De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdUt parredys oan ut LjimmenpaadUt vie yn 'e maityd fon 1951 dot Tilly-en-dys húshôring nai ut Ljimmenpaad ferhúzze. Se kamen yn ut hûûs dêrt ôde Sybrichje útstoan vie. Ut Ljimmenpaad vie un hûndetfyfteg meter lang paad oan 'e eastrône fon 'e terp. Ut rón fon ut Gosthús dot oan 'e Haven stie rjóchting de smitte fon Sjirksma, dêrt ver vot strjitsjes begónnen. Fon ut Gosthús ô hie mun east túntsjes, dyt fwar de Kolbank lôns rónnen, don un grutte blikke en don kamen dur twa dûbbele gemeenteventen. Om 'e hûkke, oan 'e Looxmastrjitte, stienen noch un steal fon dy gemeenteventen. Ut Ljimmenpaad vie net mear fon liem, ut vie un klinketstrjitsje fon un lytse meter breed. Ut sil syn namme krygen ha ómt dêre yndied de klaaigrûn begón, de baide dûbbele venten stienen vot heger, óp 'e rône fon 'e terp, óp vot yndertiid ut Od Hôf neamd vaar. Moaie, swatte túngrûn vie ut dêre. Oan 'e oare | |
[pagina 369]
| |
kônt ut Ljimmenpaad begón ut frije fjild. East un stik graide, dot destiids fon Gerryt Segers vie. Dêrachter un stik baulôn. Op 'e lófterain dêrfon, oan 'e Ferveterfeat, vie ut skytfebryk, sat de jónges ut neamden. Dêr vie de jiskebult en de stróntkólk. Rjóks vie de efterkônt fon un streekje húzzen, east ferver Brônsma, don vinkelmon Têke de Haas en don noch twa geniersbedrjokes, east ver un Brônsma en don Sibe Bos. Don kaam de heuvel mai ut stasjón, en oer ut spoar hinne sêg mun ut apelhôf fon Vytse Anema. Dût Tilly-en-dy dêr kamen te vainjen, rón dur skriktried fwar de graide lôns, dot vie dû vot nijs, dêrt minsken en bisten oan venne mwasten. De kij rónnen lyk fwar de glêzen. ‘Liemkepad’ hiet ut offysjeel, un healbetearde oersetting fan ‘Ljimkepaad’, sat ek vól sain vaar. Un oersetting typjerjend fwar ut nyvo fon 'e hollônske yntellyginsje. Yn Frjentsjer hat mun ‘Bloemketerp’. Dot ut lytse Frieske fólk him yn 'e rin fon 'e ywen de fijonnen net fon 'e beoleg hôre kinnen hat en tróch un oar, grutter fólk oerheaske vurre mwast, dot mat mun don mar os un histoaryske needsaak akseptjerje, vont sa is ut rûnóm yn 'e vrôd gien. Mar dot ut krekt dy stúpyde hollonners vêze mwasten, dot is tragysk. Ode Sybrichje, dyt dêr venne, vie un bekend figuer ómt se oltyt prachtege blómmen fwar de glêzen hie. Dot vie har lust en har libben. Os se bij oare lju twarre, útdrûge plonten fwar ut rút sêg, sai se: ‘Jo blómmen ston te razen yn 't finsterbank!’ Dût Sybrichje stoar en har vent frijkaam, mat Tilly syn hait fwótendaleks nai ut gemeentehûûs gien vêze. En se hienen gelók, se krygen de vent. Dot kampearen yn 'e jist hat de venningkemisje grif oangriisd. Ut ferhúzjen kin Tilly him neat mear fon yn 't sin bringe, ek net ut easte sitten yn 'e keamer, en ut easte sliepen óp un echt kjemmerke. Vól vit ur noch dot dur un spreuk oan 'e mwórre hóngen vaar: ‘De beage is fan ús nekke nommen, Godlof, wy binne gjin slaven mear.’ Vól vot teätraal meskjin, mar de blydskip fon dusse minsken koe gjin grinzen. Se hienen ainleken un plak fûn dêrt se har libbenlang bljowe koenen, gjin boer soe har ea ver fon 't stee rêgje. Tilly vit ek noch dot ut brief vêryn't de gemeente de vent taviisde yn 'e klok ópburgen vaar. Dêr mat ur jirren bevarre bleon vêze, mai oare tige vichtege pepieren, lykos trau- en raukaarten en útknipte rauatfertinsjes. Mar dût Tilly-en-dy ut ôdershûûs óprómmen, vie ut brief fwót. De klok hat óm 1980 hinne nai de klokmakker yn Blije vest, faaks binne de pepieren dur dû vól úthelle. Ut vie fwar nijervetske begrypen un skytereg húske fwar sais minsken, mar dû vie ut rojaal. Under vie sliepplak fwar twa per- | |
[pagina 370]
| |
soanen yn ut alkoofke, en bóppe vienen twa kjemmerkes, un lytsen mai ien twapersoansbêd en un grutteren mai twa twapersoansbêden. Offysjeel jerden dur yn elk hûûs trije ledykonten te vêzen, mar dût Tilly-en-dy dêr kamen vienen olle ledykonten dur net mear. Dur vennen yn 'e gemeenteventen oan 'e Looxmastrjitte ek tige grutte húshôringen, en dêr vienen de ledykonten oan ferjûn - Sybrichje hie oan ien genôch hôn. Ut keukentsje vie un krûpyn. Tilly vit net mear hût ut dur yn 1951 krekt útsêg, dur mat un kraan vest havve fwar vetter, mar gjin oanrjócht, en un plak fwar un ytensierderskachel. Bwóttendoar óp ut strjitsje vie un hauten spielplak fwar pwatten en ponnen, dêr mwasten twa húshôringen gebrûk fon maitsje. Os ut viet vie, vie ut sa glêd os snotte. Ut húske vie yn 't hok, freeds - mient Tilly - vaar ut tóntsje lege. De mônlje pissen achter ut hok dêrt Tilly syn hait un plankje timmere hie. Sókssavot hienen olle lju dêre, os de mônlje ek óp ut húske pissen, vie ut tóntsje fjistegau fól. Fwar naks hie mun un poat, hait en mem ien en de bên ien. Dy fon 'e bên vie mwaans oerrinnende fól. Mun mwast naks bij tsjuster oltyten fersichteg oer de solder taaste óm him net óm te stjitten. Bij Tilly syn ómke Pyter en mwóike Jontsje is dot un kear bard. De mige rón tróch de naden tusken de planken en yn ut boad dêrûnder kaam un grutte bwólle. Dû is mwóike Jontsje óp un stoel stean gien en hat mei un priem un got yn ut boad stutsen en mai un ammerke de mige óphaind. Mar de pwódde bljode yn ut boad sitten. Ut vie fon dot Sweedske boad, sais streep tsjûk en vot hudder os ut lettere sachtboad. De pispoat hie mun oltyt stómme grappen mai. ‘Malchus’ neamde Tilly syn hait him, ómt ur mar ien ear hie. Ienrus óp un jûntyd hearde ien fon 'e húshôring bwórfrau har soan vaskôgjen: ‘Hotse, tink óm 'e pot, dy stiet dêr vot noedlek!’ Gnize fonsels, en ut meast noch óm dy bryke útspraak, vont ut vie fonsels yn goed Friesk ‘Watse’, en ‘poat’ en ‘stjit’ en ‘nwódlek’. Ja, ut vie ûsa gehoareg, óp 'e trep en 'e oerloop koe mun enwar ferstean. Mar privacy vie dû noch net san fûûlbegearde saak os notiids, mun hie masale rainvettersbakken en spielplakken en stegen en rjóchten fon reed en mun rón samar bij un oar oan 'e keamerstafel ta os mun bwadskip hie. Ut vie ek helendol net ónfetsoenlek óm jun mai oarmons bên of saken te bemwóien. Sónt maaie 1950 venne de húshôring ver yn 'e bwórren. Tilly syn hait hie mai olderheljen 1949 dien krygen fon 'e boer ómt se ut net iens vurre koenen oer ut begjin en de ain fon 'e vurktiden. Neffens de boer begón en ainege dy tiid óp 'e pleats, neffens Tilly syn hait tús: yn Fervet en ómkryten raizge mun yn 'e boer syn tiid. Ferhúzje | |
[pagina 371]
| |
dus mar ver, en oar vurk sykje. Vurk slagge ridlek gau, mar un hûûs fûnnen se net, en ómt se net nai Hegebaintem voenen, frege Tilly syn hait frau Lyklama oft se ynjesten yn har bwóthúske en jist byvakeare móchten. Hij kryge tastimming, se vienen fon 'e selde tsjerke, dot sil vól skeeld ha. Ut vie behelpen, mar elkenien vie bliid ver yn 'e bwórren te vêzen. Tilly syn ôdste broer hie un ier jedder ol vurk fûn bij Harry Koopmans, Tilly syn hait begón de maityds fon '50 bij Eabele Wiersma oan 'e Flapbrêge en Tilly syn suster fûn vurk bij de frau fon smid Sjirksma, en dêrnaist hie se noch un pear lytse tsjinsten. Tilly syn twadôdste broer helle ut múlodyploma en gyng yn 'e naisimmer fon '50 nai de Dokkemer kweek. Dot vie frau Lyklama min nai ut sin, har aigen dochter gyng nai Ljauet, nai de herfwarme kweekskwalle Mariënburg, en dy yn Dokkem vie griffemead. Mar Dokkem vie, os mun oer de Flieterpen raizge, tretjen kylometer, en Ljauet sontjen, en ut mwast ollegjer befytst vurre. Tilly siet yn 'e sekste klos fon 'e herfwarme skwalle, hij venne dur no noch tichterbij os dût se oan 'e Achterdyk sieten. Yn april '51 yn 'e selde snwórje dot se nai ut Ljimmenpaad ferhúzzen, gyng Tilly nai de múlo. Dû begón de lókkegste tiid fon Tilly syn libben. Tilly begón oer syn gefoelens fon iensemhyd hinne te grûien dyt him grif fon syn fyfte ier ô plêge hienen. Dy fjauer ier bwóttenút hienen vinlek net goed fwar him vest. Dût ur óp skwalle kaam, hie ur ta syn benijing óntdutsen dot dur mear bên fon syn jirren yn Fervet vennen. Tsjin syn neef Villem Vriesema hie ur dû sain: ‘Ik hie vól vóllen dot ik jedder vitten hie dotsto dur viest.’ Tilly hie nammentlek net óp 'e bevaarskwalle vest. Tilly syn twadôdste broer mwast olle mwannen moatsjend tróch ut Papmasteechje sleept vurre nai juffrau Aukje - ‘juffrau auto’ sainen de bên - ta, en dêr hie Tilly syn mem net nochrus sin oan. Dot sadwaande. Noch twa oare neven oan memmekônt kaam ur mai yn 'e kunde óp skwalle, mar dy vienen un ier ôder en ut dwórre vól un ier of fiif fwart dot ferskil yn ôdens oersljóchte vurre koe. Oan 'e Albadaloane vie Tilly ver faak ollinnech. Hij bwatte vól mai ut boereswantsje, mar dy vie fon heger stôn en gyng bóppedot nai de staatsskwalle, dot helendol aigen vaar ur dêr nóit mai. Sneons kamen dur vólrus skwalmaten fon Tilly te bwatsjen en hij bljode ek vólrus un middy yn 'e bwórren, mar echte freonskippen hie ur net. Dût se ver yn 'e bwórren kamen, vaar dot ollegjer better. Ut skwalle vai, sneons en snains, skielek ek jûûns nai yten oan jelve njóggenen ta en simmerdais noch un oere langer vie Tilly mai syn maten óp en ut. Ollegjer herfwarme jónges, dû noch, | |
[pagina 372]
| |
de measten vot ôder os Tilly, en un pear jóngeren, saneamde ‘lytse dúvels’. De skytfebryken vienen dû gaurus har domain. Ut nije skytfebryk móchten se net kómme, mar se hienen un got yn ut gazen stek makke. Dur vie safólle te fynen fon har gading, ôde printen, stikkene pitten, dyt mun yn un brontsje smyte koe dot se útenwar póften, moaie trómpen, stikken bwattersgwód en sa mear. Letter kaam de raazje fon ut kopertried sykjen. Od metaal vie yn dy tiid ynienen heel djoer vurren. De jónges dólden mai grypen yn 'e jiskebult óm óp siik nai stroomtried, ôd sink en lead en sa. Dur vie un mon te Fervet dêrt se de rómmel kwyt koenen. Se krygen nóit n't mear as un kwatsje, sôn stoeren, en dêr kochten se don kotsjedrop fon bij Haintsje Brônsma oan 'e ein fan 'e Nijbwórren. En dy patten se don earlek, de mon un stik of sais. Se gyngen ek vol nai ut ôd skytfebryk oan 'e Ferveterfeat fwót achter de spoarbrêge. Ut hie un spoargot vest dot yn 'e rin fon 'e jirren fól mai ôgefol smyten vie. Dêr varen se net sa gau ferbolle, vont dêr kaam gjin mins. By 't simmer gyngen se snainoerdais vólrus nai bwóttendyk óm óp 'e kipkarren te riden. Dot mócht fonsels net heal, mar dur vie snains doch gjin mins. Ut vie un heel ain út 'e reek. De seedyk vie san twinteg menútten rinnen, don kaam de twadde seedyk en dêr ver achter de restonten fon 'e tredde seedyk. Dy vie hast helendol fwótspield en vaar net ûnderhoden. Dêr begón ut spoarlaintsje nai ut Nwadderleeg, en os se gelók hienen stienen of lainen dur ek un pear kipkarren. De slykvurkers tearden dy dingen faak oer de syde yn 'e hoop dot de jónges dur don neat mai begjinne koenen. Mar de jónges stieken lykos de mônlje un pear stokken yn 'e ringen óp 'e hûkken fon 'e karre en setten him mai monnemacht ver oerain. Os se ek noch oan 'e kerring lainen, don vie ut slimmer, mar oas don vie ut samar klear. En don ride. Gwódden duróp en gwódden trjowe, of bome mai un ain peal, dot voe ek vól. Un inkele kear rieden se oan ut Nwadderleeg ta, mar dot vie un glûppend ain. Sais oere stie ut yten óp 'e tafel, en os se te let kamen, móchten se dur jûûns nai yten net mear út. By 't jest en vinter vie ut mwaier óm yn ut dwarp te bwatsjen, benammen os ut vot skymereg vaar. Hûkjekypje, buskeskóppe en plysjebwatsje. Dot lêste koe aigentlek ollinnech mar yn 'e monde mai de Griffemeaden, vont ut lytse plûchje herfwarme jónges vaar vai yn ut dwarp. Sa njónkenlytsen vûûks dur vot mear betrauen oer en ver, óp 'e múlo en de ambachtskwalle moeten se nammes ek gwódden fon oare tsjerken, dot de apslútte skieding kaam un ain oan. Mar ut | |
[pagina 373]
| |
dwórre noch vól oan har achtjende ier ta fwart dur echte freonskippen óntstienen en se lyke fleoreg snainoardais mai un maat nai un oare tsjerke gyngen. Ut stônsferskil vie slimmer te oerbrêgjen os ut tsjerkleke ferskil. Gjinien fon Tilly syn maten vie heger os vinkelmon of genier en gjinien fon syn maten traude bwótten syn stôn. Tilly hie ut net bótte drók mai de múlo. Ut skwalle vai siet ur un oere, oareloere mai ut húsvurk, en mwaans sêg ur de lessen noch un jeloerke yn en dêrmai vie dot klear. Jûûns hie ur frij óm te bwatsjen of nai de radyo te harkjen of vot óm te pielen. Simmerdais keatsten se jûûns un soad, ut perk vaar makke fan kyltsjes, klómpen en sokken en de bol fon un prop krontepepier mai út un fytsbôn knipte ringen durómhinne. Fwótboljen dienen se ek vól, mar dot koe Tilly apslút net, dot hij mwast oltyt achterkyper vêze óm de bollen te kearen dyt de kyper fleane liet. Meskjin vie Tilly ek vól te bang óm un skóp mai un klómp tsjin 'e skynen te krijen, vont sóks barde ópgelegen. Mun mócht oas net mai de snút fon 'e klómp skóppe, ut saneamde ‘punterjen’, vont don skópte mun san gummybol samar lek. Ferveters vienen nammes net sókke bolskóppers. De fwótbolklup dyt ‘Wardy’ hiet, ferlear óm ut hutsje mai 13-1. Tilly-en-dy koenen dot doch net goed sette, sa sjovynistysk vienen se vól. Dût dur óp un kear un plûg fwótbolders mai un bus út un oar plak kommen vie en ‘Wardy’ ut ver ferlieze mwast, trjoden Tilly en syn maten koalstrónken yn 'e utlaat fon 'e bus, dot ur net mear starte voe. Vinterdais vienen dur oare drókten, de knapeferiening vaansdytejûûns, en óp un oare jûn de kattegedónder. De knapeferiening vie un heel evenemint, vont os mun dêr hinne gyng, mócht mun smoke. Olle jónges krygen fon hait un sygret mai óm dy yn ut skóft óp te paffen. Dot vie ynjesten de jinnege sygret yn 'e vyke. Tilly vie un skóftlang ‘secretaris’ fon 'e klup en hij mwast de notúllen bijhôre en ut ierferslag skrjowe. Tilly vit noch vól dot ur ollerhonde deftege kónstruksjes dyt ur óp 'e múlo learde yn syn oantekens befrissele, lykos ‘Staande de pauze werd de contributie geïnd.’ Mai de knapen gyng mun simmerdais óp rais nai Skoorl of ut Oranjevôd en yn 't fwarier hie mun knapefeest mai ‘samenspraken’ en ‘stille pantomymen’. Don kamen dur ek ôfuddegen fon oare knapeferieningen út 'e ‘Ring’ - sat ut hiet -, dyt un taspraak hôden en steefêst ainegen mai ‘en dat uw vereniging groeien en bloeien mag.’ En fjidder hie mun ek noch de fwardrachtkrigen fon 'e Ring, dêrt Tilly rus, os 't him net mist yn Ternaad, un easte priis vón yn 'e ôdeling ‘luim’, mai un Frieske fwardracht oer Columbus dyt fon 'e kening fon Spanje de ópdracht kryge óm Amearyka te óntdekken, en dêrt Tilly ollinnech | |
[pagina 374]
| |
noch fon heugt dot Columbus ut kloksvicht ómheeg helle fwart ur ôraizge. Ien fon 'e mwaiste fwardrachten, dêrt mun de trjinnen bij yn 'e êgen kryge, vie fon ‘Hij lûûk ut laadsje iepen, ut jónkje bearde(?) sa, ....., tû pake, mai ik ut ha?’ Ien fon 'e Peeringas jónges, Jimke tink, koe dot sa tragysk nai foaren bringe. De kattegedónder vie neat oan, dot mwast mun moai maitsje. Dot koe bijgelyks tróch un viete klómp tsjin 'e kachel oan te hôren, dot ut begón te stjónken. Ut voe noch better mai un klómp dêrt un súnnege hait un pear repen autobôn ûnder spykere hie, dot stónk os de neten en don mwasten rútten en dwarren iepen. Ekrus, dût dûmny let vie, en de doar fon ut lokaaltsje los, setten Tilly en twa maten trije stwóllen óm 'e kachel, gienen duróp stean, dienen ut lidsje durô en mygden óp 'e gleone kooks. Machteg vie dot, ut sil Tilly nea ver ferjitte. Os se letter vólrus tsjin un lytsjónge sainen fon ‘Eê gón nai hûûs, jóng, en miig de kachel út,’ don vie dur oltyt ut blide vitten: dot ha vij ienrus dien! De dûmny dyt destiids yn Fervet stie, Carstens, koe oas vól mai jónges ómgean en hij fertelde prachteg. Mar ja, kattegesaasje jerde mun un hekel oan te havven en mun jerde de boel yn 'e bulten te jaaien, dot vie no ienkear sa. Olle ellinde gyng Tilly-en-har yn dy jirren net fwarbij. Tilly syn twadôdste broer kaam óp un jûntyd út Dokkem vai mai de bus en stiek sónder ómtinken fwar de bus lôns de dyk oer. Hij vaar oanriden tróch un auto út Blije en un meter of sôn fwótsmyten. De skónk stikken. Goed, dot vie dêroanta, mar de skónk vaar ferkead set, mwast brutsen vurre en ópnij set, en fwar olle visseghyd mwast dur un silveren plaat yn. Dût ur út ut sikehûûs kaam, mwast ur east mai twa stokken rinne. Ut kaam ol ver ynwadder, mar letter os sóldaat koe ur de lange marsen mai bepakking net maitsje. De bónkedokter út Ljauet jûûg him brieven mai, mar dêr voenen se yn 'e kaserne neat fon vitte. Ut vie ollegjer oanstelderij, en dût ur óp lêst mai un stôk oer ut kaserneplain krukte, keorden se him ô óp ynstabylens. Tilly syn ôdste broer vie ek ôkeord, dy hie amper kniip en gefoel yn syn rjóchterhôn. Elkenien tocht dot ur de boel bedóndere hie. Vis, ut iers dêrfwar dût ur bij un graidboer arbaide hie, hie ur ut melken net mear goed dwaan kinnen. Mar och, dot soe óngevoante vest ha. De kwaal saksjerre maidertiid ek ver, en ut lyke dur dus yndied óp dot ur de boel bedóndere hie. Jest jirren letter die blyken dot ur reuma hie. Dur vienen blide en tryste dingen. Tilly syn suster ferloofde har dût Tilly fjitjen vie, dû hienen se feest bij Luts yn 'e blikke. Un goed ier letter traude se. Yn dotselde ier stoar pake Sytse, krekt óp ut | |
[pagina 375]
| |
dwarpsfeest. Tilly siet yn 'e feesttint dêrt hollônske artysten har kunsten úthellen dût de fwarsitter fon 'e Oranjeferiening ynienen ut poadyem ópkaam, ien fon dy artysten de mykrefoan út 'e honnen nóm en sai fon: ‘Vól de femylje fon Sytse Sylstra daleks túskómme?’ En dû sil ut programma vól ver fjiddergien vêze, mar Tilly gyng nai hûûs. Hij hie nóit môl vest mai pake Sytse, ut vie un ôde vrokker. Hij stie de hele middy óp 'e hûkke te bekfjuchtsjen mai oare ôde mônlje. Dût Tilly-en-dy noch Achterdyk vennen kaam ur oltyt óm jelve saizen hinne óm kófje. Don hie ur steefêst praat fon: ‘Ik sai dut, en dû sai hij sa, mar dû sai ik dot, en dû sai ur neat mear.’ Tilly syn mem jûûg nóit asem, mar Tilly syn hait, dyt tsjin saizen túskaam, lai dur vólrus vot tsjinyn, en don vie ut dúveldai, vont pake voe en soe gelyk ha. Mar mai olle fertrjitlekheden, mai olle kampslaggen en rúzjes dyt dur ek vjinnen, vie ut de mwaiste tiid dyt de húshôring belibbe. Olle bên lainen de swetten út en makken har klear óm har plak yn 'e vrôd yn te nimmen. Skriklek jermoedeg vie ut net mear, dur koe rus vot óp tafel set vurre, dur koenen fytsen en klean kocht vurre. Mun koe knap fwar ut ljocht kómme en begón jun lykveadeg te fielen oan oare minsken. Os Tilly him dy tiid oan ut Ljimmenpaad yn 't sin bringt, don stjit him foar dot ut ien stik fleor vie. Vot vaar dur vot ôgniisd. Benammen mandytejûûns, dot vie óm ien of oare reden un healvize jûn dêrt oltyt vot óp barde. Vie ut Tilly syn mem net dyt óm jelve njóggenen ol siet te knikkeboljen en don heal yn 'e sliep frjemde ópmerkingen makke, don kaam dur vól ien óp besyte dyt de fleor oanbrocht. Sóms kamen de skwansuskes fon Tilly syn suster óp 'e fyts fon Hontem ô. Sneontemwaans vie ek san tiidstip. Tilly en syn twadódste broer hólpen mem don mai koperpûtsen, motsjeklopjen, peteroaljestelbroanzjen en sókke kervaikes. En don kaam de bolkwórrinster, dot noch un fûge achternicht fon Tilly syn mem vie. Steefêst vaskôge Tilly syn mem: ‘Jim hôre jim de bek fon gnizen.’ Mar óm dot minske koe mun ut gnizen net litte. Fon dot ôdervetske kliemerege praat oer ollerhonde óngemak en tsjinstuiten. Mem socht don kûkjes út fwar snain, kletskoppen gaurus, of ‘allerhande’, kûke fwar by de kófje, of ek vól ‘eierkoeken’ of joadekûkken. Ut ôdminske hie twa trómpen bij har, dy varen óp 'e grûn ûnder de klok delset. De jónges voenen dur oltyten yn loere en útlees havve oer soaten en prizen. Sneontemwaans kaam Vôtse Cuperus ek vól, de meterópnimmer - ja ek skrjower, mar dot vist Tilly dû net -, dy hie ‘beenkappen’ óm lykos un plysje. Vot koe dy mon prate, dot hôde net óp, dur vie gjin ding dêrt ur net fon vist en gjin oardeel oer hie. | |
[pagina 376]
| |
Dût Tilly-en-dy un iermonnech oan ut Ljimmenpaad venne hienen, varen dur venten set óp 'e graide fwar har rútten. ‘Jim krije un rare bril óp 'e noas,’ sainen de minsken, en dot vie ek sa. East koenen se noch tusken twa húzzeblokken tróchsjen, mar un pear ier letter vaar dur noch un strjitte achter baud, de Heymansstrjitte, en dur kamen hege hagen tusken de hiemen fon 'e húzzen. Ut Ljimmenpaad vaar ferbrede en oan vjeskônten kamen trotwaars en strjitlampen, en de namme vaar feroare yn Gosthússtrjitte. De feat vaar oant fwarbij ut skytfebryk tichtsmyten en ut hele skytfebryk vaar óprûmme. Ek ut ain feat dot bij de herfwarme skwalle lôns rón vaar dimpt. De Streek vie gjin dearinnend ain mear en ut Ljimmenpaad gjin deade hûkke mear. Tilly-en-dy vennen net mear oan 'e rône fon ut dwarp, mar dur middenyn. Dû vie ut parredyske ferbolle. Tilly syn ôdste broer traude en sette him nai vainjen yn ut dwarp. Tilly syn oare broer vie klear os skwalmaster en gyng de hûûs ek út. Ut vaar stil. Yn '54 slagge Tilly fwar ut múlodyploma en hy gyng dy naisimmers ek nai de Dokkemer kweek. Hij tróf ut mai syn klosgenoaten, dêr sieten ferskriklik arege jónges en fammen yn, mar de leararen fûn ur gjin pest oan en ut learen noch minder. De múlo hie Tilly bwatsjendervize dien makke, mar no mwast ur blokke, en dêr hie ur apslút gjin nócht oan. Ut kweken letter fûn ur ferskriklek, san klyber bên dêrt gjin bestjoer yn te krijen vie. Vittefaak tocht ur: vaar ik mar siik of barde dur mar vot dot ik jir fwarvai koe. Mar hij vist ek net vot ur oas mwast. Syn swatgollegens boaze ver oan en dy ferliet him ek net ver fwart ur fiventryteg vie. Ut parredys lai fwargoed achter him. |
|