópriisde. Ut mwast befóchten vurre óp un fijôn sterker os de pûûp, óp un ôde garde dyt oant de lêste mon en de lêste kûgel vjerstôn bea. De feroaringen kamen och sa stareg en jest twinteg ier nai de oarlog varen de lêste fwaroarlogske bastyóns bestwarme. De ain fon 'e tryteger jirren kaam yn 'e seksteger jirren. De Frieske beveging sukkele nai de oarlog yn ut ôde spoar fjidder, oant ur ta fwótten út rekke. De vichtegste ‘fernijing’ vie dot | |
[pagina 417]
| |
ut Griffemead Friesk Selskip óphôde te bestean, de stikmonnech leden dyt dur noch vienen, sochten ûnderdak bij ut KFS. Yn '54 kaam dur un bûkje út oer de tocht dyt Baarda en Vlietstra makke hienen nai Prins Bernhard. Ut vie skreon tróch Gwasse Groustra en hie de net sa orysynele tytel fon Tróch de lynys. Ut vie Groustra vól tabetraud óm olle vudden dyt sain vjinnen, olle minsken dyt se moete hienen, olle yten dot se yten hienen, olle bêden dyt se besljipt hienen en olle klapsketen dyt se litten hienen mai ómhaal fon vudden en oant óp ut úiterste détail te beskrjowen. Ut bûkje vaar Baarda en Vlietstra útrikt óp un feestleke bevegingsdai fon ut Friesk Nasjonaal Boun - de namme vie feroare, vont ut vie langer gjin jóngerain mear. |
|