De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdSwatte hondel en blank jildJavis, ut vie vól slim dot ut sa mwast mai de Joaden, sainen de Ferveters, vól slim. Mar don stieken se un piip óp en êgen ut fjild oer. Kóm, vot stienen de rjappels dur oas moai foar, seldsem vie ut. Ut vie net har probleem, Hitler dy die dot, en bóppedot ut vienen Joaden, gjin Nederlonners. Dy vot lakse hôring feroare dût óp 21 febrevares '43 yn olle tsjerken un kônselbwadskip fwarlêzen vaar vêrynt de mienskipleke tsjerken protestjerren tsjin ut oanboazjende geveld fon 'e Dútsers. De Joaden varen yn ut fwaste plak neamd en dêrmai lieten de tsjerken yn olle gefollen klear blyke dot se gjin underskied akseptjerren tusken misdieden tsjin Joaden en oare Nederlonners. Dur vaar mai safólle vudden vaskôge tsjin haat- en vrekgefoelens fwar de Dútsers oer, mar oan 'e oare kônt jilde doch noch oltyt ut bibelvud dot mun God mear jerreg vêze mwast os de minsken. Ut bwadskip vie un monnech dagen jedder oanbean oan 'e rykskómmesares Sais-en-un-kwat. Ut vie kleare taal en ut jûûg de twivelders en de kot út 'e beamsjuggers hôd en stjoer. Un mwanne letter, de 24e maat, varen de trije klokken út 'e Fer- | |
[pagina 362]
| |
veter toer helle. Dot slûg noch fólle mear yn os dûmny syn bwadskip. De klokken dyt ol fiifhûndet ier oer Fervet let hienen, stienen klear óm nai Dútsklôn fierd te vurren. De Wehrmacht hie ferlet fon metalen fwar kûgels en gernaten en plóndere ut besette lôn. Un dievebinde vie ut, dot vie êgenklear. Rosmos, dot him net skamme de klokken te stellen dyt olle snainen de minsken óprôpen óm nai tsjerke te gean en dyt de deaden beletten. Vól vaar dur óp olle trije klokken un grutte vyte M ferve, dyt stie fwar ‘monúmint’ en un beskate gerônsje jûûg dot dusse trije salang mooglek sparre bljowe soenen. Mar vot sai dot? Vienen faitlek net olle klokken monúminten? Tenai soe ut stil vêze oer Fervet, bij ut begraven fon 'e deaden soe de lytse klok syn helder lûûd net mear tusken de sonoare klank fon syn baide grutte maten tróch heare litte. Bij de mwaanstsjerkegóng soe ut ysleke stil vêze. De klokken dyt salang oer Fervet let hienen, se stienen ûnder oan 'e toer óp grutte bolken. Amper ien mins hie se ea fon tichtebij sjoen, vont va hie ut durfwar oer en klim de draaitrep óp nai bóppen? Dur stienen jirtollen yn, 1383, 1423 en 1457. De pûpen hienen neane earbied fwar, se skainden sels de tsjerke. Eelkje vie no ek safier dot se kryge yn 'e rekken ut pûpefólk dot doogde net. De klokken út 'e toer helje, dot vie lykefólle os Gods stim ta swijen bringen, sa sêg sij dot. Yn en tróch de klokken rûûp God harren óp óm nai syn hûûs te gean. En no... en no...? Se skódhólle en sakke yn un stoel del. Têke syn tinzen rikten net earlek sa heeg, mar hij bekende ut vie ferdómde lesteg os mun de tiid fon 'e dai net mear vist os mun djip yn 't Klaailôn siet. Ja mun hie fonsels vól un geloazje, mar dot siet yn 't fesjebûske en bij 't simmerdai smiet mun ónares kyle en fesje út. Tróch dy frekte pûpen soe mun noch needsake vêze en hor de klean óm 'e beoleg. No, os dot don ut slimste vie, suchte Eelkje. Ja, sij hie oltyt safólle klean óm 'e hûûd, se vie mai gjin mes te bestekken, sij vurke har nóit yn 't swit, mar hij...! En dêrmai begón ver ien fon dy sinleaze krjowerijen dyt har haulekslibben ferpesten. En Harrem? Hij vie no ómmes bij ut ferset en hij mwast dus tsjin 'e Dútsers vêze? Mar Harrem vist net rjócht hût ur soe. Ut vie ferstondeg óm olle iisders yn 't fjoer te hôren en net ollinnech óp 'e Dútsers te gokken. Mun vist ómmes net sekuer vaat de oarlog vinne soe. Ut fait dot Elske har hait neat fon 'e pûpen ha mwast, hie ta syn beslút bijdrûgen óm him bij de Blijer skwalmaster ‘óp te jaan fwar ut ferset’, sat ur ut sels ûnder vudden brocht. Mar dy skwalmaster koe ur neat mai, dy mon draaide dur mar vot ómhinne. Hij siet dur sels net yn en hij hie ek gjin kóntakten, sók praat hie ur. | |
[pagina 363]
| |
De trytegste april jakkere dur un fint óp 'e fyts tróch ut Klaailôn dyt ôle fon ‘Stake! Stake! Dónderje ut ark durhinne!’ Ut fólk fon Ter Sted en Reinalda skwórde de hólle ómheeg en harke de bluisterege rópper ferhead oan. Vot vie dur no te rêden? Têke, dyt óp ut hiem ómpielde, sette de reed út nai de fytser ta. Vot soenen se no havve? De fytser fertelde pûstend dot se staakten yn Fervet en Marem. Oerol staakten se, hele Fryslôn oer. De boeren en frachtriders vienen yntiids fon 'e feemerk verómkómmen en hienen ut nijs rûn-kronte: se staakten oerol yn Nederlôn. En vêróm? Omdot de pûpen olle Nederlônske sóldaten ver yn kriigsfinzenskip fiere voenen. En vot dur don fjidder barre soe, vie dúdlek, don varen se nai mófryka brocht óm dêr yn 'e oarlogsyndestry te arbaidzjen. ‘Don maitsje vij ek dien vurk,’ sainen de arbaiders fon Ter Sted en Reinalda. Têke hie neat sain en neat frege. Stake, healvize kluchten, tocht him. Hij sleepte de dwasse poat de reed del en pielde fjidder. Mar yterstyd fertelde ur ut bij de tafel, en nai yten jakkere Harrem daleks nai Fervet óm te hearen vot dur te rêden vie. Nijs vie Harrem sljocht óp, olle nijs dot him de gelegenhyd jûûg óm de fyts ûnder de kónt te skowen en de Mûndersloane út te gyseljen. No, se koenen ut him te Fervet yn georen en kleoren fertelle. Olles lai plot. Ut fólk arbaide net mear. No ja, fonsels, de kij mwasten mólken vurre, oas fergyngen dy beesten fon 'e pyne. Mar de molke dónderen se yn 'e sleat. De molkvainen vienen jûûns fergees ut gea tróch gien, dur vie súver gjin molke te Marem oankómmen. Dur vienen fonsels vól un pear boeren dy't de bussen oan 'e dyk set hienen, do hiest oltyt fon dy skytsekken en pûpefreonen. Mar ópsluppen jónges en fainten hienen de fólle bussen ómtrape. Ut soe no heve! Dy frekte pûpen soenen no gevaar vurre dot se mar net olles úthelje koenen vot har yn 'e kop kaam. Dut vie ut teken dêrt elkenien óp vachte hie! Se hienen de Amerykanen net iens mear noareg, se soenen sels de pûpen dur vól út slaan. Harrem makke dur net safólle fon, sai ja en nee en fonsels. De molke yn 'e sleat, ferdoarje, dot vie doch gekkevurk! Hij trape nai Marem, vont hij voe vitte ot ut vier vie fon dy molke. Ut vie fólle stilder yn Marem, en dur hóng sponning. De soldaten fon 'e post rónnen bij twaen tróch de bwórren. Jir en dêr vienen vot minsken, mar se jûgen net fólle spul út. Fon dy molke, dot vie lykvóls vier. Harrem hearde ut fon Ulbe, un ôd skwallemaat fon him dyt ol jirren óp ut bwótterfebryk arbaide. Noch gjin tsiendepat fon vot oas oan ut febryk levere vaar vie oerdai oankómmen. Mar de Maremers praten net fon de pûpen durút slaan. De pûpen lieten jir merke dot se noch fwargoed baas vienen. | |
[pagina 364]
| |
De stakers hôden ut net lang út, dû makken de pûpen dur mai hudde hôn un ain oan. Sais-en-un-kwat kundege ut stônrjocht ô oer hele Nederlôn en oerol varen de lieders fon 'e staking - of dyt dêr fwar hôden varen - deasketten. Fiif dagen letter vie de staking brutsen. De minsken gyngen ver oan 't vurk, de molkbussen stienen ver bij de dyk te vachtsjen. De pûpen tochten dot se ut fólk no vól óp 'e knibbels hienen en kundegen daleks mear maatregels ô. 6 maaie mwasten de stúdinten dyt gjin lwajalytijtsferkljerring tekenje vóllen hienen har melde fwar transport nai Dútsklôn. Twa dagen letter mwasten olle mônlje tusken 18 en 35 ier har melde. Trijehûndettûzen mon fwar de oarlogsyndestry soenen dy aksjes ópsmyte matte. Dot tol vaar lykvóls lang net helle. Fon 'e stúdinten kaam savot de helte, fon 'e oare kattegoary noch minder. Masaal dûken se ûnder. Un vyke letter mwasten ek de radyoos ûnderdûkke. Ut harkjen nai de Ingelske stjoerder mwast no marrus fynaal út vêze, ónjerren de pûpen, en dêróm mwast elkenien syn tastel ynleverje. Ut harkjen nai Radyo Oranje vie fwótendaleks tróch de pûpen os un gefaar ynskot, en dêróm ferbean, mar nimmen lûûk him dêr vot fon oan en de lju beharken ut nijs tróch de Dútske steorstjoerders hinne. Ut nijs fon 'e kappytúlaasje fon 'e Dútsers en Ytaljanen yn Afryka en fon 'e fwadderingen fon 'e Russen yn ut easten, ut nijs dot hoop jûûg óp 'e ain fon 'e besetting. De rebûlje yn 'e maaiedagen en de maatregels fon 'e Dútsers fwótendaleks dêrnai lieten un heel soad lju de êgen iepengean. Dyt noch net vist vot rjo de pûpen vienen, kryge ut no yn 'e rekken. Mar ek de pûpefreonen óntdieken de vjirhyd: se hienen óp ut ferkeade hynder gokt. Ut Nederlônske fólk hie him net mai sêfte hôn en swiete praatsjes oerhelje litten, en noot de Dútsers de hudde hôn fiele litten hienen, vie de kaat olhelendol ferjûn. De NSB-ers varen noch mear ferspuid os de pûpen. De pûpefreonen flechten yn har kronteskôgingen yn ut ferlyne en yn 'e takómst. Hitler en Mussert varen fergelyke mai grutte persoanen út 'e histoarje dyt yndertiid ek net begrepen vienen, mar dyt os jinnegen de vai nai feroaring en ferbettering klear sjoen hienen. Ienrus soenen de skiedkundegen oer dusse peryoade oardele en ut fergetten bloed en olle ellinde os un spytege mar needsaakleke priis fwar de fwarútgóng vedjerje. Op dy menier besochten se harsels moed yn te praten. Oer de dai fon joet koenen ek de pûpefreonen neat fleoregs fertelle. En Harrem? Dy staking koe Harrem net ferkropje. Mun beolege jun oltyten healdea, en sókke boeren en arbaiders smieten ut ark dur mar hinne os ut har út kaam. En don dy skoandere molke yn 'e sleat. | |
[pagina 365]
| |
Os se him de sinten jûn hienen fon dy fergriemde molke, don hie ur ut bwóthús ôbetelje kinnen. Se praten mar fon 'e fijôn, mar syn fijonnen vienen de timmerbaas te Marem en dot frekte Klaailôn en dot ôd rottekleaster. Dot vie olles vot him tsjinvurke. Hij hufte yn 'e klúiten óm mai de ôd lómppoat un fûûg ketier achter him oan. Mar vot jûûg juns bódzjen? Pake en hait en no hijsels..., soe hij ut vól óprêde? Olles vot yn 'e gefaarleke jirren foel en net nai Dútsklôn voe, dûûk ûnder. Fwótendaleks ol yn maaie begón dot en yn júnny boaze de stream fon lju dyt út 'e vai mwasten noch mear oan. Ut plottelôn vaar oerstreamd mai minsken dyt un goed hinnekómmen sochten, mar ek út 'e aigen dwarpen trieken jóngkearels nai de boeren yn ut frije fjild óm dêr un plakje te fynen óm fonsyden te krûppen os de need oan 'e mon kaam. Dur vienen boeren yn de Ryp en Baintem dyt ynienen dûbbeld fólk hienen. Vot ónbevend yn blaue brûk en kyle hontjerren se ut ark. Dût de grüne Polizei yn júlly de jacht óp ut jóngfólk iepene, vie ut net mear fertraud dot se ta ut lônvurk hólpen. Se mwasten dais yn har skûlplak bljowe en ollinnech jûûns let en naks koenen se har even fertraapje. Fwar ol dot fólk mwasten bónkaten en os ut koe ek folske ausweisen kómme. Stimpels en hontekeningen koenen naimakke vurre, mar ut sels printsjen fon ausweisen en bónkaten vie net oan te begjinnen, dy mwasten helle vurre vêrt se te krijen vienen, óp 'e disterbúsjekentoaren. Yn dy simmer vaar ut setten fon un krêk ek óp ut plottelôn un bekend fenomeen. Sóks lyke Harrem no ek krekt vot ta. Un grut pystoal yn 'e hôn en don róppe fon ‘In naam der wet, hier met de bonkaten!’ En don un kûgel yn 'e flier sette, lyk fwar har poaten, vot soenen se doansje! ‘Ja, dot soesto vól dwarre!’ sainen syn maten gnyskjend, ‘do hast oltyt un grut helt vest.’ Mar Harrem hood út, os se bijgelyks ut Ferveter gemeentehûûs oerfôle voenen, dêr soe hij vól oan maidwaan vólle. Dot vie un kôd kunstke, ut koe bij ljochtskyndai vól. Mun mwast daleks de tillefoankabels tróchsnije en dy amtners ópslútte yn 'e sel en don koe mun de bónkaten mar ynlade en útpyke, ut vie de mwóite net. Harrem vaar nytleg ómt se him útgniisden en begón noch mear óp te swetsen. Se mwasten net miene dot ur benaud vie, hij hie him ópjûn fwar ut ferset en hij stie klear óm ta te pakken. ‘Do hast gjiniens sóldaat vest, Harrem, do vist net iens hûst un spuit beethôre matst.’ Nee, mar dot koe hij net helpe, hij vie frijlotte, en san pystoal dot vie skytgemaklek, dot hûgde mun net te learen. En vot visten sij dur nammes fon dot hij yn ut gehaim ûffene? Ut gehún fon syn maten stiek Harrem sa slim dot ur óp un jûnne | |
[pagina 366]
| |
ver nai Blije ried en de skwalmaster frege ot dy net ‘un putsje’ fwar him hie. Mun hearde ómmes rûnóm fon oerfollen tróch ut ferset, en dot lyke Harrem krekt vot ta. Rinsuma bearde dot ur fon sóks neat vist. Disterbúsjekentoaren bestelle? Dot dienen se jir net, dot vist ur doch sels ek vól. Yn 'e stêden yn ut vesten meskjin, mar jir net. Mar os Harrem perfwast vot dwaan voe, don vist Rinsuma vól vot. Harrem koe útsykje neffens hókker systeem de pûpen fon 'e post te Marem óp petrûie gyngen. Op hókker dagen, hû let en hókker kryte. Dot lyke meskjin ónbelangryk vurk, mar vier, ut vie vichteg óm dot krekt te vitten. Harrem mwast olles ópskrjowe en útsykje ot dur ek un petroan yn siet. Hie ur betraude maten yn Marem? Don soenen dy him helpe kinne. Mar hij mwast fonsels fwarsichteg vêze, tige fwarsichteg, en nóit nammen neame. Harrem hie dur mai dwaande vest. Te sezen, hij hie de saak útbestege oan Ulbe, dyt ur kwatbij mai de staking te vud vest hie. Ulbe venne midden yn Marem en vurke óp ut bwótterfebryk. Hij vie ol traud en hie un bên. Nee, Harrem vie sa fier noch net, mar ol fêste ferkearing. Ut stiek, hij lai achter óp 'e oaren, dur vienen ómmes ol mear fon syn jirren dyt un húshôring ópset hienen. Vêrómt ur syn suster vinlek net frege? voe Ulbe vitte. Dy vurke ómmes óp 'e pastory en rón oates en toates de bwórren tróch mai dutsjes en dotsjes, dy koe him doch ek vól skeviele? Dêr mwast Harrem óm gnize, Saepke, dy blaei, dy wist ommers fan foaren kwalik dat se fan efteren libbe. Ulbe sêg him ópmerksem oan. Soa, tocht Harrem dur sa oer? No, hij soe syn bêst dwaan, mar koe neat taseze. Harrem sels lai him óp oar fersetsvurk út. Beppe Richt hie ur olrus un pear bónnen ôtroggele, vont dot ôd viif koe mai un bekfól yten vól ta. Hij hie de bónnen fwar goed jild ferkocht. Dot vurk begón ur no grutter óp te setten. Hij gyng bij ôde minsken lôns óm har de bonnen ô te keapjen, ljest ôde stumpets dyt dur net fólle benul fon hienen vot se mai dy bónnen oan mwasten en se vól tsjin un pear kwatsjes slyte voenen. Om har de êgen ticht te stryken, sai ur dot ut fwar un goed doel vie, hij hólp dur minsken mai dyt ûnderdûkke mwasten. Dot vie net helendol ónvier, hij hie master Rinsuma de bonnen oanbean fwar de ûnderdûkkers. Ja, Harrem koe ut net fergees dwaan, fonsels, hij hie dy bonnen óp 't lêst sels ek betelje matten. Rinsuma hie dur gjin ferlet fon hôn, dy vist fon gjin ûnderdûkkers yn Blije. Dû hie ur Ulbe un hontsjefól jûn, dy soe dur vól ried mai vitte, hie ur ónjerre. Jild fon Ulbe easkje hie ur net dwast, mar don mwast Ulbe ek net freegje vêrt se vai kamen. Se vienen fon minsken dyt vot fwar de goede saak oer hienen. De rest | |
[pagina 367]
| |
hie ur ferkocht, jir en dêr vot, oan net ol te kekene lju en net tefólle tagelyk. Mun mwast oltyten mai ferrieders rekkenje. Ut jûûg un lytse ynstruiing, un ekstra bwóssint, mear net. Os ur jild maitsje voe, soe ur ut yn ut greot ópsette matte. Mar dot dwast ur net rjócht oan. Os ur ol te fólle bij de streek lôns gyng óm de lju de bonnen ô te troggeljen, koe ur tsjin 'e lampe rinne. Sóms kaam dur vól un gefoel fon skamte oer him, os ôde stakkets him yn fól betrauen de bonnen mai jûgen ‘fwar de goede saak’ en ut jild net iens oannimme voenen. Mar ja, de vrôd vie rûg, en os hij ut net die, die un oarenien ut. En dy ôde lju koenen dur nammes doch neat mai. Hij sinde óp grutter vurk, mar hij vist net goed vot. Mun hearde fon lju dyt yn bwótter dienen, yn 'e stêd en benammen yn Hollôn koe mun dêr grau oan fertsjinje. Mar don mwast mun yn 'e monde mai un pear boeren dyt un pat fon 'e molke achterút hôre en bwóttermaitsje voenen. Ja, fûn sókken marrus! Hij hie temin kóntakten bij de grutte boeren, hij vie mar un genierke. Sanien os Bauma gedoogde him mar heal oan syn tafel. Ver makke ur him lilk óp 'e boeren dyt yn maaie de molke yn 'e sleat of de jarrekólk rinne litten hienen. Sij mwasten oltyten súnneg, skraabje óm de boel bijenwar te hôren, en sókken nukten ut vai. Flais en tebak, dêr siet ek honnel yn. Mar goede tebak vie amper noch te krijen en dur vienen ol gwódden dy begónnen mai aigenbau. Ut smakke net bêst, hie ur heard, mar dyt ut sels bauden, bearden durfon. Hij hie ut dur vól mai hait oer hôn, mar dy fielde neat fwar nijmwadregheden, dy sêg oltyten de kot út 'e beam. Os se vot tichter bij de stêd sitten hienen, don hie ur him helendol yn 'e hondel jûn. Jir óp ut plottelôn hie elk syn túntsje en kryge elkenien de mage vól fól. Mar yn 'e stêd hienen se ferlet en dêr foel vot te fertsjinjen. Mun soe mai un vainfól rjappels nai Hollôn ride matte en se dêr útsúttelje, dot koe bêst. Teminsten os de Dútsers jun gevurre lieten. Dêr vie ur net vis fon. Se koenen jun de hele boel ek vól ôlúzje. Sa tieshólle Harrem de maityd fon '43 tróch. Hij betocht vylde plonnen en hie bijtiden klear fwar êgen hût ut mwast en hût ur soe, mar ónares dwórre ut net lang of ut moaie plon kaam him fwar os un drôgbyld. Ut vie ónmooglek út te fieren, of dur vienen ollerhonde beswieren en tûkkeltjemmen. Hie ur don doch temin kriig, vie ur don doch gjin tróchsetter? Hij viet ut meast oan syn hait, noot dy de ôd poat ver vot tille koe, vaar ur ek ver monneg óp 'e hûûd en hie fonolles te bestellen. En benammen te lêbjen. Vot soe Harrem bevege? Bljode mar bij hónk en swarge dot ut vjoeren dien kaam, skielek smoarden de byten yn ut túg! | |
[pagina 368]
| |
Harrem klaude yn 'e módder en dreamde syn dreamen. Heal pro-Dútsk en heal anty-Dútsk vylevale ur tusken syn ôde maat Ulbe dyt goed harke, mar súver neat sai, de skwalmaster út Blije, dyt fon ut hele ferset neat ôvist, syn faams ôden, dyt him tróch har haat tsjin 'e pûpen krekt yn 'e jermen fon 'e pûpen drjoden, syn freonen te Fervet, dyt him meast vot gemoedlek narren en sóms iepenlek de gek oan stieken: ‘Vonnear kómt de oerfol óp ut gemeentehûûs, Harrem?’ Ta grutte dieden kaam Harrem net, yn ut goede noch ut ferkeade. Hij lúzze ôde ljutsjes bónnen ô, un lytse gnóbber en gnúsker. Mar dût ur óp un sneontejûn tróch twa mónlje ópvachte en geveken nómmen vaar, hôde dot ek óp. Se druiden ut him goed yn: os ur ut nochrus vêgje dwast en skoai bij ôde Minke en Steventsje en sókken óm bonnen, don hôden se him salang ûnder vetter dot ur smoarde. Oer olle lea triljend kaam Harrem óp 'e pôle oan. Eelkje mwast him helpe óm de viete kraus út te krijen. Ja, hij hie óngemak hôn, vie bij tsjuster yn 'e sleat fytst. Nee, dur vie neat stikken, ollinnech mar osa kjel vurren. Nee, hij hûgde gjin tee mear, hij gyng dalek op bêd. Eelkje suchte en jermoede oer bên dyt mun loslitte mwast mar noch net los fertraud vienen en vot jir no yn 'e leave frede ver achter stiek. Mar dur vie yn ut hele Klaailôn gjinien dyt dêr asem óp jûûg. |
|