De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdFon va is hij ien?Tilly hie dur un glûpenden hekel oan óm sónder sinten óm bwadskip stjoerd te vurren. ‘Mem betellet ut freed vól mai de bwadskippen,’ of ‘Mem kómt sneon vól even te beteljen,’ mwast Tilly don mar seze. Bij Hindrik Goverts vie dot net slim, dy koe jun, dy kaam olle vyken twarus, east óm de bestelling óp te nimmen en don óm de bwadskippen te bringen. Mar de griffemeade bakkerinne dy koe, os mun oankundege hie dot mem ut vól betelje soe os de bakker lôns kaam, sa út 'e hichte freegje fon ‘Fon va is hij ien?’ En don mwast Tilly ópbychtsje, hij stelde neat fwar, hij vie ien fon Riemer en Gryt dyt oan ut Ljimmenpaad vennen, arbaiders, jermoedsaaiers. Of fwar hait nai de smid of de fytsmakker, dêr hie hait rekkens stean dyt ur oan 'e ain fon ut ier lykmakke. Dot voe ur oltyt sels dwaan, vont don kryge ur un karrider - un jónge vaar mai un sygret ôskype. Sees mar sa en sa, en hij ken hait vól. Ja, mar dur vie oltyt de noed dot de fytsmakker hait net koe, en don mwast mun dus útleze vaat mun vie, en soe de fytsmakker ut vól oandwarre óm un hûndetwattspit ta te betrauen oan ien dyt him óp neat oas berómje koe os ien fon Riemer en Gryt te vêzen, lju sónder fwarkómmen noch hearlekhyd? Ut vie net sa dot de oaren, de lju fon heger stôn, jun kónstont merke lieten dot mun vinlek net maitelde. De earfólle baantsjes yn ut dwarp, lykos ut sithavven yn ut iisklupbestjoer, ut bestjoer fon 'e oranjeferiening, de kemisje dyt ut útstapke fon 'e ôden fon dagen regele en sa fjidder, dêr kamen fonsels gjin arbaiders fwar yn 'e | |
[pagina 395]
| |
beneaming. Mar dur vaar net mai safólle vudden sain dot sóks gjin fûûg jûûg - ut vie gevoan sa. Os bên vist mun fonsels ek vól hût de vrôd dur hinne lai. Yn 'e tsjerkeried sieten boeren en genieren, ol koe dur ûnder de dyakens vólrus un arbaider sitte. Yn ut skwalbestjoer sieten boeren en genieren, en rus un sakemon of vinkelmon. Knapelieders en snainskwallelieders sieten gjin boeren ûnder, ut vienen genieren, lytse selsstonnegen en arbaiders. De baantsjes dy't mei it tsjerkevurk gearhóngen koenen tróch un arbaider beset wurde, mar don ollinnech de minder belangryke en minder earfólle. Sa vie dot, dot vist mun, en dot hûgde net sain te vurren. De hegeren hûgden gjin var te dwaan óm de legeren óp har plak te hôren, dy swargen dêr sels vól fwar. De hegeren koenen yn 'e persoanleke ómgóng sels tige freonlek vêze en beare os bestie dur gjin klosseferskil. Nimmen fon de legerain soe dot ferkead ópfetsje en dur misbrûk fon maitsje. Dy freonlekhyd koe lije ómt dur gjin gefaar te duchtsjen vie. Dêróm kryge mun vólrus un tebeksetter, mar dot vie hast nea sa bedoeld. De hegere koe bijgelyks fertelle dot ur vot oantúúgd hie, of eane hinne vest hie óp rais, en sónder euvelmoed oan 'e legere freegje ot sóks ek net vot fwar him vêze soe. Tilly vaar un kear óp syn plak set tróch de bóppemaster fon syn skwalle, vylst de goede mon dot grif sa net bedoelde. Tilly hie mai ut potsjeroovjen un stien tsjin un tósk oan krygen en dêr vie de helte ôbrutsen. Dot lyke môl. De ûndermaster ónjerre tsjin 'e bóppemaster dot dêr soe un stifttósk yn matte. ‘Daar zou ik wel honderd gulden voor over hebben,’ sai ur. Mar de bóppemaster sai begrutsjend: ‘Dat kunnen die mensen niet betalen.’ Sa vie ut mar krekt, Tilly vie mar un jermoedsaaier. Ut klossebevustvêzen vie dur tús yndruid. Mun vie arbaider, mun stie ut leegst óp 'e maatskipleke ljedder en dot betsjutte dot mun jun heel sekuer oan 'e regels hôre mwast. Fwar grutte lju jilden dy regels net, dy koenen bijgelyks ollinnech ôdiersjûûns mar yn tsjerke kómme en fjidder nea, of dy koenen traue matte sónder dot dêr skonde fon sprutsen vaar. Dy trauden yn fólle fleor - sij yn 't vyt - en ut bên kaam don un pear mwanne te gau, mar vie gelókkeg goed sûn. Of dy koenen nai ut doansjen gean, of reedride óp snain, of yn 'e sweef sitte mai ut dwarpsfeest. Dot hindere neat, dot die har gjin skea en elkenien hie dêr frede mai. Mar mùn mwast persys bij ut lyntsje lôns, vont de arbaider, dêr hôde elkenien tafersjug óp, dy hie de skyn fon ut kwea doch ol tsjin him, en dy mwast dur dus óm tinke dot ur gjin oanstjit jûûg. Gjin skulden maitsje, fetsoenlek vêze tsjin master, dûmny, plysje en dokter, netsjes yn 'e klean, gjin prûk | |
[pagina 396]
| |
lang hier óp hólle, gjin útvrydskegheden en sober libje. Un arbaider hûgde ómmes ek net os un hear te libjen en te toanen. Ut vie gjin skonde, sai Tilly syn mem, dot un arbaider mai fersette klean yn tsjerke kaam, mar ut vie ol skonde os dy klean stikken of smwarg vienen. Dur sútreg hinne rinne, en dur yn 'e hûûs en óm hûûs en hear un bról fon maitsje, dot koe fonsels net, mar ut vie sa mooglek noch slimmer óm bóppe juns stôn te libjen. Mun vie arbaider, en net mear en net minder mwast mun vêze vólle. Ut vie un heel smel paad dêrt mun net fon ôvyke mócht, en dot paad mai eare lôns te gean, dot vie juns ópdracht. Os arbaider vie mun yn 'e vrôd steld, en os arbaider mwast mun fwar de hearen kómme, ek skielek dêrbóppe. En sa vaar súver óngemurken de needrege rang dyt de arbaider yn 'e maatskippij ynnóm ómvedjerre ta un útkarde posysje: os arbaider hie mun un machtege taak, nammentlek ut meanst oansjenleke en tagelyk meast needsaaklek vurk te fersetten. Os un arbaider syn taak vaarnóm en syn ópdracht naikaam, don mócht ur grutsk vêze óp syn stôn en steat. En dot vienen Tilly syn hait en mem, mai arbaidersgrutskens grutsk óp har stôn en steat. Fon ydeölogy yn 'e sin fon ‘needsaaklek folsk bevustvêzen’ vist Tilly dû noch neat. Dot hie ek neat jûn, vont mun kin ut bevustvêzen jest os folsk fersmyte os ut net mear needsaaklek is. En ta ut ynsjug dot ut net mear needsaaklek vie, kaam Tilly pos fólle en fólle letter dût ur him yn 'e middenklosse nestele hie, en ut ynsjug kaam net sónder profesjonele help. Mar ol koe mun juns vrôdskôging net os ydeölogy óntmaskerje, ut vie net sa dot dy vrôdskôging olle fragen beöndere en olle problemen óploste. De vrôdskôging os systeembefêstegjend geheel fon fwarstellingen sieten basten en skwórren yn. Bygelyks, os ut vier vie dot de simpele taak dyt de arbaider útfierde yn vêzen tige vichteg vie, don soe mun ek fervachtsje maie dot de arbaider óm dy reden vedjerring ûnderfûn. Don hûgde mun net daleks te tinken oan de matryele beljenning, mar dy vedjerring soe bygelyks blyken dwaan kinne út ut fait dot dur nai de arbaider harke vaar, dot syn miening, syn fyzje en syn oardeel óp priis steld varen. De arbaider hie net fólle leard, dot vie vier, mar yn libbensûnderfyning hûgde ur doch by nimmen achter te stean? Hij vist lykegoed os un oar vot ljowen en twiveljen vie, vot ut betsjutte bên óp te fieden of un bên te ferliezen, hij vist ek fon fertún en tsjinslag, fon lók en leed. Hij lies de kronte lykegoed os un oar, hij hie ek syn mieningen oer poletyk en tsjerke. Vêrom kryge hij neane gelegenhyd óm syn sprek te sezen, vêróm vaar him os un ónnoazele hols ut swijen óplain? Vêróm vaar syn praat hôden fwar gekkepraat of bennepraat? | |
[pagina 397]
| |
Dot syn steat ónoansjenlek vie, akkoat, mar dot ur os minske minachte vaar, dot stiek. En dot kaam yn kónflikt mai de grutskens dyt ur óntliende - ‘óntliene mócht’ - oan ut fólbringen fon syn needrege taak. Net bóppe juns stôn útkljowe, net nai dingen grype dyt net fwar jun vailain vienen. De arbaider mwast him behaine ta de daistege dingen fon arbaidzjen, yten en drinken en ienfôdeg fermaits. Olles vot fjidder fon hûûs lai, ut lêzen fon lyteratuer of ut bespyljen fon un ynstremint of ut raizgjen nai de skaubwarg, dot vie inkeld fwar de gruttelju. Dêr taalde mun net nai, dêr helle mun de skauders oer óp of gnyske mun vot óm. Ut soe vól moai vêze, mar ut gyng jun bóppe de pet. Mun hood jun ôsydeg fon olles vot nai kultuer útskaaide. ‘Dot vie neat fwar ússoate minsken.’ Dóg mar gevoan, hôr dij bij de dingen dyst begapje kinst en lit gjin vaanvizens dij de hólle oerstjoer maitsje. Skriklik vie yn dy dagen ut leedfermaits óm lju dyt vot koenen en voenen, mar vaans plonnen misljerren en dyt te pol kamen en ver bij nul of minder ainegen. Yn 'e kappersvinkel en bij jiddybesytes vie skealek praat oer oarmons misfertúnnen en misrekkens de meast vedjerre fwarrem fon rabberij. Vêze vólle dyt mun vie en net nai heger stribje, dot vie de failegste vai. Vaat kljowe voe, foel ier of let veróm yn 'e bedelte. Tilly syn hait vie ek net frij fon sók leedfermaits, mar don slûg ut ónares óp ut te pol kómmen fon gruttelju. Hij hie grutte ville os ien fon 'e hegerain óp ien of oare vize tróch de koer sakke. Don koe ur oerdreon skotterje en ut gefol yn georen en kleoren fertelle, en ljest twa kear. Sóks yrytjerre Tilly, dot vit ur noch, dot bodjaan oan vraakgefoelens, dot jun fermaitsjen óm de misfertúnnen en missetten fon grutte lju. Achterô fynt Tilly ut vól vot frjemd dot ur sa vronteleg reägjerre óp syn haite dwaan. Vie hij os tretjen- fjitjenjirrege sa snoad dot ur tróch syn haite dwaan hinne sêg en de oergunst óp 'e achtergrûn bespeorde? Doch mat ut Tilly rekke havve, oas hie ur dy gefollen sa goed net ónthôden, oas soe ur him no net skerp fwar de geast helje kinne hût syn hait him don gedrûûg. Dy gefollen vienen, óm mar un pear te neamen: un jónge út 'e hegerain dwaalde fon hûûs fwót en vaar let yn 'e jûn veróm fûn tróch de plysje. Hij vie samar gien te köörjen, mear koenen se net út him krije. Tilly syn hait fûn dot prachteg en hij neamde dy jónge tenai ‘de verloren zoon’. Sókke lju koenen net iens óp har bên posse. Un oare jónge út 'e hegerain misljerre óp 'e iene skwalle nai de oare en vaar nai un psychologyske test gaadlek achte fwar vinkelfaint. Dot soe heel vot vurre, koe Tilly syn hait don begjinne, east HBS en dû fon need nai | |
[pagina 398]
| |
de múlo en no stie ur yn Ljauet yn ut magasyn fon un iisdervinkel. Tilly syn hait hie rus mai un pear oare gemeenteleden fwót vest te dûmnysharkjen. Op 'e verómrais hienen se un útsmyter yten yn un restorôn. Utsain ien mon, ien út 'e hegerain fonsels, dy hie un sútreg kroketsje nómmen. San nepet, ljevver frekke fon 'e hónger os un dûbbeltsje útjaan. Bang fon 't viif tink, of temin maikrygen yn 't knipke. Sóksoate gefollen vienen ut dêrt Tilly syn hait him mai fermakke. Meskjin dot de hôring fon syn mem Tilly dur ópmerksem óp makke dot dur vot net doogde mai syn haite ville. Se negjerre sók praat fólslain, se sai bû noch ba. En Tilly begón yn dy jirren tige nai syn mem te lûkken. Se vie sterker en se vie snoader os syn hait. Havar, ut vie Tilly dû ol dúdlek dot syn hait oergunsteg vie en tróch him te fermaitsjen mai de bryke setten fon 'e hegerain vraak nóm. Tilly gunde him syn vraakgefoelens, Tilly hie de pest ek oan 'e machthavvenden, mar syn haite vraak vie net snoad, hij rekke de hegerain net en hij hólp himsels net fwarút. Lykvóls, vie un adekwate reäksje vól mooglik? Ut ferhûûddûkjen fon minsken laat dur óp 'un doer oltyten ta dot dy minsken harsels begjinne te ferhûûddûkjen en dot se har agresje rjóchtsje óp harsels en har lotgenoaten, nèt óp har ferdrukkers. Dot sjugt mun bij lytse fólken, klossen, rossen en grûpjerringen, sels bij frôlje en hûnnen sjugt mun dot. Tilly syn hait hie yn olle gefollen safólle kriig dot ur syn ferstôn net ta de fwar arbaiders vinskleke ômjittingen behaine voe. Hij besocht bij te bljowen, nai en mai te tinken, him un oardeel te fwarremjen. Tilly hat dût ur os jóngkwekeling simmerdais vól loflûkte of rjappelsocht ek vól arbaiders moete dyt dur un eare yn stelden dóm te vêzen. Se bekenden de oankómmende skwalmaster frijmoedeg dot se hienen dur óp skwalle neat fon makke. ‘Vij vienen dóm, no Jon?’ ‘Ja, vij vienen dóm.’ Ut vie dyselde dôfhûdege dómmens dyt Tilly syn pake oan haitekônt fon ut oantlit striele. De dómmens fon 'e ferhûûddûkke: vot silst beleare, do kómst doch óp 'e klútten. Sa hienen de haiten ut sain, en sa soenen sij ut har jónges seze. Vot meart se ut nai 't sin hienen óp skwalle, vot óngelókkeger os se har fiele soenen os se nai de boer mwasten. Dómmens os skyld en pônser. En os ut meast visse beletsel óm ea har lot te ferbetterjen. Tilly syn hait vie yn olle gefollen sa snoad dot ur vist dot dur mar ien óntsnappingsmooglekheid vie fwar de bên: de skwalle. Mai syn ôdste soan misljerre him dot, dy voe nai de boer, dy voe en soe vurre vot hait vie. De oare jónges dienen vot ur voe, se gyngen nai de múlo. En fwóttendaleks sette ut selsferhûûddûkkingsmeganisme him yn vurking. Nee, ut vie net de hegerain dyt bearde fon vot sille | |
[pagina 399]
| |
vij no ha, ut vienen de arbaiders dyt dur skonde fon sprieken dot east syn twadôdste broer en dêrnai Tilly sels nai de kweek gyngen. Sóks jerde net sa fwar arbaiders, Riemer hie ut fjiste heeg yn 'e kop, sóks koe nóit goedkómme. Tilly syn styfbeppe die dêr ek oan mai. Se prate grutsk oer har oare beppesezers, dyt un plakje fûn hienen yn ut moalpakhús of yn un bûkbynerij en ut sa goed dienen. Mar dot Tilly no ek nai de kweek soe, dêr vie se vronteleg óm. ‘Ollegjer mar skwalmaster vurre,’ sai se, ‘skielek bin dur gjin bên mear!’ De arbaidersmoraal hat Tilly lang yn 'e greep hôn, en hij is dur noch net frij fon. Mar sónt syn trijentrytegste hat ur better yn 'e rekken vot dur mai him te rêden is en hat ur himsels mear yn 'e macht. Fwar ut êg vie Tilly nai de middenklosse oergien, mar de solydarytijt mai de arbaidersklosse ferbea him óm him yn syn nije myljeu tús te fielen. Hij vie en bljode arbaider, sa tocht ur fon himsels, mar ien dyt óp un útskode post syn vurk die. Dot vie fonsels un yllúzje. Hij koe him dot sels vól viismaitsje, mar de oaren hôden har oan 'e faiten: hij vie un vyteboadmon vurren ol drûûg ur se net. De arbaiders beskôgen him net langer os ien fon harren, dot koe ur olle dagen ver gevaarvurre, en dot betsjutte dot ur neane mear túsjerde. Hij vie út ut nêst vûksen en dur vie gjin verómvai. Syn lyterêr vurk hie ur un tige nayve fyzje óp. Hij vie antybwargerlek, en dus pro de gevoane mon. Hij skrjode os ien dyt út 'e arbaidersstôn fwótkómmen vie, en hij miende dot de gevoane minsken soenen dot verkenne. Mar sa kaam ut grif net oer. Tilly syn bûkken vienen ‘neat fwar ússoate minsken’. Dyt him liezen en vedjerren vienen gwódden fon 'e middenklosse en hegerain. Tróch un boerebûn óp ut Hegelôn fon Greanslôn en un rotaryklup óp ut Jerrenfean vaar Tilly útnûge óm un fwardracht te hôren, net tróch baufakkers of ferbryksarbaiders. Syn skrjowerij lai oan 'e oarekônt de klossegreans en befêstege syn oerstap dêrhinne. Ut klossebevustvêzen fon Tilly vie un anakronisme vurren. Ut tsjinne ta neat mear, ut vie fólslain ónnut. Slimmer, ut stie him yn 'e vai bij ut him teplakskikken yn 'e klosse dêrt ur ta ópklómmen vie. Tilly vie earsuchteg en voe himsels bevize, mar de hegere maatskipleke states dyt ur tróch syn krevjerjen berikte, koe ur net goed akseptjerje en de soasjale ferplichtingen dyt oan syn nije posysje ferbûn vienen, vynde ur him fwarvai. Dot vie net kónstont sa, mar sóms oerfoel him ut vitten fon ik jer jir net, dut is myn plak net. Bij un Tsjernesimpoasyem mwast Tilly mai de oare redakteoren en noch un steal pómmeronten óp ut poadyem sitte, en dot hie grif oangien os syn hait de seal net ynkómmen vie. Tilly syn hait vist | |
[pagina 400]
| |
neat fon lyteratuer ô, mar dêr kaam ur grif ek net fwar, hij kaam fwar syn soan dot un vichteg mon vurren vie. Dû koe Tilly net mear óp dot poadyem, hij gyng naist syn hait sitten. One Wadman vie letter nydeg, en dêr vie olle reden ta, mar fwar syn hait oer koe Tilly ut net maitsje óm bij de hege hearen sitten te gean. De nije klosse dêrt ur ta kaam te bejerren, nóm him yn freonskip óp, mar Tilly hóde de nije freonen óp un distônsje. Hij vie ómmes un ynkringer, un fijôn. De freonlekhyd dêrt se him mai bejegenen vie fonsels skyn, skielek soenen se him faaks ónsêft út har midden stjitte. Se dienen vól areg en se behondelen him os har gelykens, mar vot tochten se yn harsels? Tilly fûn dur nóit bevizen fon dot syn nije freonen ónóprjócht tsjin him vienen. Lykvóls koe ur ut vontrauen net fon him ôsette. Oerol óm him hinne sêg ur fijonnen. Ut vie yn dusse tiid dot ur de namme kryge un óngemaklek mon te vêzen, min benai te kómmen, nwatsk, gau óp 'e tjennen trape, oltyten de stykels oerain en ut mes dwas yn 'e bek. Hij vie desoryintjerre vot syn fijonnen oanbelanget. Ol dy strideraasjes dyt Tilly hôn hat, hienen os fwarnaamste doel óm un radykale brek tusken him en syn nije klossegenoaten te forsjerjen. De ‘hegeren’ fon 'e troan stjitte en óp har bek fóle litte, vraak nimme fwar juster en benammen fwar joet. Os dot net slagge vie dur noch de taktyk him ónmooglek te maitsjen tróch kweajóngesachteg gedrach, of de bêste freonen fwar 't blok te setten. Destruksje mwast bij ainslútten útrinne óp selsdestruksje, dot koe net útbljowe. Dût ur un ier of trijentryteg vie, rekke Tilly yn 'e fernieling. Ut lyke syn kepot haulek en ut gemis fon syn bên te vêzen, mar mai help fon un psychyater kaam ur achter de vjirhyd. Ut vie un tige rjóks, kónservatyf en seksistysk persoan, dy psychyater, mar hij hat Tilly hólpen. Op un jûntyd dot se praten oer Tilly syn ôdershûûs, oer syn brwórren en suster, dû liet ur Tilly de skylen fon 'e êgen fôle: Tilly hie skuldgefoelens ómt ur syn ôden en syn klosse ferret hie. Sónt is dur fonsels neat óplost, ut probleem is net óplosber. De ôgriis fon syn nije klossegenoaten bljoot, en ut fertriet dot arbaiders him beskôgje os ien dyt net bij har jert, dot bljoot ek. De oanstriid óm de boel yn 'e bulten te jaaien, óm syn kollegas stikke te litten of himsels yn 'e fernieling te helpen, stekt fon en ta de kop óp. Mar Tilly vit no tróch hókker psychyske meganismen ur bestjoerd vurt, en ónares kin ur óp 'e tiid óp 'e rim traapje. |
|