De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdDe Jeropeeske MienskipFier fwart de steaten fon Jeropa besleaten óm maienwar óp te arbaidzjen en un ‘Jeropeeske Mienskip’ te stiftsjen, hienen de kotten sóks ol dien. Yn 1921, óm krekt te vêzen. De fwaste vrôdoarlog vie fwarbij en yn Ruslôn kearde de rêst veróm nai de revolúsje. De | |
[pagina 386]
| |
kotten hienen ut no oan tiid óm de koppen bijenwar te stekken en ôspraken te maitsjen oer de beheasking en de beheaskberhyd fon Jeropa. Se kamen gear te Straatsbwarg, de Dútsk-Frônske stêd oan 'e Ryn, simboal fon 'e erfleke striid yn Jeropa. De rebûljes dyt oerol yn Jeropa útbrieken hienen har dúdlek makke dot ut needsaaklek vie óm ta ynternasjonale organysjerring fon 'e aksjes te kómmen, en dy hienen har tagelyk behindere óm jedder gear te kómmen. Sat ut de ôrónne jirren gien vie, dur vie gjin kot dyt ut fólhôre koe. Un kot mócht don njóggen libbens ha, ut ivege libben hie ur net en bóppedot, hij koe mar óp ien plak tagelyk vêze. Mai ut útbrekken fon 'e Easte Vrôdoarlog vie olle striidbere kot nai ut Nwadden fon Frankryk tain óm de fjuchtsjende partijen oan te moedegjen. Fon hain en fier vienen se kómmen, fon Skandynavye, Poalen, de Ukrayne, Vyt-Ruslôn, Bûlgarije, Olbanye, Korsyka, Portúgal. Ode kotten dyt noch feadeg vienen en ut klappen fon 'e swipe koenen en jónge kotten dyt jir de fjoerdoop krygen. Mar vylst se ol fwar ut tredde ier tróch de rinfwórgen slûpen en gevearen, gernaten, gosmaskers fon Frônsen, Ingelsen en Dútsers bemygden, vie yn Ruslôn de revolúsje útbrutsen. Dur vaar ollang grútte dot sóks óphonnen vie, mar ómt ut oant no oerbettere vie, vaar oannómmen dot ut vól vot tafôle soe. En no siet dur ómtrint gjin striidbere kot yn ut Easten. Vot Boltyske kotten, mar dy vienen mar minmachteg en ûsa besteld mai aigen drókten, vot Rûmeenske en Ongerske kotten, mar dy krjoden ljevver ynenwar óm os ienriedeg te striden, vot Eastenrykse kotten, mar dy hienen partij keazen fwar Dútsklôn en voenen net fon hûûs. Hasteg varen dur dû yn Nwad-Frankryk un pear batteljóns frijvillegers fwarme dyt yn forsjerre marstimpo nai Móskau ôsetten. Mar dêr kamen se fonsels fjiste let oan, de revolúsje vie ol dien, de tsaar mai syn húshôring útmwadde en Vladimir Iljitsj mai syn Bolsjevyken steveg yn ut seal. Se súttelen vot yn Móskau óm en bemygden olles vot los en fêst siet, mar de hele machtsvikseling vie ol yn kolk en semint, se koenen de góng fon saken net mear beynfloedzje. Sóks mwast net ver havve. Tenai mwasten se de óntjauingen better yn 'e rekken hôre en oltyten paraat vêze. Barde dur vot, don koenen se dur daleks bóppe-óp springe. Dot hôrde fwast yn, se mwasten un bettere ynljochtingetsjinst havve. Sónder beskate kotten dêróp oan te sprekken of te beskuldegjen koe en mwast doch sain vurre dot de ynljochtingetsjinst vot de Russyske revolúsje oanbelange slim tekwat sketten vie. Dur mwast un ynternasjonale ynljochtingetsjinst kómme mai nasjonale en regyonale steunpunten dyt olle | |
[pagina 387]
| |
veadefólle ynformaasje oan ut sintrem tróchjûgen. Op dy menier soe de sintrale lieding oltyten óp 'e hichte vêze fon moogleke kalamytijten en adekwaat reägjerje kinne. Dot vie dus punt ien. Twad mwast ut no rus út vêze mai dy regyonale krjowerijen en nasjonalistyske vrontelegheden. Dot jilde benammen fwar de East-Jeropeeske kotten en dy fon 'e Bolkon. Dy sêgen gaurus net fjidder os ut aigen lôn en dy mienden dot de grutste fijôn krekt oan 'e oare kônt de steatsgrins húsmonne. Dêr vaar un soad tiid en enersjy mai fermwózze en needsaakleker vurk bljode lezen. Os de kotten fon Rûmeenje en Ongerlôn daleks yn '17 nai Móskau en oare grutte stêden set vienen ynstee fon enwar de nailen yn 'e kop te slaan, don hienen se faaks noch un spwóntsje mai ûnder ut revolúsjonêre fjoer stekke kinnen. En, ol vie dot don no minder aktúeel, ek de Flaamske, Frieske, Kattelaanske en Ierske kotten mwasten dut sezen yn 'e earen knope. Dy vienen ek fjistefólle besteld mai regyonale kwesjes. Ut gyng, dot mwasten se oltyt fwar êgen hôre, net óm de lokale kónflikten dêrt ónares gjin bloed út flûide, ut gyng óm ut grutte vurk, oarlog en ópstôn, moad en deaslag. Sa redendeelden se dy simmers fon 1921 yn Straatsbwarg. Kotten fon Finlôn oant Spanje, fon Ierlôn oant Poalen, hast olle steaten fon Jeropa hienen un ôfuddeging stjoerd. Namste spyteger dot dur doch ek túsbljowers vienen. Os ut no net slagge óm olle kot óm 'e tafel te krijen noot de tiid gunsteg vie, vonnear don vól? Havar, ut vie sa. De Russyske kotten koe mun ut nammes net kwea nimme, dy hienen gjin útraisfergunning krije kinnen. De Ingelske kotten frekten ut óm fon har ailôn ô te kómmen, vot óp ut kóntynint barde, koe yn har êgen net vichteg vêze. De Switserske kotten vienen skytende benaud óm mai hókker partij don ek yn tsjûk vaar te kómmen, dy voenen strikt neutraal bljowe. Os bankiers mwast mun jun oan gjin inkelde partij byne, hiet ut. Gwón kotten mienden dot ut sónder Ruslôn en Ingelôn gjin sin hie óm un Jeropeeske Mienskip te stiftsjen, dy twa lonnen soenen har ómmes oan gjin inkele kêst hôden achtsje. Mar oaren ónjerren, Ingelôn soe vól bijdraaie, de Jeropeeske Mienskip dêr soe aansent gjin lôn mear ómhinne kinne. Sa setten se doch mar fonain. Mar hûvólt elkenien mai syn frustraasjes oer de ôrónne jirren siet en elk fwar oar fon miening vie dot dur mear ienhyd en kónsintraasjes yn Jeropa kómme mwast, ut vaar doch noch un hudde striid óm olle kotten óp ien streek te krijen. Dur vaar grauéleg mjauke, moate, ôle, blaasd, byten en klaud fwart se bij ainslútten un stikmonnech yntinsjeferkljerringen óp pepier hienen. Benammen de Sweedske kotten sponden har yn óm sókke formúljer- | |
[pagina 388]
| |
ringen te fynen dot Dútske en Frônske kotten dur mai akkoat gean koenen. Kotten vienen kotten en gjin minsken, mar ut bloed krûûp vêrt ut net gean koe, die blyken. De Dútske kotten sieten fól rankúnne óm 'e ferlenne oarlog en de Frônske dienen vakker hautain, krekt os hienen se óp aigen krêft de fijôn ferslain. Benammen de lêste vyken fon augustes vaar dur koatsefteg vurke óm ut kónsept klear te krijen. Dur vie fontefoaren steld dot ut kóngres 31 augustes slútte soe. De kotten hienen don noch rûm tiid óm nai hûûs te gean fwart de jest mai syn buien en stwarmen kaam. Os ut heal koe, voenen se har net vietraine litte. De Nederlônske kotten hienen vinlek noch vot jedder nai hûûs vóllen, don hienen se tús keninginnedai fiere kinnen, mar dêr lûken de oaren har neat fon oan. Os mun olle jirdagen fon 'e keningshúzzen fon Jeropa fiere soe, don vie ut olle dagen feest. Ut doel vie no dot de kotten soenen mai ut aigen regear oerleze oer ut prinsype-akkoat en mai twa ier ver te Straatsbwarg gearkómme. Don soenen ollerhonde amondeminten behondele vurre en os 't un bytsje slagje voe besletten vurre ta un defynytyve oerienkómst. Ut prinsype-akkoat ómfette de naikómmende punten: * olle steaten fuddegje ien permanint lid nai ut Jeropeeske parlemint ô; * de leden fon ut Jeropeeske parlemint kedize en beslútte sónder lêst of rêgespraak; * ut fwarsitterskip fon ut Jeropeeske parlemint berêst óm bar bij ien fon 'e deelnimmende lonnen; * dur vurt besletten bij mearhyd fon stimmen; de stimmingen binne iepenbier en dur vurre gjin kotten yn 't tsjuster knypt; * olle deelnimmende lonnen havve har te hôren oan 'e beslútten fon ut parlemint; * nasjonale vetten en regels maie net strideg vêze mai sintrale regelingen fon ut Jeropeeske parlemint; * ut Jeropeeske parlemint hat ut fûûg óm dwaslezende steaten mai útienrinnende machtsmiddels te twingen óm har oan 'e dekrekten fon ut parlemint te hôren; * oer olle skelen tusken nasjonale steaten dógt ut Jeropeeske parlemint un bynende útspraak; * olle steaten drage nai fermogen bij oan 'e óprjóchting en ynstônhôring fon un Jeropeeske ferdigeningsmacht; * olle steaten binne ferplichte óm un lidsteat dot yn 'e nederklits sit nai fermogen te helpen. Dû setten de kotten ô nai har aigen lôn. Gwódden dyt tichtebij | |
[pagina 389]
| |
vennen, vienen mids septimber ol ver tús. Mar de Finske kotten sieten de vinter oer yn Kjeppenhaven en vienen jest maaie '22 ver te Helsinki. De Ierske kotten kamen nea ver tús. Se vienen yn Ontverpen os ferstekkeling oan boad fon un Panameesk skip slûpt dot Cork oandwaan soe, mar ut skip fergyng mai mon en kot. De Tsjechyske kotten besleaten óm net ver nai hûûs te gean, ut vie dêr ómmes klearebarre jermoede. Se fregen poletyk asyl oan yn Switserlôn, mar dot rón mis. De Switsers voenen ollinnech mar jild ynlitte, gjin kotten. Dû gyngen se nai Ytaalje, dêrt se vólkóm vienen. Yn '23 vienen dur don ek noch minder ôfuddegen os twa ier dêrfwar: gjin Ieren, gjin Tsjechen. Ek gjin Finnen, dy voenen ut libben dur net ver bij ópsette. Nammes, tocht har, dyt ut tikst bij 't fjoer sit, varemt him ut bêst, en vij sitte jir helendol óp ut fwóttenain - vot fwardeel soenen vij fon un Jeropeeske Mienskip havve kinne? Om dyselde reden bljoden de Gryken vai. De Bûlgaren kamen ek net, dy sieten yn tsjûk vaar mai de Tsjechen, dyt har durfon beskuldegen har ôfuddegen deamakke te havven. Omt dur ópskwór drige óp 'e hele Bolkon, bljoden ek de Olbaneeske, Servyske, Kroätyske en Rûmeenske kotten tús. Ut vienen sadwaande benammen Sintraal-Jeropeeske steaten dyt yn '23 de akkoaten fon Straatsbwarg sleaten en ûndertekenen. Oan 'e oarsprónkleke ópset vie jir en dêr noch vól vot vizege. Frankryk en Spanje voenen swat óp vyt ha dot ut Jeropeeske parlemint soe neat te sezen ha oer de ynterne saken fon 'e oansletten lonnen. Se easken sûvverainytijt binnen de aigen lônsgrinzen. De Nederlônske kotten voenen perfwast dot de ôfuddege oer elk beslút dot nómmen vaar, east ut aigen regear riedplachte - vól rêgespraak dus. Om Frankryk te traiterjen, dot dêr fûûl tsjin vie, gyngen de Dútsers dêr yn mai, en dû de Flaamske kotten ek. De Eastenrykse kotten fólgen de Dútske yn olles en dy stimden dus ek foar. Sa hienen de Nederlônske kotten ónfervacht súkses - net dot ut vot útmakke, vont se soenen yn ut parlemint doch neat te sezen ha. Un vichtege amondjerring vie dot elk lôn un tol leden nai ut Jeropeesk parlemint ôfuddegje mócht evenredeg oan ut tol fon syn ynvenners. De grutte steaten soenen ut dus te sezen krije. Frankryk voe ek noch ut fetorjócht ópnimme, mar dêr vienen olle oare tsjin. Os dur san kêst ópnómmen vaar, koe mun lykegoed gjin Mienskip stiftsje, don soe ien ómmes olles tsjinhôre kinne. Hûvólt ut sóms need lyke, de Jeropeeske Mienskip kaam fon 'e grûn en ut parlemint gyng oan ut vurk. Sa njónkenlytsen begónnen de lidsteaten yn te sjen dot se mear fwardeel os skea fon de JM | |
[pagina 390]
| |
hienen. Nai un ier of tsien sleat ek Ingelôn him dur bij oan, en krekt fwar de Twadde Vrôdoarlog Grykelôn. Ut Jeropeeske parlemint stie heeg yn oansjen en hie un greot gesach. De lidsteaten lieten har de vet fwarskrjowe te Straatsbwarg, en ol eamelen se sóms vot of abbeljerren tsjin, se setten ut net echt yn 'e kont. Maienwar grûiden se nai un Feriene Jeropa ta dêrt de ôsónderleke steaten provinsjes fon vienen, sij ut - no noch - mai apatte, fierhinne autonome regearingen. Mar dû kaam de Twadde Vrôdoarlog en ut die blyken dêr vie de JM totaal net óp klear. Ut parlemint te Straatsbwarg hie him ópsteld os un soate fon greot mynistearje fon ynlônske saken, en de útlônske saken hienen se har amper dwaande mai hôden. Elke lidsteat mwast syn aigen bwóttenlônske betrekkingen mar regelje. Dût Dútsklôn de oarlog begón tsjin Poalen en letter tsjin Nederlôn, Belgye, Frankryk en Ingelôn, vie dur east noch hoop dot dut Jeropeeske kónflikt yn Straatsbwarg óplost vurre koe. Mar dût Japon en Amearyka ek mai begónnen te fjuchtsjen, sleaten de Jeroparlemintaryers har kentoaren: dut gyng har oer de meuch. Nai de Twadde Vrôdoarlog briek un swiere tiid fwar de Jeropeeske Mienskip oan. Yn 't fwaste plak sieten se mai de naisleep fon dy oarlog yn 'e fwarrem fon un heel soad jóngkotten mai oldernúverste kleoren, jóngen fon Dútske, Ingelske, Ytaljaanske, Russyske, Amerykaanske, Poalske en Kanadeeske kotten dyt os sóldaat, os flechtling of os arbaider yn oare lonnen tahôden hienen. Utsain óm de kleor varen de jóngkotsjes don ek noch diskrymynjerre ómt se un ‘ferkeade’ hait hôn hienen, te sezen un kot fon de partij dyt ferlen hie. Twad kamen dur nai de oarlog un heel soad kotten út 'e tredde vrôd út 'e jeddere koloanjes nai ut memmelôn yn Jeropa ta. Dêr vienen ómmes mear perspektyven, dêr vie de libbensstondet stikken heger. Mar ut betsjutte un oanslag óp 'e arbaidsmerk dêrt de autochtoane kotten net viis mai vienen. Sónt de oarlog dwast gjin fetsoenleke kot mear rossistysk te vêzen, mar ut vie mar sat ut vie, dy swatte, gele en brúnne kotten posten jir net. Se hienen un heel oare kultuer, en se stónken nai knyflok en oare krûderijen. Ut Straatsbwarg kamen ollegjer dierbere ferhalen oer de gelykens en gelykveadeghyd fon olle kotten en ut rjócht óp frije fêsteging yn Jeropa, mar de ôsónderleke steaten hienen dêr har aigen ydeeën oer. Vis, olle kot vie gelyk - mar don yn syn aigen lôn, dêrt ur túsjerde. Se vienen nammes sûvverain yn aigen lôn, vie 't net sa, dot se stelden ollegjer behainigen óp óm de treddevrôdkotten te kearen. Ut Jeropeeske parlemint hifke ol dotsoate behainende maatregels oan 'e ynternasjonaal fêststelde regels, mar koe dur yn 'e praktyk net fólle | |
[pagina 391]
| |
oan dwaan. Os se un maatregel ferbeaen, fûnnen de lidsteaten vól ver vot nijs út. Ut Jeropeeske parlemint vurke net, olteast net sat ut mwast en bedoeld vie. Dot jûûg un bulte frustraasjes bij de ôfuddegen en dur vienen gwódden dy spróngen fon vonhoop yn 'e Ryn óm un ain oan ut libben te maitsjen. Yn 'e 80-jirren begónnen yn olle lidsteaten de etnyske minderheden har rjóchten óp te easkjen. Yn un feriene Jeropa voenen sij ek har mjau mai mjaukje en sezenskip havve. Omt se yn 'e aigen steat nul óp ut rekest krygen, gyngen se rjókstreeks nai Straatsbwarg óm har klachten te útterjen en har vinsken kenber te maitsjen. De lidsteaten lieten daleks vitte dot ut óm ynlônske saken gyng dêrt ut Jeropeeske parlemint mai de poaten ôbljowe mwast, mar ut parlemint besleat oas. Dy parlemintaryers fielden har mear Jeropeaan os Dútser of Sweed, se sêgen Jeropa mear os un bûnte samling gruttere en lytsere fólken os os un tol steaten mai eksakt ôbêkene grinzen. Meskjin spylen ôde frustraasjes ek vól un rol mai, de lidsteaten hienen de maatregels en dyrektyven fon ut Jeropeeske parlemint ol sa faak sabotjerre, dot de Jeroparlemintaryers norus tróchsette en har macht fiele litte voenen. De etnyske minderheden, dot vie un ôd probleem, mar oant no ta un probleem dêrt de steaten net fólle lêst fon hôn hienen. Safólle mooglek ûnder de tûmme hôre, olles vot nai separatisme rûûk ferbiede, en vot subsydzje taskikke fwar fólkloristyske aktyvytijten. Sa hienen se Bosken, Sorben, Friezen, Bretóns, Velsmonnen ensfh. oltyten ûnder kóntrôle hôre kinnen. Ollerhonde kultúrele útvikselprogrammas tusken minderheden varen offysjeel stymúljerre. Tyroalske hoanblazers trieken nai Bretanje, Retoromaanske findelswaaiers gyngen nai Boskelôn, Frieske skotsplûgen varen yn Veels útnûge en Skotske lillepypkers hôden un kónsert yn 'e Languedoc. Dot jûûg un bulte ville en fertier en ut vie helendol ónskuldeg. De EMCO, de European Minority Cats Organization, dyt dutsoate aktyvytijten óp poaten set hie en organysjerre, vaar don ek yn olle lidsteaten erkend en subsydyërre. Yn 'e tachteger jirren begónnen de etnyske minderheden fólle mylytonter te vurren. Oerol tagelyk, os vie ut un gwarre. Vól jedder hienen dur ynsydinteel tróchdrjowers vest dyt autonomy ópeasken fwar har fólkje, mar dot hienen don desperate healvizelingen vest dyt ek yn 'e aigen rûnte gjin bijfol fûnnen. No lyke ut stribjen nai selsstondeghyd ynienen fólle masyver te vurren. Vêr kaam ut fon? Hienen de ôde etnyske minderheden har skwalle oan 'e jeddere koloanyale fólken yn 'e tredde vrôd dyt ek ollegjerre un aigen steat | |
[pagina 392]
| |
útrôpen? Of vienen se har tróch de floed fon gostarbaiders dyt Jeropa oerstreamde bevust vurren fon har aigen ydintytijt? Hû don ek, oerol yn Jeropa begónnen selsbevuste klóften bijlôns de poletyke vai nai autonomy te stribjen, of olteast fiergeande rjóchten óp ut gebiet fon taal en kultuer te easkjen. Dêrnaist krygen de steaten ek te maitsjen mai mylytonte grûppen dyt ut iepenbiere libben yn ónstjoer brochten óm har easken krêft bij te setten. Yn Skotlôn lieten de Radical Red Cats fon har heare mai dagenlang un keanreäktor te belegerjen en fon 'e bwóttenvrôd ô te slútten. Ingelôn, en heel Jeropa, hood de syken yn. Yn Dútsklôn lai ut Rote Katzen Front grutte patten fon ut trainferkear lam tróch oankundegingen dot dur óp stasjóns bómmen set vienen. Ut gyng net olle kearen óm folske meldingen, dot vie ut ferriederleke. Yn Düsseldorf kamen sais kotten óm ut libben tróchdot de autorytijten un bómmelding gjin acht slûggen. Ut dak vaar fynaal fon ut stasjón ô blaasd en ut dwórre trije dagen fwart olle skea provysoarysk ynwadder brocht vie en de trainen ver ride koenen. Naist de sais deaden vienen dur ek noch un lytse seksteg licht en swier fervûnnen. De autorytijten rjóchten un apatte ienhyd óp ta ut bestriden fon ut RKF, dêrt leger en plysje yn gearvurken. De súksessen vienen tige mêger, ol swetsten de autorytijten dot se ut RKF kear óp kear gefoelege slaggen tabrochten. Yn Fryslôn kolken de Frije Frieske Bwarren plaknambwódden oer, plakten stikkers óp autoos, brieken yn ut haadkentoar fon 'e PTT yn en ferfriesken ut hele adressebestôn. Yn Bretanje makke de Breizh Briongad Dargh de hele risping oan artysjokken ónbrûkber mai dur óp te skyten. De vinsken fon 'e minderheden óp ut kultúrele mêd vie oan dot stuit ta tróch de poletyk amper óp reägjerre. Sóms un vot faderleke fermwanning fon ‘ja, mar dot kin doch net, vot jim vólle, dot is net reälistysk.’ De grutte kronten hienen har fermakke mai gekoanstekkende en leeglezende kómmentaren oer pospoaten en aigen postsegels dyt yn 'e regyo ynfierd vurre soenen. En soenen se dur no un repúblykje fon maitsje of un keninkrykje? En soe ut leger útrist vurre mai heafwarken en skepamers? De toan slûg ynienen óm, no vienen de minderheden gjin bespotleke romontyske dwazen mear, mar krymynelen. De kronten begónnen un hetse tsjin 'e mylytonte minderhydsgrûppen en easken stringe maatregels: ut soe no tiid vurre óm fwar oltyten mai dot soadsje ô te rekkenjen. Ut hie doch yn 'e lêste vrôdoarlog ek vól blyken dien dot de minderheden poletyk ónbetrauber vienen en massaal lônferried pleegd hienen? De poletyke yjukken fon 'e minderhydsbevegingen lieten har lykvóls net mear yntymydjerje. Harkrus, sainen se, salangt vij net | |
[pagina 393]
| |
oas dienen os heel fetsoenlek freegje óm vot rûmte yn ut iepenbiere libben fwar ús taal en kultuer, ha jim ús ferslyten fwar achterlek, dwaas, kónservatyf, net bij de tiid, romontysk, of benneg. Noot vij mai easken komme, besykje jim ut oer un oare bûûg te goaien, no binne vij misdiedegers, steatsfijonnege fygueren, lônferrieders en vot net ol. Jim sille ynsjen matte dot vij gevoane kotten binne mai deagevoane oanspraken. Jim havve mar twa menieren óm mai minderheden óm te gean. De Readhûden byldzje jim ô os moadlustege beesten, de Tyroalers os grappege seksmanyakken. De minderheden binne bij jim of misdiedeg of grappeg. Jim sille rus leare matte óm normaal mai oare kotten óm te gean. En salangt dot net bart, gónne ús aksjes tróch. De kónflikten varen te Straatsbwarg útfóchten, en dot óp himsels betsjutte ol un grutte oervinning fwar de minderheden. Ommes, yn jedder tiden hienen de steaten oltyten úthôden dot kwesjes mai minderheden ta de ynlônske saken fon 'e sûvveraine steaten jerden en net ûnder ut gesach fon ut Jeropeeske parlemint foelen. Mar noot de minderheden de vai nai Straatsbwarg ûntdutsen hienen - en dêr gehoar fûnnen fwar har vinsken - no mwasten de lônsregearingen ek vól. Se vienen ynienen noch Jeropeesker os de Jeroparlemintaryers. Se vienen doch, sainen se, maienwar óp vai nai ut Feriene Jeropa, fwar nasjonalisme en regyonalisme vie doch vinlek gjin plak mear? Ut Feriene Jeropa, dot soe un plueryfwarme maatskippij vurre vêrynt ut fon ónbelang vie ot mun Dútser of Portúgees vie. Mun vie Jeropeaan, dyt tafolleg un beskate taal prate. Vot de minderheden voenen, ut besterkjen fon 'e kultúrele ydintytijt, mear autonomy, ensafwóthinne, dot vie doch achterhelle, dot poste net mear yn ut Jeropa dot óp kómmende vai vie. Dû laken de fertsjintvuddegers fon 'e minderheden en sainen: Juster vienen vij noch krymyneel, joet bin vij ver ôdervetsk, hû sil jim ús moan útskelle? De Jeroparlemintaryers glimken minlek. Os elkenien mar selsstondeg vurre vól, vêr is don de ain? fregen de steatsôfuddegen fertwivele. Mun kin gjin kylometer raizgje of mun mat ver un oare taal prate! Dur matte ollegjer nije katen fon Jeropa printe vurre! En hûfólle lonnen mai haadstêden matte dur aansent óp skwalle leard vurre? Dot kin jim ús bên net oandwaan! Dêrmai lieten se merke dot se noch oltyten tochten óp ut nyvo fon 'e krontekómmentators. Lilk setten de steatsôfuddegen nai hûûs ta óm har mai ut aigen regear te berieden óp nije maatregels. De fertsjintvuddegers fon 'e minderheden vienen nammes ek net oer olle bûgen tefreden. Se hienen tocht dot se de slag vón hienen te Straatsbwarg, mar de | |
[pagina 394]
| |
Jeroparlemintaryers dwasten bij ainslútten doch net fjidder te gean os ut tasezen fon olle stype bij ut stribjen nai autonomy. Mar dêr soe east noch bót oer stúdjerre vurre matte, vont dur sieten un bulte hekken en oezen oan. De minderheden twóngen dû ô, dur soe un permanint oerleesorgaan bij ut Jeropeeske parlemint ynsteld vurre dêrt fertsjintvuddegers fon 'e ferskillende minderheden en Jeroparlemintaryers yn sieten. De namme fon dot orgaan vaar, ómt Straatsbwarg ollang ver un Frônske stêd vie, Organisation des Minorités Européene pour l'Europe fédérative. Oan 'e healvize namme vie ol te sjen dot dut óp strónt útdraaie mwast. Dot vie ek sa, ut bljode pielen yn 'e regyoos. |
|