De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 377]
| |
Fielen is fiisDe lêste sneons fon septimber 1943 vaar te Ljauet un lytse plechteghyd hoden bij ut reekómmen fon 'e Frieske bibel. Ut vie de lêste mannyfestaasje fon 'e Frieske beveging yn 'e oarlogsjirren. Fjidder lai ut hele selskips- en mienskipslibben óp 'e rêg. De krontsjes en bledsjes móchten net mear ferskyne, fergaderingen varen net mear hoden. Un stikmonnech bevegers vienen aktyf yn ut ferset, un stik of vot oaren hontlangen de Dútsers en ut grutte gros hope óp better tiden. Harrem hie dur heal en heal oer prakkesjerre óm nai Ljauet ta. Hij hie Vypke noch vólrus te vud vóllen, mar hû greot vie de kôns dot dy dêr kaam? En fjidder soe ur grif gjin kunde moete, de lju dyt ur tróffen hie óp 'e boeregearkómsten gyngen net nai san deftege bijienkómst. Nammes, de minsken dyt ol fwar de oarlog de kônt fon 'e Dútsers keazen hienen, varen vot langer vot mear skaudere en dy hienen har aigen klupkes. Och, vot soe ur bevege, hij koe dy bibel skielek yn Fervet vól keapje os ur him havve voe. Hij koste fjauer gûnne en un kwatsje, hie yn 'e kronte stien. Yn 'e lêste trije mwannen fon ut ier vie ut ollegjerre drókte en ópskwór yn en óm Fervet. Skwaljónges ut Marem en Nijtsjerk fûnnen mids oktober bwóttendyk un soate fon bus dêrt se net fon visten vot ut vie. Se sleepten de bus mai nai Marem en bij ut bwótterfebryk soe ien fon dy jónges mai syn ôdere broer en de masynist fon ut febryk ut ding útenwar helje. Ut óntplófte en olle trije rekken se dea. Ut hie grif un soate fon fleanmesynebóm vest. Un vyke letter dienen de pûpen un ynfol yn un skwórre yn 'e Hôlemerhûkke. Underdûkkers dyt har nócht hienen fon ut ópsletten sitten yn hoalen en hennen en oan un fersetsje ta vienen, hienen dêr un doansfeest organysjerre. Lyts tryteg jóngkearels varen óppakt en nai Ljauet brocht. Dur vaar grútte dot se ferklapt vienen, mar dot hûgde net vier te vêzen. Se hienen safólle spul en drókte útjûn dot de pûpen har fon fjirren vól heare koenen. Ver un daimonnech letter vaar dur óp ut Vôd un delkómmen fleanmesyne óntdutsen, de deade pyloat siet dur noch yn. De twadde fon novimber hôden de pûpen un razzia yn Fervet en | |
[pagina 378]
| |
ómkryten. Gwódden fon 'e óppakte persoanen kamen jest nai de befrijing ver tús. Heal novimber vaar de vichtegste fersetsmon fon Fervet, dyt him benammen mai ut ûnderdûkvurk dwaande hôden hie, yn 'e nacht tróch de pûpen fon ut bêd helle. East fierden se him nai Vught en dêrvai nai Dútsklôn, dêrt ur ain '44 stoar. Dyselde naks varen dur noch mear jóngkearels arresteard - dur vie grif ferried yn 't spul. 11 desimber stwatte dur bwóttendyks un Amerykaanske bómmesmyter del. Fiif mon spróngen durút, mar trije oerlibben ut net. De oare baide varen tróch de pûpen nai ut sikehûûs yn Ljauet brocht. Twa dagen letter varen de deaden óp ut Ferveter hôf beïedege. Ol sókke fwarfôlen jûgen stof ta petear en prakkesaasjes. Ta noeden benammen. De oarlog vie yn dusse kóntraien fjiddelier ôd en de besetting vaar ol nearder. Naks droanden de swiere Ingelske en Amerykaanske fleanmesynen oer en smieten har lêst oan bómmen del óp 'e Dútske febryken en stêden. Ut Dútske fólk kryge syn trekken tús, dot vie dúdlek. Yn ut easten slûggen de Russen sónt de vinter fon '41-'42 fûûl veróm. Yn 'e simmer fon '42 hienen de pûpen noch un offensyf óntvikkelje kinnen, mar yn 'e vinter rónnen se fêst bij Stalingrad en sónt vienen de Russen oan 'e vinnende hôn. Inkeld hienen de pûpen noch un súkseske, un monnech kylometers grûn dyt se un pear dagen behôre koenen, mar don varen se ver ainen achterút slain. Hitler vie hûndettûzenen sóldaten kwytrekke tróchdot ur se ferbean hie veróm te tsjen. Mai ol har matryaal foelen se yn nonnen fon 'e Russen. De pûpen krygen gebrek oan tanks, fleanmesynen, besyne en minsken, vylst de Russyske oarlogsproduksje goed óp góng kaam. Ut vie sa vis os de bank: ienrus soe de Rus yn Berlyn stean en de hele naziklyk útrûûgje. Mar hû lang soe dot noch dwórje? En don vjinnen se ek noch lang net oan Fryslôn ta. Ytaalje hie ol kappytúljerre, heal Ytaalje vie tróch de allyeaden beset. Mar de Dútsers hienen de ferdigening fon ut noaden fon Ytaalje óp har nómmen en dy lieten har sa licht net ferdrjowe. Ut vie vól vis, út ut vesten vai soe de befrijing kómme matte. Dur vaar ol salang praat oer un ynfaazje óp 'e plotte stronnen fon Nederlôn, Belgye of Frankryk. Mar de raid óp Dieppe vie óp un slachting útrón. De Dútsers skilderen har Atlantikwall os ónnimber ô, en gwódden út Fryslôn dyt dêr oan arbaidzje matten hienen, kamen veróm mai ferhalen oer de geveldege bunkerkómpleksen mai kanónnen en de rigen ópstakels óp ut strôn dêrt de ynfaazjeskippen óp stikken stjitte mwasten. Soenen de befrijers ea foet oan lôn sette yn ut vesten fon Jeropa of vie dot un ónmoogleke saak? Ut libben gyng syn góng sa goed en sa kwea os ut voe. De | |
[pagina 379]
| |
ónfrijheid liet him óp elk terain merkbyte. Sónder pepieren koe mun de strjitte net mear oer, sónder disterbúsjestamkaat en bónnen koe mun neat keapje. De produksje mwast oanpost vurre oan 'e belangen fon 'e Dútsers, en jilde dot fonsels ut dúdlekst fwar de yndestry, ek ut boerebedrjo mwast synes bijdrage ta de Dútske oarlogsekonomy. Boeren krygen lêst óm graide te skwórren en dur baulôn fon te maitsjen, ek ol vie de grûn dêr óngeskikt ta. Dur mwast kwalsied baud vurre. Vaat neffens ut oardeel fon 'e Dútsers net perfwast nedeg vie yn febryk of bedrjo, mwast nai Dútsklôn te arbaidzjen of mwast helpe bij ut bauen fon ferdigeningsvurken. Monnechien dûûk ûnder en dot late ver ta razzias. Ut vie saak net tefólle te vitten en te sjen en juns mwólle te hôren oer vot mun vist. De sóldaten fon 'e post te Marem makken de hele streek fon Hôlem oant Blije ónfaileg, fwar ferset vie amper mooglekhyd. Dêrbij kamen de swirregheden óm genôch yn en óm 'e lea te krijen. Mai yten en drinken skarrele ut oas vól, óp ut plottelôn hie elk vól un tûntsje mai vot rjappels en grjinte. Bwótter koe mun sels maitsje, fon sûkkerbyten koe mun sjerp siere. Mar de lúksere artykels begónnen krap te vurren. Kófje en tee vienen amper noch te krijen. Mun drónk surrogaat. Vaat ut smoken net litte koe vie oanviisd óp aigenbau. Echte sepe vie dur net mear en sadwaande kryge ut óngedierte un kôns. Klómpen en skwón varen olmaroan óplape. Montels en Jossen varen keard en út ôd gwód vaar nij makke. Hondege timmerlju makken vielen en frôlje en grutjónges learden dêr óp te spinnen. Fwar ut sinken oarlogsjild vie lang net olles te besetten, mar mai un reaf jên of un pûn bwótter koe mun noch vólrus vot óp 'e kop tikje. Hondege jónges bauden dy roalhonnel út ta un vinstjaand bedrjo, de swatte honnel. Ut vie ferbean, mar mun koe dur gaud mai fertsjinje. De Módderklauers klauden tróch yn 'e taaie grûn. Têke hie fon 'e Ferveter dokter un ferkljerring krygen dot ur net mear arbaidzje koe. Dokter Smit vie oas gjin sêfte heelmaster, mar hij hie de pest oan 'e pûpen en vot ur de Arbeitseinsatz fwar de bek vaisnaaie koe, dot die ur. Sa vie en bljode Harrem ónmisber óp ut bedrjo. Se hienen fon 't ier un nije frucht, tebak. Harrem tocht dêr un vónderleken slag mai te slaan. Hij vie dur ómtrint olle dagen hinne óm te vjoeren, mar benammen óm de plonten vaaksen te sjen. De blêden vienen os ytensponnen en noch grutter. Dot soe un geveldege risping jaan. Yn 'e skwórre en ut bwóthús mwast de boel druie, en don nai Grins óm sauzje te litten. Hij hie dur gjin ydee fon hûfólle pûnnen tebak ur óm ende bij túskrije soe, mar hij rekkene óp un heel soad | |
[pagina 380]
| |
en yn gedachten sêg ur de steapels jild ol óp 'e keamerstafel lezen. Ut soe grif un heel kervai vurre óm dy blêden stik fwar stik los te snijen en oan un tried te rjowen, mar ut vie Harrem syn aad net óm him ol te fólle swargen te maitsjen. Ut rjowen koe hait skoan dwaan, dot vie sittend vurk en bijneed hólp mem mai. De oare fruchten easken fon 't ier net ol te fólle hontrekken. Hij hie kwalsied baud en dêr vie de mesyne goed fwar, en fjidders un knwarre byten. Dy mwasten dóld en tape en don nai de Burmonjefeat riden vurre. Rjappels hienen se net ol te fólle, rjappelsykjen hie Harrem twinteg ier lyn syn nócht ol fon krygen. Vot se sels net noareg hienen voe ur oan partykúlieren ferkeapje, dot smiet saks mear óp os bij de rjappelkeapmon. Harrem syn ferkearing vie út. Dot hie ur oan dy frekte maaiestaking te tankjen, dêr hienen se vudden óm hôn, hij en Elske har hait. Ut vie nammes ol hast un mwanne letter. Hû en vot dot nochrus te praat kómmen vie, dot vist ur ollang n't mear. Mar hij hie sain, sóks vie sa goed, sa kwea. De Dútsers tsjin jun yn 't harnos jaaie vie ónferstondeg, en don de molke yn 'e sleat dónderje, dot stie him os boer en os kristen tsjin. Dû vie Bauma duvels vurren en hij hie dur oan ta vest Harrem de doar te vizen, mar óm syn dochter hie ur ut litten. Dyselde jûûns dût se tegjerre sieten hie Elske sain dot se gjin areghyd mear oan 'e ferkearing hie en dot se dur mar un punt achter sette mwasten. En sa vie dot dus ta un ain kómmen. Hij vist net vudlek mear vot Bauma ollegjer sain hie, ut kaam dur óp del, mun koe jun net olles fon 'e pûpen vólgefóle litte, mun mwast un kear seze fon ho en net fjidder. Don mwast mun ut gaadlekste middel oangrype dot mun hie, en dot hie staken vest. Oas koenen se neat, vapens hienen se net. En vot dy molke oanbelange, better yn 'e sleat os yn pûpemagen. De bwótter en de tsiis gyngen ómmes ollegjer nai Mófryka. Sókssavot hie ur sain, mar viidvaideger en mai ómhaal fon vudden. De mon hie poerlilk vest. Ut hie Harrem nammes fon ut begjin ô vól dúdlek vest: Bauma fûn him neat fwar syn dochter, him, un genierssoan óp un útrûppele spultsje dêrt amper fwar ien húshôring brea yn siet. Os ur mar un graue boeresoan vest hie, don hie de ôdehear vól skikleker vest. Om Elske koe ut him oas net fólle skele. San tóntsje nóm mun óm dur un tóntsje óp ta te krijen. Ut fanke vie net ferkead, mar dur siet net fólle yn. Nai un ier hie se ol tastien dot ur har oan 'e lea kaam, mar ut vie ollegjerre sa ónbidege grau. Skauders, bóppejerrems en bwasten, olles siet strak yn 'e truikes, ynrige os rolladen, mun vist amper vot mun fêsthôde. Fon ûnderen hie se him syn góng gean | |
[pagina 381]
| |
litten, dur vie doch gjin gefaar bij dot ur de prûm bedjippe. De twa dyken fon billen en de vôl fon har liif dyt dêr dwas fwar lôns lai, kearden elke oanfol. Ut ylestyk fon 'e brûk siet har krekt bóppe de knibbels, vaisnijd yn ut vêke, bleke flais. Hij vie fon 't jest trijentwinteg vurren en ver, of noch, frijfaint. Sóms vie dur ol un faag gefoel dot ur net helendol fon ut libben makke vot him fwarstien hie, earen bij Vypke. Dû hie ur grutte plonnen hôn fwar os ur ver yn 't Klaailôn vêze soe, hij soe boer vurre. En ek óp ut maatskipleke flak hie ur himsels un rol tabedeeld. Syn jirren óp 'e jóngelingsferiening te Vómmels, syn krontsjen, syn raizgjen nai boeregearkómsten, syn belidenisdwaan yn 'e tsjerke, dot ollegjerre hie him ree maitsje matten fwar un rol yn ut iepenbiere libben. Hij soe un mon fon kwyzekwônsje vurre, un mon dêrt nai harke en mai rekkene vaar, sa hie ur him fwarsteld. Hij hie un viif sykje sillen en un húshôring ópsette. Fon dot ollegjerre vie neat óp 'e hispel kómmen. Treddelier lyn vie ur ver túskómmen, bij Vypkeen-dys vai, ut swatte pak yn 'e kóffer en de hoed óp 'e hólle. Dy hoed drûûg ur nóit mear, tsjintvurreg hie ur ek snains un pet óp 'e hólle, os un needreg mon. Dwast ur ut net oan, fielde ur him yn syn het doch tefólle Módderklauer óm de kop óp te stekken en sjen te litten vaat ur vie? Bij Vypke hie ur him frij field, Vypke hie him oantrúnne en oanpwónne. Dû hie ur him net skamme óm fwar ut bwódsje te stean en syn sprek te sprekken. Mar jir yn Fervet, bij ut kôdgnyskjende fólk sónk him de moed yn 'e klómpen. Un Módderklauer út ut Klaailôn, vot soe dy har leare? Hait vjirre ut yn safier mai dot ur no ien de skuld jaan koe fon syn misljerjen os genier: ut vjinnen de pûpen, dyt har olles óntnaderen en har ferplichten óm ónnutte dingen te bauen en dy fwar slyterspriis te ferkeapjen. Vot bedijde mun, fergeemje noch ta! Fwar de oarlog hie mun noch un pear sinten maitsje kinnen, mar no? Harrem lai dur neat tsjin yn, ut hie gjin doel. Mem vie vakker stil, se klage dur no en don oer dot Saepke hast nea mear op 'e pôle kaem. Neffens har sezen hie se it bannich yn 'e pastory, mar dot koe doch ynienen sa net feroare vêze? En Richtsje bljode no olle vyken vól ien of mear nachten yn Fervet te sliepen ómt se don maihelpe mwast yn 'e bakkerij en os se har sin krige, don gie se de hûûs helendol út. Eelkje hie dot oant no ta keard, se hie nai de bakkerinne vest te plaitsjen dot se har ut fanke noch net helendol ônimme mwast. Mar fon 't jest hie se swarg, os de dagen kwatten, don soe Richtsje har sin vól tróchsette. Echt noed óm 'e famkes hie se net, Saepke wie de evenredichheid sels en Richtsje dêr soe de bakkerinne | |
[pagina 382]
| |
vól óp tasjen dot dy har net oan jónges tebwótten gyng. Mar se vie ónvenneg, de famkes vienen har olles, en no siet se dai út dai yn mai dy twa ónbrûkseme kearels yn ut ienseme Klaailôn. Os Richtsje tús vie, och vot hie se dêr noch oan, ut bên vie Ferveter óp en út vurren, oas os Fervet bestie net mear. Stiiffól ferhalen oer lju dêrt Eelkje nea fon heard hie. Harrem besocht syn aigen góng te gean, mar ómt him net krekt fwar êgen stie vot syn góng vêze mwast, flittere ur mar vot óm. Ut vurk kryge un slinger en un slag en don de kónt mar ver óp 'e fyts. Hait mwast him dur fjidder mar mai rêde. Even un loopke nai Fervet, even bwóttendyk sjen, of nai Marem, sjen ot Bogdan bij hónk vie, dy hie noch vólrus goede sygretten. En hij voe nammes ek goede freonen mai de Dútsers bij owe. Se makken ol mear jacht óp jóngebazen fwar de Arbeitseinsatz en de mooglekhyd bestie dot se net ljowe voenen dot hait neat mear koe. Sónt un watsje kaam ur ek vól verrus yn 'e Hôlemerhûkke. Net óm syn ómke en mwóike, ol vienen dy vakker freonlek, mar óm ut famke dot ur yn 'e koken oer ut mod kómmen vie. Hij vie tróch skwórre en bwóthus strúnd ómt ur tocht hie ómke dêr te treffen en dût dy neane te fynen vie, vie ur de fwarain yngien óm mwóike te sykjen. Dû sêg ur dêr ynienen un famke stean bij de kraan. Ut lange hier vie roetswat en se hie ollinnech un himd en un ûnderbrûkje oan. Se mwast de doar net heard ha, faaks tróchdot se de kraan sa fûûl rinne liet en drók dwaande vie ut gesicht te himmeljen. Harrem bljode stôkstiif stean, san lyts ûnderbrûkje hie ur nea sjoen dot un famke drûûg. De frôlje bij har hienen oltyt fon dy grutte dingen oant jelvy de knibbels. Bij dut famke lai de boel fwar ut grypen. Ut vie grif un stedsfamke dot se sa klaaid vie. Un Joadin! skeat tróch him hinne, hij hie noch nóit ien sjoen. Dû brimde ur en ut famke kearde har óm. Se sêg kjel en rôp: ‘Wat wilt u van me!’ Núvere fraag, hij socht mwóike Hinke, sai ur. Ut himdsje en brûkje vienen ferslyten, foel him óp. De lytse, stevege bwastkes pjukten dur hast tróchhinne en ut brûkje królle ut swatte hier út vai. Hij mwast himsels twinge dur net langer nai te sjen en nai de keamer te gean dêrt mwóike vie, neffens ut famke. Achter un pontsje tee bij mwóike koe ur syn ferbjustering amper baas vurre. San brûkje, en sókke bwasten! Hij hie oas nea vot yn 'e honnen hôn os fon dy fwarremleaze pwódden, grau of plot, mar oltyt fwarremleas. Jaren, lykos un ko se hie, sloppe, bóngeljende jaren, syn suske Richt hie ek sókke pwódden. Mar dut famke hie bwasten! Mwóike lai him hud óp óm te swijen oer vot ur sjoen hie! Ut vjinnen ûnderdûkkers, dot hie ur vól begrepen fonsels, | |
[pagina 383]
| |
dur vie noch un lytser famke en don de mem. Se vienen út Amsterdam vai flechte. Dût de pûpen jir lêsten yn 'e Hôlemerhûkke dy jóngkearels út 'e skwórre helle hienen, hienen ómke en mwóike deadseangsten útstien, mar olles vie goedgien. Nimmen vist dur grif fon, en dot mwast sa bljowe. No, Harrem vie sa ticht os un poat, fon him soe gjin mins vot viisvurre! Mar ut byld fon dot famke koe ur net kwyt vurre, sat se vot fwaroerbûûgd bij de kraan stien hie en har kóntsje hinne en ver vybele bij ut voskjen fon ut gesicht. Binnen fjitjen dagen vie ur ol ver yn 'e Hôlemerhûkke, en dû slagge ut him ut famke ollinnech te treffen yn 'e hoale achter de striepakken. Se mwast fwaroerlynje oer un striepak en de rôk mwast ómheeg en Harrem mwast har betaaste. De hudde stútten en de lytse, stive bwastkes mai de spien dyt hud en greot vaar tusken syn fingers en de kroltsjes dyt ta ut brûkje út kamen en bij dot ferslytene brûkje mwast ur yn en ut naadsje fiele. En dû drukte Harrem de swiere mesjesteren brûk stiif tsjin dot heane kóntsje oan en skokte un pear kear nai. Hij makke him fon har frij en ut famke liet de rôk fôle en kearde har óm en sêg him fervytend oan. Mar Harrem sai: ‘Als je wat tegen oom lede zegt, dan verklap ik jou!’ Fielen vie fiis, sainen se os jónges oltyten. Mar fysfielen vie fijn, kaam dur don steefêst achteroan. Harrem koe net ferjitte vot ur field en sjoen hie, dot healnêkene fanke mai har stevege bwasten, har hudde króltsjes. Jûûns óp bêd hie ur har nêken fwar him. Don stienen har bwasten rjócht nai foaren en ut lange, swatte hier hóng oer jerrems en skauders. Don siet se óp him en ried him en sûûgde mai har prûm oan syn kul. Joadinnen, hie ur vólrus heard, dêr hûgde mun os mon neat bij te dwaan, dêr koe mun mar stil vot bij lezen gean, dy dienen ut vurk vól. Hij stelde him foar dot se him ut spul ta de brûk úthelle en dur mai ómnyfele en don yn har hyt liif trjode. Gaurus makke ur himsels don sa oerol dot ur ut kwyt mwast yn 'e bwósdûk en don fielde ut os klapte de mage him tsjin 'e rêgbónke. Ut kwalsied hienen se net fólle drókte fon hôn, ek net fólle fwar bard nammes. De byten hienen de ôd mon en hij dóld en nai de Burmonjefeat beolege, dêrt se yn 't skip kroade vienen. Têke hie vakker stind en beard, mar hij hie de ôd kearel net mijd. De hele simmer hie ur flinterknipt en fon 't vinter koe ur ver óp 'e loaie hûûd sitte. Ut útrekkenjen fon ut gevicht fon 'e byten barde lykos oltyten tróch ut mjitten fon 'e djipte fon ut skip yn ut vetter, en hait hie dêr nóit klachten oer hôn. Mar no hienen se har bij de poat hôn, neffens Harrem, vot hienen se net nai de feat takarke? Ut iene | |
[pagina 384]
| |
vainfól nai ut oare ómmes! Se vienen bedóndere, net oas, dur mankjerre vól un fyftepat oan. Mar diig dur marrus vot oan! Sókke lju hienen ómmes oltyten gelyk. En mun koe neat bevize, ut skip vie ollang yn Grins. De tebak vaar un rare ôfolder. Ut vie Harrem syn aigen stómme skuld, hij vie dur telet mai begón. Yn septimber, dût ut vaar knap vie, drûg en un bulte sinne, dû hie ur de boel ynhelje matten. Mar hij liet de tiid ferstryke. Se koenen noch bêst vot vaakse, sai ur, en hij dólde vot rjappels en besocht dêr yn Fervet en Marem un monnech bakfól fon te slyten. Fon hondel koe mun ryk vurre, net fon beolegjen. Hij hie noch mar un pat fon 'e blêden ynhelle dût se mai de byten te set mwasten. Dy mwasten fon ut lôn ô jert de rainege ryte kaam. Se hienen ut ol sa faak belibbe dot de vain yn 'e dridze sakke en net mear os healfól lûge vurre koe. Ut grutste pat fon 'e tebak mwast ur ain oktober noch rispje. En dû vie ut sútreg vaar. Harrem nukte de vainfóllen blêden yn 'e skwórre en Têke rige se oan kramtried en hóng se óp. Mar ut bwóthús vie ringen sa fól dot mun de solder net mear sjen koe. Vot oer vie, mwast don mar yn 'e skwórre óphóngen vurre en óp 'e keamerssolder koenen se ek un moai knwarre kwyt. De varemte fon 'e koweliven koe de blêden net drûgstoke, mar sette un oar proses yn góng: skimmel. Nai un pear dagen stónk ut dur sa ôgryslek dot de syken jun besetten en Têke hie swarg dot de kij fon benaudens stjerre soenen os jir gjin feroaring kaam. Hûvólt ur oas de jónge meastol baas liet, griep ur no yn: dy blêdeboel durút en de rútten óp, voe ur de kij duroan vêgje? Harrem tochte east noch dot de blêden bij de keamerskachel drûge vurre koenen, mar dot kearde Eelkje. Nammes, dur vie gjin rêdensain oan, olle blêden vienen oantaast tróch skimmel. De blêden dyt yn 'e skwórre hóngen, drûggen Harrem lang net hud genôch. Ut siigde dêr oas genôch, dêr koe ut net oan leze. Olle dagen nóm ur de tastôn óp en hij voe se vól drûg sjèn. Mar se bekamen net en ferkleoren net, se bljowen grien en klam en óp un stuit begónnen se fon ut kramtried ô te fôlen, ferrotte en fergien. Vot óp solder hóng, bljode behôden en dot lieten se yn Grins sauzje en snije. De kwalytijt vie sadaneg dot se dur ollinnech pyptebak fon maitsje koenen en dot hienen se don ek mar dien. Têke en Harrem paften dur ut hele ier '44 braaf fon, en Harrem ferkocht ek un monnech pûnnen. De kosten fon ut sied kryge ur dur rojaal ver út, de kosten dyt ur yn Grins makke hie net earlek en fwar ut vurk barden se neat. Mar olles mwast leare, neffens Harrem, ut oare iers soenen se ut better oanpakke. Dy hele jest en vinter tróch plêge him ut Joadintsje, hij hie nea sa | |
[pagina 385]
| |
hyt óp un frómmes vest. Hij dwast net oates en toates nai de Hôlemerhûkke te fytsen, dot soe ómke en mwóike erchtinkend maitsje. Hij kaam dur ómmes oas yn un jelier sóms net. Mar dur vie vólrus un ding dot mun liene of verómbringe mwast en sa slagge ut him dochs út en tróch óm mai un oannimlek bwadskip bij ómke Iede te kómmen. Ut famke sêg ur net olle kearen, en sóms vie har mem dur bij, un taneg minske mai fûle, swatte êgen, un ôd rûk, dyt him net un momint út ut êg ferlear. Mar ienkear yn dy hele vinter slagge ur nochrus ta syn doel, ol mwast ut hud en hasteg, vont ómke skarrele yn ut teskhús óm en dy soe óm him sykje os ur net bij him kaam. Hij beknypte en betûmke ut famke toasteg, die har ut brûkje del en vrótte mai syn baide graue knûsten tusken har billen. Hij twóng har óm syn kul beet te hôren en dû liet ur ut sop oer har kónt en brûkje spotte. Se gûûlde, sêg ur, en ut begrutte him doch. Mai un toppe strie fage ur har de gaileghyd fon 'e kónt en hólp har de brûk ómheeg. ‘Niks segge, hè,’ sai ur en pykte út. Vêrt ur sa lang bleon vie, voe ómme Iede vitte. O, mwóike hie noch vot te bestellen. Naks óp bêd dreamde ur durfon dot ur de kul yn har stiek, mar hij twivele dur tagelyk oan ot ur dot dwarre soe. Vinlek griisde ur durfon óm ut mai un Joadin te dwaan. Ut vie un oar ros, mun koe dur vól un frjemde sykte bij óprinne. Dur vaar net óm 'e nócht fwar dy lju vaskôge. Se stienen dur óm bekend dot se kristenminsken yn ut óngelók stwatten os se de kôns krygen. Ut hie him vól even begrutte óm ut fanke, dot se stie te lypen, mar oan 'e oare kônt, ut vie un Joadin en dêr hûgde mun net tefólle moederaasje mai te havven. Os se har de bek mar hood tsjin ómme Iede. Meskjin mwast ur har de oare kear vot jild jaan, don soe se vól swije. Mar hij kryge de kôns nea ver, ómke en mwóike lieten him net un momint ollinnech yn 'e skwórre. Hienen se doch vot yn 'e rekken, of hie dy lellebel praat? |
|