De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 401]
| |
Traud viveleed en bennelotDe sekstjende maaie fon ut ier 1944 hôden de pûpen un razzia te Fervet fon 'e mwaans sais oere ô oan olve oere ta. Dû hienen se san fyftjen jóngebazen óppakt en bijenwar dreon. Oer Ljauet en Amersfoat varen se nai Dútsklôn fierd. Gwódden stoaren yn un kamp, oaren kamen yn 'e rin fon ut ier ver tús, un inkeldenien fier nai de befrijing. De pûpen koenen gjin pardón mear. Tsien dagen letter vaar fon un húshôring dyt un ûnderdûkker herberge de soan deasketten. De need vaar staregoan heger. Mar 6 júnny kaam de langfervachte ynfaazje yn ut vesten, no vaar Hitler fon twa kônten oanpakt, no soe ur belies jaan matte. De bussen rieden dy dais net, de pûpen hienen se noareg óm olle monkrêft dyt se misse koenen nai ut súdden te ferfieren. Fon befrijing koe sa daleks gjin sprake vêze. De legers fon Patton en Montgomery sieten noch fier fwót yn Normandye en ut frónt siet olringen sa fêst os un hûûs. Inkelen yn beset gebiet varen óngeduldeg en dryst en begónnen olfêst mai sabotaazje. Yn Hôlem varen kabels fernield óm de kómmúnykaasje fon 'e pûpen te steoren. Mar de pûpen vienen noch óppermachteg en se krygen better greep óp ut ferset. Ain júnny vaar de soan fon 'e Ferveter bwargemaster dyt persoansbevizen ferfolske hie yn 'e train te Arnhim arrestjerre. Sint Steffensdai stoar ur yn Dútsklôn. Augustes vie dur yn Bedaad un sjitpartij dêrt twa pûpen bij dea rekken. De fersetsmon dêrt ut óm gyng koe útnaaie en ûnderdûkke. Hij vie grif ferret. Ain augustes vêge ut ferset un oerfol óp ut Ferveter grytenijhûûs, mar ut misljerre. Dû slagge ut Patton óm út te brekken en fwótdaleks vêge de panyk oer pûpen en pûpefreonen. 5 septimber stelden de Dútsers de spertiid yn, nai achten jûûns mócht gjin kop mear óp 'e dyk kómme en ut vie ferbean óm mai mear os fiif minsken bijenwar te stean. Dyselde dais naaiden saishûndet Amsterdamske NSB-ers mai de boat út nai De Lemmer. Sa kamen ferdreonen en ferdrjowers nai Fryslôn. Mar ek dêr vie ut net faileg, fwar nimmen net. De Ingelsen begónnen yn septimber ut Ljauter fleanfjild te bómbardjerjen en yn dyselde mwanne skeaten de pûpen har easte V-1 yn ut Riisterbósk ô. Ut | |
[pagina 402]
| |
trainferkear lai stil. De ûndergrûûnske liet jir en dêr vrakke ôde boaten sinke óm ek de skipfeat lam te lezen. Gjin produkten mear nai Mófryka! Yn ut Klaailôn hienen se dy simmers oare dróktmen. Richtsje soe traue. Voe traue? Mwast traue? ‘Sille’ vie ut neutraalst, en tûkke rekkenmasters koenen letter besyferje vot de krekte reden vest hie. Richtsje sels hood mai un heegreade kleor út: ‘Nee, mem, dur binne gjin ómstondegheden.’ En Richtsje vie un óprjócht fanke. Mar se vie noch mar krekt twinteg, drjode dot no ol sa? En va vie ut vinlek, vont mem vist fon gjin ferkearing ô, dur vaar har langer neat mear ferteld. No, Vibe fonsels, va oas? Vibe fon 'e bakker! En dêr ferkearde se olle dagen bij en se sljipten under ien dak? Mar dur vie nóit vot bard, mem, earlek vier net. Nee, mar don soe Richtsje daleks ver tús kómme en joet noch gyng mem nai de bakkerinne ta. En dot die se ek. Nydeg óp har dochter, dyt har oerol bwótten hôde en óp 'e bakkerinne dyt ut tafersjug óp ut fanke fersljoke hie. Mar de bakkerinne, un gol en float frómmes, bêde har del. Velnee, minske, hie sij dot yn 'e rekken hôn dot dur sóks geande vie? Hûlang vie Richtsje no ol net bij harren yn 'e hûûs? En dy baide koenen goed, os broer en suster, mar dot dur san iel út vyne soe, va hie dêr óp sind? Mar frau Bosma hie gelyk, ut vie net earber dot dy baide noch langer ûnder ien dak ferkearden. Oan ut trauen ta mwast Richtsje don mar ver nai de Mûndersloane. Ut vie fwar frau Bosma ek mwaier os ut fanke út ut ôdershûûs vai traude, netvier? Se varen ut ol rillegau roerend iens. Sa bedarre Richtsje ver óp 'e pôle. Krekt fwar achten, os de spertiid ynsette, kaam se de Mûndersloane delgyseljen. Se hie noch gjin gûie sain of se begón ol mai har ferhalen oer Vibe en de bakker en de bakkerinne en frau dy en mefrau dot en dot viif fon dinges dot oltyt vot te sangerjen hie. Eelkje hie har dot jusjes oas fwarsteld, mar se voe dy pear mwanne dot se ut fanke fwar ut olderlêst yn 'e hûûs hie net bedjerre mai fervyten en fermwanningen, ek ol baanden dy har sóms óp 'e tónge. Hû soenen se ut havve mai ut trauen, dot vie doch un ding dêrt Richtsje de kop nai stean soe, voe mun hoopje? Mar ek ut trauen en olles vot dêr mai anneks vie, brocht gjin ienzens tusken mem en dochter. De traujurk bijgelyks, un tear ûnderverp doch, un frôljessaak bij útstek, dêrt mem en dochter heal silleg oer mymerje kinne matte soenen, koe Richtsje' ómtinken mar matechjes lûkke. No ja, se mwast dur vot netsjes útsjen, dot vie fonsels. Mar vist mem vól, vot un traujurk koste? Ja, os mun mai pûnnen bwótter of flais kaam, mar oas? Se koenen vot naaie, stelde Eelkje | |
[pagina 403]
| |
út. Javis, dot koe vól, no, Richtsje soe vólrus óm un stofke sjen. Mar dû vie se mai har tinzen ol ver te Fervet. Vist mem vól dot de bakker de moalsekken net mear nai ut ferbryk verómstjoerde? Dy ferkocht ur oan 'e klonten óm dur himden en ûnderbrûkken fon te maitsjen. Ja, olles vaar krap, ta ûndergwód ta. Mar un traujurk naaie fon moalsekken, dot vaar vot ol te gek. Ha-ha-ha! Se sêg ut ol fwar har: sij yn un traujurk fon moalsekken en Vibe yn un pak fon moalsekken. Se vienen óp 't lêst bakkers! No, vij prate dur noch vól oer, besleat Eelkje. Ut fanke vie bijtiden noch san gait, se beslûg olles mai de gek. Sai ut har don vier neat dot se óp trauen stie? Mar se trauden yn augustes yn olle kleor en fleor. De lóft vie ygaal blau, en blau vie ek ut montelpakje dêrt Richtsje yn prónke. Eelkje hôde har de lea stikken, mar Richtsje foel net ienkear út 'e rol. Un strieljende braid, un frau fon kwyzekwônsje, neat gjin gekkegheden en gaitegheden. Ollinnech oan 'e ain fon 'e jûn, dû flêg se oerain fon 'e stoel en voe fon olle fainten un tút ha. Ut koe no noch, Vibe hie noch gjin beslag óp har lain. De gosten laken en ôlen. Ut gyng Eelkje fjiste bót, mar de bakker en de bakkerinne sêgen ut spul glimkjend oan. Vie dot ómmes net echt Richtsje? Rjóchtút os un bargesnút en fleoreg os un bij. Beppe Richt snottere vot yn har bwósdûkje, mar hie lykvóls un moaie dai. Têke, dyt vyken sjontere hie oer de heale ko dyt mai dy frekte trauerij hinnegyng, vie syn krintereghyd grif fergetten en swetste tsjin syn dochters skwanfólk oer ut lôn en ut gemaak en vot hij en Harrem ollegjer soenen en voenen en koenen. Hij hie un pear bwarrels óp en de êgen stienen him bóppe óp 'e kop. De lju móchten vól tinke dot ur de kening fon ut Klaailôn vie, san vud fierde ur. Soe ur dur efternai net óm útgniisd vurre? Mar Eelkje hie dut noch ljevver os dot ur siet te stúnnen en te stinnen óm ut skoandere jild, dot ur yn Richtsje har hûshôring stekke matten hie. Vibe syn ôden hienen fwar de brulloft goed sain, dot ut vie net mear os binlek dot de Bosmas har pat ta de útset bijdrûgen. Têke hie un skóft óp dy smjunten fon dot bakkersfólk ómsmeuld. Vot koste har no dy hele brulloft? kraaide ur. De kûkjes en oranjekûken kamen ollegjer út aigen ûnne, dêr hûgden se ut knipke net fwar iepen te lûkken! Havar, hij siet dur no mai felreade flammen óp ut oantlit bij en lyke vakker óp 't skik mai de oantraude femylje. Hij bedoar Richtsje har dai net, en dot vie ol un heel ding. Saepke hie ollinnech de oerdais vest en Eelkje hie amper un vud fon har hôn. ‘Ja, mem ek lokwinske, hin,’ hie se sain, mear net. Eelkje hie har net freegje vóllen vonneart se verrus delkómme soe, | |
[pagina 404]
| |
gjin vanklanken joet en gjin fervyten. It gesicht stie ûsa strak, se wie mêger om 'e snút en der wie wat jachtichs yn har êgen. Mar Richtsje lókvinske se gól en hetlek, dy lytse Richtsje dyt se safaak bememke hie, en dyt har no un reed foar vie. Gjin oergunst lykvóls, se tútte har suster, en velja, har swêger ek. Mar jûn koe se net komme, abslút net, mefrou wie net halich en der wie in gearkomst op 'e pastory. Harrem hie óp dusse brulloft ut oangename mei ut nuttege ferienege. Ut oangename, dot vie ut drinken fon swiete sûpkes en ut slynen fon taatsjes en ut smoken fon un goede segaar - vêr hie de bakker dy vaitsjoend? En fjidder hie ur un pear tútsjes stellen fon ien fon dy Ferveter skytfenynen dyt oas ónares net te benaderjen vienen. Ut nuttege, dot vie dot ur ûndervais nai ut húske - hij vie dy jûûns frijvot kwatmieleg - un pear kear un taast dien hie yn 'e Jossen dyt oan 'e kapstok hóngen en sa un stikmonnech persoansbevizen nadere hie. Dy lju koenen vól nije oanfreegje en fwar him vienen se jild vurch. Dot vie no twa dagen lyn en olles vie ver gevoan, hait en hij fóchten ver mai de hudde klútten, lykos oltyten. Mem eamele noch olgedueregen dot ut san moai feest vest hie, mar dot soe vól ver saksjerje. Mar Harrem siet mai de persoansbevizen yn 'e mage. Hij vie fon doel en ferkeapje se oan 'e ûndergrûûnske, dy hie ferlet fon pepieren, mar hij sêg dur tsjinoan óm nai de Blijer skwalmaster ta. Ulbe, tocht ur, Ulbe soe him helpe kinne. Hij ferstrûpte him de jûûns vot en fytste nai Marem. Mar Ulbe vie helendol net óptain, hij vie dúvels. Hie Harrem don ferdómme net yn 'e rekken dot ur dy lju yn ut ónleeg fierde? Dy persoansbevizen mwasten veróm en sa gau mooglek. Jûûg se him mar, don soe hij dur noed fon stean dot de aigners se veróm krygen. Bliksem noch ta, sa gyng dot doch net! Velnee, ut ferset hie dur gjin ferlet fon, mun koe ómmes better blanko persoansbevizen stelle! Harrem mwast him taseze en dóg sóks nóit ver. Ut vie nammes sa stóm os vot, elkenien koe útrekkenje dot ut óp 'e brulloft bard vie. Bliid dot ik net mai dyn suster traud bin, godferdómme, sai Ulbe. Dêr vrokke Harrem no oer nai, dot ut him ollegjerre bij de honnen ómt ô briek, dot ur neane ta syn doel rekke, dot ur net un stap fjidder kaam, yn neat net. Oare mwanne vaar ur fjauerentwinteg en syn takómst vie tsjuster. Ferkearing hie ur net ver hôn sont ut mai Elske útrekke vie, hij fluttere sneonejûûns vólrus achter de frôlje oan, mar ut vie krekt os eangen se him. Doch vist ur vól hût ur him hôre en drage mwast, daleks net te pysteg en te gail en ut praat de | |
[pagina 405]
| |
bestekleke kônt naist hôre. Hij hie doch ferdoarje gjin wantsjes óp 'e kop dot se him skauderen! Syn ôde maten út Fervet hienen drege ferkearing of vienen traud. Hij mwast syn oanhôd sykje bij jóngere fainten dyt bij him ópsêgen óm syn vrôdvizens, mar him tagelyk fwar healnôg ferslieten. Se vienen te rjóchtút óm dot ferhaimlekje te kinnen. En don mem har geseor durbij fon ‘Silst net rus un frau sykje, Harrem?’ Harrem prodúsjerre don un ontvud yn 'e geast fon ‘Eêminsbemwóimaidómmetasikselsvóvitte.’ Mar se hie gelyk, hij bljode oer, hij vaar ôdfaint os ur net rillegau un frómmes oan 'e hêk slûg. Mar vot koe ur un frau biere? Dot vie ut oare dot him bijtiden beneare. Dut útrûppele rottekleaster voe en koe ur gjin frau oandwaan, os hait en mem ol óm him ferkasse voenen. En dur siet nammes gjin brea fwar twa húshôringen yn har neazege bedoening. Jild mwast dur kómme, mar hû. De tebak vie un fyasko vurren, en hait voe fon sókke kluchten neat mear vitte. Sónt maat vie de lônvacht ynsteld en dot hie Harrem east vól vot talyke. Un moai únnyfwarrem oan, licht vurk en un goed lean en fonsels, un mon fon kwyzekwônsje vêze. Dot vie meskjin noch ut olderfernaamste. Seze kinne fon hee, tróchrinne of ôstappe of maitsje dyn bwóssen leeg, lit sjen votst yn dy tos hast, pepieren sjen litte. Sóks, dot vie krekt vot fwar him. Se soenen noch ópsjen yn Fervet, dy húnners en gekoanstekkers, os ur yn un swat pak en mai un moaie pet óp tróch de bwórren stapte of fytste. Se soenen bij him ópsjen, se soenen óntsach fwar him havve. Hij vie don de mon, hij hie ut fwar 't sezen. Dóg dot, bljo dêr ô, maitsje ut hok iepen! Vêr viesto justermiddy, vot hiesto yn ut fjild te sykjen? Freze soenen se him, de kôdgnizers en spytgnizers, ut gnizen soe har fergean dêr yn Fervet. Ainlings soe ur don sjen litte kinne vaat ur vie, hij, Harrem Bosma. Hij soe har leare him út te skellen fwar ‘Módderklauer’, him te lytsachtsjen os jermoedsaaier út ut rottekleaster oan 'e Mûndersloane. De hún dyt se him en syn hait en syn pake oandien hienen, dêr soe ur vraak fwar nimme. ‘Módderklauers’, javis, dot soenen se gevaar vurre! Se soenen ut skelvud nea ver yn 'e mwólle nimme dwarre. Mai help fon 'e Dútsers soe ur ut har yndruie. Os se net óm lyk voenen, don hûgde ur mar even nai de post yn Marem te gean of te skiljen, en don kaam dur un oerfolauto. Hij koe goed mai Bogdan óp 't lêst, os ur klachten hie oer ut fólk don soenen se him grif helpe óm se ûnder de knût te krijen. Ut lyke him sa moai ta, dot hij vie dy maityds yn un dryste bui nai Ljauet fytst óm ynljochtingen te freegjen. Ut vie him net tafôlen. Dy lju praten hollônsk en Harrem mwast ek yn ut hollônsk ontvud- | |
[pagina 406]
| |
zje. Hij hie dur mar raar yn ómhaffele en stammere, se hienen grif tocht dot ur net olte-olte vie. Dot vie punt ien ol, en dêrbij kaam dot se lônvachten gjin stônplak jûgen yn ut aigen gea. Dêr vienen se te bekend, dêr hienen se grif temin óntsach en ut gefaar vie dot se ôde freonen net oanpakke dwarre soenen. Dus Bosma koe, os ur oannómmen vaar, bijgelyks yn Grinslôn bedarje of yn Hollôn. Dû vie ut Harrem ol heal oer. Yn Fervet, dêr hie ur de mon vurre vóllen, en os dot net koe..., en don yn Hollôn en ol dun dai dot frekte hollônsk prate matte. Mar se hienen fonsels gelyk, mun hie yn ut aigen dwarp minder óntsach. Ut vie him noch net fergetten dot se him ferlyne simmer mai de kop ûnder vetter hôden hienen. Vot soe dur barre kinne os ur him dúdlek os hontlanger fon 'e Dútsers presintjerre? De minsken krygen vot langer vot grutter hekel oan 'e Dútsers, en dêrt se har tróch de Dútsers yn bekrónken fielden, dot ferhellen se meskjin óp him. Harrem hie pepieren mai nai hûûs krygen, mar hij hie neat ynfólle en ferstjoerd. Mun vist ek net sekuer ot de Dútsers ut hôre soenen tsjin 'e Allyeaden, faaks vie ut better en kies de oare kônt. Mar ja, ut ferset hie him ek ôsôte, teminsten, sa kaam ut him oan. Septimber brocht fertriet oer ut Klaailôn, en de oanstiftster dêrfon vie Saepke. Dy steile Saepke, noait út 'e ploai, altiten like sedich en keken, stiif en foarmlik. Yn 'e donkere jurk mei it wite skelkje foar betsjinne se it âlde dûmnysechtpear en sa ron se ek troch Marum te boadskipjen. In steatlik knikje foar kunde, foar oaren neat en foar nimmen koe der gjin glimke ôf. Eelkje hie ut ôvoskjen krekt dien en strûpte de mauskelk út dût se Saepke ut hiem óp kómmen sêg. Soa, dy vie dus ut paad nai ut ôdershûûs noch net helendol bjuster, sat ut oas de lêste mwannen vól lyke hie. Don soe se mar gauefteg vot teevetter ópsette, vont de besytes dwórren ónares net lang. ‘Kóm, ha vij dij dêr verrus,’ sai se vylst se de útdoar ópfierde. ‘Ja, mem,’ sei Saepke. Se die de hoed ôf en de mantel út en gyng by de tafel sitten. ‘Ik ha teevetter ópset, salang hast vól tiid, hoopje ik?’ Se mwast ut doch kwyt, ut die har sear dot de fammen har net mear benai kamen, en fon Saepke hie se sóks grif net fervachte. ‘Wis, mem,’ andere Saepke noch altyd like flak. Mar har lûd feroare doe't se sei: ‘Mar no moat mem earst even sitten gean, ik moat mem wat fertelle.’ Se sei it twingend en in bytsje ôfbiten. ‘Ja, no fanke, hè, vot is dur don oan?’ Saepke wachte oant mem siet en noch un hôn tróch ut hier helle hie. ‘Mem moat net kjel wurde, mar ik bin swier.’ ‘Votte!’ rûûp Eelkje. ‘Ik krij in bern,’ ferdúdlike Saepke. ‘Mar dot kin net. Dot kin ómmes net!’ sai Eelkje. ‘Jawol, mem, | |
[pagina 407]
| |
dat kin wol, en it is ek sa. Ik moat in bern ha.’ ‘Mar dot kìn ómmes net! Hû kìn dot don?’ Doe glimke Saepke omtrint, in pynlik glimke om har mem dyt har te skoar sette tsjin ut leed dot oer har kaam. ‘Dat wit mem ommers wol, hoe't soks kin, en wat docht it der fierder ta? It is sa, en dêrmei út.’ ‘Jamar... Do hast ómmes gjin ferkearing! Of vól, meskjin?’ ‘Mem, dat docht der ommers net ta, ha 'k al sein. Ik hie it ek leaver oars hân, mar it lân leit der no ienkear sa hinne.’ ‘Mar don hast gjin ferkearing... En don silst ek net traue?’ ‘Nee, mem.’ ‘Mar fanke, fanke, vot sil hait jir vól fon seze?’ ‘Dat moat er sels witte,’ sei Saepke. Yn 'e stilte dyt foel hearden se ut vetter razen. Mar Eelkje bljode sitten mai de honnen yn 'e skutte en de êgen vonhopeg óp ut taffelkleed. ‘Mem soe thee sette, net?’ ‘Ja!’ sai Eelkje, ‘ja!’ Mar se kaam net fon ut stee. Saepke gyng oerein en krige it buske mai thee út 'e kast. Se diich in skepke yn 'e theepot en geat sierend wetter op. Se stiek it spritusljochtsje oan en brocht reaukes op 'e tafel. Eelkje sêg temûk nai ut lichem fon har dochter. Saepke wie noch like plat as altiten, se koe noch net fier hinne wêze. ‘En vot silst no?’ frege se dof. ‘Ik ha in keamer fûn yn Ljouwert. Dêr wachtsje ik de berte fan it bern ôf en dan sjuch 'k wol fierder.’ ‘Safier fwót!’ klage Eelkje. ‘En hû silst dij don rêde?’ ‘Ik ha wat sparsinten. Ik sil 't wol rêde.’ ‘Vêróm kómst jir net? Kinst óp dyn ôd kjemmerke!’ ‘O nee!’ sei Saepke beslist. ‘Gjin sprake fan! Ik sil mysels wol rêde.’ Eelkje, noot se sêg dot ut ûnk net mear ô te kearen vie, begón te jermoedzjen. Mar hû koe sóks don? En sóks kaam doch net samar? Saepke hie der ek noait oer praet dat se omgong mei in man hie. Mem hie har doch oltyten vól vaskôge fwar de mônlje. Mun vist ómmes vól vêrt ut mônlje tróchstrings óm te rêden vie? Se hie oltyten noed hôn óm Richtsje en se vie bliid dot dy no olle eare en deugd traud vie. Dy vie behôden. Mar goed achterô besjoen dot se net iens vitten hie hû faai Richtsje vól stien hie, vont ja, dy sljipten ûnder ien dak. Mar Saepke wenne yn 'e pastory, dêr wie se doch bewarre foar allerhande gefaer, woe men hawwe. Hienen dûmny en mefrou har dan yn alles frijlitten? Dan wie it har skuld mei dat it der no sa mei Saepke foarstie, en dan koenen se har net samar op 'e strjitte sette. Dûmny mwast doch os dûmny syn kristenplicht ferstean? Soe hait rus mai dûmny prate? Mem moast deroer ophâlde, sei Saepke, wier, it joech allegearre neat. It lei der no ienris sa ta en gjin mins koe der wat oan feroarje. Kom, mem moast de thee net kâld wurde litte. ‘O fanke, o Saepke! Moasto dyn skoandere libben sa fergoaie!’ | |
[pagina 408]
| |
kriet Eelkje. Se koe ut fertriet net langer ferkropje, se moate mai lange úthalen. ‘O fanke!’ No skriemde Saepke ek, mar behearske en ynfieren sa't se yn alles wie. Twa triennen sakken har starich by de wangen del, mar har muolle stie sterk. Se wie net hurd en net gefoelleas, mar se sparre har triennen foar letter. It duorre noch sân moanne foar't it bern kaem, en as se no al skrieme soe, dan hie se gjin triennen oer foar skielik. De âld dûmny hie har suver smeke om te bliuwen, hy soe noed fan har stean, hy soe foar alles soargje. Se hie it ôfwiisd, freonlik, mar wis. Dat hoegde mem net te witten, lykas se al it oare ek mar net witte moast. Se soe gjin rêstige oere mear hawwe. As de poepen ienris ferdreaun wienen, dan soe se it miskien fertelle. Miskien. Se gyng no fuort, mem, en mem moast it heit mar meidele, dat soe wol net oars kinne. Se soe út Ljouwert wei skriuwe, as se wat te stoel en te bank wie, en dan mocht mem wolris komme. Doe tute se har mem, wat se sont har bernejierren net mear dien hie, en liet har oanhelje en hearde har ‘Myn leaf, leaf famke’ neamen. Mar se mocht net wêk wurre. Se sette de hoed op en loek de mantel oan en stiek ôf. Se liet it Klaailân foargoed achter har en mei in pear dagen soe se út Marum weigean. Se wie in bytsje bitter, mar net sonder moed. Se koe sterk wêze en se koe fjuchtsje, en foar har bern en harsels soe se dat. Mun soe jir un streek sette matte en óphôre fon fertellen. Mar spytegernôch kin dot net, vont Têke Módderklauer hat syn segen noch net útsprutsen oer ut dwaan en litten fon syn dochter. De kopijskrjower is hôden de vjirhyd te skrjowen, de fólslaine vjirhyd, en hij mai neat vaislûkje óm un moai en gefoeleg slot te krijen. Dot sadwaande. Eelkje vachte oant ut miel berêden vie, se vachte oant Harrem de doar út vie, ja, se vachte oant Têke ut easte pontsje tee ópslóbbere hie. Dû fertelde se him, vot ómslachteg, dot Saepke hie hjir west, en de groetnis, en se soe nei Ljouwert te weinjen, dêr koe se better wurk krije. Se kaem hjir dan ynearsten net mear safaek, fansels, se moast de saek dêr earst wat yn streken hawwe. En ja dur vie ains noch vot, dêr hienen sij nóit fon vitten, mar Saepke hie trouplannen, enne... ja... ut vie sa... Se moat in bern ha, Têke, raffele se dû hasteg ut ferhaal ô. ‘Votte! Vot saist dêre! Mat dot pyst yn 'e kream?’ Hij tebriek dur ómtrint ut skoandere teekópke óm. ‘Vól godferdómme, bringt mun dêrfwar juns bern greot!’ ‘Têke,’ vaskôge Eelkje, ‘besóndegje dij net.’ ‘Dot smwarg stik strónt, dot skytmerakel! Us namme tróch ut slyk helje! Dot pyst! Ik helje har jûn noch tús en don sil se har ferontvudzje! Mun besyket mai God en mai eare tróch de tiid te kómmen, en don san dwail! Lit | |
[pagina 409]
| |
har yn 'e brûk sitte!’ ‘Têke,’ sai Eelkje fwas, en ut vie êgenklear dot se jir óp ómprakkesjerre hie, ‘Têke, vitsto noch vól votsto dien hast, un vyke fwar ús trauen?’ ‘Vólsto dot neame? Do, smwarg ôd viif, skammesto dij net óm ut te neamen?’ ‘Ja, ik skamje mij,’ sai Eelkje, ‘ik skamje mij óm dij. Mar do litst ut fanke gevurre, dy hat ut swier genôch.’ Têke smiet dur noch vot fergeemjes en os mun mai juns gemoed teriede gyng en os kearel en os hait en yn 'e brûk sitte litte - dot fûn ur grif vakker moai - en de kop net mear ópstekke dwarre yn Fervet en fon 'e minsken naiviisd en berabbe vurre en stik strónt en smwarge dwail tsjinoan, mar hij fytste net nai Marem. Vot hie ur yn 'e fredesnamme tsjin Saepke seze matten? Ol dy twaentwinteg ier hie ur him nóit óm ut fanke bekroade, ut hûgde no ek net mear. Eelkje hie un twadde kópke tee yngetten, mar se lieten ut baide kôd vurre. Baide mai har tinzen bij Saepke, hoe't se opwoeksen wie ta in rêstige, bedêste faem, altiten gesechlik, as famke al in great ferantwurdlikheidsfielen, byderhant, behelpsum, altiten wekjend oer har lyts suske. Vot hienen dy baide tegjerre bwatsje kinnen, dêr te Nijtsjerk yn ut achterhûûs en ut blikje. En de tinzen rikten net te kearen fjidder nai dy middys yn jonnevares, skielek fiventwinteg ier lyn, dût se óp ut molkkarke fon 'e Westras ut bêd ferfean hienen, dût Têke de Striemetrossen óp 'e ûnderlegers kwakt hie en dêr de pel óp sljóchte hie, mar ûnderlekkens en bóppelekkens net veadeg achte hie en ut dútske lekken en de kessens fonsyden skópt hie en Eelkje óp de pel plotte hie en har de mai ylestyk fetsoenjerre ketoenen sek fon ut got roppe hie en yn ut brondereg rûkkend klampke ôd hea de roede mai geveld ynbrocht hie, vylst Eelkje ôle en oangyng en de tónge yn 'e nwasters stiek. Dêr vie ut begón en sa vie ut tróch gien en dut vie dur fon kómmen. En hókker leed stie har noch mear te vachtsjen, jir yn ut Klaailôn? Richtsje vie behôden, mar Harrem, sat dy tróch ut libben bûkkele, dot kaam net goed. |
|